De swiere foeren hea ride de strietwei lâns, de sinne wiist nei it
Westen. Oer de bermen stouwt de moude en mei in âld túnklauwe swylje de
bern al sjongende wei de heatopkes op, dy ’t hjir en dêr op ’e
strietwei delfâllen binne. Hja sjonge lûder as oars en sims giet it
wûndere aerdich twastimmich. De haeiwein fen Ate Jans boldert oer ’e
wei, it lege lân yn. Hy hat sels de jageline yn ’e hân en sierlik geane
de fine foetsjes fen ’e swarten op en del as dânsje hja op ’e maet.
Joun it lêste hea yn ’e hûs—de haeijing is dien, moai woán en moai
ynhelle. Alwer in foardielige jiergong, tinkt Ate Jans, wylt hy syn
lânnen útrydt, dêr it nijgêrs al grienich as ferwiel út bigjint to
sprúten, alles gewin en de tinktme, dy’t dêr op folget, is bitter—alles
geskrip for in oar.
As hy oan syn lêste ûren ta is, scil hy syn âlde eagen net fol ljeafde
noch ris oer ’e fjilden gean litte kinne en fol greatskens tsjin syn
bern sizze: „Dit is jimm’ erfnisse. Myn hân wie hjir warber for en myn
each skerp—ik ha hjir in libbenlang mâl mei wêst”, en alle ljeafde, dy
’t hy der for hawn hat, oerdrage op in folgjend geslacht, dat it yn syn
geest en nei syn winsk yn eare hâlde scil....
O hwêrom is der gjin soan, om syn namme to dragen en gjin dochter, dêr
’t de ljeaflikens fen in mem opnij in bloeit?
It nije geslacht is al yn ’t oankommen, it giet der sjongende oer ’e
wei en nimt ienkear fol moed de plakken yn, dy ’t heit en mem forlieten
en allinne op ’e sjidzjende Bouwer, dêr bliûwt in plak oer—it lege
plak....
Dêr telt gjin soan fen ’e warberens fen syn heit en gjin dochter hâldt
dêr it oantinken fen in mem yn eare—dêr is it swijen en de dea....
En alles yn Ate Jans forset him tsjin dizze ein. Ho ’t it ek komme
meij, sa wol hy net.
Kin hy noch net to kust en to keur gean by de dochters fen it lân? Is
der net mennich fammeëach yn ’t gea to finen, dat wol jerne as frou oer
’e sjidzjende Bouwer gean wol en for hwa ’t it in eare wêze scil, as hy
mei syn steatlike gong nei hjarres opdraeit?
En Ate Jans tinkt om in rike widdou mei twa bern, dy-t op de stjelp by
de feart wennet. It is in great frouminsk mei glandige swarte eagen en
in wyld bosk hier. In earste mansheld is ’t sizzen, dos it jild scoe
hjir ek al wer in bulte oerhelje moatte. En dan dy frjemde bern, scoene
dy letter erfnammen fen ’e sjidzjende Bouwer wirde scille?....
Ynienen hâldt hy de hynsders hwat yn en lit se yn ’e stap komme. In
hiele kloft berntsjes komme de mieden út wei en sjonge ’t heechste
liet, de hânnen fol blommen, it herte fol freugd. Twa fen ’e lytsten
sjaggelje hwat efteroan en Ruth hat se by de hân.
„Dag boer”, roppe de greatste jonges en kopketûmelje foar de eagen fen
’e hynsders, dy ’t al hwat gril sjogge oer it lân en as in sêfte
wjerklank, sizze de famkes it hjar bidêsd nei: „Dag boer.”
Hja wite it wol, hwa sa’n bulte ta ’t skoallefeest teikene hat en
hwaens gêrs yn ’t hôf hja moarn fortraepje meije, hwat in boer sims
noch neijer oan ’t hert giet as in stik mennich ryksdaelders.
Sjoch, dêr komt Ruth nou ek oan mei dy blierlieldere eagen, dy ’t Ate
Jans al salang kend hat, fen lyts bern ôf oan al. „It is allegear for
’t feest”, ropt hja him tomiette en hâldt in bosk fen ’e moaiste
swânneblommen yn ’e hichte. Sa stiet hja dêr foar him, it brune kopke
ûnder ’e greate wite sinnehoed hwat yn ’e hichte, wylst de eagen sa
djipdonker skitterje en de wite toskjes weikypje efter de lippen, rea
as in kêrs yn ’e moarnssinne. Ien amery sjocht Ate Jans nei hjar, dan
draeit hy him ôf en seit stoef: „As jimm’ mear blommegoed ha moatte,
dan kin master jimm’ noch wol hwat út ’e tún helje”.
Krekt ef lizze hja hjar iis om ’t hert, sa kâld wirdt Ruth by de toan
fen dizze wirden. Hwêrom meij hja der net mear komme en hwat blommen
teppe út Ate Jans syn tún? Oars mocht dat ommers altyd wol en dan naem
hja hiele rûkers mei fen nagels en jasmyn en sims fen roazen—dan stie
de boer ek wol ris efkes by hjar te praten yn ’t foartún en dan wie
faek de winsk by hjar opkaem, dat it altyd sa mar bliûwe mocht, dat dy
stille man altyd om en by hjar wêze en syn eagen op hjar rêste mochten.
En nou?....
Ruth wisket mei it brune hântsje in inkele trien ôf.... Dêr rydt hy
hinne en..... it herte fen dat bern folget him.... It hat ljeaf, it
tinkt der net om, dat dy greate man mear as tweintich jier âlder is en
stoef wêze kin en dat by him de greatskens noch djipper ynwoartele is
as by ien fen syn geslacht. It hat ljeaf en yn ’e húskes by de sânwei
kenne hja sa ’n ljeafde mar ienris.—
Ruth mei dyn skrandere holle en dyn tear lichemke, hwêrom hat sa ’n
greate ljeafde fat op dyn hertke krige? Hwêrom hast’ dy stoefe eagen
altyd oer dy en hearstû yn dyn weitsjen en dreamen jimmeroan dat lûd,
sa ’s it yn dy greate keamer klonken hat op dy reinige simmerjoun?
Der binne ommers oaren genôch, dy ’t better by dy passe, jong fen
jierren en frolik fen hert, dy ’t fol koartswyl sitte en mei dy
opgroeid en great waen binne. En dochs, dêr rydt Ate Jans hinne en it
herte fen dy folget him, de reed lâns, de mieden yn nei it trije-mêd
ta, hwêr de lêste protsjes hea wachtsje op it ynheljen.
En nou-t Ate Jans dêr is, sjocht hy om foar ’t alderearst.... Alles
lûkt him ommers nei dat bern ta, dy heldere eagen binne for him, ja se
binne it forgoed, ho fielt hy it nou! de bronwelle fen alle lok. En ’e
stille man, hwaens hier al griis bigjint to wirden, krijt sa ’n
forlangst nei de sêftens fen dy frouljueshân en de swiete klank fen dat
lûd, dat hy deastil stean bliûwt mei de riûwe yn ’e hân, om noch ris
ienris dat lûd to hearen, fier, hiel fier by de bûrren. Syn herte
forskûrt fen langst. Scil it nea de bifrediging kenne?
En al syn sibben bigjinne him nou to moanjen—hja binne noch yn
wêzen—hjar geest is om en by him, al binne se allang forgien en hja
scille rjucht hâlde oer him, as hy sa ’n oerdwealske set dwaen wol. De
amme fen hjar wêzen, dy ’t ek noch sa koel oer ’e sjidzjende Bouwer
hinget, is selst hjir yn ’e mieden, yn it frije fjild.... Is der noch
ûntkommen oan? Scil hy út ’e bân bite....? en dwaen sa ’s syn hert him
ynjowt?
Mar de bân, dy ’t him oan syn folk bynt, is ek sterk. Ieuwenlang hat it
kommende en geande geslacht dy tinktme hawn, om lyk by lyk to siikjen
en dêr nei dien en it is yn hjar wezen bipikele, sa inerlik as in trek
fen dat wezen sels. De bern binn’ der great mei waen, ha hjar gelikens
socht en binne dêrmei stoarn. Ate Jans bigrypt it nou, it is net
allinne de boask mei dat bern, mar it is it fortraepjen fen ’e
famyljewille, hwer syn forstân him tsjin forset.
Koed er noch mar ljeavje mei de gloed fen syn achttjin jier! Sûnder it
forstân, mar mei it hert, sa hjit, sa hearlik, dat de wrâld der by
forsinkt! Kin hy it dan net fen him ôfskodsje, dy ûnbiskreaune winsk
fen it foargeslacht, as alles yn him yn opstân komt, om dy to
forfullen?
En Ate Jans forwart him, mar dy macht is noch sterker—hy bûgt de
holle—de slach is fâllen. Scil der allinne op ’e sjidzjende Bouwer it
lege plak bliuwe?
As master de joune komt, is Ate Jans noch stoefer as oars en as master
fortelt, dat Ruth earjister mei glâns in byakte helle hat, dan nikt hy
allinne.
Hy mist de lytse brúne hântsjes by de blommen en de sinneskyn fen hjar
loaits. Mar hy kin se hjir net mear sjên, hy kin net! Hy scoe it
útskreauwe wolle, ho ljeaf hy se hat, dat de wjerklank derfen by de
âlde mûrren lâns trillet! Hy wit, dat der in grins is, dat ek hy de
macht oer him sels forlieze kin, dy sterke man mei syn steatlike gong
en stoefe eagen.
Dat hat hy hjoed for ’t earst yn syn libben ûnderfoun. Do’t hja dêr sa
foar him stie, mei dat swânneblomt yn ’e hân, de hiele frisse jonkheit,
wist allinne hy, hwat for striid it koste hat, om de eagen ôf to
draeijen en de mûle swije to litten, wylt alles him dreau om de
langstme fen syn hert to úterjen.
Hy wist ek, de twadde kear scoe syn ljeafde sterker wêze as syn
wil!....
En hy meij ommers net!
Hwat jowe him nou syn rykdommen, as hy net iens de bigearte fen syn
hert krije kin?
Hjoed sjocht hy de sjidzjende Bouwer for ’t earst mei oare eagen oan.
Hwerom hat hy ek al syn ljeafde oan dat kâlde bisit jown, de moaiste
jierren fen syn libben foarby slûpe litten yn ienlikheit? Argewaesjes
binne him bisparre, mar it lok is ek fier fen him ôf bleaun. Der wie
gjin plak for yn ’e tsjustere keamers en ’e greate skûrre en noch folle
minder yn syn herte.
Dêr leit de pleats, de ljeafde fen syn libben en fen mennich
geslachten, dy ’t foar him wêst ha. Ja, wol is alles dêr yn ’e es, mar
hwat der ûntbrekt, is de frouljueshân. It is hjir moai sûnder glâns en
waerm sûnder gloed. De gerdynen yn ’e foarkeamer binn, heal del en gjin
inkeld blomke bloeit yn ’e finsterbanken. Alles opredt en skjin, mar as
min de strietwei lâns giet, fielt min selst de stiltme, dy ’t hjir
wennet.
En wylt hy troch de skûrre stapt, hwer se it lêste healfoerke hea
leegje, knypt hy de hânnen stiif yninoar, hwent hy fielt de triennen yn
syn eagen, de earsten, sont lange, lange jierren.