IV.

Allinne bleau hja net. Nei fjouwer koarte jierren,

Do gyng it widzke wer, mar al sa fluch net mear;

De soárch fordûble; ’t húske koe nou treurige ûren,

En beppe, d’âlde, trouwe, wie der ek net mear.

Hja waerder greater. Njonkenlytsen kipten de âlden,

Nou d’âldste er út. Dat wie hjar earste en ’t ljeaflingsbern;

De jongste, brún, ûnsjoch en stoef en stil fen wezen,

Hie soargen brocht en hie hjar ljeafde do forlern.

„O ’k wit wol, hwerom heit en mem my n’t ljeavje kinne,”

Sa kriet hja faek. „Ik bin net moai en kreas as sij;

„Hwat sei ús heit ek flústrjend lêsten? ’k wit it yette,

„’t Goudflinterke, dat’s Hinke en hja? In hunichbij!”

Hwat sei hy mear? Dat koe hja noait net wer forjitte!

„Dû moast se tsjinje litte, ringen by de boer

„For bernefaem kin ’t wol. Grif hâlde wy for Hinke,

„Us beider ljeafling, nou? dan ’n inkeld stûrke oer.”

Sa kaem ’t mei gauwens ek. ’t Fyfskaften jurkje en skelkje

Waerd’ ringen strang forwiksle for ’e rôk en ’t jak!

En ’t famke, sels in bern, moast al op oaren passe,

Forskovelinkje allyk, siet se op in lytsfaemsplak.

En Hinke, ’t âlderblomke, dertle troch it libben,

Hja flinterknipte aloan om hûs en hear en seach

Do-t se ûnder ’t wylchstrúwel to sintsjen lei by ’t poeltsje,

Ho’n earrebarrekloft ris wer nei ’t Súden teach.

„De wrâld yn! ’k Wol hjir net forwylje op ’e pôle,

„Fortún scil ’k meitsje en ryk kom ’k ienkear dan werom.

„’t Lûkt me al om fierrens, lyk as nys de earrebarren.

„Blomt libbet om to pronkjen! Bin ik net in blom?”

Hja bûgde hjar foardel nei ’t kleare, reine wetter,

In spegel, stil omfrissle fen it plûmich reid!

Dat glês wie trou! Hja seach ’t en hja reagloeide yn blidens,

Hja seach in jonkheit der yn al hjar hearlikheit!

Krekt sauntsjin jier! Op ’t allermoaist, mar ek to derten

In gloeijend each, in idel herte, wif fen sin;

Heit liet him wol bilêze en mem hjar gau biprate,

En Hinke, ’t heideblomke, krige as stees hjar sin.

Der teach hja hinne! In doek mei klean en ’t koerke yn hânnen,

Fol kralegûd en moais, en seach net ienris om!

Heit kearde ’m om en wiske in inkle trien út de eagen,

Mem lake greatsk en sei: „Dêr giet ús moaije blom!”

Ruth(#73898) · 第 19 / 53 题