IV.

Ald Olaf swijde, mar de jounwyn song fen fjirren,

En lûder song de sé by ’t kommen fen it tij....

En Harald harke, wylt de joun oer d’ierde slûpte,

En mymrjend oer ’t alear gyng ’t libben him foarby....

„Sjong skald noch ienris! As it jounrea ’t fiere Westen,

Bipoarp’rje ’t liet myn dei, dy-t ek syn Westen heth,

’k Hear ’t sjongen fen ’e sé, ’t oanbrûzjen fen ’e stoarmen,

Dit is de nacht, hwer ’n kening berne yn wirdt ef stjert!”

Ald Olaf tokk’le ’t snaerwirk—as in klage út fiere fierte,

Sa rûze it oan troch ’t jimmergriene Noardlânsbeamt....

„Ienkear scoe ’t weagjend goud fen ’t simmernôt yet rûzje,

Noch ienkear scoe de hjerstwyn oer de fjorden strûzje,

En ek, dy dei, dy kaem, mei al syn moai en hearlikheit,

Sa stil—sa stil, krekt as natuer nou sêft to dodzjen lei,

En dreamjend boartlik fen in hispel sulvertriedden woelle,

It twirke yn smûke herntsjes ’t gouden lof opstoelle,

Ta’n bêd for ’t warr’ge krûd en blomt, dat him nei ’t slomjen jowt,

Ta ’n hinnekleed, hwerop de dau mei peareldrippen rouwt,

Sêft om ’e bôge skouders fen ’e grize hjersttiid fâlde,

Dy-t ryklikst joech, homear syn omskot en syn dei forâlde,

Ynkrompen troch it staed’ger riden fen ’e sinnewein,

De lêste jeft fen d’âlderdom foar ’n sêfte, sêfte ein!

De sé wie stil.... d’ ûnteamb’re wûnderfrjemde sangen flúst’re,

Yn ’t stilste tiidskoft, as it al fen sêft fortiigjen lústre,

—It geurjend krûd—it ritsljend leaf—it kleurich bloeijend blomt,

Dat húvert for ’t onsjenbre, dat dochs slûpend neijer komt!

Hwat is ’t for wûndre macht, dy-t strúnt op sêfte soalen,

Troch ’t weagjend flues fen sulverdizigens forhoalen,

Oer d’ ierd’, dy-t troaijt de poarp’ren fruchten fen ’e twiichjes ôf,

De bern hjar skat en ’s húsmanswille yn ’t elze-ommantle hôf?

Hja komt sa stil—mei bleker sinneskyn—mei moaijer kleuren,

De lêste blom fordreamet yn hjar swietste blossomgeuren,

Hja ’s heal ûntfâlde en wei.... forgien ’t biwyske gloeiend rea,

Hja fâldt it kroantsje gear.... hja fielt de dodze foar de dea!

O stille dagenrige, fen gjin twirre ef sigen droegen,

Foarbijegliden as in oantins, dy-t de sinnestrielen joegen,

De gouden kroan, dy-t heart by greatske majesteit,

De bleke glâns, dy-t mar in koart bistean foarseit!

Op ’t griene pôltsje yn ’t skaed fen beamte, rûch fen ieûwen,

Siet Friske mei hjar soan. De sé bigoan to kliûwen,

En reaunte dreamlok-flústrjend oer it sljuchte sân,

Mei grillich bochtsjen kringend fier yn ’t Noardske lân,

It lân fen Harald, dy-t der stie, yn ’t beamte heal forside,

En seach nei hjar, nei ’t golvich hier, sêft spinsters gouden side,

Sa ’s yn ’e stilste nachttiid elfkes troch de fingers glydt,

As op hjar sulvren wein de moanne oer ’t tsjuster nachtlân rydt;

Nei ’t blauwjend eachpear, hwer ’e reinste glâns fen trouwe yn lei,

Sêftskitt’rjend as oan ’t loftblau jouns de ljochte himelwei,

In hearlik byld, yet troch gjin syktme skeind, gjin leed bistoarn,

Syn djûrste skat, syn al! Troch him ta mem kroand fen in soan!

Syn soan! en Harald fielt, ho bliid syn herte trillet,

Syn soan! dat is in klank, hwer alles by forsjillet!

Syn rom en eare leit hy foar in roeikjend widzke del,

En d’earste trien sont jierren dript op ’t brúne kriichsmansfel!

Hy ’s kening en hy ’s heit! In lok, dat d’earmste barre meij,

Dat leine ek de goan for him, de greate hearsker wei!

Syn seine is hast to great! Hy sjocht in takomst blinken,

Sa hearlik, nigetfol! Al ’t droeve moat forsinke,

As hie ’t nea west! ’t Is alles moaijer, oars en nij,

Hy kin wer hoopje! Is it lijen net foarby?

Blau-eachjes laitsje ’m oan—syn eigen, ynljeaf bern,

Der kin hy sels him yn en ek.... in Takomst sjen....

Hy, ’n âlde iik, dy-t stadichoan nei ’t ôfgean bûget,

Syn bern in frisse loat, dy-t hert en sin fornûget!

—In dream!—Sa kin allinne in âlderhert mar dreame,

Sa fol swietlûdich flústrjen mar de namme neame

Fen ’t bern, dat him sa nei oan ’t herte leit,

Dat ’s âlderlok—dat ’s âldersillichheit!

„Hark, reauntsjend sjongt de sé!” sei Friske, wylt hjar eagen

Fol langstme dyg’ren oer de sulverfâlde weagen,

„Hy bringt d’âld sizkes fen myn heitelân wer oan,””

„„Hwerom al long’rjende dyn libben dochs bidoarn?””

Seist Harald stoef. „„Hwerom in trien dyn each bidauwe?

„„Myn ljeafde is yet diselde en ivich is myn trouwe,

„„Dat wiste. Hast hjir net in heitelân wer foun?

„„Hat goadenginst en macht dy nou net alles jown?””

„’t Is Baduhenna’s dei! Dan krink’le oars de lôge,

„Fen ’t hillich fjûr by ’t offerplak; dan biddend skôge

„De presteres by ’t kommen fen ’e hjersttiidsnacht,

„’t Bywêzen fen ’e Heechste, omstriele fen it ljacht!”

Sa flústre Friske droef. „’t Reagouden bled, dat gloeiit,

„’t Letrypjend nôt as do wer oer de hege ikkers djoeiit,

„Al ’t selde, mar dochs oars! Yn ’t hert m’ in langstme wâllet,

„In langstme, droef en moai, dy-t al myn fré forbâllet!...

„Hwat lûd is ’t, dat nou trillet oer ’e heitlânsstrânnen,

„Oer ’t ljeaflik widzjend plûmt fen lege fryske lânnen?

„In kreet fen rouw op Baduhenna’s hege dei!

„Hwent hwa’s in treaster en hwer treastet hy dan mei?

„O lit my gean! Myn folk syn rou moat mines wêze!

„Yet ienkear wol ’k yn ’t greate boek fen Takomst lêze,

„Oan d’ igge fen dy stream, dy hill’ge leechlânsstream,

„Myn ljeafst fortoef dochs yet yn mennich swiete dream!

„o Harald! ’k moat derhinne! ’k Hear yn ’t wûndre twirreflústrjen,

„Dat komt oer ’t wetter, krekt as geestenstimmen flústrje,

„Fen trouwe, ienkear sward, dy-t nea forgetten wirdt,

„As by de dead, by ’t ier forbrutsen kriichsmansswird!”

„„Stil Friske, stil! De wyn, dy sûzet troch de spjirren,

„„Dat ’s alles en dat ’s neat! De sé, dy sjongt fen fjirren,

„„Dû bist by my, myn lok! Myn earm biskuttet dy,

„„As ’t djûrste, hwat ik ha, o bliûw dan ek by my!

„„Dû kinst net gean! It âlde scoe wer lûder sprekke,

„„Mei hertetael, ien wird scoe ’t djûre hjir forbrekke,

„„Der bine bânnen dy, hwent haste net in soan?

„„En is myn ljeafde neat? In Noardske keningskroan?

„„Hwat jowt in keningskroan, as hjar gjin blomte sieret,

„„En hwat it heechste op ierd’, as ljeafde der net tieret?

„„Né Friske, by myn ljeafde, swar ’k dy: bliûw by my,

„„Hwat ’s ’t libben sûnder lok? en dat, dat bist for my!

„„Dû bliûwst!”” „Ik kin net,” andre hja, „’k moat dy trotseare,

„Net om ’e nocht moat ’k stees dy swiete lokstim heare,

„De trouweleaze stjert, seit Baduhenna’s wet,

„En partest my dat ta, dan Harald—hast gjin hert!”

„„Dû stjerre? Libje moast, salang myn wêzen dûrret,

„„Salang ’t ienselde dead ús hechte bân forskûrret,

„„Nei ’n stille âlderdom, lang-deiskofts-skimerjoun,

„„Dy-t sulver op it hier—en frede yn ’t herte foun.””—

Stil slûpte Friske foart. De kening bleau allinne,

Forweesd yn d’ ienlikheit, stoareage om him hinne,

En suchte húvrjend. Hjoed wie ’t Baduhenna’s dei,

En Odin’s wird forjierre hjoed—it wie de lêste dei....

Diselde nacht stoar Friske. Hie goadinnemacht,

Hjar út de frjemdte roppen nei hjar heitlânsljacht?

Hjar geest de wjukken liend, dy-t oer it ségebrûs,

Nei ’n koart fortoef op ierd’ hjar brocht nei ’t heitehûs?

* * * * *

De lette hjersttiid ware stil om hûs en hear,

Der wie gjin blomt, der wie gjin poarpren fruchte mear,

Gjin inkle fûgelslach glied noch oer ’t slomjend gea,

En húvrich sloech Natuer in treurflues om ’e lea....

Saun stiennen op in hichte, dy wekken by de stream,

Fen ’t great alear yet flústren de weachjes yn ’e dream.

Saun stiennen op in hichte, ’t wie ’t grize hinnekleed,

Saun stienen for in minske, syn libben, ljeafde en leed.

Mar dochs yn heitlânsierde! hwer ’t langstmeweitsjend each,

Jamk drôgjend yet yn wille oer séën hinneteach!

Der riisde ’t grêf fen Friske! Der hie de kening brocht,

To hôve hjar mei rouwe—syn libbenssinneljocht!

De stream dy stjûrt syn weagen, de reiddomp kleit en sucht,

’t Is krekt as for dizz’ stiltme de minskeämme flucht.

De iikbosk is forlitten, hwer Baduhenna hie,

Hjar wente en hjar alter, dat ienkear hjir bistie.

Mar as de sulvren sichte fen ’t moantsje yn ’t Westen leit,

Dan rûst der ’n wûndre amme, dy ropt d’ âld hearlikheit.

De dei fen Baduhenna! De hjersttiid komt mei hjar,

Dan ropt hja al hjar trouwen! Hja hearre en folgje hjar....

Foarop gien’ grize helden, birêstende âlderdom,

Hja striden for de frijheit en stoaren mei de rom!

Dan komt de jongereine mei groeden yn it fel,

Fol greatskens lei de skiednis de griffelpin sa del....

Hja sprekke for hjar selme, dy groeden sûnder mear,

Jamk koft mei ’t jonge libben op ’t reade fjild fen ear.

En einliks komt in âlde yn ’t eale kroanhabyt,

Hwaens foet net oars as sljuerkjend oer ’t roune gêrsfjild glydt.

’t Is Friske’s heit, de kening, yet treurjend om syn bern,

Hy jowt him op yn langstme.... dizz’ dei meij hy se sjen....

De sulvren hierren trilje, de riding yn ’e hân,

Sa rikt hy mei syn staffe, dy wiist oer ’t stille lân....

It iikleaf glânzt yn frissens, de kriik dy geuret der,

Mei al syn folk en helden forriist âld Fryslân wer!

De lôge kliûwt omhegens, in ûntosjenbre hân,

Pûont yn ’e gouden flammen, dy-t ljochtsje oer ’t stille lân.

En sljuerkjend komt dan Friske, in goadenbyld allyk,

Hja nimt werom hjar heitlân, hjar frijdom en hjar ryk!

’t Stoarmfonkfjûr spat en dânset gril op ’e hill’ge stream,

En wûndre stimmen sjonge in noatliet yn ’e dream....

De dei fen Baduhenna! Hja ropt ’t alear werom,

It komt yn ieûwenskimer, moaij s’as in nachteblom!

De hearlikheit herrizet—ien koarte nacht yn ’t jier,

En hwa ’t do wierne, komme, sa stil fen o sa fier!

Dit is wêr d’âlde gloarje, dy skittert om in kroan,

Dit is âld Fryslân, ’t greatske, de ljeafling fen ’e goan!

Sa foun dyn Friske rêste! Sa’s Baduhenna’s dei,

Sa flechtig moai syn wêzen, in dreamskaed oer in wei!

En sêfkes oer ’e stânnen, der sûzt in sucht fen rou,

’t Is ’t klaegliet fen âld Fryslân, it bleau syn berntsje trou!

Foarby, sa reaunt ’t de twirre, foarby, sa sucht de stream,

Hwat is it minskelibben oars as in wûndre dream?....

Saun stiennen op in hichte, dy sjogge oer ’t stille gea,

En alles—alles flústert fen minskeleed en wea....

...................................................

...................................................

„Swij skald, myn hert is sêd fen libben en myn ear fen liet,

„De lêste joun op ierde sjocht nei my mei droeve eagen,

„Mei wûndre sangen lokje my de poarperswiere weagen,

„It is in keningsdeabêd, dat de sé nou blinkjend spriedt,

„Mei goud en flam en der ’t myn Friske op my wachtet,

„O gouden jounstjer, dy ’t myn lêste tsjustre paed biljachtet,

„Ja Friske, ik kom!” Hy hat dat dierber lûd noch ienris heard,

...................................................

Do kaem de nacht, hweryn in kening stjert.

1899 en 1900.

Ruth(#73898) · 第 14 / 53 题