Yn stoarm en rein, de drippen triljend yn ’e hierren,
En rouwe yn ’t hert, seach ’t âlderpear syn bern werom,
Syn Hinke, bern fen jierrenlange hope en soargen,
En ho? ’t Paed bjuster wie dy droef forwile blom!
En net allinne kaem se. In bern droech se op ’e earmen,
In bern, mar sûnder namme, sûnder heitehûs.
De âldman bigoan to malen; wrokke aloan mei ’t hirde:
„Komt mei myn grize hier sa ’n skande oer myn hûs?”
Hy woe ’t net sjen en spile stil de wyk, hwerhinne,
Wie dat in skoft for al syn sibben tsjuster bleau,
Ont nei de stoarm, dy ’t wetter heech en fûl opjage,
Syn lyk út de opfeart wei nei ’t fiere marke dreau....
Der foelen hirde wirden út ’e memmemûle,
En Hinke hearde it, o sa stil, forweesd, forslein,
En sei bidêsd: „Kom memke, wol nou net mear kleije,
„It slimste is ommers oer en alles nimt in ein.”
„„In ein?”” spotgnyske hja. „„In libben komt fen skande!
„„Is dat myn ynljeaf bern, dy ’k salang kûstre ha?
„„Yn d’ allermoaiste tiid hie ’k ljeaver dy bidobbe,
„„—Hearst dat?—as dat ’k dy ienkear wersjen moaste sa!””
It fanke sei gjin wird, mar klaeide hjar yn ’t side,
Sa ’s lang forlyn en flechte ’t hier ta ’n gouden kroan;
It skittrjend stient trille om it meagre, blanke halske,
As for in willefeest! Sa gyng hja mei hjar soan!
It poelke fen hjar jonkheit dreame yn jountiidsfrede,
In spegel, sêft omfrissle fen it weagjend reid;
„Hjir bist bigoán, bislútsje hjir dyn libben,”
Klonk ’t flústrjend. „’t Hjoed en ’t jister skaet in ivichheit!”
Hja seach net om nei ’t húske yn hége bjirken,
It wetter lokke, in dream allyk wie ’t kleare blau;
It earme, ydle bern mei ’t jonkjen op hjar earmen,
Dat sprong er yn! En nou bleau ’t wetter ek hjar trou!
It bûrrle, mar ’t forswijde, hwat it rêstjend barge.—
Nei ’n skoft droech ’t weachje hjar by de igge yn ’t reid wer oan;
Wyt swânneblomt en eineflach yn gouden hierren,
Yn side klaeid foun min de mem wer mei hjar soan.—
1900.