Ald Olaf tokk’le ’t snaerwirk: as in klage út fiere fierte,
Sa rûze it oan troch ’t jimmergriene Noardlânsbeamt’:
...................................................
Hear’ jimm’ de skrouske wyn, dy-t fen ’e hichten strûzet,
Hear’ jimm’ de klaegtoan net, dy-t troch it beamte sûzet?
O stille spjirrehichten! Noardlâns hearlikheit!
Fol wémoed yn ’e jimmergrienjende ienlikheit!
Hwer is de minskefoet, dy-t hjir syn leasten sette?
Hwer is it moedich hert, dat ’t droeve moai net lette?
Ien komt!—Syn wezen draegt it stimpel fen syn macht,
Syn tred is jong—syn rêsting as it sinneljacht!
Ien komt—hy stiet yn heechste top fen jonkheitsgloarje,
Syn machtwird is de rom, syn sinnebyld de gloarje!
En dochs—yn ’t skaed fen wynbraubôgen is it each,
Sa tsjuster en sa droef—eft leed de siel oerteach,
Sa ongemirken wei en dochs sa flimend sear,
O Harald! naem dyn lok nei ’n koarte dei in kear?
Hjir is in plakje, hwer de streamkes fen ’e hichte,
Elkoarme mette, boartsjend krink’lje nei de lichte,
Hjir foarmet tûzendripp’lich ’t sulver fen it wiet
In kûm. Hjir slept in wile ’t wetter, dat forliet
Syn bûrrelwel, syn berteplak aloan yn ’t rinnen,
In heechlânswetterpaed, dat bochtet troch de stjinnen.
Gjin blomte waekset hjir, neat as it sombre grien,
Gjin fûgelt wennet hjir—hjir hat gjin sang bistien!
—Dit is it beaplak for de greate Vikinghearskers!
Hjir wirde kenings lyts—hjir wirde fregers d’easkers!
Hjir off’rje hja en knibb’lje for de Noarske goân—....
Dy wei gyngst, greate kening, swakke minskesoan;
Hjir stiet in ûnforwinb’re stil en sucht. De hân
Dy tipelt mei de skeakels fen ’e rêstingbân,
Der blinkt in swird. In keningsswird is dat fen eare,
For hwa ’t in libben droech nei s’affaers lêst bigeare!—
’t Wirdt op ’e joun sa stil en ’t âlde spjirbosk niicht
Him as in heldenkloft foar ’t wyntsje, dat d’ oer siicht,
En flúst’rjend droef troch ’t beamte waret as in sucht,
Sa ’s lang bidimme ’n heldensiel birêstende ûntflucht.
„’k Ha sward”, sa seit hy stoef, „dat nea myn swird him rekke!
„En dochs—myn hân socht nei syn hert—ik ha him rekke!
Hy stoar, de stege Fries—de kamp wie rjucht, mar hird,
Hwat wist fen ljeafde ik do—ik ljeave mar in swird!
Dat wie myn alles en der scoe ’k foar knibblje wolle,
In iv’ge namme yn ’t boek fen skiednis, om ’e holle
Rjue ûnforwyljende eareblossoms fen ’e rom,
Dat wie myn libbenswyt! Ik jage, ik bea derom!....
Djip glied tomûk myn swird yn ’t jong en moedich herte
Fen him, hjar eale broer. Nou fiel ik ek de smerte
En ek de haet, dy-t hjar oanfyt’re om tsjin my
To sizzen: „Noar, ik haet—né ik forachtsje dy!”
En nou? De kening, dy-t him greatsk derop biromme:
„Nea scil onwierheit, leugen út myn mûle komme”,
Dy swarde in djûre eed en by syn keningsswird,
Dy swarde falsk! Swiere ûre, swier to sprekken wird!
„Mar goaden, hear ’t forwar! Hy ljeave, sa ’s de minske
Mar ienris ljeavet!
Al de kreft, de moed—ien winske
Regearret hjar! Ien dreambyld wenne yn ’t keningshert,
Bisitte woe hy dat as ’t moast tsjin jierrenlange smert!
Sa ’s jonkheitsoermoed! Binn’ bitûmm’le iens de sinnen,
Dan dôvet stil it fjûr, in tsjerkhôf wirdt ’t fenbinnen,
Mei ’n inkel grêf, mar sei! deryn de ljeafdeskat,
Sa stil fortsjirme troch de stoarmwyn fen it lot!—
Mar do, mar do! ’t Oermoedich each oermeat de weagen,
En op de lytste wink wol tûzen trouwen fleagen,
Gjin tsjinstuit telde ik mear. Hwat scoe it lot my dwaen?
Ik scoe ’t biteamje! ’t Scoe my selst in seine jaen!
„Djûr ha ’k bitelle—swier mei triennen moast ik boete....
Dy tiid selst, ljocht fen lok, wie ’t treurich my to moete,
Ik droech in skild, ’t affarenswird, dat pyn’ge my,
It sulver waerde stroef en ik—ik skamme my!!
Geslachten seach dit swird en eale keningshânnen,
Dy droegen ’t lang en greatsk oan fiere, frjemde strânnen,
Hjir leine hja foar ’t folk hjar keningseed oan ôf,
Hjar stjerrend each seach ’t lêst en ’t wekke by hjar stôf!
En nou?! ’k Wol ’t lokkige fenâlds net mear bitinke,
Swij folterpine! Swird, scilst’ yn ’e nacht forsinke,
Ik offrje dy—myn each, dat kin dy net mear sjen,
De kening wie to swak, hy hat himsels forlern!
„Nou goaden easkje! Hwermei moat ’k myn skild bitelje?
Ik wit, mei smert en lij’n scill’ jimm’ ’t op my forhelje,
De misset, dy ’t my troaijde om lok fen ’t rjuchte paed,
Blier skynt de sinne yet, mar ’k leau nou oan in skaed!
„Eask goaden! Neat scil my to swier, to djûr nou wêze,
It ljeafste op ierde ha ’k mei leugentael bilêzen,
En hja bitrouwe op my!—Myn soune is swier en great,
Hwat ’s myn forwar? Hwat liz ik der tsjin yn? Neat!! neat!!
„’k Wist, hwat myn foarlân wêze scoe, mar dochs—myn herte,
Wie swak as húv’rjend reid yn hjerstmiswémoed-smerte,
Ik trille yn hoop en freze s’ as in skrúten bern,
Ik spile heech en bluistrich en ik ha ’t—forlern!
„Hja, ’n ingel, leauwt my yet! Dat ’s hird, dat ’s swier to dragen,
Hja, sûnder soune en swakkens! Blom fen gouden dagen,
Myn allerdjûrst bisit, myn al, dy ’k flústrjend neam,
Myn skat, dû biste in Walhalla’s keningsdream!
o Friske, alles woe ’k dy jern ta ’n offer bringe!
Oererfde affaerswirden koe ’k út ’t hert forkringe,
Om ljeafde for in fijansbern in plak to jaen,
Die ’k net genôch? O siz, koe ’k mear en better dwaen?
Selst for gjin tsjinstuit scoe ’k myn ljeafde slûpe litte,
Hwat koe dyn byld forwiskje? Ho scoe ’k dy forjitte?
Ik off’re ’t al en d’ achting for my sels it lêst,
Dat ’s as in wicht—’t binimt my libbenslok en rêst!
Mar ’k bin in man en ’k wit ek as in man to lijen,
Oerdwealsk en jong ha ’k sjidde en mean nou ’t ûnder swijen,
Jimm’ sulversichte giet ek oer myn libbenslân,
Slach goaden, Harald! Mar rjuchtfeardich wêz’ jimm’ hân!”
Ien bûrrelweachje—ien sucht.... Foarby, sa seit in mûle,
In swird fen ieuwenrom duts ek forjittenskûle,
As ’t takomstbyld, dat for de geest mar wêzen hie,
Seach hy bidrukt nou ’t lot, dat for him weilein wie!
En flúst’rjend kaem in lûd út fiere, fiere fierte,
Eft Odin—rjucht en steech—in minske gyng tomjitte,
Dy-t wêze woe s’ as hy en greatsk yn ’t Noardlân blonk,
Dy-t nei ’t folmakke dygrjend bûgde for it ûnk!
Hwat flústert sêft it beamt’? Hwat trillet yn ’e twigen?
Hwat draegt de twirre mei, der ’t nuddelhout for niget?
Hwat driûwt dy in trien yn ’t each? Ribosking troch de lea?
Hear Harald ’t goadenwird! en swij dan yn dyn wea!!
„Fornim, o minskesoan, dy-t greatsk in kroane doarst to rissen,
Fornim, o skroedsje yn kreft, ho hird it is, in lok to missen,
Dat ’t hearlikst is fen ’t al, hwat ik de stjerling tabitocht,
Hwermei ’k him fier fen d’ ierd’ (hy, dy-t it ûnbirik’bre socht,)
Dat oard ek efkes skôgje liet—mei ’n each, troch lij’n fortsjustre,
Mei ’n omskot, Harald, bûge yn smert en ’t hert, yn ’t wea forbjustre,
Hy mochte it sjen, mar nea bisitte! Dat ’s it minskelot,
Hird, wreed, mar ivich wier: syn leauwing is syn skat!
Hy leauwde it wis: dy dei fen lok scoe dochs for him ek komme,
Dat wie syn treast yn ’t leed, as ’n widzeliet joech ’t herte slomme;
Dat ’s lot fen al de measten! Inklen dochs—dat binn’ myn bern,
Ik kûsterje mei ginst hjar jimmer—’k wol hjar lokkich sjen!
Dû wieste ien fen hjar! Stamhâlder fen in greate namme,
Untfâlde blossom oan in twiichje fen in âlde stamme;
Ik ljeave dy! Myn eagen wekken oer dy jimmeroan,
S’ as memmeëagen wekje oer ’e slomme fen hjar soan!
Ik seine dy! Macht—eare en rom, dy ha ’k dy rjue taparte,
Dyn jonkheit kroane, Harald, goadenskient’ en boartet
It lok op ierde ea yn ’t blomt’, dat jonge hollen tooit,
Dan wiestû ’t lokkich bern, dat selst it lok ta bliûwen trooid’.
„En dû, dû koeste my!—myn seine koest forjitte,
Mei d’ eigen hân en fiem woest ’t libbenspaed ôfmjitte,
En sljuchtsje nei dyn sin, do ’t der in tsjinstuit kaem?
It slagge dy! Ik joech, mar ’k ha ’t wer ta my naem!
Nou scil ’k dy slaen mei boete, lange, lange dagen,
In kening, dy-t himsels forjit, hat ’n skild to dragen,
In minsk, dy-t sounet, wachtet stees de straf for ’t kwea,
Hy drage it hierrich fel ef ’t poarper om ’e lea!
„’k Siz ’t dy: ienkear scil ’t goud fen ’t simmernôt noch rûzje,
Noch ienkear scil de hjerstwyn oer ’e fjorden strûzje,
Dan ’s al dyn lok forflein! Dan slûpt yn ienlikheit,
Dyn libben foart nei ’n ein, dy-t yn ’e fierte leit.
„Dat is dyn straf! ’k Ha jown en ’k nim, hwent ’t is bislisse,
Birêst en jow dy del, dochs—tikje scil ’t gewisse.
Sa faek as ’t noch hjar sjochst, hjar rein en blauwjend each,
Hweryn dyn herte iens syn himel daegjen seach!”
De wûndre stimme swijde en yn birêsting bûge
In kening nei de groun. Hwat koe him mear fornûge,
Nou ’t hy syn djûrst bisit sa ringen misse moast,
Syn lok forfleanen seach en ’t net to hâlden doarst’?
Wie ’t lijen net genôch? Moast nou ’t alear ûntweitsje,
Woe Odin wounen slaen, dy-t djipst fen ’t herte reitsje,
En tsjoende tûzenkleurich hy wer ’n lok for ’t each,
Hwaens oantins toeve, selst as ’t mei in Hjoed forfleach?
Hy tochte om ’t stille fjild oan fiere, fiere strânnen,
Om ’t plakje groun, dat streamen sulverich omrânnen,
Hwer hy hjar mette! Hjar, syn lok! syn jonkheitsdream!
O sill’ge ûre! stil foarbyflein by dy djippe miedlânsstream!
Der stie de Tiid en wachte op hjar, dy t lokkich wierne,
For hwa ’t gjin kroan en lân, mar ljeafde en nocht bistiene,
O triljend herte, langstme wach! Dat wie dyn nije moarn!
It greâtste lok, dat hearde by de greate Noarmanssoan!
Hwat ’s wreder wol, as yn it ûnk om ’t lok to tînzen,
Om alles, iens yn blider tiid mei nocht ûntfinze,
En nou foarby, sa’s eltse dei forsinkt yn ’t jierrengrêf,
Sa’s eltse laeits forsjillet, eltse blossom fallet êf!
Foarby om ’t dan to missen, dat yen ’t lok op ierde,
Yen alles! alles! wie! Yen hûs mei ’t antlit sierde,
Yen herte mei hjar ljeafde, ’t libben kroane mei hjar trou,
In ljeaflik bern yn ûnskild yet en d’ingel yn in frou!
Forwart net d’âlde beam, om blossoms to bihâlden,
Him tsjin de wyn as hjar, de bledtsjes sêft ûntfâlden,
En ’t teare gêrske ’m net, dat jerne fjirder wreidsje wol,
Him tsjin de rein, dy ’t stjelpich falt en spielt de riltsjes fol?
En scoe dy kening dan gjin kreften habbe kinne,
Om ’t goadenwird to niet to dwaen? Hy moast it winne!
Moast hjar bihâlde, hwent mei hjar wie al syn wille ek wei,
Syn libben dan? In swiere reis, in tsjustre winterdei.
Mar dochs: o ’t waerd’ him droef to moed, syn kreft wie brutsen,
Yn ’t gouden netwirk wie nou ’n inkle skeakel brutsen,
Sa stevich oaninoar smeid troch macht en rom en ear,
Dochs nietich minskewirk—hwat spinrêch en neat mear!
Syn foetten koene skraech him nei de lichten drage,
Der wachte Friske op him, mar sûnder wird ef klage,
Hy kaem—in stille man—dizz’ leechlânsgong wie swier,
Hy kaem, mar mei de sulversnie fen smert op ’t blonde hier!