In wike nei Minke hjar to hôf bringen forliet Sjoerd fen nijs it doarp
dêr’t er greatbrocht wier. Hy libbe dy dagen sterk ûnder it tinken dêr
wei to moatten, en wist sels it hwerom net klear. Syn djipste libben
hie sûnt syn weromkommen ûnder tsjinst wei nea mear to meitsjen hawn
mei syn deistige omkrite, allinne Minke wier dêr as de skeakel twisken
de oarde fen syn jongestiid en himsels. Nou’t hja forstoarn wier, mirk
er ynienen ho frjemd alles him dêr wirden wier. De wenten dy’t dêr sa
âld-biwend hinne stienen, krekt forstive yn de aldeistige rin fen it
doarpslibben, de toer mei jimmeroan itselde let dat hommels neat mear
like to neamen as jimmerwer deselde hieme wierheit, de minsken dy’t him
metten op ’e doarpsbûrren, kinden allegearre en allegearre it langjen
fen syn herte frjemd, it hie him yn syn foriensuming neat mear to jaen.
Hysels wier net rikernôch om dat allegear diele to litten yn de sêfte
gloede fen in lang-optaeste ljeafde, hy moast gean, om de wil fen syn
libben sels.
Do’t er nei de lytse prakkisaesjes fen it to jild meitsjen fen Minke
hjar spillen, syn siikjen om in tsjinst as feint en de bistellerijen
wer yn himsels ta klear tinken kaem, foun er him to tsjinjen op in
steatlike tsjûk yn beammen steande pleats, in ein fen de rydwei ôf mids
de romten fen it lân, in lyts heal ûre geans fen it tichtst by lizzende
doarp. It wier in frjemd en ûnwennich libjen dêr earst yn dy
iensumheit, in swiere stiltme yn it roun dy’t woech op ’e pleats en de
lannen, hwet ûnneambers dat de lûden dwêstte en sang net opklinke liet.
De greate keamers fen de foarein leine stil en swijsum, noeder fen
skatten út forline jierren, forhoalen dreamend yn it greate skaed fen
de swiere linebeammen; it hôf, eartiids mei soarch oanlein mar min
ûnderhâlden, bloeide mei in wyld forskaet fen fruchtbeammen, wylde
blommen en forwyldere siersoarten; de mantel sleat ticht, as in mûrre,
mei heechgeande beammen en trochwoechsen strewellegûd om pleats en hôf
ta, en dêromhinne roun in grêft, wiid mar for in goed diel mei flaech
oerditsen. Alles dielde dêr yn dy frjemde ûnforklearbere dream-stiltme,
en as de faem, iennichste dy’t hjar jonkheit dêr as in wille forstie,
lake tsjin de lammen en keallen, like der in rûzing to gean oer de
beammen en it leger grien, det it dryste libben hjar dream-bistean dêr
sa to steuren kaem.
Dat libben hie him ek meidield oan de minsken dêrre, hja liken
allegearre ta de stiltme ynkeard, útsein de faem dy’t der wier om in
skoan stik jild to fortsjinjen en dy’t by hjarsels útmakke hie, det se
hjar net neargeastich meitsje litte scoe. De foarste pear kear do’t hja
mei Sjoerd as nijkommene oan tafel sieten, diene de boer en de sister,
dy’t by him wier om de húshâlding to lieden, gâns war om it pratende to
hâlden, mar mei gauwens joech Aysma it op en allinne de hwet skerpe
stimme fen de húshâldster bleau inkelde kearen klinken. Stiltme wier
Sjoerd ljeaf, hy koe dêrtroch folle mei himsels allinne wêze en fen de
oaren sa stadich nei him nimme as er sels oanstriid ta hie, mar oan in
fielen fen iensumens en ûnwennigens ûntkaem er, Minke hjar bitroulike
húslikens wend, faek net. Mei in pear wike bigoun er him to
forwûnderjen oer de minsken dêrre, hy sloech se mear acht en
linkendewei waerd it him, as wier er oerplante yn in fiere frjemde
wrâld, oars as dêr’t er oant nou yn forkeard hie.
Anke, lyk de boer hjar neamde, syn sister, wier it maklikst hichte fen
to krijen. Hja wier in rizige frou fen by de fyftich, de tingere kant
it neist; hjar ovael antlit mei de lange rjuchte noas en hjar to greate
mûle dêr’t as hja praette de sterke geve tosken fen to sjen wieren, hie
net folle út to lêzen west, as de greate dûnkere eagen dêr net sa
ljocht en skril yn libbe hienen. Dy tsjinstridigens fen yn hjarsels
kearde steatlikheit dêr’t in bangige ûnrêst trochhinne ljochte,
iepenbiere hjar yn hjar hiele wêzen: it effen griizjende hier, dêr’t
gjin inkeld hierke oerhearrich by lâns foel, mar dêr’t hjar smelle
bleke hân gau ris foar lâns skeat yn petear, wylst de glânzgjende eagen
effen sleaten; hjar stil foar hjar hinne sjen oan tafel en de selsum
fordreamde rêst as hja in boek yn hannen hie en hjar rimpen oereingean
det hja sims tsjin de tafel oansteat. Allinne hjar klaeijing wier ien
gehiel: dimmen, swart, ing slutend; dat wier fen hjar tsjinstridige
aerden wol de sterkste. Mei gauwens wist Sjoerd, det dy ûnrêst hjar
earst op ’e boerkerij oankomd wier, dêr’t it wol hiel stil omgyng mar
dochs gâns for hjar opkaem; hja hie hjar hiele libben wol weidreame
wollen, mar hieltiten skrille hja fen it wirk fen út hjar rêst
towekker, en hja wier tige plichttrou en krekt.
Boer Aysma sels wier yet evenrediger en gyng for in bêst man by it
folk. Syn blauwe eagen ûnder de grize wymperbôgen seagen hwet wémoedich
foar him hinne; syn libben hie net folle sinneskyn ynhawn, yn it tredde
jier fen syn boask al wier syn frou him ûntfallen, en sûnt hiene de
beide bern syn hiele libben útmakke: sibben noch kinden hiene folle by
hjar de rin. In moaije feardige man wier er yette, foarser as syn
sister en folle ljochter, mei hwet mimerjends om syn mûle en yn syn
eagen, stadich yn syn hiele hâlden en kearen, swijsum yn de omgong.
Jouns stie er faek by de homeije to eagjen nei de púnwei oer, wol in
ûre ûnforweechlik hast, de fierte ynstoarjend as rette er dêr it lûde
biweech fen it libben dêr’t hy hiel, hiel fier út it biskûl fen syn
pleats, in blinkje fen ealge. Hy wier hwet weak, hearde greate
forliezen oan mei effen in lûken oan ’e skouders, mar trieneage as in
bist út syn bislach siik wier en lijde. Sjoerd fielde, djip yn syn
hert, sims in bytsje lytsachtsjen rizen oer de man dy’t sa de middels
hie om for master op to slaen en sa dimmen en swak foar it libben oer
stean bleau, mar hâldde in bult fen him, lyk yn Fryslân it sizzen is.
Sels hie er sà nea libje kinnen, ek nou wier de striid yn en tsjin it
libben him ljeaf bleaun, mar hy forstie hwet fen dy fiere ûntsjutbere
wémoed, dy’t út ’e natûrdreamen fen in skiedende simmer yn it wetterlân
yn it hert fen ús folk liket oerwaeid to wêzen, en hy hie dos earbied
for him.
Fen de beide bern, Esther en Liuwe, gyng de dochter earne yn Hollân to
learen; Sjoerd hearde hjar namme sims neamen, krige in kearmennich in
brief fen hjar oan hjar sibben fen de post oer, mar fierder wist er
neat fen hjar; Liuwe wier mei yn de boerkerij, gyng mei Sjoerd yn
bûthús en skoerre om, praette mei him, sunich fen wird, oer it wirk en
like in earnstige stille jonge. Frjemds oan him wier der neat as syn
for syn jierren hast ûnnatûrlike earnst, rêstiger as by syn moeike,
sterker mar ek skadiger as by syn heit, en dochs naem er mei in
deimennich Sjoerd syn hiele tinken yn bislach, sa det er him yn it wirk
mei syn eagen hast net losliet en jouns op bêd noch in set oer him laei
to tinken. Hy waerd it gau mei himsels iens det er neat fen Liuwe
bigriep, det er him net trochgrounje koe ho’t er syn skerp-ynkringende
ûnderskiedings-formogens ek spande. De feint dy’t nêst him arbeide en
út in frjemd doarp komd wier, fielde hwet Liuwe syn egen sibben net
liken to sjen: det dy ûnbrekbere ynbannichheit syn djipste wêzen net
wêze koe, det it in oannomde hâlding wier om himsels to forbergjen ef
it meitôgjen fen in riedselich leed dat him net mear ginde to laitsjen.
Mei gauwens forgeat Sjoerd hwerom’t er by de boer komd wier, ûntdreau
him it fêste neitinken oan Minke, naem it libjende riedling fen Liuwe
syn tinzen alhiel yn bislach. Syn egen wêzen dat amper út himsels wist
hwet ynbannichheit wier, dat him steure woe noch koe om de bûtenwrâld
fen minsken, him útlibje woe al scoene hja him derom stjinnigje, stried
rjucht tsjin Liuwe syn bislettenheit yn, en sûnder det de lêste it
wist, bigoun Sjoerd in úthâldende striid om Liuwe yn it wêzen to sjen.
Hwet him dreau, wist ersels net; hy ealge heal det dizze frjemde jonge
as er him ienris koe, hwet greats wirde koe yn syn libben, mar it wier
foldwaende det der immen yn syn omkrite wier dy’t er net bigriep. Liuwe
gyng syn wei as altiten, syn eagen seine neat, folslein neat—en dochs
moasten hja brânne en flûnkerje kinne, dy grize djipten, as syn djipste
wêzen to libjen kaem—, syn inkelde wirden hearden klear, nimmen wier yn
syn dwaen sa wis as him, en eltse kear det Sjoerd him wer seach, jouns
nei it wirk as er stil siet to lêzen it meast, sloech it hoar yn him op
det dat allegear ljeagen wier.
In pear dingen kaem er mei gauwens to witten, en hja brochten him in
bytsje fierder. Liuwe wier net sterk, it wier yn it wirk to merken. Hy
hime gau, en ienris liet er him ûntfalle det er net hird rinne koe; mei
syn spieren koe er gâns, mar syn boarst wirke tsjin—Sjoerd seach it, en
sûnder der om to tinken bigoun er alles foar de oar wei to nimmen, det
dy sterk ynspanne koe. In skoft letter fornaem er oan de frou, Anke,
hjar praet det Liuwe leard hie, yn Hollân, yn deselde stêd as dêr’t
Esther nou wier, mar det er mids yn syn stúdzje weromkomd en wer yn de
boerkerij tein wier. Ynienen skeat it yn Sjoerd op det dêr yn ’e
frjemdte hwet bard wêze moast dat Liuwe sa makke hie as er nou altiten
like, hwet ûnbigrypliks en skrikliks, en hy dreamde dy nachts bang. It
tinken forliet him letter nea wer, hy fielde det it sa wêze moast,
sûnder to witten hwerom.
Op in moaije hjerstneidei det Sjoerd hwet yn it hôf to birêdden hie,
kaem it frjemdste. Djip yn tinzen oer syn siikjen de lêste dagen en mei
syn hiele oandacht war dwaend, dêr yet hwet mear út ôf to lieden,
skrille er ynienen op fen sêfte, streakjende toanen, tear en yn hjar
lytste trilling hearber; immen spile fioele. Mei al syn opmerksumens
harke er fierder; it hert bigoun him to jeijen. In wolken fen lûd like
der oer it hôf hinne en wer to gliden, sims stil glânzgjend fen
dreamerij en bliid oantinken, den rûzjend en triljend as in fiere
klachte fen de wyn, oant it lûd driigjend oanswolde en it hiele hôf
oerspraette mei de wyldens fen needlots-woedzjen, swier, brekkend,
ûntsettender en wylder; den rûze it skriklike stadich wei yn mylder
oertinken, sims yet grollich yn nou fortsjustere fierten. Do, linkenoan
waerd de klank fen it ynstremint silvriger, bisonkener, sang fen in
fiere dreamende wémoed dy’t de tinzen meinaem nei kriten fen frede
dêr’t de klachte lottere waerd yn oantinken; mar wer riisde it
tsjustere, al mar wer, de flok ynstridend tsjin de fortreasting, hate
opstigerjend tsjin de wémoed, in great en wreed wiksel-boartsjen
jimmeroan yn nije neirûzjende en oanboazjende wolkens fen lûd. Sjoerd
stie dêr; hy wist det it Liuwe wêze moast dy’t spile; hy koe him net
forsette tsjin de stream fen de lûden, hy gyng ûnder yn it
fioele-sjongen, en noch, yn dat ûndergean, bleau er fûl freegjen „hwet
mient er dêrmei, hwet moat dat, hwet bitsjut it!” Hy fielde det dêr de
iepenbiering wier fen hwet er forstean woe, _woe_ mei hiel syn krêft,
en nou kaem hja yn in tael dy’t er net forstie. Op ’t lêst wist er net
mear hwer’t er wier; hy wier sitten gien op in hast omwaeide apelbeam
dy’t yet mei in skoar omheech hâlden waerd; syn holle bidobbe yn syn
hannen, earst trieneagjend, do útskriemend sûnder him mear hâlde to
kinnen, sûnder to freegjen, yn it kleare witten det it sa goed wier.
Hiel it forline forriisde wer foar syn eagen, it doarp mei Anne en
Minke, syn tsjinst, de swarte mounle deun oan it ûnderroune leechlân,
frjemde ûntsjutbere skimen forwegen tsjin in silvrige eftergroun, yn it
formidden de frjemde, ticht by him, al it oare oerhearskjend, nou mei
great wûnder ljocht yn de stoarjende eagen. „Is it in minske dy’t dit
kin?” tocht er ynienen. Hy huvere, fielde him foar hwet frjemds oer to
stean, wier bang. De jountiid loek gear oer de ierde, de muzyk swige,
it waerd hiel stil oer it hôf.
Dy joune stried er by de jounbrogge om him neat skine to litten; it
stoarme yn him, de oaren liken allegear like rêstich. Earst tomûk en
fensiden, stadich mei hwet mear moed seach er nei Liuwe dy’t to lêzen
siet, deselde ynbannige earnst yn syn útsjuch. Do’t er skerp taseach,
like it him det der hwet mear glâns laei as oars oer dat deistige,
tinkende antlit.
Dagen nei dy joune bleau Sjoerd libjen yn himsels, doarst er it net
mear oan, Liuwe nei to gean lyk er de earste wiken dien hie. Hy tocht
nou det yn it bigjin allinne in soarte nijsgjirrichheit him oandreaun
hie sa yn de oar syn bistean ynkringe to wollen; nou’t er ealge hwet
dêr libbe, en er ienris wol net de krekte miening mar wol de greatens
en it wûnder fen de oar syn djipst libjen sjoen hie, kaem der in tige
skrutenens oer him, fielde er him ûntmoedige, ûnweardich, forslein. Syn
egen libben wier to sterk, fearre to gau wer omhegen om lang yn dy
dimmenens libje to bliuwen, mar do’t er de oar wer bigoun to siikjen
wier it net mear om dy hwet heimsinnichs to ûnttwingen mar om’t der
forearing yn him to libjen komd wier, en diel to hawwen oan de
rykdommen fen sa’n bistean him hwet ûnbirikbers mar hearliks talike.
Sims ek, mei syn tinzen werom yn egen forline do’t de stoarm fen it
bloed yn him brûze en hy oan de seam fen minskene kriten forkearde,
fielde er hommels himsels ryk en hast sterkernôch om de oar tomjitte to
gean, mar as er it bisletten antlit mei de ivich swijende grize eagen
wer foar him seach, doarst er neat mear.
In frjemde oanhinklikens foar Liuwe oer waerd yn him wekker, sims in
ûnrêstich bisoarge wêzen as er him hymjen hearde ef wirch seach, meast
in langjen det dy driigjende swijsumens twisken hjar tobritsen waerd,
faeks ek in leed om de oar syn úthâlden fierôf-wêzen. Syn fielen,
frjemd mingsel fen forearing, meilijen en ljeafde skerpe syn waernimmen
yette, en hy wier mei gauwens wis det Liuwe him mei opsetsin ûntwiek en
eltse bitroulikens twisken hjar mijde. Hy wier sims eangstich: scoe de
oar, dy’t hy machtleas wier to trochgrounjen, him yn it wêzen sjoen
hawwe mei de foarste eachopslach en tocht er faeks min fen him? Hy
fielde det dat net wêze koe; oaren, frjemden dy’t earm en tsjuster
wieren yn hjarsels hiene, as hja alles fen him witten hiene, him faeks
smiten mei stiennen, mar dizze dy’t mear wier en wist, moast mear
forstean kinne en better forjaen. Earder leaude er det Liuwe, boeresoan
dy’t leard hie, him ta weismiten kearde om’t er him for neat goed achte
as wirk, neat hie greater kâns as det dat opsetlik mijen it ynstinktive
fielen wier fen it stânsforskeel dat hiel Fryslân forpestet. It like
him frjemd det sels immen as Liuwe dêr yet net oerhinne sjen koe. En
faek tocht er det er himsels alles ynbylde, det de oar mei him omgyng
as mei eltsenien, sletten for de hiele wrâld, dos ek for him.
Op in moarntiid det hja togearre yn ’t bûthús oan it boarnen wieren en
hy mei lege amers fen in stâl delstappe scoe mirk er det Liuwe, dy’t
foaroer to pompen stie, hommels fen kleur forskeat. In gleon read loek
oer syn wangen en foarholle, in pear tellen; do streamde it wer wei en
hy waerd wyt as in deade. De pomp stie mei hwet kreakjen stil, Liuwe
taestte mei de iene hân nei it hert, mei de oare striek er de mûrre
bylâns oant er him delfalle litte koe op ’e bûthúsbank. Syn eagen
gyngen Sjoerd syn kant út as yn eangst det hy it sjen scoe; mar dy mirk
dat net, smiet syn amers del foar de pomp en wier mei in pear tellen by
him.
„Skeelt der hwet oan?” frege er.
Liuwe loek effen mei de lippen, mar koe neat útbringe; der loek hwet
bitters en wylds om syn mûle, as wrokke er dêr tsjin yn. Sjoerd seach
dat effen oan, do krige er in ynjowing en helle hwet wetter yn in lokje
dat er him foarhold. De oar knikte effen mei de holle en dronk, earst
triljend, do rêstiger. Hy kaem wer hwet ta himsels, syn útsjuch waerd
wer lyk as oars, mar syn sikens gyngen noch ûnrêstich en hy doarst him
noch net forwege.
„’t Bitsjut neat, ik ha ’t faker” sei er, yet moeisum. „Ik wol net det
jy der oer prate.”
„Dat is goed.” Sjoerd sei it sûnder him to bitinken, heal bliid det er
de oar to wille wêze koe, heal ealgjend det dy miskien nou noch in pear
wirden loslitte scoe. Mar Liuwe seach foar him del, de lippen stiif op
mankoar, nei’t it like wachtsjend det Sjoerd him wer ôfjaen scoe. Do’t
dy, noch hwet forwachtsjend, nêst him stean bleau, kearde er de holle
hwet fensiden en sûnder him oan to sjen sei er, hird:
„Gean wer oan jou wirk.”
De triennen sprongen Sjoerd yn de eagen fen leed en greatskens. Hy
fielde det er him mei al syn krêft ynhâlde moast, scoe er net rou
útfalle en gekke dingen dwaen, syn hannen rôllen hjar op ta fústen; hie
in oar him soks sein, hy hie de amers derhinne keild en wier foartroun,
nou flime it leed det dizze him sa misjegenje koe, der trochhinne. Do
seach er wer nei Liuwe dy’t him noch net oereinjaen koe, en tagelyk
forstie er de leffens fen him nou hird to fallen.
„Ja” sei er do, en tagelyk kearde er him om, en forfette syn wirk. Hy
mirk det nou’t er tajown hie, de oar syn bittere wirden him alhiel net
hird mear oandienen. Der kaem in klear ljocht fielen yn him, hwet
foldwaning om’t er him witten hie yn to binen en it bigripen, det hy
nou greater west hie yn syn hâlding as de oar. Hy die rêstiger yn
himsels en mei mear bitrouwen syn wirk, hy hie it lokkige fielen fen
net mear de mindere yn alles to wêzen en it wier krekt eft er him
frijer forwege koe, nou’t er de oar ienris foarby komd wier, al hie dy
do ek himsels net west. By it middeisiten tocht er det Liuwe tomûk in
pear kear nei him seach en fen de weromstuit wier it nou himsels as
seach er dat sûnderdet it him folle skele koe, lyk Liuwe him eartiids
hâlden hie ûnder syn achtslaen; net ien fen beide sei hwet, en hja
wisten neat fen mankoar.
Dy jouns wier der op it doarp in politike sprekkerij. De ljuwe wieren
der hast allegearre strang rjuchtsinnich, yn it doarp wier gjin reade
ôfdieling noch neat, mar der wieren forkiezings op til, en de
Grifformearden stjûrden in yn steatssaken ûnderleine skoalmaster dy
krite bylâns, det er de broerren by hjar siel en sillichheit biswarre
scoe net wegerich to wêzen de Heare to tsjinjen by de stimbos. Sjoerd
teach dêr dy jouns hinne, minder om’t er forhope stifting op to dwaen
as om’t er witte woe hwet der omgean scoe, en as it him slagge dêr in
pear geastbisibbe jonges to moetsjen, to bisiikjen eft der fen hjar
kant neat to bigjinnen wier mei de oprjuchting fen in ôfdieling en it
fieren fen in krêftige reade propaganda. Hy seach forheard op do’t er,
hwet let yn de herberge komd, Liuwe allinnich sitten seach oan in
taffeltsje tsjin de mûrre oan, sljuchtweihinne forklaeid, en dúdlik him
wer mei opset sin fen de oaren ôfsûnderjend. Hy bisleat sels hwet
efteroan sitten to gean, det Liuwe it each net op him hie, en yn de
inkelde rûzige minuten ear’t de foarsitter God’s seine ôfsmeke oer dit
ûndernimmen ta syn eare, bisocht er by himsels út to meitsjen hokfor
rjuchting hja by Aysma’s tadien wieren. Tsjerksk wieren hja dêr net,
mar in kearmennich hie Sjoerd Liuwe yn de keamer lêzen sjoen yn in
tsjok boek, dat grif in bibel wêze moast.
De seal wier fol boeren en arbeidersminsken, hirde, rûge antlitten hast
allegearre, mei sims in bleek gesicht mei djip-sonken glânzgjende
dwepers-eagen dêrtrochhinne; de boeren dy’t bymankoar sieten wieren
hwet better útrist yn hjar swarte klean en praetten hwet lûder mei gâns
dominijs-wirden troch hjar Frysk, de arbeiders liken dimmener, hiene
hwet mear fâlden yn it antlit en de âlderen gyngen roungear. Allegear
smookten hja tige, det wolkens reek mei gauwens stadich hinneweagen oer
en twisken de hollen; de glêdde en ronfelige hollen fen it bistjûr
forlearen hjar yn de walm. In wolken fen reek ringe ek nei it sté dêr’t
de sprekker stie, efter in boerdtsje; efter út e seal wei like it hast
plechtich, eft men swietrokige wjirk barnd hie for de reedner. Mar dy
brimde sims gâns, en do’t er los kaem en de útnimmendheit lofsong fen
it swarte biwâld, dat him wakkere fortsjinstlik like to meitsjen for de
sinding, de bysûndere skoalle en de seedlikheit, kreake syn stimme as
hiene de reekwolken fen tsjien eardere gearkomsten hjar alle gloede
binomd en as wier hja joun foroardiele yn dizze lêste pleach fen it lân
fen tsjusternisse ûnder to gean.
Do’t de reedner sletten hie mei in amper hysterysk birop om de
bigjinsels dy’t yn de Heare woartelje, ek dizz’ kear mei mannemacht by
de forkiezing foar to striden, âld en jong, earm en ryk, rekkenskip as
hja hjir allegearre for skildich wêze scoene, wier it ta oan it
bisprek. Nimmen koe oer dit kleare pleit yn to bringen hawwe, achte de
foarsitter, en hy wier der wis fen forgees nei tsjinakselers út to
sjen, do’t Liuwe Aysma nei foaren stoep, him oer de bistjûrstafel bûgde
en him opjoech for debat. Ynienen loek der in izige stiltme oer de
seal, forskate eagen seagen him ûnforhoalen fijannich oan, inkelden
glimken sedich-spotsk; efter yn de seal wier ien do’t er dy namme
hearde, oereinsprongen, en hold nou de sikens yn. Liuwe, bihindich en
fyn nêst de grouwe swart-jassige mânljue, mar bleek en hiel rêstich,
socht effen mei syn eagen de seal roun, oant hja foun hiene hwet hja
sochten, en er, mei in licht omkrôljen fen syn lippen, effen de holle
efteroer smiet. Do bigoun er, klear mar stadich, himsels bitinkend,
siikjend nei de wirden dy’t syn tinzen it krektste dieken. Mar mei
gauwens kaem der hwet yn syn tael to triljen, fûlder en machtiger wâlle
de stream fen syn wirden, yn syn eagen briek in glâns los dy’t hjar
ljochtsjen die fen bisieling, alles oan syn antlit wier yn forweging,
tsjûge mei, libbe.
Sjoerd koe syn tinzen net by de miening fen de wirden hâlde. In pear
dingen fong er op, hy hearde ho’t Liuwe spriek fen de wirden fen de
Hear tsjin de rike jongfeint, oer it fordjerlike fen it hillich
Boadskip to meitsjen ta ynset fen steatkindige striid, oer de
ljeageneftichheit fen it regearjende skyn-Kristendom, det neffens Jezus
de minsken gelikens wieren en det syn geast net huze yn tsjerken, mar
dêr’t men dat as libjende wierheit forstie. Sims klonk sa’n wird ta him
troch, it makke in stoarm fen blidens yn him wekker dy’t er net wist ho
to uterjen, den krong er dat djip yn syn hert werom en hy twong himsels
fen it libben yn Liuwe syn wêzen him neat ûntkomme to litten. It
ûnmûglike wier dêr, hy seach de oar yn syn wêzen; in opfleagjende
skrutenheit die him sims de eagen wer delslaen. In waerm en wûnder lok
trochtrille him, as wier de poarte fen in great ryk iepensprongen en as
siigden der nou streamen ljocht op him oan, en hy, de forsmiten heiden,
fielde in twang yn him syn hannen út to sprieden nei omheech, fen tank
for it delskinen fen dizze sinne. Al it oare om hjar hinne sonk wei, ek
Liuwe tocht net mear om de minsken dêr’t er for spriek; de ien joech,
de oar harke, en hja wisten fen mankoar.
Do’t Liuwe dien hie en inkelden skruten yn de hannen klapten, krong
Sjoerd troch de mânljue hinne, nei foaren, en griep syn hân; hja seagen
mankoar oan, en laken. Inkelden om hjar hinne loeken oan de skouders en
gnoarren fen ôfpraet wirk, de measten seagen foardel, hwet biskamme.
De politike skoalmaster achte in andert oerstallich; hy miende
útslutend for broerren yn de geast it wird fierd to hawwen, en liet it
de Heare oer ûnleauwenden to oertsjûgjen. De gearkomste waerd
tichtmakke, de minsken forlieten de seal, Sjoerd en Liuwe gyngen mei ’t
lêst. Inkelde ienfâldige arbeiders bleauwen fen siden by de stoellen
stean en lieten hjar foargean, mei jounsizzen. Hja diene bliid biskie,
en stoepen de joun yn, meimankoar.
Mei rêdde stappen rounen hja de doarpsbûrren lâns; oant de púnwei sei
nimmen in wird mear. Kloftkes pratende ljuwe hellen se yn en strûsden
se foarby, sims in spitich en gnoarjend lûd opfangend dat op Liuwe syn
drystens sloech; den kearden hja tagelyk hjar om en seagen yn it
moanljocht de fûterer laitsjend oan, dy’t hjar net sa deunby forwachte
hie, en him forbiet ef hjar hwet efternei joech. Bûten it doarp kaem de
wyn hjar tomjitte, rûzich en sterk, de wei laei der blank en skjin foar
yn it wite nachtskynsel. Sjoerd roun yn in dream, bisocht omdôch wer
master to wirden oer himsels, fielde in frjemde waermens taweagjen om
syn hert dy’t eltse kear wer tanaem as er om de oar en syn wirden
tocht. Earst do’t hja al in ein op stap wieren, mirk er oan Liuwe syn
hymjen det dy moeite hie him by to hâlden; hy naem hwet stadiger trêd
oan en bitocht det er de oar, dy’t yet waerm wêze moast, net dalik ta
petear twinge mocht. Hie it net west det er eange det Liuwe him tonei
wer fierôf reitsje mocht en det er dos nou ta klearrichheit mei him
komme mòàst, syn lok hie greaternôch west om wirdleas nêst him to gean
oan de boerkerij ta, yn oantinken fen hwet west hie.
„Jy ha forstien hwerom ik joun dy dingen sei?” frege Liuwe ynienen,
hwet triljends yn syn lûd.
„Om de striid dy’t yn ús libje moat.” Hy moast it sizze, fielde det
hwet hjar gearbrocht hie foaroanstean moast, mar hope mear.
„Ek, ja. Mar ik haw ek tocht om fen ’e moarn, do’t ik sa útfoel. Dat
like minachting, hird, mar tsjin elts scoe ik sa west hawwe. Ik moast
allinne wêze.”
„Dat bigriep ik wol.”
„’t Hat my de hiele dei yn ’e wei west, men moat yen ynbine kinne, sels
den. Nou wier ik bliid det ik hwet fen myn tinken sizze koe, jy witte
nou det der gjin hearskerij mank wier. Wy binne wer goefrjeonen?”
„Ik ha jo der net op oansjoen.”
„Den binne wy wer lyk en kin it wer wêze sa as earder.” Hy sei it as in
forlichting, it harke Sjoerd ta as wier er bliid det er wer nei de
iensumheit gean koe. Effen wier er forslein, do biet er op syn tosken;
hy hie bisletten det er Liuwe net ginne scoe him wer to ûntflechtsjen
en forstie, det as er him nou net jilde liet, deselde ûnfornearbere
fierens foartdalik wer twisken hjar ynlizze scoe.
„Dat kin net” sei er foars.
„Hwet?”
„Wer dat omgean fen jister en earjister. Dat is net to fornearen, sa
meimankoar to libjen. Ik haw it al lang oars wollen, mar ik koe jo net,
der wier gjin hichte fen jo to krijen. Nou, sûnt joun, haw ik dat wol.
Ik kin jo net mear mei frjemde eagen sjen, ik forjit dit dochs net
wer.”
„Yn de omgong bin ik altiten stroef. Der binne mar inkelde tiden det ik
my jaen kin sa as joun. Ik stean mysels yn de wei.”
„Den moasten jy dat foroarje. Mar it is ûnwier, jy binne út josels net
sa bisletten, sa as joun en as jy spylje, dat is jou wiere wêzen. Mar
om de ien ef oare reden dy’t ik net wit, nimme jy deis sa’n hâlding
oan, tsjin eltsenien. En hawwe jy niis net sein det men yens neiste in
broer wêze moast?”
Sjoerd seach him, mei dat to sizzen, fensiden oan, en mirk yn it wite
ljocht det syn mûle hwet forloek. In skoft lang roun er swijend, hy
like om wirden to siikjen, der moast in stille striid wêze yn syn
ynderlik. Do sei er, hwet moeisum:
„It scoe my moeije as jy my dochs for heechhertich oanseagen. Ik kin
allinne mar sizze det der hwet is dat my fen alle minsken fier hâldt.
Dat moatte jy earbiedigje.”
„Joun op ’e gearkomste hawwe jy it for dy kliber minsken wol britsen.
Den kin it twisken ús ek sa. Ik bin net minder as dy ûnwittenden.”
„Krekt om’t hja ûnwittend binne hawwe hja nedich det ien bisiket hwet
witnis yn hjar to weitsjen.”
„Krekt om’t ik hwet mear wit haw ik nedich det ien my foartsterket en
my forstiet.”
Hy wist net hwa’t him dy wirden foarsei; earst do’t er se sein hie,
fielde er ho goed en wier se wieren. Liuwe bleau swijen, like der gjin
andert for oer to hawwen. Hy fage mei de hân oer de foarholle en it
wier as wanke der hwet eangst yn dat gebeart; hy seach nei de loft en
de stjerren en Sjoerd tocht det der yn syn eagen ek in bange gloede
laei. Hy bigriep nou hommels det er mei syn driuwen en opjeijen faeks
ûnminsklike wreed wier, mar moast fierder, om’t it tinken nou yet
weromdreaun to wirden, him to mânsk west hie.
„Jy moatte my forjaen” briek Liuwe hjar swijen. „Ik wier by heites
biwend rekke oan minsken dy’t neat fregen as op tiid hjar fortsjinst,
en my yn myn wêzen lieten. Ik hie klearder sjen moatten hofolle mear
minske jy wieren, en dêr yn myn hâlden en kearen nei dwaen. Ik moat jo
faek to koart dien hawwe. Mar as jy witte det ik goed fen jo tink
scille jy my myn iensumheit wol ginne.”
„Ik tink net det ik it kin. Ik ha dêrtsjin fochten fen det ik jo for it
earst goed sjoen hie. Alles haw ik neigien fen jou sjen en jou dwaen,
der forloek gjin spier op jou gesicht ef ik mirk it. En dat scil sa
bliuwe salang’t ik by jimmes bin.”
Liuwe bleau stean, de grize eagen nou ljochtsjend fen frjemde steurdens
en se fûl stjûrend nei de oar syn rêstiger, mar fêst-birette eagen,
dy’t net delslein waerden.
„Siz den hwet jy krekt wolle. Dit is sa net út to stean.”
„Frjeon wêze, iepen en klear, sa as dat moat. Jy kinne net folle fen my
witte, mar jy hoege net op my del to sjen, yn neat. Myn libben hat
swier west, oars as fen de ljue om yen hinne. Ik kaem by jimmes nei
gâns leed en striid, ik haw nea ien yn myn libben hawn dy’t my alhiel
forstie, ik wist det jy it koene. Ik biddelje om neat, mar ik siz jo
det ik rjucht op jo haw. En ik bin net earm, ik kin meistride en
meilije. As wy dy’t beide sa stipe nedich hawwe en sa nêst mankoar
stean, nou noch elkmis syn wei wer gean, kinne wy ús like goed
fordwaen. Dat is weismiten fen it bêste.”
Hy wier klear en fêst ynset, mar meinomd fen syn tinzen en syn
wrakseljend hoopjen, waerd syn lûd ûnwisser en kaem der in fochtige
glâns yn syn eagen; hy fielde de forleging, hy dy’t safolle
trochstriden en trochlibbe hie, om in bytsje frjeonskip fjuchtsje to
moatten, al wier it by hwa’t him it ljeafst wier. Liuwe suchte swier
op, seach fen him ôf en joech him wer fierder; gâns in skoft swigen
hja, wylst Sjoerd, woune, him al minder bitwinge koe en triennen fen
spyt opkommen fielde.
„Ik wit net” sei Liuwe op ’t lêst, „hwet jo sa praten docht. As it oars
net is as det wy beide iensum yn it libben stean en nou mei bigripen
mankoar de swierens fen dy iensumens hwet forsêftsje kinne...”
„Jy dogge neat as ynfreegjen op myn en allinne myn fielen. Ik woe det
ik wist hwet ik oan josels hie. Ho’t jy fen my tochten.”
„Sûnt lange tiid” sei Liuwe stadich, „haw ik net mear fen in minske
hâlde kinnen, hwa den ek. Ik kin net sizze hwet myn libben tsjuster
makke hat, mar ik haw sa’n barnende hate hawn yn alles om my hinne, det
ik my for ivich frjemd oan de oaren wist. Ik seach net ienris mear nei
hjar, it makke my wé; ik libbe allinne mar nêst, en bûten hjar. Der
wier in gerdyn twisken my en hjar fallen. It is eft jy it wer fensiden
slaen wolle. Mar myn eagen scil dat blyn meitsje, ik kin it net mear.”
„Mar hwet bitsjut den jou spyljen, jou sprekken tojoune, jou laitsjen
niis?” Hy hâldde syn siken yn, hy mirk det er neijer kaem, en woun.
„Dit det ik stadichoan bigriep det dat tsjuster en dy hate net goed
wier, det men tsjin alles yn ljeafhawwe moast. Ik libbe op ’t lêst, en
haetsjen wier myn wêzen net. Yn myn iensumheit haw ik ... God socht. En
syn ljocht is stadich wer yn my to skinen komd. Noch wieren de minsken
my frjemd, mar him koe ik tsjinje. En sa kaem ik wer stadichoan
tichter.”
„En wylst bin ik jo tomjitte gien en ik haw jo hân nomd en wol mei jo
fierder de wrâld tomjitte. Lit ús gean.”
Noch in skoftke bleau Liuwe stil. Do sei er, moeisum:
„Sa frjemd is dit allegearre. Jy lykje sterker as ik, ik kin jo net
bûten keare. Ik hie net tocht det ik sa’n ien noch moetsje scoe. Wol
bin ik der bliid ta, ik wit ek wol det wy nou in moaijer tiid tomjitte
gean. Mar haw gedild mei my. Ik kin jo net alles sizze...”
„Ik woe dochs det der neat mear twisken ús ynstean scoe.”
„Ik kin net, nou noch net. Jow my tiid. Miskien scil ik it ienris
kinne. Wêz nou tofreden mei hwet jy woun hawwe, det wy net mear as
frjemden meimankoar omgean scille en bisiikje mankoar al better to
forstean. Nou’t ik wit ho sterk jy binne, bin ik wol oars oer jo to
tinken komd, ik sjuch jo nou oars en bin bliid det ik jo nêst my ha
scil. Twing my nou net ta hwet ik noch net sizze kin, dat scoe alles
brekke. En it is sa sa goed.”
„Den is it my sa genôch.”
De wei troch it lân rounen hja swijend, elts yn syn tinken wer allinne,
mankoar noch to frjemd om sûnder wird to forstean hwet der nou yn de
oar libbe, mar ien yn de skrutene blidens om de jonge frjeonskip dy’t
opbloeid wier twisken hjar greate, stridende minsklikheit. Hja fielden
nou ynienen ek neat fierders sizze to kinnen, hja seagen der ûnwittend
tsjin oan mankoar wer mei gewoane eagen to sjen en dochs mei it witten
fen hwet hja inoar ûnthjitten hienen. De loft wier stjerreklear, as in
dizige wite bân teikene de Môlkwei mank it djip-nachtlike blau; in
moanne-witens dreau yn silvrige gazen troch de loft, blonk oer de
blank-riljende sleatten, forskeat skimich oer it lân as in reagich
wolkje de streamend-wite ljochtskiif foarlâns dreau. Hjar tinzen kamen
ta sêftens, de striid bêdde him del en it nije libben laei goed en
frede-djip twisken hjar. By de homeije kearde Liuwe him mei glânzgjende
eagen nei Sjoerd, en sei mei triljende lippen mar nou mei in klear
bitrouwen det it by de oar feilich wier:
„It wier hjoed de dei fen dyjinge, dy’t....”
Hy koe net mear, syn lûd bijoech him; hy biet op syn lippen, syn antlit
loek gear en it wier eft er útboarste scoe. Do seach er wer nei syn
frjeon, en mei de earmtakke op ’e hiemshikke, wraksele er mei himsels
om him yn to binen. Hy waerd wer sterker, it wier him net mear
oermânsk. Do rjuchte er him heech op en wylst syn eagen fier oer it
fjild gyngen, sei er by himsels:
„Altiten is it der noch, dat oare, en it scil der altiten ek wol
bliuwe. En nou, nou dochs to sizzen, det alles, alles goed west hat en
is. En dêrfor tankje to kinnen, for it leed ek. Frjemd det it nou net
mear ûnmûglik liket.”
Sjoerd koe dy nachts net sliepe; in frjemd fielen trochtrille him dat
him nou de triennen yn de eagen twong en den wer stil foar him út
glimkjen die. It wier net hwet er yn syn moaiste dreamen oer Liuwe
forhope hie, det dy de poarten fen syn siele iependwaen scoe en him, de
earme, ynlitte om him ryk to meitsjen mei al syn greats. It wier det er
in stik fen dy syn leed ôfnomd hie, him it wer mûglik makke hie to
libjen, en sels, ûnder dy nije lêst op syn skouders, fielde ho licht it
droech, ho hearlik jong er wier, en sterk.
Dizige winter kaem oan en makke de romten yet forlittener, de kleuren
fen de ierde yet fealer. Yn wide sprieding, fen kym ta kym, leine de
fjilden to slomjen, ûnder it hinne en wer skouwen fen wolkens en
misten; foriensume stiene de pleatsen twisken hjar keale mantels, dêr’t
de wyn ûnwennich troch rûze. Sims dreau de himel klear, en op in joun
gyng de sinne ûnder in bloedread en lôgjend giel, hjel útstreamend
boppe it doarp en syn swiere toer, de finsters in skoftke bitsjoenend
yn oerdiedige skittering; as de toerslach dêrtrochhinne foel like it in
stik fen lang-ôfstoarne wrâld wer forriisd, mei sûmbere bitsjuttings
oan ’e kym fen ruters dy’t op snuvende hynsders oanstoarmen yn bloedige
sfearen en dêrtsjinyn de weitsrop fen de klok oer it lân. Sa wier it
inkelde kearen det der froast op til like, mei ljochtmoanne; den kamen
wer de dagen, lange fortretlike rigen det it ljocht in forlijde dream
like, heal dwêst troch drôfenis fen triennen.
Mar de feinten op Aysma syn pleats tochten net om hwet ienlike minsken
faek swier weacht, in nije strieljende wrâld wier yn hjar herten
forriisd, by de ien noch wol fûl stridend tsjin it bihearskjende
tsjuster yn, mar by Sjoerd ien machtich opbrûzjen fen sterk jong libben
dat útsloech yn syn eagen en syn kinnen fordûbele. Hy wier net mear
allinne, hy waerd forstien. It wûnder wier dêr det dy greate
ûntsachlike wrâld dy’t machtich wier troch hjar dommens en wreed troch
hjar leffens, dy frjemde biheining fen libjende wêzens, allegear
longerich op bloed en krêft fen hjar neiste, him allegear fijannich as
de wriggen dy’t yn neare tiid him de sliep ûntkearden, det hja ien, ien
minske bisleat dy’t lijde en stried as him, dy’t syn hoopjen dielde,
him forstie sels dêr’t er himsels amper forstean doarst. En dizze libbe
nêst him, yn ien gearlibjen, eltse dei koe er by him wêze, eltse ûre
nei him ta gean en sizze „bigrypstou dat? hastou dat ek sa tocht?” En
as den it bigripen der wier en de oar glimke fen ja, den wier der in
nije wierheit berne, wierheit dy’t gjin stream fen tiid mear weispiele
koe yn syn ûnthâld, den wier der nije fêstens jown oan syn libben, nije
rykdom oan syn forstean.
Hy fierde in greate striid om himsels yn ’e macht to hâlden, det er net
to optwingerich wirde mocht, net to lûd en drok by Liuwe syn
ûntobritsen earnst dy’t de stiltme ljeave. Hy hie safolle to sizzen,
tsjin nimmen hie er him ea útprate kinnen. En hy fortelde alles, alles,
bytiden yn eangstige ûnrêst det er de grounslaggen fen hjar frjeonskip
forniele scoe mei safolle dat him nou lyts en ûnweardich like, en
jimmer mirk er det it dochs hâldde, dochs bleau, en sei er wer
mear—neat woe er for himsels hâlde, syn hiele hiele libben scoe hy
hawwe dy’t de iene yn syn libben wier. In set lang skrille er werom for
de dingen dy’t er yn earder tiid ûnsuver yn him wist en dêr’t er ûnder
de earnst fen dy grize eagen him ilindich for skamme, do bitocht er ho
ûnweardich en falsk it wier net it minne fen yensels to sizzen oan ien
dy’t yn yen leaude, en deselde jouns frege er Liuwe mei nei bûten en
sei, hy moast him noch hwet sizze. Liuwe harke, noch earnstiger, sei
him det it him genôch wier yn syn frjeon to leauwen lyk er nou wier,
det hwa’t troch sûnde tein wier en dy’t wraksele hie om wer to rizen,
better as hwa de wierheit en de genede fen it goede forstie; dochs like
er effen hwet leed to hawwen. Neitiids wier er wer lyke myld en Sjoerd
kastijde yn syn tinken himsels mear as ea det er him njunken de oar yet
sa bidoarn fielde en waerd heal wyld yn syn fortwiveling, eft er him
den nea weardich wêze scoe.
Linkenoan, mei’t Sjoerd troch folle striid, eangst en lok hinne syn
hiele wêzen útstoart hie, do’t er tinke koe: „nou sjucht er my
hielendal, yn myn lytsens èn myn goeds” bilune de oerstjûrens fen dat
optwingende jaen en kaem der mear stiltme twisken hjar. Mar yn dy
stiltme riisde, in wite blom yn tear oerwyndere herne, yet oar en heger
moais: fen de soargen en it tinken om himsels ûntslein, frij oer foar
alles, foar God en de minsken en de bisten fen it fjild om’t nou immen
fen him wist, bigoun er Liuwe sels al klearder en suverder to sjen, net
as de bitroude dy’t alles fen him oernaem, mar as de minske yn syn egen
suvere wearde. Do learde er stil to wirden en sêft, en syn hert waerd
ien mylde forearing. Noch wist er net hwet de oar syn libben britsen
hie, mar hy skrille in jountiid op do’t er bitocht, det wylst hy ta it
lok komd wier troch de bitrouwende stipe fen in oar, Liuwe yn de
folsleine iensumheit syn greate striid hawn en syn oerwinning bihelle
hie, sûnder ien minske syn stipe. Do like syn egen hiele libben him
hommels earmtlik en neatich, en it tocht him det er ûnrjucht tsjin
Liuwe bigien hie, det er dy net jimmer as de sterkste heech boppe him
field hie. En it wie’ ommers wier: ho tige deselde wier Liuwe bleaun as
eartiids, hofolle klearder en greater wier hy yn syn earnst dy’t bleau
lyk as hja wier, as him dy’t in opslûpen jonge like mei syn oerstjûrens
en den wer forbûkens! Dochs wier der nou in stille glâns yn Liuwe syn
eagen; syn, syn wirk wier dat.
Hja gyngen nou alhiel as gelikensen meimankoar om; Sjoerd wier mear yn
de foarkeamer, mei Liuwe by syn brede rigen boeken as yn it milhûs.
Sjoerd wist det it net sûnder striid gien wier; de boer koe soks skoan
oansjen, hy mirk ho’n goed dit ek Liuwe die en glimke om de feinten
hjar omgean mei mankoar; mar mei Anke hie it biswieren joun, hja liet
hjar net fen it bigjinsel ôfbringe det elts op syn stân en plak bliuwe
moast, en ienris, in middei by ’t iten, liet hja hjar, ûnoertocht en
hastich, in mennich hirde dingen dêroer ûntfalle, dy’t makken det Liuwe
oerein gyng en foartroun. Dyselde middeis hie de boer for syn dwaen
ûngewoane lang mei hjar yn de foarkeamer praet; do’t hja wer forskynde,
like hja gûld to hawwen en hja knoffele in kopke, sa staetten de lea
hjar oan, mar hja wier gâns sêfter en sei by it tédrinken hommels det
hja tofolle sein hie, sûnder to sizzen ho en hwerom. De oare ljuwe
seagen mankoar binijd oan, hja seach strak foardel en tiisde hwet mei
it kleedtsje ûnder it téblêd, en do’t men tocht det hja fierder gean
scoe sloech hja yn oar praet.
As hied er in fêst doel foar eagen, sa wijde Liuwe him yn de wrâlden
fen it skreaune en de kinst yn. Meimankoar bipraetten hja alles hwet
hjar oandacht naem, de forhâldings fen minske ta minske om hjar hinne,
de wearden fen minsklik fielen en it uterjen dêrfen, de frjemde
twaspjalt yn Fryslân twisken it egen folkslibben en it frjemde dat der
as in net oer taleit; by hjar great forskeel yn wêzen wieren hja beide
Friezen, hiene beide mear fen de wrâld sjoen en seagen hja goeds en
binypts fen it egene dêrtroch nammersto klearder. Sims spile Liuwe him
foar, net faek; it wier him hast to machtich dêr rêstich by to sitten,
hy moast dat hearre lyk dy jouns yn it hôf, en djippe muzyk makke him
yet to ûnrêstich, hy wist der him yet net ryp for. Mar hy hie nedich
Liuwe lêzen to hearren, syn dimmene rêstige wize fen de dingen to
sizzen, fersen, toaniel; den siet er wer to harkjen as yn syn
jongestiid by Minke, it kin yn syn hânsdobbe, de knibbels oer mankoar,
de eagen net fen Liuwe ôf. Hwet hy sa hearde, song nei yn syn earen; al
ûntkamen de wirden him ek wer, it rhythme bleau, waerd it winst fen syn
wêzen. En de tiid kaem det er sims sels sa de dingen bigoun to sizzen,
sêft foar him út as er allinne wier, yn dy moaije effene streamings mei
de optilling fen it rym dêrtwisken, dêr’t er wet noch wizânsje fen wist
mar dy’t wûnderlik licht yn him to libjen kamen. As er tocht om syn âld
doarp en Liuwe, den rigen de wirden hjar hast fensels sa.
Ienris, nei melken, det hja wer sa sieten by it skimerich ljocht fen
piano-kjersen yn de foarkeamer, wylst bûten de wyn rjucht op de blinen
stie en Liuwe tsjin it swart glânzgjende ynstrumint oan to lêzen siet,
syn antlit en eagen fredich forljochte fen it rêstige skynsel, kaem
Sjoerd klear en rêstich to tinken oer de aerd fen hjar fielen. Sims,
allinnich, hie er dêr earder op trochtinke wollen, mar den kaem der
hwet skrutenens yn syn tinzen, hy glimke en tocht oan hwet oars; nou
doarst er him dêr better yn bijaen, de frede om him hinne like
festichheit dêryn. Dochs hied er striid; it wier him as rôp er mei syn
neifreegjen hwet wekker dat net hearde en dat er dochs net fen him
ôfsette koe. Ynienen frege er Liuwe:
„Leaustou det it goed is oer alles nei to tinken?”
Liuwe die syn boek ta. „Ja,” sei er, „as men mar djippernôch tinkt.
Tinken is nedich om yens fielen to forstean.”
„Mar as men mei dat tinken spoeken wekker ropt?”
„Tink den fierder, den komt men dêrtroch mei goede geasten wekker to
roppen, en den is alles goed. It is it heale tinken dat sa bidjerlik
is.”
„Ho neamstou den it fielen dat twisken ús twaën bistiet.”
„Dat witst wol, dat is frjeonskip.”
„Dêr haw ik oer neitocht de lêste dagen. Langlêsten hast ris sein,
frjeonskip wier dat fielen nei hwet men oan yensels yn oaren gelikens
wist. Mar sa is it by my net. Ik hâld fen dy omdetste oars bist as
ik.—Yn Gods namme, hwet hast?”
Liuwe wier oereingien, it like him near to wêzen; hy joech him lynjend
oer op ’e piano en sykhelle moeisum; Sjoerd forwachte, kjel, itselde as
dat er ienris yn it bûthús meimakke hie. Hy seach ho’t Liuwe wraksele
om himsels to bliuwen, de foarholle gearlitsen, de eagen ta. Do hearde
er, swier en stadich:
„Ast om my jowst, praet den nea wer sa. Dat makket it bitterste wer
wekker, den krijt myn hate wer macht oer my. En tink ek nea wer sa, ast
net wolst det it like ilindich wirdt as it nou moai is en ljocht.”
Sjoerd doarst der neat mear tsjin yn lizze, wachte effen, brocht do it
praet op Liuwe syn nearens, det er dêr yn forsjen moast, en kaem op it
oare net werom; mar djip yn him fielde er hwet skriemen, hwerom wist er
net, as wier er hwet kniesd. Dy jouns laei er yet lang to tinken om it
forskeel det er, by alle oerienkomst, nou ek twisken hjar wist en dêr’t
er tonei nea mear blyn for wêze koe: det in tinken, dat for him hjar
frjeonskip yet riker makke, by Liuwe op sa’n forset stuite en dy sels
flokber like, sà det er dêr net mear op trochtinke woe, wylst hy sels
yet effen earder sein hie, det as men moed hie men op ’e boaijem fen
alles it ljocht weromwoun. Tagelyk skeat it him yn det er yette nea
alles fen Liuwe wist, en hy seach de greate kar, nou altiten sa fierder
to libjen mei dy heimnis twisken hjar yn dat alles skeine scoe, ef
sizze det nou de tiid komd wier det er witte mòàst, om ek fierder
bigripe to kinnen. Hy naem him it lêste foar, tsjin Liuwe syn frjemd
warskôgjen yn, en joech him do nei de sliep.
Do’t er, de oare joune, wer yn ’e foarkeamer kaem, mei syn doel klear
foar eagen, bleau er by de doar forheard stean. Liuwe siet op in sit
oan de tafel, en nêst de piano, op itselde plak dêr’t Liuwe jister line
hie, stie, krekt sa biskynd fen it kjersljocht, in bloun fanke mei
earnstige blauwe eagen en in bleek antlit, dat just hjar eagen fen
Liuwe kearde en him taglimke. Liuwe gyng oerein en wylst er mei de hân
effen nei it fanke wiisde:
„Myn sister,” sei er, „Esther.”