Twa kear hie ’t simmer wêst. ’t Wie yn ’t ierdappeldollen
As do. Wer fleagen earrebarren ’t loftrûm lâns,
It bjirkleaf giele en foel. De hjouwer stie yn hokken,
De koetsebei reagloeide as blomt yn leavenkrâns.
Der kaem wer tynge! en as berntsjes snokten d’âlden:
„Us Hinke komt werom, yn eare en oansjen great!”
d’Onsjuchge Sijke, dy ’t by memme stoel omhingle,
Roungear en smel, dy telden se yn hjar eagen neat.
Der waerde farwe en skrobbe dat de finsters blonken
Mei sân de flier bistruid. Hy die syn trouklean oan.
Mem wie alhiel yn ’t brat—yn ’t bleek tibéjen pakje,
Sa wachten hja by de útdoar op dizz’ hjerstemoarn!
Hja kaem—mei goud en flikkrjend stiente rjue bihinge,
En op it holtsje it hier—in golvjend sydne kroan,
Loek oan it noaske—in fyske wie hjar Hinke wirden,
Sei neat—mar lake aloan en gyng al de oare moarn!
„Hwat wie hja moai!” sei mem, fen greatskens lang forbline,
„Sjoch heit, hja koe net bliûwe, moast wer nei de stêd,
„En ek—ús klintsje is lyts, hjir past gjin siderûzjen,
„Hwat seist’? Haboes! dû stúnest dêrom nou dochs net?”
„Seachst wol dat gouden ket? Soks scoe ús Sijke ek lykje,
„Al seit se it net, hja longert der ek tige nei....
„Mar soks past net by sa’n onsjuchge, brúne troanje;
„Dat heart by guont as Hinke as ’t ljocht heart by de dei.
„„Nou is ’t genôch!” kriet Sij. „„Binn’ jimme wiere âlden,
„„Dy ’t d’iene haetsje en de oare ljeavje allinne om ’t moai?
„„Hear nou de wierheit. ’t Earmoedsbrea meij droech sims wêze,
„„Mar al to djûr koft Hinke dizze gouden toai!””
„Hwat!” rôpen beide op ’t selde stuit, mar ’t wrede andert
Bleau wei. Stil slûpte hja wer nei hjar tsjinstfaemplak
By Liûwe en dy.—Hja mochte mytrich, tanich wêze,
Hjar toai, in eal goed hert, siet ûnder ’t grouwe jak.
Mar for ’t forlitten bern, dêr kamen moaijer dagen,
Ien seach, dy ’t fen dizz’ eale pit de skyl weitocht,
’t Trou hertke, dat sa treurich, ienlik, for him tikke,
En hy hat Sijke do nei ’n kreas, nij húske brocht.