Oanfallich waerd’ se en ljeaf. As se oer it flierke stoarr’le,
De lytse foetsjes wierne wankel noch en tear,
Mei wize en kipige eachjes, al mei reade wangkjes,
Dan hiene de âlden hast gjin oare winsken mear!
Jouns, as de rêstklok lette om him nei hûs to roppen,
Dan longre hy nei ’t bankje ticht by ’t lôgjend fjûr,
De lytse faem by him, om se yn ’e sliep to soeijen,
Dat bern, it âlderhert sa inerlike djûr.
„As w’ ienkear letter âld en warch fen ’t wrotten binne,
„Wost dan wol leauwe, Lys, dan kûstert se ús ek sa,
„Dan hat se sels in hûs—miskien wol lytse famkes,
„En hwat in hearlik thús scill’ wy dan by hjar ha!”
„„Ja wis”, wie ’t moedich andert, „’t koe sims ek sa komme,
„„Sjoch Hindrik, tink ris oan, is ’t net in dream allyk?
„„Licht wirdt se in hiele frou, kin ’t grif skoan rêdde.
„„En wennet op in spul en boerket hjar dan ryk!”
„Dû rinst de tiid foarút en ek mar net in bytsje,
„’t Is ommers mar in beukerke fen amper trije jier,”
„„Mar moai!”” sei ’t wyfke greatsk.... Sjoch mar dy kleare eagen,
„„Hwer fynst sa ’n ingelke? Siz Hindrik, nei en fier?””
Hja streake mei de hân oer ’t sêft ovael fen ’t kopke,
Byside omkrolle fen it moaijste blonde hier,
Mei ’n teare glâns deroer as goud fen d’ Easterdage,
Dat triljend oer in roazeknopke glydt moarns ier!
En eagen! Reiner as it poelke, dêr ’t se oan boarte,
In wrâld fen ûnskild—dreamen—winsken lei der yn,
Itjing, dat ûnbikind, yens herte lûkt nei boppen,
Dat freget for sa ’n each, sa ’n hert fol sinneskyn!
En dan!.... Sa fluch as ’t wezelinkje oer hege diken,
Sa fyn de lea en dochs sa mûtel, sêft en moai;
In gouden flinterke yet yn syn wikselwente,
Dat op ien simmerdei ûntfâldt syn jonkheitstoai!