Harald song:
„Swij skald! Ik wol yet ienris sels it spylark aeije,
Sa griis ik bin, ’k forgeat myn gouden lokstiid net!
Myn sulverhier, myn jeld is yet ta sang biredt!
Lit sêftbistjûrd de snaren ienkear ’t lok wer paeije,
En ’t widzje sa mei noaten ’t rêstleas hert yn slom,
Myn each sjocht klear—’t alear komt hearliker werom,
De wolkens skate hjar—de sinne bringt my ’t lêst
Hjar gouden ljocht—hja ropt my ta in iv’ge rêst!
Swij brûzjende weagen! Swij sûzjende wyn!
Jimm’ ivige warbren fol ûnrêst: byn yn!
Ik toevje oan jimm’ iggen by ’t sinkende ljocht,
Dat weitsjend fol langstme noch ’t Westen omtsjocht,
Ik toevje oan jimm’ iggen mei haedstaf en kroan,
’k Bin Harald, de romrofte in Noardlânske soan.
De macht en ’e romme, dy knibb’lje foar my;
In libben fol seine giet stadich foarby;
Ik sjoch it yet ienris mei ’n trien yn it each,
Ho moai en ho koart wie ’t, ho ringen ’t forfleach!
As ’n stipke yn it alrûmt, as ’n syke yn it neat!
In stjer, dy-t fol ljocht oan it loftblau forskeat!
Sá lyts en sá nietich myn hiele bistean,
Sá wif en sá flechtich myn toevjen en gean!
De dagen fen wille—hja binn’ my ûnttein,
Ik woe se bihâlde—en ’k joech se mei lij’n.
It keninklik bloed wie ’t, dat fit’re my oan,
’k Wie berne ta hearskjen—ik longre op ’e kroan;
Myn macht en myn eare, dat brocht m’yn ’e sûs,
Ik joech for wrâldsromme ’t ljeaf-âlderlik hûs.
’k Wie jong en oermoedich, oerdwealsk yn ’t bigear,
Ik krige, hwat ’k winske en noch—winske ik mear!
Ik wist, bloeijend blomte, dat geure op myn wei,
Ik tepte ’t al boartsjend en dingle it wer wei;
’t Al, hwat ús fornûget en haegje sims kin,
Der mocht ik fen preauwe mei hert en mei sin.
Dos foun ik it lok sa, it seldsume goed?
Dos swijde myn langstme for ’t lokkige Hjoed?
Dos sierde ik mei blomte myn jonkheit en jeld?
En waerde sa ’t lok my rjue-seinjend tateld?
Né sei! hwent myn dagen, hja fleagen foarby,
Hja brochten, hwat ’k dreame, mar dochs liet it my,
De rom en ’e eare, it wrâldske bisit,
Sa kâld as it alles, dat mines nou hjit.
Myn herte bleau ienlik yn ’t feestlik gegei,
Myn herte, dat treure by ’t lok, dat de dei
M’ ûnthjitte, dat tel al de joune my brocht,
Ik winske in dreambyld! Ik winske it ljocht!
’t Breedplooierich sulver fen romme is kâld,
’t Omseame myn mantel, mar joech my gjin hâld,
It herte, dat frege fen ’t libben yet mear,
Swijt longerjend langstme for macht en for ear!
Der binne dagen yn ús libben, der w’ om tinke,
As lang al ’t lêste spoar yn ’t sânglês útwiske is,
As lang alwer in nije moarntiid berne is,
Dan binn’ s’ as stille frjeonen, dy-t fen fierrens winke,
Hwerfen eltse ûre in lok—elts wird in seine wie,
Do-t hert op ierd’ ’t Walhalla skôge hie!
De tiid forfljocht to rêd; selst ’t hechtste scil foroarje,
Wy bouwe op rotsen lok en hoop—stil ’t brôzelt ôf,
Wy gearje in libben lang en hâlde—in hânfol stôf,
In deiblom is de rom! In twiljocht is de gloarje!
Mar ’t heechste lok, dat ’t tichtst by minskeëagen leit,
Dat ’s ljeafde! Goadenginst en ierdske sillichheit!
Hja wie net stoarn! Hja libbe en wie for my orneare!
O snaertúch, hwerom is dyn millodij sa kâld?
Is ’t, dat gjin noatenliet ea ’t lok bynefter hâldt?
Moat alles dan forgean, hwernei wy hoopjend heare
Yn ’t libben? Hwat ús each, ús herte in loksbyld wie?
Is alles dan in dream, dy-t mar yn tinzen wêzen hie?
Hja wie net stoarn! O ûre, sillich boppe mjitte,
O lok, sa ’s ’k wol mei jierren smert bilije woe,
Do ’k for it earst hjar hearlik lûd wer heare koe!
Wol fyftichris kaem ’t jier en gyng, mar dit forjitte,
De sillichheit, dy-t do der brûze troch myn hert,
Hwât komt en hwât forgiet, mar dit forjit ik net!
’k Sjoch noch ús skip, út ’t dreechste kerl fen ’t skrouske Noarden,
Formearre ta ’n greatsk driûwend keningshûs. It stjûr
Wiist steech nei ’n tsjustre boskenigg’ fen ’t fjordlân oer;
Skald Olaf sjongt de sangen fen dy heitlânsboarden,
Fen Noardslâns trou en frijdom, dy-t gjin twang ea let,
Dy toan wie ’t hwer hjar hert him slomjend tsjin forsett’.
’t Waerd’ wekker út syn rêst, dy-t nei de deasliep aerde,
Hja riisde oerein en rôp: „Hwer ’s frijdom, siz it my!
„By ’n Noar, dy-t tsjin in Fries bilies jaen moaste? Swij!!
„Hwerom noch net de tsjustre oergongswei bipade,
„Hwerom in stjerrensnacht, mar dochs in nije moarn?
„Ik tantsje om ’t andert jimme, greate fryske goan!
”Mar ’k wit ek wol, hwat minsk scill jimm’ geheimen kenne?
„De greatste geest stiet for jimm’ wûndre riedsels stil,
„Tinkt—leauwt—mar wit nea ’t lot, dat sines wêze scil!
„Hwa seach ea ’t warber wiel, hwer jimm’ ús lotstried spinne?
„Bigjinnend oan in widze en eindsjend by in grêf?
„Hwa tepte alwittends blomme sûnder straffe êf?
„’k Birêst en ’k swij. ’k Moat nou for jimmer ’n frjemdling folgje,
„Myn foarlân is ’t—d’ oerwoáne, fongen, wirdt slavin,
„Seit ’t wrede folkenrjucht en ’k wit, der ’s gjin forwin,
„It kriichsgewoel scil ’t wird fen myn bistean forswolgje;
„De presteres is stoarn—de slavin libbet foart,
„As ’n sifer yn it tal, as ’n fijans roave gûd!”
Ik hie hjar ljeaf! Hwa trillet dan net by de triennen,
Dy-t pearlje yn sinnige eagen as de maitiids-dau?
As ’t djûrste yen op ierde snokt yn djippe rou?
Hwa telt biswieren dan, dy-t for ’t forstân bistiene?
It herte sprekt, al ’t oare is by dizz’ stimme stil,
Ik wist myn lot en ek, ho-t hjarres wêze scil!
’k Gyng stean op ’t skip. As wachters riisden al myn trouwen,
Oerein ek, ’t blanke kriichsswird yn ’e rjuchterhân,
En steech en earnstich wiisde ik ’t oer nei ’t heitelân,
Dat foar ús lei s’ as ’n driûwtil, fen ’e rein bidauwe,
Ik swarde by myn swird: „Sa wier as ’k selme bin,
„Wirdst dû Friesinne mines! dû wirdst keningin!
„Ik swar ’t by Odin’s each, dat ivich warber wêze
„En wekje scil en sjen, hwat ’t minskdom stil bidriûwt,
„’k Swar ’t by de sinnewein, dy-t moarns it East bikliûwt,
„’k Swar ’t by myn keningswird, dat nimmen kin bilêze
„Ef docht to niete, by, hwat ’k ljeavje op dizze wrâld,
„De straffe folgje my, hwennear ’k dizz’ eed net hâld!”
Sa sei ’k en al de gloed fen ’s libbens moaijste jierren,
Fen jonkheitshoop strield’ út myn eagen—lei ’k yn ’t wird;
Hja gyng tel ek oerein, sei kâld biredt en hird:
„„Noar, hear nei my! Al moat ’k yet lang mei grize hierren,
„„Myn lot biskrieme, ’k scil dat ljeaver yette dwaen,
„„As oan myn broer syn moardner ’t binend wird to jaen.””
Dat wie hjar andert en wer twisken al myn trouwen,
Swarde ik in djûre eed: „Hjir is ’t affaren pân,
„Myn keningsswird—nea droech ’t in oare as Noarenhân,
„It is in swird fen macht, fen rom en fen bitrouwen!
„Hear dos! Ik swar hjirby, dat ik it nea yet wie,
„Dyt immen fen dyn sibskip ea nei ’t libben stie!
„Ik ljeavje dy! Wist presteresse, dat dizz’ wirden,
„In lok op ierde jowe ef jimmeroane smert?
„Dû hast oerib’le moaijens—mar hast ek in hert?
„Dan fielstû, ho-t in man, lang yn ’t gefaer bihirde,
„Lang wend oan macht en ear—dochs trillet by it sjen,
„Fen dy, foarstinne yn skient, in dream, dy-t d’ eagen sjen!
„Ik ljeavje dy! O wotte dû myn alles wêze?
„Myn ’s libbenssinneskyn—myn kostelikst bisit?
„o Seinje my mei ’n lok, dat net yn dream bistiet!
„Myn lot wol ’t stilkens yn dyn kleare eagen lêze,
„Wjerspeeglje hja myn hoop ef myn takomstich wea,
„Ik liz der my by del—mar ik forjit dy nea!
„Kin ea de blossom wer de sinneskyn forjitte,
„Dy him ta libben rôp, syn simmermoai bistean?
„It kleare weachje it paed fen ’t tûzenrisse gean?
„Kin ea in minskehert ’t Walhalla wer forjitte,
„Dat wiûwt mei geurjend blomt—dat grienet foar syn foet,
„Hy, bern fen d’amerij, dochs master fen in Hjoed’!
„Ik ljeavje dy! myn lok, ’k scoe foar dy knibblje kinne,
„In Noar, in machtich kening, nea ta knibbljen wend,
„Dy smeket nou! Hwa hat in bûgjende earn ea kend?
„Mar kin ik oars? Myn herte folget stil syn sinne,
„Syn lok, syn gouden dei, bilibbe en wêzen jown,
As ’t moaijste blomt’, yn Odin’s stille fjilden foun.
„Sa bist! As ’n blomme, dy-t op hill’ge fjilden trillet,
„Der ’t Odin’s each hjar aeijt, Walhalla’s wyn hjar troait,
„Der ’t iv’ge jonkheit hjarres is! Forwiling noait,
„It ljeaflik ûnskildswyt omslûpt; hjar amme nea forsjillet
„En weiwirdt, sa ’s al ’t moaijste op ierd’ forkwynt yn wea,
„Der ’s libben ivich—in forgetten wird de dea!
„O mocht ik dy nei dizze stille fjilden drage!
„Biskut for ’t leed, hwer ’n minske machteleas tsjin stiet,
„Dat stil en droef aloan—dat sulverreagjend giet,
„—As ’n lette hjerstmis-dei mei ’n ûntosizzen klage,
„Oer al de blossoms fen ús hoop, fen ús bigear,
„Hwa sjocht gjin fjilden grien—en net in sichttiid mear?
„Ik ken in rots—steech yn ’e bolderjende weagen,
„Dy stiet—dy bliûwt—in byld is ’t fen myn mânljuestrou,
„Dy-t ’k hâld as kening—lyk as ik hjar ljeavjend jow
„Oan dy—oan dy allinne! Lit dyn bliere eagen
„M’oansjen—my ljeavje—lit dyn mûle sizze ien wird,
„Dat hâld en dat for my dan dead ef ’t libben wirdt!”
Sa bea ’k en seach hjar oan. De kening waerde in minske,
Dy-t jage nei de stjer, dy-t ek for him forskeat,
Dy-t for in blauwjend each syn kroan, syn rom forgeat!
O wûndre tiid, as eltse tinktme en eltse winske,
Mar roundraeit om ien as, mar wintelt yn ien baen,
Hwat kinst it herte in wille en ek in smerte jaen!
„„Dû haste sward by ’t swird,”” bigoan hja. „„’k Leau dyn wirden,
„„’k Leau fen in kening, dat hy wierheit sprekke scil,
„„Ik leau—is ’t lok ef ûnk—it is de goan hjar will’,
„„De presteres scil ’t fijansryk in heit’lân wirde!
„„Hjar foet scil nea wer ’t sompich miedlânspaed bigean,
„„Mar immen wie s’in lok! Dat ’s ’t ljocht fen hjar bistean!
„„Dan ha wy libbe! Meij ús deiskoft koart ek wêze!
„„Forgean’ w’as tsjef, dat boartlik stjûrt in wrede wyn,
„„Ien wierne wy ta lok, syn libbenssinneskyn,
„„Ien ljeave—ien leauwde oan ús, wy meije lokkich wêze!
„„Koart is ús dei, mar moai! Ring komt in libbensjoun,
„„In flinter, ’t dagenbern, hat dan syn hûs wer foun.
„„o Noar, scil ’t wijde keningsbern fen d’ienlikheden,
„„Nou ljeafde kenne, dy forsinzjend sterke macht?
„„Dy driûwer fen ’e wrâld, dy ’n minsk syn sinneljacht?
„„En dan troch ’n fijan, dy-t forbâlle wille en frede?
„„o Noar, dyn ljeafde is great, dyn lôge omwâllet my,
„„Myn herte lûkt nei dy—en hate moat ik dy?
„„Omdoch! omdoch! Dat kin ik nou net mear! Trochtrillet
„„In wûndre ljeafdegloed myn hiele wezen net?
„„’k Untweitsje nou ta lok! Gjin drôge is ’t, dy-t my let!
„„Dizz’ macht is sterk! Al ’t oar, myn lân, myn folk forsjillet
„„Yn ’t fier forline en forwar, ik kin ’t net mear,
„„De ketten wirde in kroan! De ljeafste is myn hear!””
Sa sei hja sêft. Us beider lot wie nou forstringle,
Yn ien, yn ’n fêste en ûnforbrekbre trouwebân,
Hja ljeave in fijan, folge him nei ’t frjemde lân!
Myn lok, myn lok! folmakke wie ’t. Gjin alsem mingle
Tomûk in wreekjend goadeneach deryn. Myn dei
Wie hearlik berne! ’t Paed in gouden keningswei!