Ruth wie in lyts brún famke, dat yn it sichtsjen mei hjar mem boun for
Ate Jans. Dan siet de âlde figematte hjar noch hwat djipper yn ’e eagen
en gloeide hjar read jurkje noch hwat reader oer it roggefjild as de
moankopsblommen, dy ’t mei de ieren foelen, goed en tsjoed yn ien
slach. Moarnsier siet hja dêr al yn ’t skaed fen ’e hage op ’e
foarikker; dêr koerden de houtdouwen sa moai—dêr scoe hja wol de hiele
dei bliûwe wolle. Mar as Ate Jans der dan oanriden kaem op ’e
ierdkarre, wie hja ek wer as in sweltsje oer ein en droech it
kofjetsjetteltsje for mem en roan boartsjende foar hjar út. Hjar lytse
brúne hântsjes stiene alhiel al nei ’t arbeidzjen en it gyng for hjar
berneforstân net mear to heech, dat der jild wêze moast om to iten en
hier to biteljen.
En lytse Ruth fortsjinne mei.... Dêr wie hja greatsk op. Hja hólp mem.
Alle gounen, dy ’t hja krigen, dêr hie hja ek mei for stien yn ’e
barnende sinne op dat roggefjild, hast to great for in berneëach en for
bernefoetsjes.
Jouns kroep hja neist mem yn ’e hoeke op in stoel, deawarrich, hast
gjin bilul mear om oerein en op bêd to gean en as hja dêr dan lei,
slepte hja ek, de brune wangkjes nou ris koel en de hântsjes.... stil
op ’t lekken. Dan rêstte it lytse lichemke nei in lange dei.
As Sets, hjar mem hjar dan sa seach, krige hja der hast bikrûping oer,
dat hjar ienichst bern ek al efter de sichte oan moast op dat
gloeijende fjild, hwer hja hjar al krûm arbeidde hie. Hja ljeave hjar
bern as de rike mem, dy ’t hjar jowt al hwat se bigeart en folle en
genôch noch oer ’e miette, en Sets koe hjar neat oars jaen as in nij
greinen skoatsje ef in skealik lapke for in jakje en der ezele hja noch
dagen for by de boer—bûthus-skienmeitsje en sa. Dan koene hjar de lea
hast stikken wêze en hjar hânnen trillen sa fen it hâlden fen ’e
luiwagen, krekt as hie hja de riding deryn; mar Ruth, de lytse brúne
Ruth, stapte as in pauwke de sânwei út mei in nij jakje oan, wylst in
greinen skoatsje, bol fen nijens, hjar efternei rissele.
Dan wie ’t Sets yn ’t lyts. In pittich kopke, alles brún, de eachjes,
it hier, it fel, mei dat lytse deaplakje ûnder it rjuchter each noch
hwat brúner en allinne it mûltsje read, frisread as in kêrs yn ’e
moarnsinne. Sneins seach min, ho blank as dat kopke wêze kind hie: dan
kaem it fine halske út it jakje wei en dat wie net forbârnd, troch de
figematte. Der scoe nin blanker halske to finen wêze, mar dêr hiene de
kammeraetskes gjin hartsear fen, mar o! dat sulv’ren ket die ’t him.
Dat siet mei trije slachjes om ’e hals en slúte efter sedich mei in
sulvren slotsje. Sets erfde it fen hjar beppe, dy ’t jild oerhie for
sok spul en nou waerd it tige yn eare hâlden, hwent der koe min ommers
oan sjên, dat Sets hjar folk yn goeden dwaen wêst hie.
Binammen dy beppe fen ’e klaei, dêr wie Sets wûndre graech fen op ’e
tekst. Hja brocht it frisse bloed yn ’e famylje en ’e wilskreft, en
allegear erfden hja hwat fen hjar natuer, om it libben to nimmen, sa ’s
’t is. Sels fleurich to bliuwen mei seis bern om ’e tafel en neat oars
as droech brea yn ’e hûs, dat wie hjar kreft. Hja woe hjar bern foarút
ha yn ’e wrâld en hja kamen it. Do ’t dy bern elkmis wer in nije hird
bouwd en goed hjar brea hiene, do waerden hjar heldere eagen earst
slûch fen al dat soargjen for de dei en al dat sjên yn ’e takomst.
Hjar dei wie foarby.... hjar wirk birêdt.
Ho âlder as hja waerden, ho mear de bern dy mem wardearre ha, dy ’t
hjar sels as offer joech for it nije geslacht, dat hja net iens yn
bloei sjên mocht.
Op hjar fîif en sechstichste jier hie hja noch in slach yn ’e rêch hawn
en roán sa rjucht en sa trinten oer ’e wei as in jongfaem mei it
breedsulveren earizer op en it fyfskaften pakje oan, en nou?.... Sets
liet it al sitte tsjin ’e soargen, do ’t hja noch gjin iens tritich
wie, it waerd in lyts wyfke mei in foarholle fol tearen en in
forarbeide lea.
Sa siet hja der jouns op ’e knopkestoel yn ’e hoek, sa scoe hja der oer
tsjien jier ek noch sitte, tocht lytse Ruth „en dan fortsjinje ik for
mem.” Dan seach hja nei hjar hântsjes en tocht om dat einleaze
roggefjild yn ’e barnende sinne en om dat ierdappellân mei al syn
lange, lange ikkers, dêr ’t maitiids hjar plak wie mei in koerke fol
setters ta boartersgoed en lytse Stabij ta kammeraet! O hwat wie
jildfortsjinjen doch swier wirk, mar mem koe it allinne net neikomme:
it koe net!
En dan krige lytse Ruth wer fol moed hjar koerke yn ’e hân ef sette it
âlde hoedtsje op, al nei ’t it jiergetide wie en die, sa ’s Ate Jans it
ha woe. En do kaem der in joun, do wie dat allegear út.
Snjeon wie ’t, sa’n moaije stille Snjeon, as de foarfrede fen ’e
Sneinsrêst oer it hoarnleger leit, de skûrredoarren sluten wirde en d’
âld boer sels mei de brune nei it klaverkampke kuiert.
Mem en Ruth sieten op in bankje by de doar, d’ earste ûren fen in hiele
wike, dat hja lins hiene. Fen warrigens seagen hja beide net iens, ho
moai ’t alles om hjar hinne wie, ho ’t de heide bigoan to bloeijen, as
woene dy lytse reade klokjes de hjerst ynliede mei syn gloeijende
kleuren en fruchten en it skaed, dat alle dagen langer waerd. De
frânske kroanen blonken yn it hôf, de hjerstfûgeltsjes songen yn ’e
twigen. Hjir en der rissele in toar blêd nei de groun, in weistjerrend
libben, dat syn lêste sike útamme, en min hearde de bern boartsjen en
oangean yn ’e bûrren.
Dy hjar foetsjes wierne jong en ’e hertkes blij en sûnder soarch, mar
it skaed fen it libben wie al oer lytse Ruth hjar paed fâllen.
„Mem, meij ’k ek noch ris to boartsjen?” frege hja en hjar eagen
waerden great fen langstme.
„Bist, net to warrich, ljeave?” frege Sets werom. Ruth wie mar neat net
fleurich yn ’e lêste tiid; ûnder it simmerbrún waerd it fel sa inerlike
wyt.
„Ruth is langer altyd warrich, mem,” andere hja. Dat die Sets sear: hja
wrong de hânnen yn stille smert.
„Hwat scill’ wy?” suchtte hja. „For mem is ’t net sa slim, mar ik woe
dy sa graech hwat foarút ha yn ye wrâld.”
Dyselde wirden hie d’oerbeppe sei op itselde steed mei hjar seis bern
om hjar hinne, fûgeltsjes, for hwa ’t de tiid fen útfleanen kaem wie.
Lytse Ruth joech hjar op yn it stoeltsje. Hjar eagen glinsteren, hjar
wangkjes bigoanen to gloeijen.
„As ’k ris leare koe, mem”, bigoan hja.
Né, dat koe noait, sa abbeleare Sets dêr tsjin. Hwer scoene hja it jild
for boeken weihelje en gnappe klean?—Der siet oars wol hwat yn it bern,
sei master; ’t wie sûnde en skande! dat hja al meifortsjinne, bigoan
Sets nou to tinken.
„Ast’ dochs ris nei master gyngst,” tocht hja einliks lûd, „en freegje,
hofolle it kostet, boeken en sa.” Al scoe hja it dan ek út ’e mûle
bilije, as hjar lytse Ruth it mar hwat better krige.
Ruth sprong oerein. „Mem scil sjên, ho ’t ik wol,” sei hja, en dy
ûnthjitting hat se in libben lang hâlden. ’t Ald foarhûs, hwer dizze
wirden yn klonken ha, is der net mear en dy mem mei hjar herte fol
ljeafde en hjar eagen fol soarch is der ek allang net mear, mar dochs,
hja hat it lok fen dat bern mei syn izeren wil en syn flugge geest
sjoen, in lok, sa ’n nin mem it better for hjar bern úttinke kin.
Sets forstrûpte hjar hwat, mei in skjinne bûntskelk foar en ’e haekte
mûtse op en Ruth die de skoaljurk oan, de moaiste pronk, dy ’t hja
bisiet.
Der is noch noait in herte sa fol hoop dat sânpaedtsje delgien nei de
bûrren ta. De jounssinne glimke twisken in tropke hege bjirken troch,
krekt eft hja dat bern mei syn hertke fol idealen de wrâld op it
allermoaist sjên litte woe, sa ’t it oerienkaem mei de bigearten en ’e
dreamen fen syn hert. De myldens fen ’e neisimmerdei hinge noch oer it
fjild, in keppeltsje jonge einen fleach op út ’e rûchte fen ’e diken,
dy ’t de bern to middei útrille hiene om ’e ripe toarnbeien.
Lytse Ruth fielde it net, ho sear ’t de foetsjes hjar fen de klúten
diene, hja roán foarút as in jong hountsje, dan efkes wachtsje, dan wer
mei in skoat foarút en hjar mûltsje stie net stil.
Sets die it swijen derta. For d’iene bloeide noch de hoop en d’oare
wist, hwat de forfulling jown hie fen alles, hwat ek hja hope hie.
Hwat binne der tiden oer forroan, sont dat sânpaedtsje noch sa fier wie
for it berneëach! Min kaem der ek in poelke foarby, der lei in skat yn
bidobbe fen in âld kleaster, en in krús yn in beam, dêr wie in man
formoarde. It wie in paed fol geheimen, mar ek fol moaijens, mar dat
seagen de heldere eagen fen Ruth earst folle letter, do ’t hja dêr op
dy stille simmerjoun lâns kuijere, de twadde kear, dat hjar libben hjir
in kear naem.
Master, d’ âld man lei de pipe del, do ’t Sets en Ruth om ’e hûsside
hinne kamen. Hy siet dêr yn ’e smoute fen it tsjerkhôf op ’e túnbank
mei de dichten fen Vondel foar him en seach nei de loft, sa blau as de
sé yn it hearlike Suden. Hwat hie hy as jongfeint in langstme kend nei
dy oarden, hwer yn goudene sinneglâns en jimmeroane wille in libben
forroan! En hwer wie hy tolânne kaem? Mids ’e roggefjilden yn in âld
skoallehûs, dêr foun hy it for him bistimde plak. Dêr waerden de bern
ûnder syn eagen great, dêr seach hy de fruchten fen it sied, dat hy oan
d’ikker tabitroude.
Do ’t Sets him sûnder in bulte omhael fen wirden fortelde, ho ’t it mei
Ruth gesteld wier, harke hy der neat net raer fen op.
„Ik hie ’t wol tocht,” sei hy, „dat bern heart net op ’t ierdappellân,
n’t Ruth?” en hy striek mei syn âlde hân de hierkes fen dy hearlike
hege foarholle. Jawisse, dat bern wie to goed om oan dy sânwei to
forkommen yn earmoed en soargen; en master bigoan to rekkenjen, wylt hy
sa ûnder dúmkes wei ris hifke: „En hwat woe Ruth dan wirde? Bigjint min
in reis sûnder doel?”
Flinkwei seach hja him mei hjar skrandere eagen oan. „Ik woe graech
foarút yn ’e wrâld, master”, sei hja. Hy bisoude; wie oerbeppe dêr net
oan ’t wird, dy ’t bigoan as boerefaem en de bern in flink kaptael
neiliet? Dat hie noch ris ien fen dy frouljue wêst, dy ’t de wrâld ta
’n seine binne en ’e sibben ta ’n swiet neitinken. Hja woe ek foarút;
in warbere geest yn in soun omskot, dat nea syktme kind hie. Master
seach hjar noch foar syn âlde eagen nei tsjerke ta gean: steil as in
peal, stadich fen gong en mei dy djip-earnstige eagen, hwer selst gjin
spjelde oan ûntkaem.
Ut ’e tsjerke wei gyng hja dan mei de bern nei it grêf fen heit ta, dy
’t yn ’e haeijing ûngemak krige hie mei de hynsders en ’e skrik mei de
dead bitelle. Dan hearde master, do sels noch in hiel jong baeske, dat
kleare lûd, dat klonk as metael tsjin ’e bern, seis yn tal, dy ’t der
omhinne stiene, de lytste noch mar in beukerke fen fjouwer jier: „Bern,
hjir leit heit yn ’e swarte modder, dy ’t in libbenlang skript hat for
jimm’. Pas op, dat jimm’ him net ta skande meitsje en de achting fen
jimm’ mem fortsjinje.”
Dat hearde de âldste fen achttjin en ’e lytste fen fjouwer jier en hja
namen it yn hjar acht. Hja ha de achting fen hjar mem fortsjinne en de
namme fen hjar heit mei eare yn Fryslân droegen.
Lytse Ruth wie met rjucht ien fen dy âlde stamme, it fierde bloeisel
oan ’e tokken, mei al de sappen fen dy âlde stamm’ noch ris wer
forienige yn dy skrandere holle en dat taeije lichemke. Dat bigriep
master.
„Ja”, sei hy en trêdde it paedtsje ris op en del, „dat learen kostet
tofolle, Sets. Jou pongkje is der fierst to lyts for en mines ek”,
foege hy der mei in sucht by.
Ruth draeide hjar hastich om en knypte de lytse hântsjes yninoar. Scoe
master sjên, dat der triennen oer hjar brune wangkjes rôllen? „Dan is
’t net oars”, miende Sets mismoedich en woe hjar ôfjaen.
„Mem, mem, siz dat net”; kriet Ruth ynienen sa heftich, dat hja beide
in skrik krigen. It like krekt eft hja greater waerd, eft dy sterke
geest dat teare lichemke opfeare, sa stie hja dêr foar hjar en dat
bleue bern bigoan me dêr to pleitsjen for hjar bigear, dat master der
stil ûnder waerd en einliks ûnthjitte: „It scil noait oan my lizze,
Ruth, datstû neat wirdste. Wachtsje!”
Ruth tochte om dat gljeone roggefjild yn ’e barnende sinne, om al dy
ikkerkes mei ierdappels, dy ’t mei gauwens wer dold wirde moasten en
opsocht en mei drôviche earnstigens sei hja: „Ik kin net langer
wachtsje, master.”
Do bigriep master earst de langstme fen dat bernehert.
En master gyng nei Ate Jans ta en in pear oare geseten ljue, master
foun tafâllich sels ek noch hwat yn in laedtsje en fjouwer wike letter
seagen de heldere eagen fen Ruth wer yn it earste learboekje. En noch
ris fjouwer wike letter sieten master en Ate Jans yn it simmerkeammerke
en do ’t master sei, dat Ruth hjar woldwaners eare oan die en sels
komme woe om to bitankjen, sei Ate Jans stoef: „Dat hoecht net. Ik kin
dat bernegefljoch hjir net ha, master.” En hy lei in muntsje op ’e
tafel, „om dat bern net lije to litten.”
En Ate Jans wie in geseten man en great boer op ’e sjidzjende Bouwer.