Der stiene in bulte boerkerijen yn ’e streek, mei slingertúnen foardoar
en izeren hameijen met goudene bollen oan ’e side, mar by gjinien is ’t
sa moai en alles sa yn ’e es as by Ate Jans. Dêr leit it hoarnleger yn
brede greften en oerâlde linebeammen bloeije foardoar mei de namme fen
’e foarâlden noch útsnien yn ’e rûge stamme. Dêr telt min yn it bûthús
fjirtjin kouweglêskes yn ien rige en yn ’e skûrre trije fekken. Dêr
fynt min nearne in wankel sket ef in môgige peal ef kjitten twisken de
stiennen; de hân, dy’t hjir regearret, is wiis en it each, dat hjir oer
wekket, sjucht skerp.
Hen, der komt de boer oan, de boppelânnen út wei, in greate, brede
figuer, dy’t skerp ôfstekt tsjin it grille jounljocht fen ’e Westerkym.
De foarse nekke is brún fen ’e sinne en op it antlit mist min it
karakteristike net, dat min somwilen fynt by ljue, dy’t mei in
skrandere holle hjar niget dochs siikje yn ’t boerebidriûw. De útkyk
fen dy blauwe eagen is stoef, de gong fen dy man is steatlik. It is
immen, in persoanlikheit—selst út in hûs fol minsken scoe hy him der
noch útkippe.
Hy lit syn eagen gean oer it hûs, dat dêr sa frjeonlik leit to blinken
yn ’e sinne, in lytse wrâld op himsels yn ’e ôffreding fen ’e greften.
Foar twahûndert jier wennen syn foarâlden hjir al. Hja binne hjir kaem
en gien; yn dy greate efterkeamer hat hjar widze in plak hawn en op it
brede bêd dêr jinsen joegen hja de lêste syke. Sa ’s in reuzige beam
woartelt yn ’e ierde, wie hjar bistean forgroeid en ien waen mei de
sjidzjende Bouwer en Jan Ates folk is net to neamen sûnder de pleats
der by.
Hjir ha se ljeave en lit—hjir waerden de bern ta minsken—hjir lei de
grizens it libben ôf mei dizze pleats ta ’n bigjin en ein.
En Ate Jans is forkleefd oan dat spul, lyk as in âlder oan syn bern.
Ja, hy ’s der sa forkleefd oan, dat hy der net om tinke meij, ho’t
alles hjir ienkear oan frjemden forfâlle scil; de eptige húzing, it
bêste lân, it âld paslein yn ’e kast en ’t goud en sulver yn ’t
kammenet is for úterlike famylje en frjemden.
En Ate Jans sjocht yn ’e takomst in skerp byld en in treurich byld. Hja
forkwânselje de pronkstikken fen oerbeppen oan ’e joaden, de sterke
mûrren fen ’e foarhúzing, dy’t safolle geslachten skut ha for
winterkjeld en simmerwaermte, komme del for in gloednij spul en d’âld
kastanjebeam by de hússide, dy’t oerpake plantte en dêr hy sa ’n bulte
mei op hat, houwe hja om. Der scil gjin stien op ’e oare bliûwe fen
alles, hwat hy ljeaf hawn hat en dêr hy sa ’n noed for stiet.
Moarn, de earste Snein nei Pinkster, komt de hiele famylje wer
delsetten. Foar ’t earst yn syn libben hat hy in hekel oan de drokte
fen dy dei. De blauwe eagen sjogge nou noch stoefer en hy jowt him op
as immen, dy’t it tsjin ’e hiele wrâld opnimt.
Sokke tiden is Ate Jans net bêst to brûken.
Ate Jans kaem by de hússide lâns; hy roek de swietrook fen ’e
bloeijende hage en tochte der om, dat it hôf meand wirde koe en do
krige hy Sets yn ’t fesier.
Hja gyng de reed by hjarres del, it koartste paed nei it húske ta by de
sânwei. Dat bigrutte Ate Jans—hja skriemde en de ôfarbeide rêch hinge
noch in slachje mear foaroer.
Mei in pear stappen wie hy hjar op ’e side: „Sets,” sei hy en syn lûd
waerde sêfter, „ho nou?”
Hja seach nei him op en it trof him, dat der nou alhielendal gjin glâns
mear yn dy eagen lei. Sims ôfbritsen troch in snok fortelde se him, det
Ruth deamin wie, in biklûming, sei dokter, en oerspanning. Hja woe
tofolle en wie mar tear.
„As ’k dat bern misse moat,” kriet se en al de memmeljeafde fen dat
lytse wyfke útere hjar yn dy wirden, „dan is ’t ek dien mei my!”
En Ate Jans, de man, dy ’t noait de âlderljeafde kind hie, bigriep
dochs de klachte fen dy mem om hjar ljeafling, sa ’s yn elts herte wol
forwante snaren trilje by leed en wille. Fen al hjar plannen, wirden en
tinken wie dat bern ommers de haedpersoan, de hope fen in mem hie mei
it bistean fen hjar in fêste foarm oannaem en in libben mei dat lege
plak yn dy keamer en dy stoarne hoop yn it hert, scoe hja net drage
kinne.
„Seist soks ek tsjin dat bern?” sei Ate Jans moi strang. As Ruth sokke
wirden hearde en de wanhoop yn die eagen lies, moast hja wol minder
wirde, tocht him.
—Ja—né—stammere Sets en frege einliks skrúten—„ho sa, boer?”
„Dat moast’ net dwaen”, redte Ate Jans hjar oan. „Ast’ Ruth ljeaf
hast’—en dat hast’—ik sjoch it yn dyn eagen—dan sparrest’ se. De holle
opstekke, Sets—„troch bliere eagen binne al in hopen bettere.”
„Dat kin ik noait!” Sets waerde der by al hjar lijen noch krigel tsjin
yn.
„Dû moaste.” Ate Jans bleau lyk foar hjar stean en der lei hwa yn syn
eagen, hwêr hja bilies for joech. „Scilstû?” frege hy hirdwei, sa ’s it
Sets talike.
It lytse wyfke fielde ynienen hjar nietichheit en ’e oermacht fen dy
man, hwaens wil hjar twong. It hiele doarp achtte en eare him as in
forstânnich man; hy scoe it dochs wol wite, tocht se. Och, as ’t Ruth
mar foarútbrocht, dat teare lichemke mar wer soun en sterk waerde!
„Ik scil ’t bisiikje,” flústere hja skrúten, „....en as de boer ris
komme wol.... Ruth sjocht der alle dagen nei út.”
Ate Jans bleau stean. „Ik kom,” sei hy en draeide him do sûnder joun to
sizzen om en gyng op hûs ta. Sets seach him efternei, skodholle ris en
sette do de stap derûnder, sa hird as hjar âlde foetten hjar mar drage
koene.
Ate Jans stoareage foar him út. Hy seach nóch it moaije spul, nóch de
bûnte wynhoun, dy ’t him mei greate sprongen yn ’e miette fleach en
hearde der neat fen, dat de faem him ynrôp. Hy wie yn in lyts húske oan
’e sânwei en foar it bêd fen in siik bern, dat tankberheit koe en nei
syn komste útseach.
En dat hie nimmen dien al sont tweintich jier. Do krolde syn brún hier
him noch om ’e platte pet en wie hy in jongfeint fen achttjin, do seach
in aerdich fanke nei him út op in Sneintojoun, nei Jan Ates soan fen ’t
sjidzjende Bouwer, de rykste út ’e hiele omkrite. En dochs hie hja in
oaren ien ljeaver hawn as him, in stêdsman mei in bulte wyn yn ’e
swipe, dy ’t der better slach fen hie om mei frouljue om to gean en hy
woan it.
Ate Jans syn greatsk hert krige in knoei en syn bitrouwen op ’e minsken
noch folle greater. En sont dy tiid wist hy, dat der nimmen mear nei
him útsjên scoe.
En dochs!—Scoene der berne-earkes harke ha, eft de doar iepen gyng en
hy ynkaem, stadichwei, sa ’s hy oars nei it roggefjild kuijere? en koe
der noch immen fol langst nei him útsjên? nei dy stoefe man mei syn
skerpe eagen, hwêr sa’n bytke praet by siet?
For ’t earst sont lange tiden fielde Ate Jans, dat in minsk, dêr ’t
immen yn ljeafde om tinkt, noait yn syn ienlikheit allinne is yn ’e
wrâld en dat de langstme fen dat bernehert hwat yn him wekker rôp, dat
hy allang biditsen miende to hawwen.
En de oare middeis, de Snein nei Pinkster, stouden de moaije reauwen
fen ’e famylje d’ iene nei d’ oare de brede reed op nei de sjidzjende
Bouwer ta. It skûm stie de hynsders op ’e bek en ’e glâns fen ’e nijens
lei op ’e weinen. En hja kamen allegear mei hjar soannen en dochters en
biseagen alles mei kennerseagen en forgappen hjar al op it diel, dat
ienris hjarres wêze scoe.
En Ate Jans tochte om in lyts húske by de sânwei, dêr hy tomoarne
salang for in bêd sitten en salang de koele hân op in hjit foarholtsje
lei hie, dat twa brúne eachjes einliks tichtfoelen en in swiete slom
forkwikking brochte for in ôfmartele lichemke.
En Sets mei al dy soarch yn d’ eagen en al dy wanhoop yn ’t hert,
hoechde net bang to wêzen hwat de dei fen moarn bringe scoe. Hja hat dy
greate stille man, dy’t dêr yn ’e stúdzje wei by de poel lâns roan,
foreare as in woldwaner.