IX.

De foarste dagen det hja thús wier seach Sjoerd hjar mei ûnwillige

eagen oan. Hy woe syn frjeon bihâlde, mei him allinne wêze, der wier

yet safolle twisken hjar to trochstriden, nou binammen; mar Esther

forliet hjar net as hja nei it birêdden fen it wirk praetten oer dingen

dy’t hjar ljeafde hienen, hja wier trochrinnend yn Liuwe syn selskip.

Sjoerd koe der net blyn for wêze det der in forstean en ien-wêzen

twisken hjar bistie klearder en djipper yette as syn frjeonskip mei

Liuwe, hja liken mear fen mankoar to witten en kamen inoar yn hjar

wêzen ek tichterby, earnstich en stil beide al wier it dúdlik det op

Esther net de flok fen in forhoalen forline woech. Oant nou ta hie it

stille greatskens yn him west det er Liuwe alhiel for himsels hie, sa

det syn oare sibben yn hûs hjar wisten to kommen yn it twadde plak, det

de frjeon de soan neijer stie as syn egen heit; nou nimt de famylje

hjar rjucht werom, tocht er bitter, en ik kin wer yn de skimer stean

gean. Hy koe net diele yn Liuwe syn stille blidens om de weromkomste

fen dat earnstige blau-eagige fanke, hy koe syn egen diel yet lang,

lang net misse, en fen de weromslach wier er deis yn it wirk sunich mei

it wird tsjin Liuwe, as fielde er him to koart dien.

En in joun do’t er langer as Liuwe for it ôffoerjen yn it bûthús bleau,

fielde er him sa delslein det er him foarnaem dizze ûremennich allinne

mei himsels to bliuwen en net nei foaren to gean. It wier gâns in

bislút en heal en heal fielde er, det er dêrmei gjin rjuchtlike wei

bigyng en earder lyts wier as great, mar syn greatskens wier wer sterk

yn him riisd, en waerd him oermânsk. Hy krige út syn kiste in pear

boeken dy’t er himsels oantúgd hie en bigoun to lêzen, mar hy koe syn

tinzen net by de wirden hâlde, der libbe hwet oars yn him, in frjemde

ûnklearens dy’t him binearje scoe as er se net utere; yn de dream wei

sleepte er de bank nei in herne, det er syn foetten der yn ’t lang oer

lizze koe en mei de rêch tsjin de mûrre lynje, krige in stik pompier en

in potlead en bigoun to skriuwen hwet yn him opkaem. Ho lang’t er sa

siet, wist er sels net; der wier in wûndere freedsume stimming om him

hinne en yn him, de sêfte lûden fen it hinne en wer skeuken fen de kij

en it swiere suchtsjen, nou en den, fen ien dy’t lizzen gien wier,

makken in stil gerûs om him hinne dat goed by syn tinzen foege.

Einlings bigoun er to fielen det er net mear allinne wier, yet ôfwêzich

mirk er de doar iepen, do seach er ynienen op. Yn de doar stie Esther.

Ynienen seach er ho moai hja wier. Sa’t it ljocht fen de lantearne hjar

antlit biskynde, fyn en bleek ûnder it sêft-goudene hier, de wilskrêft

fen hjar moaije, bisiele mûle timpere fen de dreame-glâns fen hjar

eagen, de holle hwet foaroer nei him ta, efter hjar it tsjuster fen de

tsjerharne, like hja oars en mear as in minske. Hy fielde det er

ûnrjucht bigien hie, oan hjar, en gyng mei in linige swaei fen syn

foetten rjucht op ’e bank sitten, syn antlit, yn itselde ljocht stil

útkommend yn de krêft fen syn linen en it striidbere om syn mûle, hwet

efteroer, syn blauwe eagen dêr’t it nou krêftich yn glânzge, earnstich

yn hjarres, in pear tellen mar. Do fleach it bloed him nei de holle, hy

fielde it syn wangen gloedzjend, lilk op himsels en skruten for hwet

hja dêr út tinke moast, èn om syn skriuwen dat hja fensels sjoen hie.

Do sei er, as útliz en teffens om him in hâlding to jaen:

„Ik tocht krekt oan goede dingen, dat kaem moai út; oars hiene jy my

kjel makke.”

„Jy hienen it fortsjinne” sei se, earnstich. „Hwet dogge jy hjir to

sitten? hwerom bin jy net by ús komd, as oars?”

Hy tocht eft er bisiikje scoe der for wei to winen, mar hja seach him

sa earnstich oan det er gjin heale wierheit út syn mûle krije koe.

„Ik bin der ljeaver net oer” sei er do, „en ik wit net ho lang jy hjir

bliuwe. Ik bin dochs ommers mar in frjemde.”

„Dat is net great, sa to praten. As jy sein hiene: ik hie jim net

nedich, ik woe de iensumheit, dat wier hwet oars. Mar dit! It is

egentlik minder as in ûnwierheit, hwent jy witte wol better.”

„Dat wit ik net,” sei er, yet dwers, mar hy bigoun him slim to skamjen.

„Ik moat jo hwet sizze” sei se ynienen, en gyng nêst him sitten op ’e

bank, de hannen yn de skerte. „Jy binne Liuwe syn frjeon, wier? Hy hat

my dêr hwet fen skreaun, en ik wier der hiel bliid ta; hy wier hjir

fierstento iensum, en foun út himsels de wei nei de minsken net werom.

Mar ik tink dochs det jy gjin goede frjeon for him binne, jy fergje him

tofolle. Jy witte net hwet er hawn hat, ik ek net hielendal. Mar jy

moatte goed en stil for him wêze, dat moatte jy my ûnthjitte; ik ha

sa’n noed mei him. As jy in bliedend en woune hart moeten, scoene jy it

den noch fierder opdriuwe, ef it to drinken jaen?”

„Hwet jy dêr sizze is skriklik” sei er kjel. „Tochten jy det ik sa...”

„Ik sei it nou miskien hwet sterk, it is mar in rie. Ik wit hofolle jy

fen him hâlde, en den is it better sa.”

Der gyng in skoft foarby foar’t er wer praette. Einlings sei er,

biswiere:

„It is krekt eft ik ynienen skild op my to rêsten fiel. Ik hie ’t nea

sa sjoen, Esther, om’t ik altiten meast om mysels tocht haw. Dêr moat

men wol frou for wêze, om sa fen in oar to hâlden. Mar ik mei al myn

optwingerij fen mysels, dat forflokte gedriuw ... Ik hie mysels wakker

heech, mar der is nou net folle mear fen oer.”

Hja stoep wer oerein, en treau de doar iepen. Hy folge hjar, en yn dy

telmennich wier it as wier alles foroare, syn fielen for Liuwe, mar syn

tinken oer hjar yette mear. Der hie oerginst mank west, yn it earst,

nou wier der in greate blide forearing yn to libjen komd. Do’t er dy

joune op bêd laei, hied er hjar byld aloan foar eagen, en it fornuvere

him ho earnstich hja wier en biret, en dochs mei in sa ljeafde-rike

tearens yn hjar eagen en hjar lûd. Hy moast by himsels sizze det er nea

earder in fanke sa sjoen hie, mei sa’n egen en ryk libben, en mei sokke

formogens hjarsels to forjitten for hwa’t hja ljeafhie; hja wier mear,

sa ûneinich folle mear as him. Liuwe syn sister, Esther, hy sei de

namme stil foar him út yn in kleare en djippe frede, wylst de sliep al

oer syn eachslidden loek.

Nea is der sûnt ien yn syn libben komd dêr’t er safolle fen leard hat

as fen hjar. Hja wier net mear in fanke út ’e âlde wrâld, ien dy’t oars

gjin tinken hie as egen ljeaflikheit, jonkheit en it bytsje fleagige

fielen dat hja for ljeafde hâldt, hja hie it libben oan hjar

ûnderdienich makke, hja regearre oer hjarsels en hjar tinzen mei in

kleare ljochtsjende wil; dêrby wier hja ynlik frou bleaun, minder

maklik hjar faeks jaend oan ljeafde for in man, mar dêr’t der ien kaem

dy’t hja, sels hja, yn hjar tinzen as kening earje koe, einleas en

great yn hjar jaen. Hwet de natûr oan de mânljue by de Aysma’s ûntkeard

like to hawwen, wilskrêft dy’t it libben bitwingt, op hjar foarholle

troane hja, hja wier yn elts wird fen hjar mûle, eltse glânzing fen

hjar eagen. Simstiden giet der sa’n frou troch de rigen fen minskheit,

en mar inkelden binne útkard om hjar to forstean, mar dy’t ienris hjar

dreamen dield hat en wit hwet der libbet efter dy sels-forkeazen

ynbannichheit en mei hjar it libben skôge hat, dy syn dagen binne as

forklearre fen in iepenbiering en hy forstiet it wûnder fen Ljeafde,

lyk hja forskynd is oan de Alden, en inkelde bigenedigen fen letter

tiid.

Hja brocht in frjemd fielen fen feilichheit en witten op de ienlike

pleats fen de Aysma’s. As fanke hie hja hjar mem jong forlern, hja hie

tiden lang triennen glânzgjen sjoen yn heite each dy’t hja wer droegje

moast mei tsjin him oan to krûpen en mei hjar hantsje troch syn hier to

streakjen; en Liuwe wier dêr, as jonge faek swak en stjûrleas, dy’t

honk by hjar socht as it libben him swier waerd en al syn swierrichheit

meibrocht nei hjar. En hja treastge as famke, soarge do’t se âlder

waerd, wekke as folwoechsen frou. Hja koe memme-wille en -noed mei in

hiem fielen forstean, hja wist hwet it wier al wier der neat groeid yn

hjar skerte, hja wier ryp yn hjar tinken do’t de oaren yet boarten mei

poppe en bisytsjen. Dy tiid, as de jounen kamen det Liuwe, siik, fen

koartse to woeljen laei op syn bêd, eang ljocht yn de glânzige eagen,

stoep hja ôf fen hjar sliepsté yn hjar nachtjurk, mei bleate foetten,

gyng den sitten foar syn bêd, en hjar wang stiif oan tsjin sines, tocht

hja om Mem en bea det dy mei hjar oer hjar jonge weitsje mocht. Ier hie

hja de striid kennen leard en it leed, en as fanke hie hja sims wirch

west, hjar rie ta’n ein det de simmer nea net mei in greate en sterke

dei strielje woe for hjar, mar den bitocht hja hwet der fen heit en

Liuwe torjuchte kaem as hja net sterk stie, en de lippen kamen yet hwet

stiver op mankoar: der moast dochs ien to sjongen gean yn it hôf, en it

is swier, bliid to sjongen as alles yn yen skriemt.

Earst letter, do’t hja hjar striid woun hie, do’t hja Liuwe rêdden hie

for it libben net allinne, mar ek for hjar witten fen rjucht en

greatens, kaem de tiid oan det hja mear libje koe for hjarsels en egen

wei troch it libben siikje. Yn in pear jier helle se mei hjar stúdzje

yn dêr’t oaren fiif oer dogge, en wer koe hja, tagelyk mei Liuwe dy’t

se nou fensels oan himsels oerliet, hjar om utens jaen to learen. Hwet

hjar dêrta dreau wist hjasels net klear, mar net follen koene hjar mei

learen bilykje, en hja hie in fielen det ho mear se yn hjar opnaem, en

de dingen fen it libben bifieme, nammersto mear se letter de minskheit

werombitelje koe. Hja libbe dêrfor mei hjar hiele wêzen, yet in skoft

yn bislach nomd troch de âlde soargen do’t Liuwe dochs wer

stjerrens-siik rekke en syn learen oerjaen moast, oars mei al hjar

tinzen by hjar wirk en ho’t hja letter de wrâld it meast ta seine libje

mocht. Wol libbe de toarst nei ljeafde sterk yn hjar en bleau hja

minske yn al hjar groei en striid, en gâns frjeonen krige hja dy’t mear

wêze woenen as dat, mar hjar glimkjen bleau sa stil en frjeonlik det

der nea tinzen wêze koene oer hwet oars, en wylst hja hjar herte ryk

makke mei alle greats en it ré hold to jaen as der ea in greaten dy’t

se ljeafhawwe koe, yn hjar libben kaem, birêstte hja as hja soks sels

in dreambyld tocht en iensum miende to bliuwen. Hjar antlit hie de

teikens fen wilskrêft en moed, mar yn de klearens fen hjar eagen

ljochte de glâns fen in ljeafde dy’t ré is ta alles.

Esther, dû greatste en meast bigenedige, dû scilst my forjaen as ik net

mear fen dy siz. Myn stimme is skruten, en net ik bin hwa’t dyn frjemde

hillige geheimen trochgrounje scoe. Ek de fûgel dy’t yn stiltme fen

moannenacht sjongt is mar in feal lichumke mei lyts forstean by de

greate kleare wijing om him hinne, ek de wyn dy’t de weagen sjongen

docht tsjin de núnder-ich, bidjippet it keine libben omlegen net. Noch

stiestû fier fen ús, heltinne fen nij libben, mar inkelden mank ús

scilstû de krânse lizze op it hier. Mar wy kinne dy riede en ealgje oan

it libben om ús hinne, en dêr’t de strider him in wei wrakselet nei de

takomst en him út ’e twang fen it hjoeddeistige bifrijt, dêr komstû him

ljeavjend tomjitte, dû dy’t de ljeafde bist as iepenbiering, biwekker

fen it heimnis, mar dy’t sels it heimnis ken.

Sûnt Esther hjar wirden kaem de âlde bitroulikens twisken Sjoerd en

Liuwe net wer. Beide kearden hja yn ta de stiltme, Liuwe nei syn

biwende fierten dêr’t allinne Esther nou mei dimmen trêdden ta neijere,

Sjoerd ta in djip en siikjend tinken oer it frjemde dat west hie. Hja

bleauwen as frjeonen meimankoar omgean, mar praetten oer djippe dingen

allinne as Esther yn hjarren selskip wier, en mijden it inoar folle oan

to sjen. Yn it bigjin wieren der jounen det Sjoerd der yet great leed

fen hie en bitter yn himsels tocht det sels dit blinkje ljocht him

forgind wier, mar frjemdernôch wier it him lichter to fornearen as er

mûglik tocht hie, as immen him dit in wikemennich earder sein hawwe

scoe. Syn fielen dat yn it bigjin opdreaun waerd troch hiel de

ûnbihearske krêft fen syn jonkheit, sûnderdet er itsels yn twang to

hâlden winske noch formocht, forstille ta in tear meilibjen yn syn

frjeon syn wêzen mei dêr mank hwet meilijen, fielen lyk as men hat for

ien dêr’t men fen hâldt en dy’t men yn soargen sjucht.

Hy tocht nei oer dy forearing dy’t er sels net bigriep, en de dizen fen

it ûnforklearbere waeiden útien en hy bigoun to sjen. Fen syn

jongesjierren ôf hied er stoarmich socht nei ien dy’t libben en striid

mei him diele koe, dy’t him treastgje scoe as er wirch wier, him witnis

jaen as er twivele, ien dy’t him trochgroune yn syn djipste wêzen; dat

wier hiel syn bihoef oan ljeafde. Sa’n ien woe er nêst him yn syn swier

mêdzjend bistean, sa’n ien allinne hied er weardigje kinnen opnomd to

wirden yn syn heechst en hillichst jaen; nimmen dy’t troch bigripen al

net ien mei him wier, scoe yn heechste ûren ien bliuwe kinne mei him

hwaens wêzen alle wrâldske krêften wearstie, dy’t ek by de greatste

stoarms fen ljeafde ûnforwrigber himsels bleau, himsels nea forlear. Yn

libben en folle mear yet yn tinken, hied er himsels frijfochten fen

alle bigryp dat twisken de minsken biwend is; en it iene det hy

folslein frij stie fen hjar tinkwize, makke him ta in útsûnderling, in

frjemden-ien, in wyld. It wie’ wier, hy hie de mienskip fen de minsken

forlitten, hy stie dêr, allinne yn de wrâld, sûnder de biwende seden,

sa’t God him skepen hie yn syn wêzen, striidber, wyld, greatsk en hiel,

hiel iensum.

Hy wist det de striid om in forsteander to winnen, syn libben sels ta’n

ynset hie. Hwet hie hy oars, hwêr hied er oars de genede winne kinnen

fen de krêft, dy’t sterk makket ta iensumheit? De tsjerke sei him neat,

de sêfte dildzjende Christus wier him, stoarmer foar alles en yn syn

striid jubeljend fen langst nei oerwinning, gjin egenheit fen it hert;

gjin machtich tsjûger yn kinst ef witnis makke him út ’e skiere ieuwen

los om it wird klinken to dwaen oer syn twiivlige wei, noch wier him it

ideael fen de Minskheit dat alles oerljochtet, iepenbiere. De bifrijing

moast komme fen de minsken om him hinne, de flok fen syn iensumheit

moast tobritsen, ien, ien moast de klibers forlitte en nêst him, de

iensume, stean, ien dy’t libje koe mei en njunken him yn djip folslein

forstean—yn skôgjen en witten in gelikense, ef, mocht God it jaen, in

greateren sels.

Do wier er gien en hy hie de frou socht. Men libbe op ’t lêst as

minske, eltsenien gyng dy wei, it spriek det hy, nei de jierren wol,

nei geast yet lang net folwoechsen, itselde die. Hy hie socht, sims

himsels foartsjoend det er foun hie, sims himsels wysmakke det it dy

wei dochs út moast en det er him den mar skikke moast nei de oar hjar

bistean, en al syn skynwinst wier wer forlern gien. Hy wist de

ljeafde-forbjustering fen tûzenen, yen weidriuwe litte, eage-blyn, nei

oanwâljende driuw fen stjerlike sinnen, forjitte det men skepen wier as

God’s bern, alle tinzen fen yen weidwaen det der yn de ûre fen it jaen

sels al gjin oanklachte tsjin yen riist; hy wearzge dêrfen. Hy wist it

dêrhinne libjen fen yet ûneinich mear: djip, djip yn it herte witte det

de twa net wirden binne ta ien, det de ienlings-ienlikheit bleau, dochs

fredich en yen skikkend njunken mankoar dêrhinne libje lyk as men yen

ek by bûtensteanders skikt, en den, by dy ôfstân yn it djipste, yet de

godslasterlike oerjefte fen de saseine folsleinens, dy’t ljeagen wirden

wier; hy forachte it. Hy hie roppen oan de himel en frege oan de séën,

en it bleau stil en leech allegear, en de fammen dêr’t er mei

forkearde, gyngen, en der kaem eangst en fortwiveling oer syn hert.

Do troch dy glei-tsjustere ûnwaersloft, de wearljochtflits, ien tel it

wrâldal yn ien stjerlik ljocht, hommels, ûnforwachte. En do’t er ta

himsels kaem, stiltme fen nijs, oantinken, sêftste mar for in jong

minske ek wreedste fieling, iensumheit. Ofstjerren fen hiel it âlde

bistean, in nije krite mei nije minsken, dêrtwisken hy, yet jimmer mei

syn âlde greate need. En út dat nije formidden ien nei foaren kommend

dy’t dy need like to nimmen, ien dy’t him forstean moast, troch de

adeling fen syn leed ef de wijing fen syn kinstnerskip mear as de

oaren, syn treast en rêdding dy’t er biwarje koe, de earste, iene kear

fen syn libben. Hy kaem nou to witten, en hy skamme him net mear nou’t

er alles bigriep, det er syn frjeon ljeafhawn hie. Hy skrille yet nou’t

de wolkens fen de striid en de ûnminsklike swierens dy’t dit forstean

oer hjar brocht hawwe scoe, syn tinzen oertsjusteren, en kearde him

fensels nei it sêfte streamende ljocht dêrfoaroer, en Esther hjar eagen

skynden yn sines.

Do learde er forstean det de lêste swym fen de need fen him weinomd

wier. Sêft en rêstich sloech syn herte nou’t er by himsels sei det syn

iensumens tonei gjin needlot mear wier, stil en klear bleau it yn him

do’t er to witten kaem det er hjar ljeafhie. It wier net nedich it to

sizzen, net ienris det hja it wist, it wier goed sa. It djipste fen syn

hert dat tsjuster bleaun wier oant nou, waerd forkleare. Safaek syn

eagen hjar seagen, safaek er hjar wirden hearde, sa klear as silveren

klokkeslach yn stille simmerjoun, glied it ljocht djipper yn him del,

syn eagen wounen de tearens fen lang lyn werom, as mei de Maitiid

bigoun alles yn him to bloeijen hwet forhoalen west hie yn de ierde, in

wûnder wier him bard. Eltse dei riet der in nije greate skoer yn it

webbe fen de iensumheit dat him syn hiele libben oerditsen hie, eltse

dei helle er de libbenswyn djipper yn en hy dy’t himsels loswraksele

hie fen de minsken, waerd nou bifrijd yn himsels. Hja moasten it oan

him merkbite, tocht er, hy koe net mear deselde iensume en faek

forbittere swalker lykje fen eren.

Mar hjir bleauwen syn tinzen by stean. Ho’t er hjar learde ljeaf to

krijen, oare ljeafde as hjar kleare frjeonskip forhope er fen hjar net.

Hy fielde det immen as hja net seach nei stân, mar sa ûneinich folle

mear as dat skaette hjar. Hja wist, koe it libben, hie hjar striid

woun; yn him libben wylde krêften dy’t fier wieren fen hjar frede. Hja

libbe as ien fen dyjingen dy’t de minskheit learing en iepenbiering

binne, hy wier der amper oan ta it earste fen hjar witten to forstean.

Hja koe wis gjin egen langsten mear hawwe, for him wier to libjen for

frjemden in wird bleaun. Hja wier de ljeafde dy’t hjar djippe stiltmen

spraet oer alle dingen fen it ierdske, hy it libben, dat spegele yn de

hillige saden, mar net dêrfen drinke doar. Ien great lok wier him

foarbihâlden: to fielen dat ûnder de hilliging fen hjar omgong al hwet

oan him klibbe út earder tsjusterer tiid fen him ôfliet en det er as

fensels syn eagen ôfkearde fen dingen dêr’t er earder ûnforskillich oer

hinne gien wier—dêroan wist er det syn eagen nou goed waerden en hy net

mear bleau hwa’t er west hie.

Sa gyng dy winter foarby en der wier in goede stille frede twisken de

trije minsken dêrre. Hja mijden it to praten oer hjar fielen for

mankoar, mar beide, Liuwe en Sjoerd, sochten nou Esther it meast. Hja

mirk it klear, en it joech hjar in stille blidens, earst om’t hja it sa

better tocht for de oaren al hie hja bliid west ta dy hjar frjeonskip,

letter ek om hjarsels; hja hie mear oan de twa hjirre dy’t hjar moaiste

tinzen dielden, as oan it machtiger selskip dat hja wol yn Hollân hawn

hie, dêr’t hja faek tsjin yn stride moatten hie om it ideael dat hjar

foar eagen stie, fen dy oaren earbiedigjen to dwaen. Ek hja, nei de

droktme fen dy omgong en hjar ynspande stúdzje, foun rêst op de pleats

op ’e romte en ûndergyng in tiid fen fornijing en sims miende hja det

hjar neat mear ûntbriek. Oant hja, ienris, in stille iere-Maitiidsjoun

do’t Liuwe spile hie en hja hwet nei to dreamen sieten en yn ienselde

tinzen en wijing dielden, hwet foaroerbûgd foar it finster en útsjend

nei it grien útrinnend hôf sêft foar hjar út sei: „Der moat in great

lok wêze yn de wrâld...” Hja sei it as yn hjarsels, de oaren swigen en

hja sieten wer stil, mar Sjoerd hie syn eagen net fen hjar ôf, en in

nij great tinken waerd yn him wekker, dat it waerm makke yn syn hert.

En de oare jouns socht er hjar yn it hôf dêr’t er hjar wist, for it

earst sûnt dy foarste joune wer mei hjar allinne. Hja seach him kommen,

efter de beammen dy’t it foarhôf fen it apelhôf skaetten oant er de

strewellen dêrtwisken fen siden sloech en yn deselde romte stie as hja.

Hja seach him oan hwet er freegje scoe ear’t er hjar joun sein hie en

bûgde hjar holle foaroer oer de bloeijende heester dy’t hja fol jong en

sterk libben seach; hjar herte sloech lûd, hja doarst net sjen nei him,

sa’t er dêr foar hjar stie, swijend, moai en sterk yn syn blauwe

boereklean, syn kleare eagen glânzgjend fen de joun en fen forhoping,

de linen fen in swier en stridend libben beitele op syn antlit. En yn

hjarsels tocht se: „dizze is dy’t dy komt to nimmen út dyn libben fen

dreamen en ideael om dy to setten yn sines, om dy dielen to dwaen yn

syn bistean” en hja leaude yn him en hie him ljeaf. Mar tagelyk

forriisde der folle oars foar hjar geast en hja fette det ek it

greatste lok hjar net lyts meitsje mocht foar hjar ropping oer.

Hy socht nei wirden, mar wist neat út to bringen; hy kaem nêst hjar en

sloech syn sterke earm om hjar skouder. Hja niigde hjar yet hwet

djipper, skoerde in bloeijend takje ôf en stiek it oan syn kile; do

metten hjar eagen sines en stil seagen hja in telmennich yn mankoar. En

sa, tsjin him oan en mei de ljeafde yn hjar eagen, bleau hja sterk en

sei hja him lústerjend hwet nedich wier: det hja nou wist fen him to

hâlden mar det der oare dingen west hienen yn hjar libben, det hja

tocht hie in ropping to hawwen yn hjarsels en tiid hawwe moast ta

klearrichheit to kommen. Hy lies de wirden fen hjar mûle en liet hjar

yet net los; it stried forheftich yn him, syn slieppen bounzen. Effen

niigde hja de holle as wachtsjend; do, fielend det syn earm op hjar

skouder rêsten bleau, sloech hja hjar eagen wer yn sines en sei stil:

„Scoest nimme wolle ear’t ik der ré for bin?” Do seach er foar him del

en liet hjar frij, hja knikte him ta.

Effen stiene hja der yette yn it hôf, swijend; koel striek de jounsigen

oer hjar hinne. Do seach hja him oan, lokkich, en sei: „Liuwe wachtet.

Giest mei?” Mei in frjemd fielen om syn herte, great lok en ûnneambere

forearing, folge er hjar; by de strewelle-mantel bûgde er de twigen

hwet fensiden en liet hjar trochgean. Mei hastige trêdden roun hja op

’e pleats ta; hy folge stadiger, in pear bledtsjes yn ’e hân dy’t er

fen it strewel ôfstrûpt hie. Alles wier frede yn him, yet nea wier de

ljeafde sa ta him komd. Efter tsjustere it hôf; de moanne stie fensiden

oer it lân, yn it west wier it ljocht fen de dei yette. Hy tocht om de

simmer dy’t komme moast, en fielde triennen twingen yn syn eagen.

De oare moarns wier Esther yntiids dwaende mei de blommen yn it hôf. It

jonge grien fen de beammen weve fyn om hjar ta, ljochtgoud lei der

yette in iler glâns oer hinne, de wyn striek koel hjar antlit foarlâns

en alles om hjar hinne skeat omhegen, tilde him nij yn de sêft

delsigende gloede. Hjar antlit stie earnstich, hwet ûnrêstichs libbe yn

de kleare blauwe eagen, bytiden trille der hwet om hjar mûle. Hja wist

sels net hwer’t it fen kaem, mar hja hie dy nachts ûnrêstich sliept, en

nou, mids it stille fine ljocht, bleau hwet skadichs hjar by, in frjemd

weagend fielen, dat hjar ûntrêstige en dêr’t hja hjar omdôch tsjin

forsette. Hja seach om hjar hinne, in kearmennich, as forwachte hja eat

to sjen dat hjar de reden fen hjar fielen forklearre, mar der wier neat

as gemûs fen it fûgelgûd yn de beammen en risseljen, hiel fyn, fen de

wyt en roaze bloeijende heesters; hja bûgde hjar wer oer hjar wirk, en

forwûndere hjar.

Yn de opkeamer spile Liuwe, hjir yn it hôf ûntkaem hjar gjin klank. Hja

hie der in skoft ôfwêzich nei harke, do, ynienen, rjuchte hja hjar

krêftich oerein, en harke skerper. Nou’t hja der acht op sloech, waerd

hja wis det krekt de fioele dat frjemde ûnrêstige fielen yn hjar wekker

hâldde. Hja droech it net langer, lei hjar blommemês del en joech hjar

nei in bank dy’t deun dêrby stie, tsjin de mantel oan. Hja wier der wis

fen det der hwet yn dy muzyk libbe dat hja nea earder heard hie, hwet

sa djip ynkringends det it alles yn yen wekker makke; de stream wier

net woelich noch lûd, mar ûnkearber fielde hja hjar meitwongen, de hân

foar de eagen as doarst hja de ein fen de feart net sjen. Dit wier gjin

spyljen lyk hja fen Liuwe wend wier, hjir libbe, yn de skyn fen frede,

sa hwet tsjusters en ûnneambers yn det hja omdôch bisocht der mei hjar

tinzen boppe út to kommen. Hommels weage de stream tsjuster en wyld op,

ûnlijige nachtlike geasten songen dêr trochhinne, de loft fortsjustere

foar hjar eagen, in great swier skaed strûsde neijer. Hjar eagen

glânzgen fen eangst, hjar hert bounze, hja naem de hannen gear yn hjar

skerte en twong de eagen omhegen, nei dêr’t de blauwens wêze moast fen

de Maitiidshimel. Do roun der in siddering oer hjar antlit en hja briek

út yn gûlen, wyld, hertstochtlik, wis det der in frjemd leed njunken

hjar stie; mei in skoftke bisocht hja to gean, nei de pleats ta, hja

wier as forlamme. De muzyk wier ôfbritsen yn in pear grille wanlûden,

hja gûlde, gûlde.

Nei in skoft, yn hjar eangstkramp in ivichheit, hearde hja hjar namme

neamen; Anke kaem op hjar ta, dwers oer it grien hinne, rimpener yette

as trochstrings, hjar antlit triljend fen oandwaning. Nou’t hja foar in

meiminske oer stie, net mear allinne wier mei hjar leed, wer wist hwet

der fen hjar ferge waerd, fielde hja hjar ynienen wer oerbrocht yn it

libben, wraksele hja maklik hwet fen hjar selsbitwang werom. Yet foar

de oar prate koe frege hja it: „Moeike, Liuwe ... hwet is der mei

Liuwe?” Anke slokte in kearmennich. „Moatst dalik meikomme, Esther” sei

se moeisum. Dalik joech Esther hjar oerein, yet ienris, mei in snok,

seach hja it hôf oer mei syn fyn fris maitiidsgrien, syn blossumjende

strewellen en ljocht-gouden glâns, do kearde hja hjar ôf fen de sinne

en roun nei de pleats, hird det Anke, griis en mêd, hymjend efteroan

kaem.

Liuwe laei, bûten westen, deadsbleek, op in grien-tripen rêstbank dêr’t

Anke en de faem him mei lijen op tild hienen; de moarnsinne foel ta it

sydfinster fen de opkeamer yn en liet syn blekens yet deadliker

útkomme. Esther knibbele nêst him, fielde syn polsslach, makke syn

klean los; do hiet hja de faem dy’t dêr forslein by stie, hjar wetter

en doeken to bringen. Tsjin Anke dy’t nei hjar stie to sjen as scoe fen

hjar Liuwe syn libjen ôfhingje, sei hja: „Dokter moat dalik komme, en

Heit en Sjoerd dalik fen it lân roppen. Soargje det alles deastil

bliuwt, ik moat hjir gjin lûd hearre. It hat noch nea sa slim west, wy

moatte ús ré hâlde for de skieding, moeike.” En do’t Anke yet twiivlich

stean bleau, der oan ta út to boarsten yn triennen: ,,Earst dwaen hwet

ik siz, moeike. Ik haw al tofolle tiid mei skriemen forlern.” Hja treau

hjar sêft de opkeamer út en knibbele wer del by hjar broer, kâlde

doeken oanlizzend en fornijend, mei al hjar sinen libjend yn hjar wirk,

hjar eagen net fen syn antlit ôf, sims yet stridend om hjarsels to

bihearskjen as hja tocht om dy jierren fen hjar famkes-tiid, as hja

nachten sa sitten hie oan syn sliepsté, hiel hjar herte yn bidding det

er bihâlden bliuwe mocht. Nou bea hja net mear, djip yn hjarsels

forstie hja det it bislút oer syn libben fallen wier, únôfkearber. Hiel

dy deis wier it hjar as wier hja net allinne mei Liuwe, hieltiid tocht

se om hwa’t se nea kend hie as yn fiere skimen fen oantinken, hjar Mem,

en der libbe in frjemde hillichheit om hjar hinne.

Tsjin de joun kaem Liuwe by. Sjoerd en hja wieren allinne yn de keamer,

hja nêst it bêd, Sjoerd foar it finster stoarjend nei de joun hwaens

brede sêfte goudgloede allinken forblikte en weiwaerd; djip yn it west

lôge it reade hert fen de dei yette, dêr’t de pleats laei kaem it

nachttsjuster al oan. Esther hie hjar eagen net fen Liuwe ôf en oan de

sêfte trillings fen syn antlit mirk hja det er dalik de eagen opslaen

scoe, mar hja doarst neat sizze en foun de rêst him oan to glimkjen as

wier der neat bard do’t er ta himsels kaem en om him hinne seach. In

skoft laei er roerleas om him hinne to sjen, allinne lei er syn iene

hân op Esther hjarres; en de frede fen de joun, yn ûnforweechlike

stiltme fen skieden, blonk ek yn syn greate grize eagen dêr’t Esther

alle kleuren yn kommen en gean seach, al nei de aerd fen syn tinzen.

„Sjoerd moat hjir ek komme” sei er do. „Ik moat jim hwet sizze. Kinst

my hwet opstoelje, Esther?”

„Ja” sei se, „ast ûnthjitte wolst hiel rêstich to bliuwen en dy stil to

hâlden sa gau ik dat siz.”

Hy glimke en seach nei Sjoerd dy’t tichterby kaem; oan syn eagen wier

it gûlen mear to sjen as oan Esther hjarres, dy’t hjar frede al wer

weromwoun hie, yn it witten fen hjar moatten. Sjoerd like wirch, de

greate ûnforwachte smerte dy’t nei de iene joun fen syn lok sa gau oer

him delslein wier, hie skaed fen soarch en linen fen leed oer syn

antlit litsen, hy gyng hwet foaroer en syn hannen trillen. Do’t er

Liuwe einlings oanseach, wier der safolle forsleinens yn syn wêzen det

sels dy yn syn need in bihoef yn him opkommen fielde om him to

treastigjen en him taglimke mei de eagen. Mar dalik dêrop tocht er om

hwet er hjar yet sizze woe, en effen loek syn mûle pynlik gear. Do’t

Sjoerd al siet, wachte er yet in skoft, mei de eagen hjar foarbysjend

nei bûten as socht er ljocht for syn tinzen. Do fielde Esther det syn

hân hjarres mei yet hwet mear klam effen omfette.

„Ik moat jim hwet hiel bitters sizze,” bigoun er. „Ik haw der altiten

yn mysels mei omtôge, it hie mysels sa tsjuster makke det ik nimmen’s

libben der mei bidjerre woe. Mar nou’t ik wol gau gean scil kin ik it

net mear allinne hâlde. It is krekt as kin ik it nou fen my ôfdwaen, en

as kin ik den wer sa wirde as ear’t ik dat wist. En it scil nou gjin

skaed mear twisken ús bringe, ik gean nou dochs.”

Hy spriek yet stadich, siikjend noch, heal tsjinstribjend as om syn

heimnis dochs yette to biwarjen. Hy wachte, en stried syn lêste striid

ear’t it swijen briek. Do’t er wer bigoun praette er fêster, as ien

dy’t wis is fen himsels en syn wirden.

„Ik wier as jonge tige ienselvich. It kaem net fen myn omkrite en

opfieding, Esther hat altiten sinne nei my tabrocht. Mar it laei djip

yn mysels, it wier myn aerd. Ik wier net sterk, fen lichum net en ek

net oer mysels. Der skriemde altiten in djip en stil leed yn my en ik

koe it net oerwinne. Hiel fier wei seach ik it ljocht wol en it like my

hiel moai, mar op it plak dêr’t ik stie bleau it tsjuster, sims nacht

mei wylde spoekbylden dy’t my riedleas makken, meast it stille

twiljocht fen wémoed. It is net moai sa jong to wêzen. Ik woe wol oars,

mar ik koe net foarút komme, ik wier machtleas.

Hie Esther der net west, ik wier deryn bleaun. Mar hjar ljocht dat

altiten om my hinne wier makke det ik gjin nocht oan myn wémoed en

tsjusterens hie, det ik se fielde as sûnde. As hja hjar earms om my

hinne hie, huvere ik fen mysels, sa’t ik wol west hie. Sims tocht ik

sels det ik ienris yn dy ljochte kriten nêst hjar wêze koe. Se wier myn

sinne en ik stie op in skadich en wiet plak, mar hja patte alles yn my

iepen, en al hie ik faek hekel oan mysels, ik forstie dochs det it

libben moai en great wêze koe. Ik haw wol oerginstich west op hjar

frede en hjar witten, mar sa oerginstich to wêzen is soun, dêr komt men

fierder mei.

Do’t ik om utens wier en ienlik mids frjemden, haw ik dêr in frjeon

krige dy’t hast noch mear for my wier as Esther. Ljeafde, sterke greate

ljeafde haw ik for my nea hawn, en ik haw sjoen det hwet de minsken sa

neame for de greate helte ynbylding is en selsbitsjoening. Ik hie God

ljeaf, dy heechste ûnfetbere krêft dêr’t alles út forriist en yn

forsinkt, minsken foun ik mar sa’n bytsje fen Him yn werom. Mar do hie

ik dochs in frjeon dy’t my tige nei wier, hwent hy hie Esther hjar

frede en wier great, en dochs wier er troch myn striid gien, en dat

bimoedige my sterk, hwent do tocht ik dat ek to birikken.

Ik leau net det it moai wier mei my om to gean, ik moat faek stymsk en

oerginstich west hawwe. Ik wist det ik trou wêze scoe, altyd, mar

miende sels neat jaen to kinnen en tocht det er de ien ef oare dei

bigjinne scoe him fen my ôf to jaen; as dat tinken der wier, forbittere

it my, oars wier ik lokkich en tankber. Hwet ik dy tiid krekt fielde en

forhope kin ik nou min mear sizze; it is in moai stil lân yn in

tsjustere woastenij en it leit nou sa fier efter my. Ik wier net

allinnich lokkich, mar ek greatsk, hwent myn frjeon wier sa’n ien as de

wrâld ljocht meitsje mei hjar witten en krêft, hy gyng heech twisken de

oaren en ik dielde yn al syn plannen en stie nêst him yn syn wirk. Dat

wier de greate tiid fen myn libben.”

Hy hâldde effen op, as ien dy’t nei it jounljocht sjoen to hawwen yn it

West, in telmennich de eagen slút ear’t er se de nacht takeart. It wier

hiel stil om hjar hinne. Esther hearde Sjoerd syn swier triljend

sykheljen en bigriep det der ien wier hwaens herte yet mear bounze yn

dit wachtsjen as hjarres.

„Wy wieren altiten bymankoar, for my wier der oars ek neat as syn wirk

en myn frjeonskip; ik libbe dêr sa yn det it wol opfalle moast. Hy hie

folle oerginst wekke by de oaren, en hja hiene net folle wapens tsjin

him. In joune, do’t ik in pear wirden opfong fen in petear dat ik net

hearre meijen hie, mirk ik det hja minne dingen fen ús fortelden. Der

sloech in dof en wé fielen yn my del as deadseangst en in greate hate

det sa grousum skeind waerd hwet myn iene blidens útmakke hie. Ik hie

in moart dwaen kinnen, mar roun fierder yn ’e sûs, amper mear wittend

det ik libbe. Do’t ik it him nei folle striid sei, en my ré makke for

de skieding, lake er; hy fielde him sterk, forbea my to gean, boun de

striid tsjin hjar min tinken oan. Ik hie sûnt gjin rêstige ûre mear.

Ik kin de ilinde fen dy tiid net mear sizze, mar ik seach foar myn

eagen det er forlear. Faek haw ik him bisward det ik gean scoe; alles

twisken ús wier dochs bidoarn; hy wegere, sei det er dalik in oar nêst

him nimme scoe as ik forkeas to gean, sette de striid troch, mar der

kaem hwet hirds om syn mûle. In moarntiid do’t ik nei him tagyng mette

ik by de doar in moai bloun fanke, dat my oanseach mei eagen fol hate

en do yn triennen útboarste; do’t ik by him kaem seach ik det de ring

fen syn finger ôf wier. Dyselde jouns wier der gearkomste fen de club

dêr’t hy de lieding oer hie; by de stimming keazen hja, sûnder útliz,

mei greate mearheit in oar. Ik doarst dy jouns hast net by him weigean,

en roun mids yn ’e nacht nei syn hûs; it minske dêr’t er by ynwenne,

wier foart en ik hie in kaei. Ik foun him yn syn keamer tsjin de flier,

bloed oan de holle; hy hie him deasketten.

Hwet der do yn my bard is kin ik mei wirden net sizze. Mar for my wier

it in moart, en der wier in skildige; dy skildige wier God en de wrâld

mei-ien. En der is sa greate hate yn my to libjen komt, hate yn al it

bisteande, det it neamen dêrfen yet as fenyn op myn tonge barnt.

Lokkich waerd ik deasiik sa’t ik in tiid lang net mear tinke koe. Mar

it tsjuster hie my yn ien slach nomd, do’t ik better waerd wier ik

krêftleas, mar yn myn ûnmacht yet haetsjend. De earste kear detstû dy

oer my hinne bûgdest, sloech ik dy Esther, en allinne de smertlike

ljeafde dêrst my mei oanseachst, makke det ik my fen dy kearde en my

snokkerjend yn myn kjessens goaide. De sûnde fen de wrâld twong my ta

de sûnde fen de haet. Det wy dêrtroch beide skildich stienen, haw ik

earst folle letter sjoen. Jim scille nea witte hwet it is sa to libjen

det eltse minske dy’t men sjucht yen mei deadlike hate bisielet, det

men de sinne fen de loft skoerre woe en hjar dôvje yn de ôfgroun, de sé

opswypkje en it minskdom dêryn wrakseljend forsinken dwaen.

Nou fiel ik my dêrmei skildich; ik haw leard det de wrâld forlost wirde

moat. Wier ik sterk, ik scoe nei hjar tagean en for neat as hjar heil

mear libje, net út ropping, mar om myn boete. Der is earmoede en

ilinde, en bûten it jild is der laster en skande, en hja binne to

forstean. Mar den moat de minske libje sa as nou yet mar inkelden. Net

as dy’t hjar útforkeazen neame en yn hjar dwaen iepenbierje hja it

ôfstjitlikste fen de sûnde-wrâld, mar as hja dy’t gjin egen bilangen

mear hawwe njunken Minskheit hjarres. Mar ik bin straft, ik scil myn

skild net boetsje meije...”

Hy bigoun wer to hymjen, in bange glâns ljochte op yn syn eagen; Esther

sloech hjar earm om syn hals en lei de oare hân op syn foarholle. Do

sei hja stil: „De skild dy’t dy nou biswieret, dy nimme wy op ús. Wy

scille hjar boetsje lâns de wei dystû sein hast; der is gjin oare. Kom

ta frede, oer de ûndergongen hinne ljochtet de moarn. Mei ús libben

jimmer sa wier wêze as dines, de striid hat dy lottere.”

Yet in toarn sieten hja sa, hy mêd efteroer yn syn kjessens. Do gyng

Esther oerein en joech hjar nei hjar piano; as in dream fen hillichheit

rûze in sêfte muzyk troch de keamer. Sjoerd gyng nei hjar plak, en

hâldde Liuwe syn hân yn sines. Effen seagen hja mankoar oan yn in

djipper forstean as ea tofoaren, ienselde wijing libbe nou yn hjar

herte, nei ienselde ljeafde gyngen nou hjar tinzen. Hja koene net mear

drôf wêze, alles like hjar sa forkleare. By de kjersen spyljend,

skriemde Esther sêft.

De swiere winst · 第 9 / 10 题