Oer de stille fjilden rôllet it, dof en swier, fierôf as wijde toanen
út in oare wrâld, dan wer tichteby, oanbôzjend ta in ienlûdige sang fen
wémoed....
Oer ’e rûge reidpoellen rûzet it nei de slomjende marren ta, hwer de
mist oerhinne wâllet as in kleed fen birêsting en fier wirdt it wei yn
’e ienlikheit, hwer it lege lân mei syn bleekgoud fen forgettene
raeiplûmmen út ’e weagjende wrâld fen wetters tynt....
Oars is it sa stil, sa stil....
Forheft hjar de wrâld ien amerij út de sleur fen it deiske en rêst hja
yn ien ûre fen neitinken, fen frede? de lêste joun fen it jier, hweryn
al wer safolle leed, safolle lok forflein is yn ien ûneinichheit? Fielt
de natuer dat wachtsjen—as it âlde foarby is en it nije komme scil—en
húvert derom it triljende bledtsje fen ’t ikenstrúwel net mear en swijt
de wyn, dy-t hjoed noch sa onlijich om de hege beammen by ’t klokhûs
rûzde?
Gjin suchtsje glydt oer ’e hagen; gjin lûd wirdt foartdroegen yn ’e
fjirte.... allinne it Sint Thomeslieden droanet dof en swier oer ’e
forlittene fjilden as in ôfskie fen it Alde, as in lêste groet fen de
lêste ûren, dy-t noait weromkomme scille en dy-t nou de swiere klokken
biliede, sa ’s min it in ljeave frjeon docht, dy-t lang toeve en dochs
einliks.... hinnegyng.
En stadichoan wirdt it ljochter efter de smelle krúsfinsters fen it
tsjerkje. De lampen glânzje al op ’e swierkoperen kroanen en by de
útdoar stiet de koster en sjocht it skylpaed lâns, hwa-t de earsten
wêze scille en hy tinkt om sa mennichien, dy-t forline jier ditselde
paedtsje opkaem en nou al lang by ditselde paedtsje rêst en as it
jongfolk tige oangiet, skodhollet hy en giet wer yn ’e tsjerke, hwer hy
de greate klomkachel yetteris oanpuónt.
Nou wirdt it libben op ’e wei.... Hja komme by tropkes: âlde mantsjes,
om ’e ynfallene sliepen noch in inkeld flokje wyt hier, djip dûke de
bienbitige troanjes yn ’e kragen fen ’e buffels wei. Hja binne stil en
tinke om sa mennich Aldejiersdei út hjar lang libben, sa ientoanich yn
itselde doarp foarbygien as in sike, dy-t mei de wyn forfljocht—op
itselde steed, hwer se berne binne en stjerre scille en hja suchtsje,
dat de jierren, dy ’t nou noch komme kinne, tajefte binne boppe de
mjitte en hja hokje by inoar, dy âlden, as guont dy-t forgetten binne
twisken in jong geslacht, dat hjar wille net ken en hjar leed net mear
begrypt, omt it hjarres net mear is....
Hja sitte yn ’e koarsein op it smoutste plak en tichternôch by de
preekstoel, om hearre to kinnen, hwat domenij fen psalm 144: 4, de
onbirime makket.
In stikmennich jonge fammen binne hjar op hakken en teannen nei. It
binne hjar bernsbern, de genaemten fen beppe, dy-t wer jong wirdt, as
se de roazen bloeijen sjocht op de aerdige troanjes en fielt, dat de
folle fleur fen in jonkheit, dy-t ek ienkear hjarres wie, nij-bilibbet
yn hjar tredde geslacht. Nei tsjerktiid scille se it Aldejier útsitte
by pake en beppe mei boerekofje en oaljekoeken en dan meije inkelen fen
dy jonge kloklieders, dy-t hjar wol faker op in Sneintojoun opsiikje,
it paedtsje nei pake ’s ek opdraeije en bringe hjar nei hûs.
Hwat tinke se om Aldejier en syn wémoed? Alle dagen is for hjar
Nijjier, jier fen hope, jier fen wille en miskien bringt dit jier hjar
wol, hwat se yn ’e dreamen winskje en yn wirden net úterje doare en hja
glimkje it nou al tomjitte, wis, dat it neat as wille bringe scil.
Hja ha fêste plakken yn ’e rigels stoellen, hwer hja goed sjen en noch
better sjoen wirde kinne.
Nou rint it aloan en aloan. Eptige boerinnen mei skoudermantels om en
’t breed gouden earizer op, komme mei âlde wyfkes yn ’t fyfskaft, de
kyps oer it smel sulveren earizerke, sa tin, sa tin, mar dochs de
lâns-pronk, dy-t hjar djûr is.
Bysitterske komt it lêste wyfke op ’e side, in krebintich âld sloofke,
for-arbeide, ynein fen it wrakseljen tsjin ’e earmoed, dat al in greate
sauntich jier dûrre hat.
„Hjir Swopk,” flústert hja, „op in lokkich Nijjier,” en triûwt hjar
hwat yn ’e hân, dy-t fen ’e riding trillet as in popelblêd.
„Fen ’t selde, bysitterske, noch lange, lange jierren,” seit it âld
minske mei in dof lûd en ’e omfluesde eagen sjogge nei ’t jong minske
foar hjar op.
Dan lûkt hja hjar wollen tipdoekje hwat fêster om ’e meagere skouders
en komt mei koarte âlde stapkes efter bysitterske oan ta de tsjerke yn.
In fyfskaften pakje hat se oan, himmel en skjin, mar tige skurf op ’e
naden. It is dan ek noch út de fleurige tiid, do-t hjar man yet libbe
en it sims, as it ris in fordielige simmer wie, in inkele goune lije
koe. Sont hy stoarn is, en dat ’s nou tsjien jier lyn, draecht Swopk
gjin nije klean mear.... en o! yn ’t âld kammenet is ’t sa rom, sa
treurige rom waen....
Hja is nou ek to plak, op ’e eindichste bank fen ’e losse sitten. De
foetten siikje mei de klûmskens fen âlde minsken nei de waerme stove,
dy-t se fen hûs meitôge hat oan ’t breed koperen hânsel, en it
tsjerkboek, in erfskip fen oarremem en in femyljeregister mei-ien, leit
se foar hjar del. Fen swier sulver is de heak en pauwefearkes kypje der
ta ’n út.
In inkeld âld wyfke s’ as hja, nikt hjar ris ta en hiel, hiel tomûk
docht Swopk hjar hân efkes iepen om to sjen, hwat bysitterske’s jefte
is.... It fielt sa swier.... mar né, hja doar ’t hast net tinke! Sa ’n
moai eindsjebislút hat it Aldejier net for ’e earmen yn ’e wrâld,
klaget it yn hjar—de ûnderfining fen lange lijen-jierren—de ûnderfining
fen in sa faek kûstere en noch faker bidragene hoop....
En dochs, it is sa.... hja sjocht it mei hjar doffe eagen en stadich
dript der in trien, ien inkele, op de ryksdaelder del. Dat hjar dit
noch barre meij!.... Brânje, iten, waermte, alles bitsjut it stikje
sulver for hjar, sa kâld troch mennich hân gliden, mar nou for in earme
as in sinnestrieltsje op Aldjiersjoun....
En om hjar hinne sûzet it lûd fen domenij, bywilen it oargel, dat it
sjongende folk sleauwei mei lange úthalen en draeijen folget, hja heart
it net, hja is allinne mei hjar selme en hjar lok en stil, hiel stil
bidt se in seine ôf for bysitterske....
Dy is noch sa jong en wol noch sa jerne in bulte fen it libben
forwachtsje mei hjar man en hjar lytse boi en hja sjocht efkes dy kant
út, hwer in alderljeafst jongkje hiel lyts op ien fen ’e
frouljuesstoellen sit en syn mem o sa tige oankrûpt en hwaens eachjes
sa nou en dan yn in dodze sêfkes ticht giene as fen in lyts fûgeltsje
ûnder memme wjuk....
En hjar eigen bern komme hjar yn ’t sin, do-t se ek noch sa lyts
wierne. Jan, hjar âldste mei syn ljochte kroltsjes en syn
ondogensheit—hwat lei hy hjar nei oan ’t herte! en dan Sije mei syn
stil wezen en skrandere holle, sa stoef en dochs heite ljeafling en
dan.... dan kaem der oars in famke, as in ingelke sa moai mar ek as in
ingelke sa tear.
Hja hiene hjar nei ’t tsjerkhôf bringen moatten op in stille Maeijedei,
wylt alles bloeide en geure en ’t minskeherte it hast net leauwe kin,
dat er noch in dea om him hinne waret. O dy lange nachten by ’t bêd, dy
koe se noait wer forjitte!
De fjirde yn tal hie wer in famke wêst, mar swak en mei in biheind
foetsje, in lijerke, yn earmoed berne en yn earmoed opfokke.
Nou wierne hja allegear al lang great, troud en hiene sels alwer in
húshâlding opset mei diselde soargen en diselde takomst as heit en mem
en pake en beppe foar hjar.... en for mem, Swopk mei de koerren, skeat
net folle mear oer as in frjeonlik wirdke ef in pear kwartsjes, as hy
yn ’t fortsjinst wie, fen ’e âldste soan, sûkereistamper op ’t fabryk.
De twadde hie ’t ta ûndermaster brocht mei fiifhûndert-fyftich goune en
dêr wie ’t ek altyd skrabjen om ’e kant en it famke wie troud oan in
skoenmakker, dy-t gjin stân gripe woe. Dat hie se hjar tige nei naem;
earst hwat omtsjirmje, tarring, seine de minsken en do wie der in
twadde grêf op it tsjerkhôf kaem, sûnder stientsje, sûnder pealtsje,
mar it âlderherte forgeat it nea, hwer dat syn ljeafsten slommen.
Sa hie ’t yn ’t foarige wêst, do sieten de bern ek noch om hjar hinne
Aldjiersjoun en mem yn ’t foarmidden, jeuchlik en woltomoet, al wie
elkmis part en diel sims al hwat skrael bimetten en al moast it mei
bodsjen en skoerren helle wirde, en nou.... âld en allinne!
....Och, it Nijejier komt, maar Swopk sjocht der net sa mei langstme
nei út, as jonge minsken dat dogge. Hja is warrich—hjar libbenswei hat
lang en swier west. De blommen fen in âlderdom bloeije allinne mar mear
yn ’t forline.... Hja rekkenje mei in Hjoed, hwent in Takomst, sa’s de
jonkheit dy ken, mei al hjar dreamen, hjar winsken, hjar wramen, hjar
wachtsjen, dy ha se al lang bilibbe en forlibbe. Dy heart by in
bluisterige jonkheit, mar net mear by ’t sulverhier, dat is der to
wirdich ta en ’t herte is dêrfor fierst to earnstich waen.
Alde Swopk heart domenij yn ’e stúdzje wei Amen sizzen, hja giet oerein
mei de oaren en hâldt nou de ryksdaelder noch steviger yn ’e ronflige
hân. In koaltsje, in pantsjefol kofje mei in sûkerslak, in nije bûnt
skelk en in tipdoek mei boltsje-franjes, fjirder giene hjar bigearten
net.... en hja húvert ûnder hjar tin tipdoekje, hwer wol alle gatsjes
kreas yn stoppe binne troch in bernsbern, mar âlde minsken binne
waermte brek.
It waer slacht damp oan; swier en tsjok hinget de mist twisken de âlde
beammen, dy-t om it hôf stiene mei syn âld klokhûs en ienfâldich
tsjerkje en elkmis jowt him hastich ôf nei hûs, nei in waerrne hird,
nei syn migen.
Swopk giet it paedtsje del by de posterij lâns, op in lyts húske
oan.... ien fen ’e earmfâlden. Hja wennet dêr om ’e nocht, mar oars kin
hja hjar sels noch bidrippe mei bolkoerrinnen en boadskip-dwaen. Hja is
ien út it rjuchte laech—der sit kriich yn.
Hja kriget de kaei ûnder it tek wei en docht de doar op en fielt by de
mûrren lâns, om it lytse tútlampke to finen, dat se mei knoffelige
hânnen opstekt. In skimerich ljocht trillet nou oer ’e keamer, falt op
it brúne bedsket mei syn koarte bêdsdoarkes, krûpt mei ljochtplakjes
oer ’e reade stiennen flier, kreas mei sân yndweile en twiljochtet oer
hjar antlit, hwer ljocht en skaed op leit as op in âld skilderij. It
fel sit fol fâldtsjes; it is net gled mear, mar rûpsk, as fen immen,
dy-t yn ’t lijen sit en suchtsjend fielt âlde Swopk, ho ’t hjar bywilen
al de kreften bijaen wolle, ho-t se himet en pûst fen in lyts eindsje
gean.... De âlde dei, tinkt hja dan fol birêsting en wachtet dan salang
by in pealtsje ef hikke, dat it wer hwat bikomt.
Hja makket hwat kofje ré yn ’t readkrite tsjetteltsje en leit de
ryksdaelder op ’e tafel del, dat se him aloan foar eagen hat en sims
moat se der ris efkes oerhinne fiele mei in loddrige streaking fen ’e
âlde ridige hânnen. En hja telt yn hjar tinzen nei, hofolle turf as se
dêr wol net for helje kin. As in sparpotsje scil ’t wêze, sa nou en dan
ris hwat fen brûke en miskien kin hja for hjar ginaemd, Swopk fen Jan
en dy, der noch wol in skelkje fen útsúnigje en sont lange, lange
tiiden leit der wer in glimke op hjar bienbitich antlit, dat it libben
sa ’n bytsje glimkes brocht hat.
En sa ’s hja it Aldejiersjoun wend is—nou al njuggen jier, fen ’t
earste jier ôf, do-t hjar man forstoar, giet hja nei ’t kammenet ta,
hellet der in knipke út en skoddet it oer de tafel.... Gounen,
kwartsjes, dûbbeltsjes en selst stûrkes rôlje oer ’e tafel en elkmis
wirdt bifield en op rychjes lein neist inoar, fjouwer ryksdaelders
boppeoan, frjemd en glânzich as hearre se hjir net thús by de earmoed.
O hwat wit Swopk it noch goed, it earste oerfortsjinne jild sont hjar
manne dea, as húshâldster deis by Pier Pijjes jonges! Acht wike hat se
dêr tahâlden; do ha se in jongfaem naem, dy wie hwat flugger en
hânsumer, mienden hja en wrachtsjes, letter wie ien fen dy âlde knapen
der noch mei troud!
En dan dy kwartsjes en dûbbeltsjes!... Faek hat hja it út de mûle
bilije moatten en swiere suchten binne der om forbrutsen, as ’s yn ’t
knipke weiwaerden en hja se dochs sa breanedich brûke moast! En nou al
sont njuggen jier is dat sa gien, do-t de rige op it hôf alwer greater
en it omsittend laech alwer lytser waerde.... En hja telt.... hja telt
salang en sa faek, dat hjar âlde eagen der sear fen dogge—mar it tal
wirdt net fol en hja sjocht hjar warrich op dat plakje, dat iepene
plakje, dat hjar wreed oangniist en alwer safolle ûntsizzing, safolle
lijen wekker ropt. Hwat scil hja noch sparje moatte, ear ’t dy lêste
goune, dat lêste stûrke der is!
En for ’t earst fielt se de moedeleazens yn hjar libben. d’ Ald foetten
bijowe hjar—hja wirdt sa swak, sa swak en noch is hja net ré....
En as in dreambyld omwjukt hjar de tinze, hwer hja nou al safolle
jierren for skript en om lit hat: sa ’n stille rige fen fjouwer grêven
op ien en diselde ikker, hwer lange gêrsraeijen wémoedich oerhinne
waeije scille en in sêftoanrûzjende miedlânswyn reauntet fen frede. En
it eindichste scil hjarres wêze, fen eigen oergearre jild bitelle as it
ienichste, dat hja op ’e wrâld hjar eigen neame kin.... Dy tinze hat
hjar oanfitere, al dy jierren, dy-t kamen en gyngen, sont hja for hjar
man, mei ’t lêste jild dat hja hie, in grêf koft neist hjar famkes—en
nou noch in bytsje, in pear goune en dan scil hjar dat ek barre meije!
Gjin fâlden litte hjar dan mar sa bidobje yn in efterôfherntsje, né,
alles scil wêze ’s as by de geseten ljue, en al is hja mar Swopk
bolrinder, mei eare en staesje wirdt hja dan dochs nei hjar lêste hûs
tadroegen.... En stille triennen rinne oer hjar âlde wangen....
Wreed gniist hjar dat lêste lege plakje tomjitte en hja is al sa âld,
sa âld.... Der scille noch dagen en wiken en moannen komme moatte en it
swiere jok mei de bolkoerren scil hja noch faek omhingje, ear ’t it
lêste stûrke oerfortsjinne is.
En der foar hjar glânzet de ryksdaelder, dy-t waermte en iten ûnthjit
en ’t âld wyfke forgappet hjar al op it sjen fen in krinkeljende lôge,
dy-t by de izeren plaet opkrûpe scil.... En dan giet it hjar kâld oer
’e lea, in earmegrêf.... en hja hat hjar in libben lang sa ward....
Ynienen reart hja it jild fen ’e tafel ôf yn ’e skoat mei ’t briefke
derby, hwer hjar lêste bigearte op stiet, sjocht nei de kâlde hird,
dy-t dochs mei dit skrouske waer hast noch gjin fjûr kend hat en hja
ribosket.... for al dy dagen, dy-t miskien noch komme scille, ear ’t
for hjar it Aldejier ek for ’t lêst útlet wirdt....
Dan glydt in siikjende hân noch ienkear oer ’e tafel en mei in inkele
trien falt de ryksdaelder fen bysitterske ek yn ’e skoat....
En bûtendoar der sjitte hja mei los krûd en it jongfolk giet sjongende
wei nei ’t weardshûs ta, om it Aldejier út to sitten en it Nije mei
wille yn to heljen. Hja binne noch lang net ré mei it libben en syn
njue—hja tantsje it om mear, om alles to jaen—salang, krekt salang dat
se sjogge, dat hja ek âld waen binne en it libben om hjar hinnegien
is.... Ien is mar ré.... âlde Swopk bolrinder....
Al de wilskreft, al de kriich bijowt him nou.... der is gjin doel, gjin
libbenswyt mear, dat it bloed noch troch de ieren jeije litte kin. It
is nou foarby....
En as in âlde beam, dy-t troch in lêste twirre falt, bûgt Swopk hjar
warrige lea for in sêfte sliep, dy-t hjar tinzen fordôvet en hjar
lidden forstiivje lit....
En as de Nijjiersdei komt mei safolle blide forwachtings for
mennich-ien, daget dy net mear for in âld wyfke, dat mei in knipke yn
’e hân op in stoel sit to slomjen, de slomme fen ’e dea, hwer hjir gjin
ûntweitsjen wer op folget.
1900.
HARALD DE ROMROFTE
(930 n. Chr.).
Harald, de greate kening fen ’e Noaren, siet yn ’e rûmme seal fen syn
slot, âld fen dagen, sêd fen njue en yette ûnfoldien by alles, hwat de
goaden him taskikt hiene.
Noch fonkele syn each, noch wenne de greate geest fen in ûnforwinbere
yn in ierdsk omskot—mar dat wie ôfmed as in âlde beam, dy-t him warrich
stribbe hat nei de loften ta en nou bûgt nei de groun, hwer in grêf him
wachtet.
Ald Olaf, de keningssjonger mei it swietlûdich bisnare spylark stie
foar him, like âld as hy, like warrich fen it bisjoene libben en it
bisongene lok.
En Harald, de greate kening fen ’e Noaren, tocht om alear.... Lang
forgetten frjeonen groeten him.... fierforsjille wirden en glimkes
rûzen om syn harkjend ear.... alles, hwer do syn jong herte for gloeide
en syn skitterjend each him mei formakke hie, forriisde yetteris,
moaijer as do-t it sines wie, hwent de Tiid hie it de skiente fen in
dream en de glâns fen it oantinken jown.
O ho trille de langstme yn syn âlde herte....! Hie hy it lok fen syn
jonkheit net ynruile for de keningskroan en ’e knibbelfal fen tûzenen,
mar o! hwat helle it dochs by dy dagen fen alear? Alde sangen kamen oer
’e sulvrige fjorden.... hja lokken sa swiet.... sa wûndere swiet....
hja wierne yn it flústerjen fen ’e wyn, dy-t oer ’e spjirren rûsde, yn
it kommen en gean fen ’e weagen.... Dat wierne yette de millodijen fen
syn jonkheit! weromroppe woe hy se, eart de dodze fen ’e dea syn geest
omslûpe scoe en syn omskot foartdroegen waerde yn ’t forlittene
keningsschip nei de bidelte fen ’e skomjende weagen ta, sont ieuwen al
it Noardske keningsgrêf.
En Harald frege Olaf, de skald:
„Sjong, Skald en widzje myn onrêstich hert yn slom!
„Lit sljuerkjende dyn fingers ’t spylark aeije,
„En wol mei sêfter lûd ’t oantinken paeije,
„Jow m’yn forjitten lok, eart ’t sulvrich weageskom
„Fen d’Ocëaen it stjûrleas skip en my for ’t lêste,
„As bolderjend de sé de stoarmwyn kommen heart,
„In nacht, hweryn in kening berne wirdt en stjert,
„Nei ’s libbens rounrin weagjend draegt yn iiv’ge rêste!”
„„O Harald!”” song de skald, „„ropst dû nou ’t lok werom,
„„Mei sulversnie fen âldens op ’e hierren?
„„Mei winterkeald yn ’t herte, dat al jierren
„„Forstive is troch it jeijen nei de wiffe rom?
„„Wit dan: it lok wol mar by jonkheitsmaitiid wêze,
„„As ’t ljeavjend hert noch leauwt, hwat long’rjend ’t each foarseit,
„„As ’t libben noch fen hoop bidauwe, foar ús leit,
„„Dan bloeije ús blommen! Dan lit him it lok bilêze!
„„Nou tilt dyn bôge rêch it sulverstiel net mear,
„„De staf en ’t swird ûntfoelen oan dyn hânnen,
„„Wol krûpt yet ’t warr’ge libben, mar de bânnen,
„„Dy ’t siel en omskot bine, hâlde ’t amp’roan gear;
„„Mei smertefâlden, dy troch ’t leed bipade binne
„„Yn ’t âlde antlit, tinkst om ’t lang forflein alear;
„„Mar hâldst de flecht fen d’earn en nimt de Tiid in kear?
„„Neat bringt dy dagen wer, dy ’t lokkich for ús wierne.””
„Sjong skald en widzje myn onrêstich hert yn slom!
„Lit sljuerkjende dyn fingers ’t spylark aeije,
„En wol mei sêfter lûd ’t oantinken paeije,
„Jow m’yn forjitten lok en rop ’t alear werom!”
Stil wie ’t oeral—selst ’t bledgûd foel net rits’ljend mear,
Dat sêftbistoarn mei hjerstgoud oan strúwellen trille;
De lêste klank fen lûd yn ’t wiid rounom forsjille,
As amme troch de wrâld ien winsk fen fré-bigear!
Skald Olaf tokk’le ’t snaerwirk, song swietlûdich sêft,
Yn ’t rûzjend skaed fen jimmergriene spjirren:
„—Slach út dyn wjukken, geest! en skôgje!
Mjit peiljende de flecht fen jierren ôf!
It sjenderseach scil yn ’t forline dwelmje,
De sjendersgeest ropt libben wer út stôf!
De ljeafste bylden, dy ’t ús iens fornûgen,
Sa koart bisjoen en al salang forflein,
Meij ’t stôf fen jierren ek hjar glâns forwiskje,
Treast wirdt ús jown: ’t oantinken ken gjin ein!
Wy roeiken oer de wiide, ûnmjitbre wetterfjilden,
Fen ’t rotsich Noarderstrân op Fryslân’s iggen oan;
De seilen stiene heech, de riemmen sloegen warber
Oer ’t speeg’lend Wiid en eart de gouden maitiidsmoarn
Noch toalfris ’t wolkgerdyn oprôlle fen syn tinte,
En ’t poarperflammich ljocht de skiere loft bikleau,
’t Bern fen ’e nije dei en tsjoender fen ’e dage,
Do skjirre ús skip oer ’t sân, hwer ’t rêstich lizzen bleau;
s’ As moedich d’oarlochsheld it kriichspaed fen d’ affaren,
Bipade ús skip ek greatsk it sulvrich weageskom;
Foar ’t each lei nou, in griene driûwtil twisken seën
It fryske lân, fortiisd yn stille nachttiidsslom,
De stille nachttiidsslom fen rêsten en forjitten,
As sêft de sinnesister sulv’ren ljochtglans jowt,
In ierde kreften for in nije dei forgearret,
De minskegeest út neat syn gouden dreamen bouwt!
Hwa long’re net nei rom, as hy op jieren kaem?
Krekt as d’ ôfgeande dei der nije glâns fen naem!
Hwermei ien amerij hy ’t rêstleas hert forkwikket,
As lang, allang it oare op ’s libbensjoun forblikket!
Dan is it hert sa kâld, in stil forlitten hird,
Der selst gjin sucht ef snok mear by forbrutsen wirdt,
Mar dû bist ’t, rom, dy-t dan dat âlde hert fornûget,
As alles en wy sels nei ’t tsjustre grêf ta bûget,
Dan bistû ’t, dy-t ús lea mei foarstlik poarper klaeit,
Yn ’t ienlikst libbensskoft ús yet swietlûdich paeit,
Mei sangen, dy-t ús dieden ivich bliûwe litte,
Al moat de siel fen ’n held ek ’t môgich hûs forlitte!
De nacht forryf’le ús, hy rôp syn gouden lampen
Ut herntsjes wei, hwer hjar de maitiidsdei forgeat,
En blies hjar libben yn, wylst stadich d’ûren loeken,
Nei middernacht yn slûpend-tsjustre rounrinsfeart.
Ik wekke allinne op ’t skip—gjin sliep wenne yn myn eagen,
Dy ’t jong, yet wekje koene mei in soarchleas hert;
Ik hearde ’t weachgesûs, dat boartlik ’t skip omaeijde,
s’ As ’t bern al dodzjend memme widzesangkjes heart;
Itselde lûd wie ’t yet, dat my tomjitte reauntte,
Do ’k boartlik berntsje, wenne yn d’ âlderlike klûs,
Heech op ’e rots, in wente allyk fen greatske earnen,
Fier fen ’e minsken ôf, in âlde-striders hûs!
Itselde lûd wie ’t yet, dat my tomjitte reauntte,
Do ’k ’t ljeafste famke treaude oan ’t hastich tikjend hert,
O sei! lang-skoft fen ûnk hat stil myn lok meitôge,
Ald Olaf ken de smert, mar swakkens ken hy net.
O wûndre weagesang fen libben en fen stjerren!
Dy ’t bûrrelt op út djipten sûnder ein!
Hwer ’t herte wjerklank fynt fen al syn hoop en langstme,
Dy-t flústrjend sjongt fen lok, allang forflein,
Dy t flústrjend sjongt fen frede, dy-t gjin fine kinne,
Dy-t troch in skymrich lok ’t earm hert bilêst,
Dû sjongst aloan: d’affaren bringstû rêst.—
Ik hearde it weachgesûs en seach oer frjemde fjilden;
Bispoán mei sulvertriedden fen ’e stille nacht;
De tsjustre bosken, hwer de wolven loerjend wekken,
Hja diizgen sêfkes wei yn ’t folle moanneljacht;
De bochtsjende iggen mei hjar sompen en hjar hichten
Hjar kleare wetterslinken, eindsjend fier yn ’t lân,
Troch ’t reid en ’t neabisnoeide kreilstrúwel biskade,
As wetterpaden, fûrgelutsen troch it sân.
It linich hart sett’ hjir mei flechtich, sêfte soalen,
Syn printen, dy-t gjin minskefoet forwiskje scoe;
In inkle wylde swân, geartearend plûm’ge wjukken,
Dreau dodzjend, hwer de wyn him hinnestjûre woe.
Hjir riisde ek ’t hillich bosk fen foarse, grize iiken,
Dat nea de bile tsjin ’e stamme fiele mocht;
Ik seach in blauwe reek heech boppe ’t beamte krinkl’jen,
Swietrook fen wijde offers, dy-t yn ’t neat forfljocht?
Bút foel ús ta, do-t wy tomûk in ynfal weagen;
Wy strúnden om ’e wieren, hwer it adelryk,
Sa steech en greatsk, in ienlike ealespjir allyk,
Allinne troanet; hiel it folk wy ring forreagen,
Fen ’t âlderlike steed, fen ’t beamt-omsing’le hiem,
En meaten skattings ôf mei hirde fijansfiem.
Hja spilen stil de wyk nei d’ûnbikende kriten,
Dy fryske otters, dy-t gjin wetterweage let;
Forslein?! Né sei, mei ûnbidimbre wraek yn ’t hert,
Mei wraek, dy-t nea saksearje scil en nea forslite,
Mar glûrjend as in ivich fjûr stil jimmroan barnt,
En ’t minskeherte tel ta inkel wraek toraent.
In moedich, warber folk wie ’t, ieuwenâld yn wêzen,
Greatsk op d’affaren, op hjar frijheit, greatsker yet
Op namme en tael, hwer ’t mei fortiiget ef bistiet!
De stege sin liet fen gjin frjemdling him bilêze
Mei sêft ûnthjit ef strange wet ef wirdgebear,
Hja wierne frij! Dos koe hjar hert gjin langstme mear!
En Harald, fjordenkening, dû woest bûgen leare,
Sa’n âlde iik, dy-t skript omheech ef—brekke wol?
Dy ’t ljeaver, dat d’ûntwoart’le stamm’ in grêf him doll’
Yn d’eigen groun, dy ’t teare ryske al stibeleare,
As dat d’oerdwealske hân, in izren frjemdlingswet,
De moaije krún forbûgt, de jonge twigen let!
Hja spilen stil de wyk nei d’ûnbikinde kriten,
En sinden dêr, troch mânsheech lizich reid biskûl’,
Op wraek as ’t woune boskgediert’, grimmitich fûl;
Us warb’ren rêstten woltomoet, sa’s sims by riten
d’Oerwinner kin; as hy yn ’t lok fen jonkheitsgloarje
De blossoms fen ’e rom tept for it boek fen stoarje.
Togearre sochten wy, de kening en ’e sjonger,
(In wûnder twallingpear, de macht forboun oan ’t wird,)
Sa great—sa lyts en beider haedmansstaf in swird,)
De stiltme en fré, sa’s simmerjouns wol nei de tonger
Natuer ek siket yn ’e slom en stofreinsdauwe,
Myld delsiicht as de fjilden hjar nei rêst bijowe.
Wie ’t mar nijsgjirrigens allinne, dy-t oanfjurre
Us om to gean it paed, dat tûzenbochtich roán
Troch ’t ûnderhout nei ’t bosk, dat ringen nou bigoán?
Ef wie ’t in weitsjend needlot, dat ús fêst bitsjurre
Yn ’t tiisnet, dat ta bûgjend deljaen liede moaste,
Hwertsjin gjin stjerlik minsk him ea forwarre doarste?
Wy wisten ’t net. Hwat ûnk, hwat leed koe ús ek lette
Yn ’t lân, der ’t folk nou ’t swier to rissen tsjinstjok droech?
Dat folk, hwa ’t mei syn frijheit ek ’t bistean bijoech?
En sûnder omtinkst wie ’t, dat wy ús foetprint setten,
Yn ’t Baduhenna bosk, hwer, hillich yn hjar eagen,
Djûr offers ta goadinneëar yn ’t neat forfleagen.
„Gjin freez’ scil ea”, seist Harald, „’t keningseach bikrûpe,
„Mar selst myn libben is mar ’n syke en ek net mear,
„Gjin soan kliûwt op ’e Vikingstroan nei myn bigear,
„As ienkear ’t tsjuster deaskaed ek my scil omslûpe,
„Hwat oaren hillich is, dat is it ek for my,
„’k Hear oan myn folk en ’k gien werom. Kom, folgje my.”
„„Stien!”” klonk in koart bifel. „„Hwat wol de frjemdling hjirre,
„„De Noarman út it lân fen ’t jimmerweitsjend ljocht,
„„Ald Haralds wrede soan, dy-t stees ús lijen brocht,
„„Tomûk stil neijer slûpend as in falske njirre?
„„Ik ken dy wol, hwent hwa kenn’ Friske’s eagen net,
„„En hokker macht is ’t, dy-t hjar geest yn bânnen set?””
En sljuerkjend, stadich kaem s’er oan. Wie ’t in goadinne,
Berne út it sulvrich weageskom ef ’t loftengoud?
In pronkbyld, sa’s natuer mar inkeld wêzen jowt
Dat wie hja!! O ho kâld nou al myn wirden binne!
In blanke sieleskulp, fen kinstnershân formeare,
En for de heechste skat, in nommel hert orneare!
It kleed, út woll’ en hinnipstollen kinstich flochten,
Foel fen ’e skouders ôf, sêftweagjend op ’e groun,
En hie syn hâld oan lange gouden spjelden foun;
De staf, mei wite hynsders lang bihang omflochten,
Droech s’yn ’e hân en krieken geurjend yn ’e hierren,
o Rein wyt blomt! o Jeugd! o Gouden opgongsjierren!
Jong wie hja yet! Hja mocht krekt achttsjin simmers telle,
En ’t krinkljend hierrengoud omstring’le yet gjin bân,
Ik tochte om rypjend nôt op ’t hege roggelân,
Hweroer mei sêfter sigen ’t reauntsjend wyntsje oanhellet,
As ’t weaget op en del mei boartlik iergesûs,
In sé fen libben goud op ’t simmer-twirr’-gerûs.
Hjar ynblank fel, sa moai as d’iv’ge snie fen bergen,
Trochgloeide in blijread skaed fen ’t kreftich wâljend bloed,
En om dy hearlik bôge mûle wenne moed!
Biriedenreit, dy-t yette ta forearjen ferget,
Mei ’t faeiste lot foar ’t each fen gjin bilies jaen wit,
Hwaens kreft net wykt—eart moedich hert for altyd stiet!
„Doarst, faem, dy ’t ûnderstean, my omkrûmt’ by to lizzen?
„Ik bin hjir hear en hwat net bûge wol, dat stjert!”
Seist Harald, keninklike greatsk, mar ’t wie to let,
Dyn eagen moasten oare, sêfter wirden sizze,
Der slûpte in ûnbikinde macht dy stil yn ’t hert,
Oerwoán wie d’ ûnforwinb’re, ho-t him ’t ek fortrett’!
„„It strange fijanswird, dat sûzet my om d’earen,
„„Mar ’t ringen wer forstouwt as op in twirre ’t tsjêf;
„„Hwat sjoch ik? ’t Is in eale Fries syn ienlik grêf!
„„Stil slûpt it wyntsje erom, dat ’t rêstjend hert neat heare,
„„Fen ’t treurich lot, fen tsjuster kommende ûnktiidsnacht,
„„Dy-t hy ús bringt, dy-t ik forflok en djip foracht!””
„’t Kwea wird birouwe dy!” wiern’ Harald do dyn wirden,
„Ik bin in kening!”
„„Ik in fryske keningsbern!
„„Mei greatskens kin ’k sa ’s dû d’affaren tal bisjen!
„„Hwent ’k bin hjar dochter. Friske is yn it lot bihirde,
„„Dat hjar yn jonkheitsfleur neat brochte as ienlikheit,
„„Mar hwa ’t hjar folk forearet, dy-t hja ’t lot foarseit.
„„Ik sjoch, ik sjoch in grêf! ’t Is fen in eal jong leat,
Dat grien en kreftich út in âlde stamme skeat;
It herte stiet, it hoopjend each is brutsen,
Fen ’t deadlik wyt is ’t jonkheitsrea bilutsen.
It wie myn broer. Wist, wrede, hwat dat seit?
Bisibbe yn ’t bloed, de ljeafling fen myn heit!
In fleurich twiichje, op d’âlde stamme inte,
Yn ’t herte al ier wiern’ fryske deugden printe,
Sa jong, sa prûs, in ginstling fen ’e goan,
Syn memme ljeaflik byld, syn heite eale soan!—
Oer ’t bêd fen weagjend reidgoud, troch de mar biskomme,
Dêr bûgt de sulv’ren wylg him del, der hat de slomme
For ivich ’t each bilêzen. ’t Omskot, dat as ’t blomt,
Foar d’ earste stoarm, dy-t slûpend neijer komt
Fortsjirmet, eart de blêdtsjes hjar ûntfâlden,
Dat hat syn lêste gong nei ’t lêste hûs ta hâlden.
Mar wreke scil ik dy! ’k Scil smeekjende de goan,
Mei geur’ge offers troije op eltse nije moarn!””
Mar dû rôpst: „Né dat siste net! Eart oan ’e kimme,
„De gouden dage in baen bipadet, scilst fornimme,
„Ho-t ek in Noardske kening hate en ljeavje kin,
„Dû wirdst syn ljeafste faem, dû wirdste syn slavin!”
„„Dat noait!”” wie ’t andert. „„Der scill’ dagen komme,
As dyn greatsk hert, bikaem ek fen de romme,
En dyn oerdwealske macht yn ’t neat forfalle scil:
Dan is myn wraek folbrocht—dan is myn herte stil!
Myn grêfplak scil net ûnder wylgen grienje,
Mar dochs! myn heitlânsgroun scil ’t stôf foriengje
Yn iv’ge slom fen hjarren, dy-t ik ljeavje en my,
Al rize wrâlden op en skate sëen my!
o Baduhenna, scilstû my forstate?
Ik, dy-t myn jonkheitslok nea naem to bate?
Allinne for dyn eare waerd’ ik tsjinderes,
’k Bin wije troch dyn fjûr, ik bin in profetes!
’t All ha ’k wol dien, om dy terwill’ to wêzen,
o Kin myn bea dy ’t hert dan net bilêze,
Dat ienkear ’t meifielt ierdske lijen, minskesmert?
o Baduhenna kom! jow ’n ljochtstriel yn myn hert!
Lit ienkear yet myn stjerlik each dy skôgje,
Dyn hillich fjûr de presteres omlôgje—
o Baduhenna sprek! Omsûzje my mei ’t wird,
Dat godlik jimm’roan wier—foarsizzing, takomst wirdt!””
Mar stil bleau ’t yn it roun; dû niigest sêft dyn holle,
o Harald, hwat scoe steech dyn herte nou dochs wolle?
Dat herte, jamk sa great, in romroft, ienlik ryk,
In fêst ommûrre festing yn ’e minsk allyk,
Hwer ’t machtich tinktmenhear, al ’s minsken langstme en hope
Bigjint en ek wer eindet. Tûzentrieddich knopet
Dêr ’s minsken eigen hân, bistjûre troch de goan,
Syn eigen lot—in krús—komselden mar in kroan.—
Ik swijde ek as myn hear; it skaed giet mei de sinne,
It stiet, it rêst en ’t kin dochs wol de wrâld birinne;
En stiller waerde ’t beamt en stiller waerd’ de joun,
Sa hie natuer yn slomme simmerfrede foun.
o Harald, as in sinne, dy-t ús dage oan Noardske loften
Sá kaemst mei poarper yn ús need’rich libben op!
o Hearlik keningsbyld, dat ’k nou foar eagen rop!
Dû, winske fen in folk en folle langstmeskoften!
Dû, ’n greate soan fen Thor, biklaeid mei jonge kreft,
Sa gyngst dyn opgongswei—wol machtich, mar dochs sêft
For ’t Noardske folk, dat—as in bern syn heit—dy eare,
Dyn lok ôfbea fen ’t jimmerweitsjend Odin’s each,
Dat mei in loaits fol seine stees dyn gong oerteach;
’t Lok hâldde by dy ta—al hwat de minsk bigeare
En hoopje kin—dat waerd’ dy sûnder freegjen jown
En oan dyn eal jong hert hat nimmen spyn bifoun;
Ek net, do-t al dyn jonge lea de lêst moast drage,
Fen ’t earhabyt, de hearskersstaf, de keningskroan;
Gjin heechmoed hat de minsk yn keningssteat bidoarn!
It libben wêze in iv’ge en ûntorieden frage,
In skaed, dat komt, dat flechtich is en wer fordwynt,
Dyn greate namme bliûwt, dy-t tiid noch wiksel bynt,
Mei dan dyn heldensiel ek wer nei ’t rêstplak keare,
Dat Odin sokken jowt, nei ’t swalkjen op ús ierd’,
Dy, ’n held as dû, sims ’n ûnforklearb’re bane fiert
Nei folken, hwer s’ as in metëor in skoft fen eare,
Fol skittering in setsje toevjend boppe stean,
Eart s’ yn in oare wrâld hjar ljochtpaed fierder gean’.
„’k Wol ienkear sels my griff’lje yn ’t greate boek fen stoarje,
„In eale died, iens dien en dat wol oan in faem,
„Dy-t troch in wreed forwyt op ’t sear my tige kaem;
„De wrald ken ommekear, de minsk kin jamk foroarje,
„Mar hwat in kening seit, stiet yn syn hert biskreauwn,
„De fijan is der wol, mar hy is kening bleauwn!”
Seist Harald en dyn lûd, jamk oars sa foars, dat trille,
—Sa ’s ’t maitiidswyntsje, dat in bloeijend hôf trochwaeit,
En sêft de blossomknopkes oan ’e twiichjes aeijt,—
Sa twongstû nou dyn lûd, dat ’t yn ’e rûmt’ forsjille,
As aeijend wirdgetrooi en elts wird wie ’n ûnthjit,
Ut ’s keningsmûle, dy-t ien tel syn steat forjit!
„Sa harkje dan! Hwat karstû, frijheit ef de bânnen?
„In stil fortoef yn ’t eigen, djûrljeaf fryske gea,
„Ef jierren lang it frjemdlânsk finz’nishoale wea?
„Hwat karstû? Wraeksucht loeret oan ’e Noarske strânnen,
„Hjir bistû frij! Gjin minske komt dy nou byneist,
„En der? De fijan selst, hwerst dan dyn lot oan kleist!
„Hjir bistû frij! It leaftek, der-t de sinne mingelt,
Hjar poarperkleurich ljocht mei ’t earste maitiidsgrien,
Der-t om ’e rûchôfbeitle, greate offerstien,
It jimmergrien him troch it blomte stringelt,
Der wennet ûnder ’t hûndertjierrich ikenskaed,
In stiltme en fré, dy-t herte ta d’ oertinking laet.
„Hjir bistû frij! De hill’ge stream syn kleare weagen
Dy sljuerkje sêft it rûchbiplomke reid foarby,
Hwer d’ igge efter skûlet en hja sizze ’t dy,
Ho-t selst de streamen siikjend fol fen langstme teagen,
Nei ’t fiere berteplak yn ’t tûzenbochtich gean,
Ho sterk dan net de minsk nei ’t heitlânsgroun bistean.
Hjir dreamet stil as wijing oan dyn heech goadinne,
It snikwyt swânneblomt, dat oan hjar tatocht is;
Oer ’t fjild der reauntsje twirkes, geuren bringend fris,
Fen heitlânsmoaijens, hwer in mylder sinne
Hjar ljocht oan jowt en ’t weachgesûs, for ’t lústrjend ear
Sa ljeaflik—hearstû nou—mar dan—o noait net mear!
„Dû kinst yet sjen, ho moai de sinne jountiids sinket
Oer ’t ienlik marke, dat syn weachjes sulvrich krolt,
En sljuerkjend rinnend fûrchjes yn it driûwsân folt,
Ik freegje in nietich lean for frijheitsjeft, bitink it,
Sa harkje dan: ik freegje neat as inkeld dit:
Siz my, hwat takomstwytniss’ Baduhenna wit,
En wol fen ljeafdeslok ien amerij my sprekke
Mei mûle en hert en ’k scil myn keningseed net brekke!”
„„Dit ’s ’t andert!”” kriet hja lûd en foars. „„’k Bin net foroare,
Myn haet is net delbêdse, mar ’k forachtsje dy,
Myn folk, dat klaget en syn leed—is ’t net for my?
Kin ik myn ljeafde jaen en kin ’k myn haet forsmoare,
Om Harald, dy-t myn folk út ’t lân fordriûwe liet,
Dy-t kaem mei deadamm’ wreed en wennet mei fortriet?
„„Dû biste my noch mar in deiskoft foar,
—O Aete dú! bliertrêdsjend folgje ik ’t spoar,
Myn folk, dat wachtet my. Scil ’k efterbliûwe?
In ienlike, hwaens triennen ’t lok fordriûwe?
In spinster; dy-t hjar eigen ûnkstried spint,
In siikjende, dy’t alles wif ûntrint?
Hwat wie myn lok? In dreambyld, dat fornûget,
Hwat is myn ûnk? In wicht, der ’t hert for bûget!
’k Bin moedich, folgjend yn ’e dea hjar nei,
’k Gien lykme allinne in bange oergongswei.
Myn siel forbrekt, hwat hjar oan d’ierde klústert,
Nou ’t reauntsjend ’t all’ fen ’n oare wrâld my flústert;
Ik bin allinne; hwat is net forflein?
Dû ropst my, Aete! ’t Unk hat ek in ein!
Dan scil myn geest d’ûnmjitbre fjilden skôgje,
Hwer Baduhenna’s iv’ge flammen lôgje,
Dan wachtet my, s’as warbre striders lean,
In romroft, in loksillich foartbistean
o Goaden! lit jimm’ smeekjend doch bilêze,
Scoe’n for ús wil ús kreften swakker wêze?””
Sa bea hja en hja knibb’le op ’t mosk en ’t blêdgûd del,
En waermtegloeijend glied it ljocht oer ’t ynblank fel,
As woe ’t hjar skiedend hert mei sinnepoarper paeije,
As scoe in ierdsk moai ljocht for ’t lêst hjar byld omaeije!
„„Myn siele, dan ûntslein fen d’ierdske bânnen,
Dy ken gjin freez’ for tsjustre nachttiidsstrânnen,
Bliest net de jountiid ek net ’t deiljocht sêfkes út?
Gjin omskotsbân is ’t mear, dy-t dan myn siel omslút!
Dy slacht de wjukken út as ’t flinterke yn ’e moarn,
For lok mar berne en foardat it leed kaem—stoarn!
Ik wit, ik wit, de fjilden sizze ’t flústrjend my:
Ek ûnder ’t toarre kleed, dêr grienet libben nij;
Ik wit, ik wit, myn ierdsk bistean wie tsjuster,
It herte as ’t reid.... it rjuchte paed jamk bjuster,
Bidreige troch it leed, oer ’t mat kaem fen ’e smert,
Sá lyts yn ’t lij’n—syn part en dochs syn sinnen set
Op ’t greatste, dat syn tinken wol bifieme
Mar nea syn herte krije scil; biskrieme
En neisjen, lang o lang mei ’n longrjend-weitsjend each,
Dát bliûwt fen ’t speegljend loksbyld, dat to ring forfleach!
Hwent hwat is ’t libben? ’t Bringt ús neat as triennen,
Yn ’t suchtsjend eindsjen ef ’t mei hoop bigjinnen;
Dat is ús lot—de skealjes wage oer
Nei ’t swiere leed, it ûnk stiet oan ’t stjûr;
Wy hoopje in bulte, hwent wy sjogge it kommen
As lok, bifriss’le mei de moaijste blommen,
’t Forsinkt yn ’t neat, foardat it neijer kaem,
En wer, alwer is ús de hoop úntnaem!
’t Lok jaget hird, ’t wit fen gjin stean ef wachtsjen,
Syn amm’ omstreaket ús yn ’t leed-forsachtsjen,
Wy dwelmje in amerij, in koart en hearlik skoft
Yn dreamen—fier de groun—nei is de blauwe loft!
Wy falle en stean, wy suchtsje selst yn hope,
Ring komt in ein; it riedsel wirdt ûntknope,
Wy wachtsje aloan, ’t lok jaget ús foarby,
Hwer hâldt in amerij ’t en op hwat wachten wy?””
Sa song hja.—Ho swietlûdich en ho fol bitrouen,
Untglie hjar fammemûle dizze millodei!
En heech yn ’t ikenbeamt’, der song it wyntsje mei;
Wy beide wiern’ oer dizze stege tael bisouwe!
Dyn hearskerswird, ’t bifel, dat nimmen tsjinstean doarst,
Wie hjar gjin tel en d’ûnforwinbre kening moast
’t Fûlbandich fiele, dos hy stúme, wraekbiret,
En haet trochflime him, mar ’k seach—it wie to let!
„„Forrie ef dea?! ’k Kies ’t lêste, hearstû Noarman, dat?
En rein, sa ’s ik him naem, jow ’k Baduhenna’s skat
Werom. De wûndertwiichjes, hwer w’ út wite kinne
De takomst, dat gjin riedsels mear for ús bistienne,
Dy jow ’k dy, hill’ge leechlânsstream, nim dû se mei!
En nou—de baen is rûm, o frjemdling, gien hjir wei!””
Sa rôp hja lûd, dat ’t oer ’e stille fjilden trille,
En njonkenlytsen earst yn wiide rûmt’ forsjille,
Sa bea s’ ûs do—mar Harald stúme en—wachte,
Lykwols wy net de sin fen ’t smeekjend wird biächten
Noch fetsje koene, hie in sterkre macht ús dreauwn
Ta bliûwen. Odin, hwerom wie dat sa biskreauwn?
En nou, moat ’k derfen sjonge, ho-t hjar eigen hânnen,
Tomûk it flymskerp ark, forbarge yn ’t rûmme kleed,
Opsochten en ho-t hja hjar sels biredt en wreed,
Dochs ljeaver as om ea to suchten yn ’e bânnen,
Forrie to dwaen en ljeafde offr’je oan hwa ’t hja hate,
Hjar sels, hjar sels de skerpe punt yn ’t herte staette!
Derhinne siichde hja, sa ’s ’t moaijste blomt’ fortiget,
Dat jister yet as blossom ’t each fol hoop oantriek,
Dat hjoed ûntfâlde ús fen bloeijend libben spriek,
Mar op ’e joun for kâlder noardewyn him niget,
It stâltsje bûgt, mei him de kleur’ge blossomkroan,
Syn droeve jountiid kaem nei ’n koarte maitiidsmoarn,
Syn bledtsjes foelen, ’t stil de knopkes wylje lit,
Sa ’s moaijste yn ’t libben, dat ien simmerdei bistiet!
Wie dat ek ’t lot fen sa ’n ien? Dochter fen ’e goaden?
In fryske keningsbern fen d’ ealste stamm’, sa prûs,
It moaijste blomt út ’t ienlik, blommich timpelhûs!
Hwerom wonk immen oan hjar fen dy tsjustre boaden?
Hwerom, hwerom moast rimpen hja mei d’eigen hân,
Yn ’s libbensspeakwirk gripe, dat as stouwend sân,
Aloan, alwei en sûnder stilstân fierder fljocht?
En ’t eigen grêf fen jierrentallen graven sjocht?
Hjar herte woe gjin krimp jaen, woe gjin swakkens kenne,
Hja hate him, de frjemde en hie de frijheit ljeaf,
Hja karde boppe libbenskinking ’t djûrkoft grêf!
En as hjar folk, sa greatsk, woe stjerre s’ ef oerwinne,
Mar deljaen? né, dat noait! dat hage ’t keningshert
Fen hjar, lêst twiichje útroan op d’ âlde stamme net!
Hjar broer, hjar Aete, nei bisibbe oan hjar forboun,
Hja folge moedich him! Hja hie syn foetspoar foun!
Wy kamen tichterby, wy slûpten oer ’t bipade
En rûchôffrede herntsje, hwer d’ âld offerstien,
Yn ’t tsjusterst beamt’, bidutsen troch it geurjend grien,
Troch ’t bloeijend kriikhout en ’t strúwellegûd biskade
Op offers wachte, mar der kaem gjin inkle mear.
De profetes wie stoarn!—’t Folk hie nou ’n oare hear!
’t Wird Baduhenna’s wie for ’t earst gjin wierheit waen,
Nea koe ’t it folk syn frij—en hjar wer ’t libben jaen!
De kening skriemde. In Noar, hwer ’t romrofst folk for bûgde,
Hy, hwa-t de ûnmjitbre sé de will’ge tsjinder wie!
Hwaens libbenssinne yn ’t lok en rommezenith stie!
Mei d’ eigen heldendaen jamk ’t snaertúch al fornûgde!
Hy skriemde op ’s fijansgroun en om in fijansbern!
In kening—mar ien tel scoe ’k him as minske sjen!
In kening, stoer en nommel as in Vikingssoan,
Mar minslik bleauwn, ek ûnder earhabyt en kroan!
„o Moast dos stjerre! Koest my ’t ljeafste steech ûntnimme?”
Sa klagest en ik stimme mei dy klaegtoan yn.
—„Ik ljeave dy! Ik foun yn dy myn jonkheitssinneskyn,
Fen ’t swietste lok, dat for ús weilein is, fornimme
En preauwe scoe ’k. En nou, hwat ha ’k, hwat bliûwt my yet?
As immen bin ’k, dy-t foar in brûzjend weachwiid stiet,
Oan d’ oare igg’, der wiûwt it lok m’ ûnthjittend ta,
Mar ’n nea ’t oerbrêgjen rûmt’ is ’t, dy-t ik foar my ha.
„In dream waerd’ wier! Dit lok bleau net for my fen fjirren,
Sa moai ûnthjittend en dochs ûnbirikber stean,
It kaem, it kaem! Ien amerij moast ’t selst myn wei bigean!!
En ’k hope bliid, sa ’s ’t jonglingshert yn opgongsjierren
Yet hoopje kin en ljeafdeswaermt’ trochgloeide my,
De wrâld hie moaijer blomt! lokslangstme omaeide my!
Mar nou?! De deastreamsamm’ hat s’ oan myn blik ûnttein,
Birêsting slûpt om ’t hert. Myn lokstiid foun syn ein....
Myn lokstiid foun syn ein, foardat hy earst bigjinne,
M’ omstreakje mei syn ljocht en my fornûgje koe;
Ik digere nei d’ igg’, dy-t nea my drage scoe!
Hwer ’k wist, dat jierren sêft as weachgerûs forrinne,
Hwer ’k wist, dat sillichheit, sa ’s ’t stoerste hert nea dream’
Scoe wenje, jimmer oan dy stille fredestream,
Der flústre, herte, lang al lokkich, winskefrij,
Dy-t all’ fen ljeafde, âld as ’t minskdom, ivich nij!
Mar scoe ’k dyn omskot nou yn d’ ienlikheit forlitte,
Hwer nys dyn eale siel hjar ierdske went noch hie,
Dy’t ljocht yn ’t hearlik hûs, de pearle yn ’t skulppear wie?
Meij dan ek ’t Noardske folk syn hege hear forstjitte,
Om ’t heuljen fen my mei dit frjemd en fijansk bern,
Dat docht my sear—ik kin dy net forlitten sjen?
In bút fen ’t boskgediert’, dat al syn kloeren rekt,
Mei ’t hongerich gegûl de djippe stiltme brekt.
„Ik wit, it wie myn hân, dy-t al dyn sibben deide,
Ik wie ’t, dy-t slûpend wei dyn Aete kaem oer ’t mat,
Syn fûlstjûrd bôge-pylkhout hie op my gjin fat,
Mar ljeafde is sterker bân, as dy-t de haet ea smeide!
De libb’ne hate my—de deade heart my ta,
Dat is it hearlikst rjucht, dat ’k ea my tatocht ha,
En dan—de dea, dy dammet alle wraeksucht ôf,
Hjar siele is my ûnttein, ik ljeavje yet hjar stôf!”
Wy habbe in bare fen it linich wylgtien flochten,
En ’t reinwyt krikeblomt, dat struiden w’ op hjar del;
Wy gyngen ’t paed, troch ’t beamte krinkeljend, sa tel
Biroán yn ’t hinnegean—nou sêft sa ’s wy ’t formochten,
En stadichoan foart-sljuerkjend mei dizz’ djûre lêst;
Dy gong wie swier—dû droechst dyn moaijste dream nei ’t grêf,
For my, de skald, foel ’n soarglikkweke blossom êf,
Myn leauwing oan ’e goan, dy ’k jimm’roan prize hie,
Dy-t mei de jierren great—mei ’t hert al ien waen wie.
Myn goaden wierne wei! Hjar macht in skaedbyldstinze,
Myn leauwing skronf’le yn for wierheits hel-klear ljocht,
En fergjend wie ik ’t sels, dy-t dit ôfbrôzljen socht,
Ik freze in wierheit net, dy-t alles ing bigrinze!
—Mar hwer is ’t fondamint, hwer ’k nou op bouwe kin?
In nije hoop, hwer ’k leauwende m’ oan klamm’rje kin?—
Sa frege ik siikjend wei—lang letter hab ik ’t foun,
’t Ald Brittenlân hat my in nije leauwing jown!
Mar einliks—al to lang hie hast ús swier paed dûrre,
Do flik’kre gril in ljocht troch ’t maitiidsgriene hout,
Mar ’t wie gjin fûle spjirstamslôge, dy-t ik skoud’,
In prikkefjûr, opstoelle en dat de wyn fordûrre,
Dat wie ’t, as ’n altaer rikke it nei de loften ta,
En ’k hearde wyld gesang, de wjerklank bearde sa,
Dat ’k tochte om tûz’nen strydbre helden, fol fen moed,
Om ’t folk, dat yettris him formakke yn ’t lok fen hjoed.
„Hwat ’s dit?!” seist Harald sêft tsjin my en fol binijen,
„’t Is net âld Jelgars hân, dy’t ljocht oanstutsen hat,
„In Noarman bouwt gjin fjurren. Mar hwat skilt dy! hwat?”
„„Lit rêste hwatstû draechst!”” kriet ik. „„Dit fjûr bringt lijen!””
En ’k knibble foar dy del: „„it binn’ de Friezen, hear!””
Dû seachst my oan en suchtsjend hiest gjin wirden mear,
Op ’t greatste lok wie ring de greatste slach ek kaem,
Ien dei joech alles dy—hie alles dy ûntnaem!
„„Hark!”” sei ’k en stie,—„„fen ’t beamte krêkje sims de twigen,
Tomûk slûpt immen hastich oer de dauw’ge groun;
—Hwer bist? Jow andert! Ha ’k dy einliks yette foun?
Rôp eangstme-heas in lûd; ik seach in holle nigen,
Ald Jelgar krûp wif-omsjend op ús beiden oan;
Syn lea wie swierforwoune, ’t rêstingkleed bidoarn,
Syn each wie triennenleas en ek de mûle stil,
As immen, dy-t oerwoán, ’t bislút forwachtsje scil.
—Kear kening, kear!—bigoán hy.—Friezen wreekjend kamen,
Mei tûz’nen kamen s’ús yn ’t blide loksgegei
Oer ’t mat—ring meanden s’ús as bûgjende ieren wei,
Dyn folk bistiet net mear. It trouwe swird s’ûntnamen
Oan Lanor’s strydbre held—mei bânnen tsjurren fêst,
Gniislaitsjend joegen him s’yn ’t séwiid iv’ge rêst.
Dyn haedman ’s fijans spot, dyn folk forstruid as tsjêf,
Flucht Harald! flucht! hjir wachtet dy forrie en ’t grêf!—
—It keningsskip, troch ’n Noardske, gouden draek forljochte,
Dat dânset noch op ’t wetter fen d’ûnstjûre sé,
De seilen binne spand, de riemmen lizze ré,
Dyn trouwen wachtsje allang—’t is ûren, dat ik sochte
Om dy, myn kening en myn hear! ’t Is ring to let,
Dy fijan ken gjin tsjinstuit o dy sparret net!
o Harald, folgje my! Lit dy bilêze, kom!
De feiligheit jowt dy allinne ’t weageskom!”
„„Kom Olaf, Jelgar kom. Ik scil birêstend drage,
It leed, dat Odin for my weilein hat. Ik bin
Forslein en treurich, hwent ik wit, der ’s gjin forwin!
De strydbre Noarmanskloft is dea, dy-t my sa hage,
In frjemdling bin ’k, forlitten yn in fijans lân!
Hwer is myn lok, myn rom? Gjin ander jowt it strân;
De goaden skoudr’je wreed, de minsken hate my,
Hwer is in hâld? yn ’t leed in frijplak noch for my?”
Sa klagest, Harald, do-t wy fluchtsjend ’t strânleech seagen,
Mei weagjende igge’s bosk en glinst’rjend sânich dún,
Gjin fûgelt song mear yn de hege ikenkrún,
Gjin sangen brochten reauntsjend ôf en oan de weagen,
It wie sa stil—sa deadsk, in treur’ge ienlikheit
Fol wémoed, dy’t ús ’t flechtige fen lokstiid seit,
Fen ’t reidplûmt’ foel sa swier de dauwe as triennen êf,
Sa’s lang bitwongen triennen falle op ’t heldengrêf.
Oan ’n ynham, troch it ikenkreilgûd goed forbarge,
Der wachte ’t keningsskip—der hie nou d’eangstme in ein;
Der ha wy do dy djûre lêst to rêsten lein—
En ûnder al dyn leed wiest for hjar stees bisoarge,
Ik moast ’t oansjen, do-t klear de moanne oan ’t loftblau kaem,
Host’ stil dyn keningsswird út syn omklaeisel naemst,
En host as ’n lêste ear it oan hjar foetten leist,
Ik wist, host sûnder trien, dû s’yn dyn hert bikleist’.
Ik wist, ho-t al dyn tinzen yet by hjar fortoeven,
Host hearste yet hjar lûd en seachst hjar sêfte gong;
Dû ljeavest ’t dreambyld, dat de wirklikheit forkrong,
Dû seachst it wer, dû hiest it net mei leed bigroeven,
Sá treaste in Odin dy; hy brocht dy ’t lok werom,
De ljeafde omwjukke dy en paeijend lei de rom,
Op ’t blonde jonglingshier dy wer syn griene kroan,
Gjin ûnk hie noch dyn lok—gjin skaed dyn ljocht bidoarn!
De kening dreame foart—in keningsdream fen eare,
In blomtomfriss’le staf—in neabigrinze macht,
In stil smûk herntsje, hwer him lok en ljeafde wacht ’t,
Ja, Odin wie wol goed—hy joech nei dyn bigeare
Dy-t yn ’e dream to sjen, mar to bisitten.... nea!
Dû sliepst mei wille yn, ’t ûntweitsjen brocht dy wea!
Dû sliepst mei hope yn—in dream dyn winsken wêzen joech,
’t Forfleach as ’t poarper, dat in wolkje troch it loftrûm droech!