VII.

Wylst de skiere winterloften stadich fierderwâllen oer it lytse doarp,

wekke Minke yn djippe soarch oer it libben fen hjar bernsbern. Fen nijs

wier de ynslomjende libbenskrêft wer stil en klear yn hjar forriisd;

gjin wird ûntkaem hjar do’t de doarpsljuwe nei omstannige foarbirieding

hjar seinen ho’t men Sjoerd in ein bûten it doarp for dea lizzen foun

hie; en do’t se him, yet jimmer sûnder bisleur, de doar fen hjar lytse

wente yndroegen, fage hja in pear triennen wei, mar hjar lûd bleau

rêstich en klear as altiten. Hiel lyts en bang stie se by de bedsdoar

wylst dokter Sjoerd ûndersocht; hjar eagen hongen oan him, gjin

forweging, gjin forlûken fen syn antlit ûntkaem hjar. De dokter, in

hwet rou en koart-oanboun man hearde hjar triljend suchtsjen en seach

ho’t hja de hannen gearnaem do’t er hjar sei det der in hirde tiid

kaem, mar det it goed gean koe as er sterkernôch wier; en it krong

effen ta him troch, det as er him ûnginstiger útlitten hie, ek it

âldminske der bêst hinne sige kinnen hie. Mar dalik sloech Minke de

eagen wer nei hjar bûrman dy’t yn de keamer wachte, in swiere

breedskouderige arbeider mei in iepen reafallich antlit, en hja sei:

„As er bigjint to dwilen kin it my wol ris to mânsk wirde. Scoene jy my

den hwet bystean wolle?” De greate rouwe keardel knikte sûnderdet er in

wird útbringe koe; hy tocht om syn egen thús dêr’t in kefferich wiif it

ramaeijich biwâld fierde oer fiif oerhearrige bern, en forstie hwet fen

de adeldom fen it libben.

Al hjar fiere prakkesaesjes en dreamerijen wieren it âld minske hommels

wer frjemd wirden. Hja tocht net mear om it riigjen fen de dagen, om it

útsjuch fen de loft noch om de wredens fen hjar libben; hjar bistean

hie wer in doel krige dat al hjar krêften opeaske, de ienichste fen

hjar laech dy’t hjar hiele swier bifinen rjuchtfeardige hie, moast

rêdden wirde. Hja libbe hjar egen libben egentlik net ienris mear: it

wier as kamen de winsken en de neden dy’t de sike sels net wist, yn

hjar brein ta klearrichheit, as wier syn sels-witten oergien yn hjar,

det ienselde driuw syn lichum forwegen en kromjen die en teffens yn

hjar geast kaem to libjen. Nachts, as de eagen fen wirgens hjar effen

tagliden wieren, mei ho’n ûnleauber bytsje sliep hja langer ek takoe,

fielde hja heal sliepend yette it libjen yn him, en as syn ûnrêstige

sliep hommels ôfbriek en er wyld de keamer ynstoarme, forliet de sliep

as fensels ek hjar eagen wer.

Wiken laei Sjoerd dêr op it bedsté yn de wintersk fortsjustere keamer,

swier en meast ûnwittend wrakseljend mei syn sikens. Near klonk it

hoastjen út syn boarst, hol en net to kearen, oant syn foarholle dreau

fen swit en er krêftleas efteroerfoel yn de kjessens, dêr yet krôljend

ûnder de ûndraechlike skokspanning fen syn lichum. Koartsen jagen kjeld

en barnende hjittens oer syn bloed, oant syn antlit forwrongen stie fen

de stoarming troch syn ieren; den dreamde er, tizich en wyld mei de

binearjende dwylglâns yn syn eagen, hune en jage fen twangbylden hwaens

skriklikens Minke rette oan de ôfgriis en eangst fen syn antlit. Sims,

as hja him in skoftke forliet en him fredich to sliepen tocht, foun hja

him weromkomd, rjucht lizzen mei wylde stoarjende eagen en in útslach

fen swit oer syn foarholle, syn ynfallen wangen en formeagere hannen;

bang stie hja den nei him to sjen eft de glâns yn syn eagen tobrekke

scoe en yn noed fette hja syn hân oant er wer bigoun om to skeuken en

it deadlike swijen wiek. Mei de pear foarste grousume koartsnachten

wier de sêfte glâns fen syn moaijens alhiel fordwoun, swart en

formeagere laei er dêrre; en dochs, as Minke him dêr sa troch de dei

lizzen seach, like hy hjar net ien dy’t mei gauwens stjerre scoe, sels

yn syn ôffallen en syn ilinde bleau der hwet geefs en sterks oan him,

de net ûnderbrochte krêft fen syn jonkheit; dat fielen dreau de slimste

eangstme fen it âld minske wei, det hja yn goed bitrouwen him

forsoargje koe.

It wieren de foroarings yn it waer dy’t hja it meast for him eange. Yn

it earst hie hja tocht det it suver tafal wier, as der ûnrêst yn him

kaem by it opstekken fen de wyn bûten, frede as de dei stil wier ef de

moanne nachts skynde; mei gauwens mirk hja it bistean fen in fêst

forbân dêrtwisken. Sels do’t er yet bûten bisleur wier, like der ûnrêst

en eangst troch him hinne to gean as it jouns om doarren en finsters

bigoun to rûzjen; den bigounen syn eagen wer to glânzgjen en syn antlit

forloek, Minke tocht earst sims fen blidens, mar hja seach ho’t syn

lijen dêrmei forslimmere, en op ’t lêst waerd dat oanrûzjen fen de

nachtwinen hjar in binearjende spoekedouns. Moarns, nei de striid fen

de nacht, wier er op it stilst en klearst en as der in dimmene glâns

fen de wintersinne troch de keamer glied, laei er, eagen ta, as yn

fiere dreamerij, mar tsjin de joun bigoun er bang om him hinne to sjen

en in hiele wrâld fen lilkaerdige geasten like der foar him to rizen,

oant it oankommen fen de nacht dy yette oerstjûrder libjen die en er

swier to smûgjen laei, sims moeisum in ûnforsteanber lûd loshoartend út

syn nearens. It grousumst wier it in kleare winterjoun do’t de snie

rounom tsjok oer ierde laei en moanne en stjerren út ’e twinkeljende

loft it fierste keamersfinster ynskynden; nei de middeis hwet slomme to

hawwen, skrille er yn ienen wekker as yn in forheftige eangst, seach it

alderearst de roune moanne great yn syn eangjende eagen ynskinen, kâld

en gril oan de froastige loft, en lûd kroanjend sloech er syn hannen

foar de eagen. Minke die dalik it blyn ta, mar it wier to let: it

spoekbyld bleau him de hiele nacht by, almartroch sloech en dwylde er,

sims opsnokkerjend yn syn koartse det it Minke wé waerd om it hert, den

oereinstouwend en driigjend út to brekken, det de bûrman, dy’t hja der

byroppen hie, swier wirk hie him to kearen.

Einliks naem de sikens ôf, syn eagen waerden fêster, rêstiger, syn

sykjen joech him gjin lêst mear. Mar tagelyk bigoun for Minke in oare,

hast yet greater eangst. Dagen longere hja nei syn earste wird, nei syn

earst forweech det hja forstean scoe det er hjar werkoe, mar hy laei

dêr, ûnforweechlik hast, stil en hiel wyt, en sei gjin wird. Mei in

deimennich frege hja skruten en triljend de dokter eft dat nou hast ek

foroarje scoe: dy loek mei de skouders en út syn dwaen sloech de eangst

op hjar del det it miskien nea wer oars waerd, det Sjoerd syn omtinken

net wer krije scoe. Hja hie hjar eagen deis hast net fen him ôf, mar

doarst him nea to freegjen noch hwet to dwaen om syn opmerksumens

geande to meitsjen, eang det se him dêrmei wer ûnrêstich meitsje mocht.

Stil en lyts wier hja nou njunken him dwaende, de wirge rêch al mear

oerbûgd nei de groun, wachtsjend, al mar wachtsjend det de sinne fen

syn omtinken wer brekke mocht út ’e skierens fen syn foartbistean;

wylst wikselen bûtendoar de greate tiden mankoar, sleatten en marren

leine bifliere mei iis, en iensum biidzjend, de middeis by tafel, mei

triljende hannen gear oer hwet stopwirk, wylst in meilydsume glim fen

de wintersinne útsiichde troch it finster, hearde hja de jonkheit fen

it doarp willemeitsjen in pear huzen fierder, bleek en mei in

oandwaenlik gearlûken fen de âlde ynfallen mûle.

Effen letter waerd it ûntlittend; de oezen dripten, wjitterinkjes

rounen by de finsters del, dêr’t de sinne as skriemend op skynde.

Sjoerd laei stil op bêd dat oan to sjen, Minke siet oan tafel to

jirpelskilen, nou en den mei de eagen nei him ta, twiivlich eft er wist

hwet er seach ef weidreamd wier yn himsels. Ynienen, wylst hja hjar wer

foaroerbûge scoe oer hjar bakje, skokte hja oerein en seach mei stoarre

eagen nei Sjoerd; gjin forweginkje ûntkaem hjar mear, hja miende det er

glimke. In telmennich laei er sa, syn eagen stadich hinne en wergeand

twisken hjar en it finster; do makke er syn hân frij fen de tekkens, en

wiisde, yet glimkjend, nei bûten, dêr’t bûrman syn kat, earweardige

âlde sipert, noartsk en gysten, yn ’e finsterbank syn wiettige

foarpoaten út to skodzjen stie. Hja gyng oerein al staetten de lea hjar

oan, rôp yn de doar mei in triljend lûdtsje fen „poes,” naem de kat

dy’t op hjar tadribbeljen kaem, yn hjar earms, tôge him mei yn de

keamer en sette him del by de kachel; Sjoerd syn eagen folgen hjar

glânzgjend, effen knikte syn holle. Hja hâldde it nou net langer út en

roun wer nei it bêd; griis en âld, hiel âld, stie hja dêr yn de

omlisting fen de forsliten wite gerdyntsjes, dy’t hja lang lyn to jow

krige hie en nou fen ’e moarn skjin ophongen. Hy seach nei hjar mei in

glâns fen ljeafde yn syn nou wer ljochte eagen, do lei er syn meagere

hân op hjarres dy’t hja om de bedsplanke slein hie. „Beppe” sei er

sêft; al syn ljeafde, èn de blidens fen it werfinen laei yn dat stille

wird.

Der loek hjar in flues foar de eagen; hja fielde det hja der hinne sige

koe, sa sloech de oandwaning op yn hjar hert. Mar hja tocht oan him en

wraksele it werom mei in triljend forlûken fen hjar mûle; do lei hja

hjar holle mei it tinne wite hier tsjin syn wang, en neamde syn namme.

In toarn stie hja sa, oerbûgd nei him, stridend om hjarsels to bliuwen,

det hja de greate fiere frede fen it earste forstean net brekke mocht;

do liet hja him wer, hja seach det er syn eagen tadie as om wer to

sliepen, en teantsjend fordwoun hja út ’e keamer en joech hjar nei it

kelderke, dêr’t it skrousk wier en wiettich, mar dêr’t hja, in âlde

omslachdoek om de kliene skouders, wer frij siet to skriemen, in ûre

lang wol, for it earst sûnt hja Sjoerd nei hjar nomd hie.

Stadich, sûnt dy dei, kaem er wer ta hjar libben werom. Folle wirden

waerden der net sein twisken hjar: mei de eagen forstiene hja mankoar

genôch, en beide fielden hja ek det de greate heimnissen dy’t de lêste

tiid macht hawn hienen oer syn libben, to swier wieren om opnomd to

wirden yn de brosse tearens fen hjar uterjen. Earst ek wist Sjoerd net

folle; it wier him as kaem er út in frjemd skier lân, oerhongen fen

ûntrochkringbere dizen, en elts bisiikjen der mei de krêft fen syn

tinken yn werom to boarjen, helle ûnklearens foar syn eagen, mei de

eangst det er, troch him wer yn to libjen yn dat ûnsizlike, dy krêften

wer loslitte scoe oer syn twiivlich libben. Hy ûntwiek it, kearde it yn

syn dreamen fen him wei, fielde yn dy dizigens in forhoalen bidriigjen;

wylst de lytse dingen fen syn jongesjierren wer yn him to libjen kamen

en lytse bifinings fen skoalle en bûtenlibben nou klear yn syn geast

forriisden, bleau fen de tiid ôf det Anne yn syn libben komd wier alles

tsjuster. Simstiden wier it him wol, as skynden út dy driigjende wolken

in pear kleare strieljende eagen op him yn, en in fielen fen hwet

suvers en greats skeat effen troch syn ôfkearigens, mar it tsjustere

wêzen fen de spoeken oerdiek it wer maklik, en hy kearde him wer nei

feiliger tiden. Minke dy’t it net maklik wier hjar yet yn sa fier

forline werom to tinken, al hearde hja mei stille ljeafde nei syn

praten, binijde hjar in kearmennich det er hjar frege nei minsken út it

doarp, dy’t sûnt syn jongestiid al lang forstoarn wieren; do’t hja it

him sei, skodde er mei de holle en tocht yn stiltme nei. Hy dy’t

ûnwittend sa wraksele hie mei de dea, fielde it stjerren nou as hwet

frjemds en ûnwiers, en forstie net ho’t it sa’n spjalt bringe koe yn it

libben fen de minsken, en gûnt dy’t men ljeafhie, fen yen weinimme.

Op in moanneljochte joun yn Maert, det nei in wyn-trochrûze striidhafte

iere-maitiidsdei de loft wer opskjinne en de útinoar sleine wolkens

mijen weiflechten nei de ein fen de ierde, kaem der for it earst in

omtinken oan hwet er lêst foar syn sikens bilibbe hie, wer yn Sjoerd

syn geast to libjen. Hy siet foar it finster dat nei de blikke seach,

foar him út to stoarjen, allinne; Minke wier de bûrren yn for in pear

boadskippen. De lampe dy’t op west hie, hied er dwêst do’t er, mei in

fen siden kearen fen it finstergerdyn, de wyt-suvere glâns bûten

triljen sjoen hie oer pannen en beammen, hy hie in stoel nei it finster

helle en siet dêr nou to tinken, bleek en formeagere, it moanneljocht

delsigend ek oer syn smertlik antlit. Der wier in frjemd ûnklear fielen

yn him dat syn hert lûd slaen die as scoe der hwet yn him brekke; hy

fielde him swak en forslein, sels by dizze striidleaze wijing dêrbûten,

en tocht det syn sikens him alle krêft sà weinomd hie det er nou

warleas oerjown wier oan it wrede boartsjen fen alle greate en

ûnneambere krêften om him hinne. Hy kaem to tinken oer it bigjin fen

syn sikens, dy frjemde grizige tiid dêr’t er yet nea yn trochkringe

kinnen hie, en ynienen wier it him, wylst syn hert yet fûlder bigoun to

bounzjen, as boarre der ljocht yn dy grizens, as scoe er aenstouns wer

witte. It swit kaem him op e foarholle, mar mei hwet fen it

ûnmeilydsume sels-pleagjen wer yn him fornijd, boarre syn tinken

fierder.

Hy wist det syn sikens him bûtendoar oankomd wêze moast ek sûnder det

er forstie, hwêrom dêr. It trof him, det men him nea thúsbrocht hawwe

koe yn de klean dy’t er nou oan hie, dy’t him frjemd liken en Minke

faeks jown wieren wylst er siik wier; en hy tocht det as er dy âlde

klean yetteris sjen koe, dêr’t dat frjemde him yn oerkomd wêze moast,

stadich it witten fen hwet nou yet skier wier, weromkomme moast.

Triljend stiek er in kjers oan en him swier fêstklamjend oan de

treplining sleepte er him nei de souder, dêr’t it biwarplak fen de

kleanspillen wier en dêr’t Minke sliept hie ûnder syn betterjen. Ek dêr

foel de moanne yn wite flakken troch it dakfinster yn en it forwûndere

him, sa klear en suver alles hjir nou wier, wylst yn syn tinken de

souder yet jimmer in sté fen binearjende heimsinnigens bleaun wier. Hy

seach de folle moanne dy’t nou foar it dakfinster forskynde yn hjar

antlit en it wier him frjemd, sa treastlik en sêft hja nou like, it

wier as rûze der wetter sêft yn syn earen wylst er omheechseach nei

hjar silveren glâns. Do die er de doar fen de âld kleanspine iepen,

sloech in âld gerdyn fensiden dat Minke yet oer de kleanspillen hinne

hongen hie, en seach.

Mei de foarste eachopslach hied er syn swalkersspillen weromfoun: de

fealich-brune kastúsjekoarden broek, dêr’t er fen ûnderen de tsjokke

skiere sokken oer plichte hinne to dragen, de âlde op ’e earmtakken

bilape jas, de grize das dy’t er yn in knoop ûnder syn kin plichte to

slaen, de greate swarte pet mei de brede klep en it brune foer—alles

hong dêr lyk hy it sa faek om en oan hawn hie, skjinner nou allinne en

neisjoen troch Minke hjar soargjende krektens. Hy seach himsels wer

swalkjen mank de ûnlijige hjerstige kriten, seach it riljende riigjen

fen it skom tsjin de bislantere dykskanten, seach de wolkens great gean

oer de loft en tocht do om sa’t er dêr nou stie, forswakke, krêftleas

amper, mei bitrienne eagen, en in heal witten yn him det er nea wer rou

en rûch as in stoarmich natûrbern yn dy forlitten romten omkruse scoe.

Hy sloech de eagen del en seach omleech yn ’e spine; hommels skrille er

fen eat dat der laei ûnder syn egen klean, dat himsels nea ditsen

hie—nea, nea?—it laei dêr as yn de swijende rêst fen de dea, en it wier

as slomme der eat wûnders en heimsinnichs ûnder. Mei in gearfetsjen fen

al syn krêft yn in great selsbitwang, dûkte er him, tilde it omhegen,

hâldde it yn syn hannen: in greate blauwe omslachdoek lyk men by

hjarres op it doarp net droech.

De skimer fen it forline briek, en út ’e spjalt kaem in bloeijend

antlit nei foaren, de strieljende eagen djip twingend yn sines, yn hjar

great en suver langst dochs yette triennen blinkend op hjar wangen. As

seach er yn de oare wrâld, sa stoarre er foar him út, syn hert

bounzjend fen de silligens fen syn sterk wer rizende ljeafde en de

flymjende wanhope det hja him forlitten hie, for ivich. Sims sloech syn

ljeafde heal oer yn hate as er fielde ho’t hja him ûnskiedber oan hja

forboun hie en det er, bleau er libjen, tonei folken en wrâlden

ôfswalkje moast, omdôch, om hjar yet ienris werom to winnen, hjar dy’t

him forskynd wier as in slach fen sinnegoud dy’t syn hjerstige eagen

bline en do’t er wer sjende waerd, al wer fordwoun wier yn ’e fierens;

den, as er sa tocht, seach er hjar antlit wer foar him yn de drôvens

dêr’t hja de joune yn ta him komd wier, en hy forstie det it sa moatten

hie, det ek hja dêrûnder lijde sa goed as him, pynliker en ilindiger

faeks yette ûnder hjar rou en skamteleas folk, dêr’t hja fierder mei

libje moast. Noch oerwâlle de frjemdens fen it weromfoune forline syn

tinken, mar linkendewei waerd er wis det it him net mear delslaen scoe,

det er foar de iensumheit oer stean koe ek mei it neitinken oan dit

wûnder; in djip en wiid fornoegjen kaem yn him to libjen om de skientme

dy’t alteast ien skoft sines west hie, lein hie oan syn hert en syn

lippen patte, en yet wylst er dêr stie mei it teiken fen hjar gearwêzen

yn syn hannen, wier it as wist er syn libben hillige, as wier er nou

ryp for hwet hegers.

Dy joune do’t Minke wer thús wier en hwet by it lampeljocht siet to

formeitsjen wylst hy wer op bêd laei en yn in wiid en fredich gedream

nei it stil biweech fen hjar dimmen en tinger âld lichumke seach, tocht

er det hy nou wol gau stjerre scoe. Yn syn suver hert wier de

oanbidding for in heechst en hillich bistjûr jimmer libjen bleaun, en

nou, troch syn sikens yet mear ta in from bitrouwen keard, tocht er det

God him libje litten hie oant nou, det er yet krêft hawwe scoe syn hiel

bistean to oereagjen ear’t er roppen waerd nei de fierten dêr’t nimmen

út weromkomt. It binijde himsels, nou’t er yn dizze forklearre frede

hiel syn stoarmich bistean wer trochlibbe, ho stil en suver dat

allegear like to stean yn de wijing fen dizze dimmene joun, en det oer

neat in djip en wreed witten fen skild him barnde. Wylst er nei Minke

seach, tocht er ho sûndich hja him achtsje scoe as hja alles wist fen

syn bistean, as hja wist ho en mei hwa’t er syn iensumheit dield hie;

hy glimke by dat bitinken en hoechde mar fen hjar ôf to sjen en yn

himsels to libjen om to forstean hofier sûnde dêrfen wier. En wylst er

sa syn dreamen en tinzen weve forstie er it wûnderlike, det wylst hy sa

syn part like hawn to hawwen fen hwet der op God’s ierde as ljeafde

bistiet, hy wis wier dat nea sa ûndergien en bilibbe to hawwen as de

ljuwe om him hinne. Lyk as de sé de ûnhurens weispielt fen de ierde en

de minskheit skjinmakket fen hjar skild yn it suverjende streakjen fen

syn weagen, sa hie syn sikens de ierdske skynkant weinomd fen syn

bistean, en syn dieden stiene foar him yn ivichheits-ljocht, net langer

forwitend noch oankleijend noch lofsjongend, mar yn de swijsume

bisletten harmonije fen de needwindichheit. Wylst syn fingers stil

omtiisden mei it lekken oertocht er mei tichte eagen alles fen syn

bistean, oant er him weisinken fielde yn de ûnwittendheid mei allinne

de glâns fen twa djip-skinende eagen mear oer sines en yn in heal

ealgjen det er fiere blauwe streamen oer sile scoe.

Dit wier de foarste nacht det er wer djip, soun en rêstich sliepte;

Minke dy’t al bliid wier det er sa syn rêst weromfoun hie, seach de

oare moarns mei in stille tank yn hjar eagen det der wer in sêfte glâns

yn syn eagen bigoun to strieljen. Hy praette wer as altiten en sims

hast fleurich mei hjar, ynienen mirk hja det er nou wer alles wist fen

foar syn sikens, en hja frege mar neat, hwent hja wist, it libben hie

him nou forgoed werom. Fen dy moarn ôf gyng syn betterjen hird en in

stille iere-Maitiidsdei det de loft skjindreaun wier en de sinne stil

en as yn djip witten fen hjar plicht de knoppen beammen en hagen

útskynde, det de kouweblommen al moai en wyt yn de blikke stiene en de

ierde wekker waerd út hjar dreamerijen en hjar ûntjoech, trape Sjoerd

for it earst de doarpsbûrren wer lâns. De Maitiidssigen fage him stil

om de holle, koel en klear yette, en hy wier hwet licht, hast dûzelich

fen it nije ljocht en de jonge wyn om him hinne. Dochs joech er him de

strjitwei út oant it sté dêr’t er hjar dy’t nou oer syn hiele libben

stie, moete hie for it earst en stie dêr in skoft lang to stoarjen,

drôf en dochs binijd det hy dy’t sa maklik en gau skriemde, nou net

gûle koe. Do gyngen syn eagen oer it lân om him hinne, hy seach it

opkommende grien mei de trochstippeling fen it blommegûd as in waerme

flewielige tekken útspraet oer de ierde, hy hearde boppe syn holle

fûgelgûd risseljen en tsjotterjen yn de strjitwei-beammen, in ljurk

stie to jubeljen yn de hege loft, en hy neamde de namme fen syn

ljeafde, de wûndere ryklûdige, en it wier as wie’ hiel de ierde mei al

hjar opkommende skientme dêryn bifieme, as laei syn ljeafde as in teare

ljochtsjende glâns oer al de dingen fen it ierde-libben om him hinne.

Mei de Maitiid waerd der in wûnderlik ryk libben yn him wekker. Wylst

er by de dei oansterke en syn lichum wer hwet fen de âlde bloeijende

krêft weromwoun, al wier er yette gau oan de ein, wylst er wer bigoun

om to pielen en licht wirk die, kaem der yn syn tinken in nije frjemde

klearens dy’t ersels net bigriep en sims heal bang fen waerd. It wier

him as wie’ oant nou ta al syn klear sjen forsmoard yn syn selsstriid

ho’t er dy ek oerwinne en ûnderbringe wollen hie, as hie syn swier

libben him earder nea de dingen sjen litten yn hjar egen strieljende

klearens. Hommels bifoun er det ek it lytste, faek krekt it lytste,

opnomd wier yn dy stilie djippe moaijens, hy bigoun him to hechtsjen

oan dingen fen lytse weardij krekt as er dat Minke wol dwaen sjoen hie,

blommen waerden him ljeaf en it fiere sjongende lûd fen in fûgel. Hy

bigriep neat mear fen himsels, tocht det syn sikens him sa makke hie,

weak en hwet al to fynfielend, waerd sims lilk op himsels, bisocht,

allinne út in oandriuw fen eangst for dat nije ûnwittene, hwet fen syn

eardere hjerstige rouwens syn libben wer yn to heljen, mar it mislearre

grouwélich. Op ’t lêst joech er him oer, willich en yn myld bitrouwen,

en joech syn fielings en dreamen frij oer syn geast, der moast den mar

fen him komme hwet woe. De libbensfornijing fen eltse jonkheit bigoun

syn great wirk wer oan him, dreau de âlde minske út en naem wer in

flues fen syn eagen wei, en fen de hjerstige joun do’t de ljeafde wier

komd wie’ yn syn bistean, like him in nij fjild út to rôljen, ljocht,

trochsongen fen nije ûnthjittings, fen nije strielen oertrille: it ryk

fen Mariëtta.

Wiid en djip laei de griene simmerwrâld, de sinne lake oan de loften.

Sterk en rêstich libbe de Natûr nei de heechtiden fen hjar bloei, hjar

krêften mear en mear ûntfâldzjend nei’t de libbenssappen hjar machtiger

trochstreamden. Oan de loft wier in great gespegel fen flûnkering en

glâns, fen de iere moarn det de sinne út pearel-fluzen forriisde en

fiere oranjestreken weipylke yn de loft oant it lotterjende kleare

ûndergean yn jountiden fol forstille gloede en teartintich weistreamend

ljocht. Hwet op ierde bistie, dielnimmend oan it prieljende

ljeafdesfeest moast rize, bloeije, iepengean for ljeafde; it hie gjin

kar, it wier de ljeafdetiid fen de geast dy’t de wrâld trochrûzet sels.

Fordildich yn de swiere blikkerglâns fen de sinne oer hjar pannen

leinen allinne de pleatsen yn ûnforweechlike stiltme, mar de âlde hôven

dêromta, de hege beammerigen, krûd en gers, alles bilibbe, forjonge,

nije glânzgjende ljeafde; de pittige hearook dy’t hein en fier om it

doarp to fornimmen wier, makke de loft fol fen in streakjende swietens,

it aroom fen de rounom opstreamende libbenswyn.

Neat is swierder for de folkrêftige minske as dizze tiid yn in

optwongen neatdwaen suver to trochlibjen. Mar, de goaden fen simmer en

rispinge tank, it wirk is dêr, it greate driuwende dat de minske yn

bislach nimt, de krêft fen syn spieren spant, syn oerrinnende

wirkdiedichheit bynt en him mêd makket, det er de jouns yn in koarte

kleare stiltme de sliep biidzje kin en mei de moarn him wer feardich

rist ta de dei. Nea libbet de minske krêftiger en mear de âlde

strieljende goaden lyk, as hwennear de simmer útflûnkeret boppe syn

holle en oan syn foetten, en er himsels yn strang-twingende bihearsking

hâldt mei it oerjaen fen syn krêft oan it rispingswirk. Hwa’t op in

Sneintojoun op it efterhiem komt fen in Fryske pleats as de jounwyn al

oansiicht en de sinne-skimer in dreamige glâns bringt yn de eagen fen

it folk en de pear mieren dêr sjucht dy’t de Sneins oerbleaun binne

om’t hjar wente to fier laei, en ien fen hjar ef de feint spilet in

mennich folkswizen op in swiersettige harmonika en de oaren, yn it gers

ef op in tiksel fen in heawein sitte del en harkje yn stiltme, dy

forstiet hwet dêr libbet djip yn it herte fen dit folk, dreamen, fiere

forhopings, stille ljeafden, al de tiden fen it jier slomjend ûnder de

twadde natûr fen de ynbannichheit, mar den, den allinne, him dimmen

iepenbierjend. Simmer makke de krêften los út ’e skatkeamers fen it

herte, it wirk hold hjar yn bitwang, jountiid brocht de wijing, en de

siele fen Fryslân stiet dêr en tilt hjar sêft yn in ljocht fen

ivichheit.

Yn dat ljocht libbe ek Sjoerd dy bloeijende simmermoannen. Alles like

him sa klear en nij, hy hie it nea earder sa sjoen. Hy stie wer yn it

wirk en ûngetide nou mei; de spierkrêftichste lyk as eartiids wier er

yet net wer, sims, yn de sinne ef as er him krekt efter in reak deljown

hie mei de oaren om to skoftsjen, skeat him noch in lichtens troch de

holle det er effen de hân foar syn eagen brocht, mar eltse dei, fielde

er, kaem er wer fierder, hy wier it wirk wer treast. Der bigoun wer in

sêft lok yn him to skinen, it libben waerd him wer ljeaf. It wier as

bigriep er nou folle dat er oant dy tiid jimmer mei fiere eagen

foarbygien wier, as krong er djipper yn de bitsjutting fen it libben,

as kaem it tinken det alles ta’n goede sa biskepen wier, sterker en

klearder yn him to libjen. It trof him det hast alles moai wier as men

it mei ljeafde bineijere, en de tiid det er sa tichte by de grins fen

it libben omdoarme hie, hie him de ierde en hjar rykdommen oars en

heger forstien dien as er earder faek tocht hie. Mar it greate, it

wûnderlike fen syn libben wier dizze tiden dit, det hy de dingen learde

to ûnderskieden nei hjar skientme en weardij: as stie der in swijende

hege keninginne oer syn libben oan hwaens eagen allinne er de

rjuchtlikheit fen syn dwaen en tinken wist, sa teach in great part fen

hwet er seach en tocht wer fen him wei as suvere skyn, en inkelde

dingen wieren der dy’t bleauwen, dy’t genede liken to hawwen foar hjar

ûnderskiedende eagen, en dy dingen makken him ryk. Hy wist sels hwa’t

dat wier, mar gjin langst dreau him mear nei hjar ta; hja wier opnomd

yn, diel wirden fen syn libben, syn hert seach troch hjar eagen, hy

wier net mear deselde fen earder. It ûnneambere smertlik gebeart en de

ljeafdeglâns fen hjar eagen dêr’t hja ienris mei nei him komd wier,

makken hjar yn syn tinken in hillige, dy’t bitingsteleas hjar

hillichste oerjown hie oan syn ûnwittende rouwens, det syn hiele

bistean der troch wijd wirde mocht.

It wier sa frjemd; hy wist him nou, ek dêrtroch, hast in ivichheit ôf

fen de sljuchtwei minsken om him hinne, dy’t nea gjin aen fen soks hawn

hiene, dy’t him húnd hawwe scoenen as hjar dit fen him trochdien wier,

en dochs kaem der twisken him en hjarren safolle mear forstean as der

ea west hie. Hja hiene gjin argewaesje mear fen him, hja wisten det er

oars wier en faek ûnbigryplik, mar hja tochten net folle mear om hwet

west hie, hwent hy wier nou alle dagen mei hjar, stie nêst hjar yn de

rige, en hy like hjar froed en helpfeardich. Sûnderdet er hjar

frjeonskip socht, stoar syn foriensuming him ôf; en it barde nou sims,

det ien fen hjar, in feint hwaens forkearing útrekke wier, in troud man

dy’t swier yn soarch siet oer syn húshâlding, as dy allinne wieren mei

him, bigoun to praten fen dingen dy’t hja nimmen oars sein hawwe

scoenen en hjar hert útstoarten. Hy foun nou neat deistichs en

ûnweardichs mear oan hjar libben, it like him great. Hy wist yn himsels

det hja tsjin oaren hjar net oer soks loslitte scoene, det sokken him

hjar soargen seinen út in heal forhoopjen det hy dat forstean scoe,

dêryn nêst hjar libje en hjar treastgje. Den spande er himsels yn, hy

sei net folle, mar socht nei sokke wirden dêr’t er wis fen wier det dy

yn hjar earen neiklinken bliuwe scoenen op hjar paed hûsta en as hja

wer antlit foar antlit foar hjar soargen oer stienen. It foel him hird,

hy bigoun to sjen det de libbensstriid swier wier, en de oerwinning

moeisum, mar hy koe hjar alteast hwet sizze fen de rêst dy’t er woun

hie for himsels, fen syn djip en klear libbensbitrou, en dat wier

folle. Hy learde de heechste weelde forstean, dy’t is oarljuwe leed fen

hjar skouders to nimmen en se sels fierder to tôgjen, en ho mear hy

oernaem, ho lichter en moaijer him it gean waerd, hwent mei de lêsten

naem er hjar ljeafde oer.

Ien stil leed loek de jouns sims om syn mûle gear en glânzge sêft yn

syn eagen: Minke hjar krêften namen nou hird ôf en hy koe witte, det

hja net lang mear libje scoe. De krêft fen hjar ljeafde hie al it âlde

soargjen en sterk wollen fen hjar libben wer yn hjar oproppen salang’t

hjar bernsbern mei de dea to wrakseljen laei; nou’t hja him better

seach, like it eft hjar bisteansrjucht hjar ûntsonk, as wier hjar

libbensplicht forroun. Hja hie dy swiere tiid gâns mear fen hjarsels

ferge as hjar hege âlder en bilune krêft tastie, hja hie yn koarte tiid

forbrûkt hwet hjar oars yet in jiermennich steande hâlden hie, en moast

nou gean. Hja wier folle swijsumer wirden, dreamde ûren lang en skrille

den effen wekker om ringen werom to fallen yn hjar dreamerijen, hjar

antlit wier bleek as in wite blom dy’t oan it wylgjen is. Sjoerd seach

hjar stadich ôfstjerren mei in great wé yn syn hert, syn hiele libben

wier gearweve rekke mei hjarres, hy koe him gjin tiid tinke det hja net

diel hawn hie oan syn tinken. En wylst er syn bêst die hjar nou fiele

to litten det hy nêst hjar stie en for hjar soarge en oer hjar wekke as

eren nea, like hja gjin bihoef to hawwen him to meitsjen ta bitroude

fen hjar stil tinken, en wier it as libbe se dizze lêste tiid fen hjar

libben yn in sels-keazen iensumheit.

Do, op in mylde simmerjoun det de sinne ûndergeand wier en yn it

Noardeast it bleek-reade ljocht riisde fen de moanne yn hjar swierens,

det stille glânzen fen forgean en dreamerij de keamer trochtrillen,

like it eft yet ienris it sjen fen hjar forline libben klear waerd en

suver. Hja siet op hjar âld plak foar it finster en it ljocht oerroun

hjar bleek antlit mei de stoarjende eagen en it ynwite hier; Sjoerd

seach det hja trieneage, mar sa stil en roerleas siet se dêrre, det er

de frede fen hjar tinken mei gjin lûd noch gebeart brekke doarst. Hy

hie syn eagen net fen hjar ôf en seach ho’t hja hirder as oars, hast

hymjend, sykhelle en hy tocht om in stjerrende fûgel dy’t er langlêsten

op it haeilân foun hie mei deadseangst yn de brekkende eagen en in

hastich hymjend boarstke; syn tinken die him yet searder, en makke him

hwet bang. Ynienen hearde er hjar syn namme neamen, lústerjend; dalik

wier er by hjar en knibbele nêst hjar del, as yn syn jongestiid.

„Skeelt der hwet oan, beppe?” sei er.

„Ik kin ’t net lang mear meitsje, Sjoerd, ’t rint nou nei de ein” sei

se stil. „Moatst der gjin soarch om ha, ik ha myn part wol hawn, fen ’t

libben en fen soargen ek. Astou mar by my bliuwst oan de ein, den gean

ik maklik. God hat it goed mei my makke.”

Hy woe der tsjin yn lizze, hjar sizze det hja ommers yet skoan in

skoftke bliuwe koe, mar hja kearde him tsjin.

„Né, Sjoerd,” sei se, „wy moatte wier bliuwe, en de wierheit is my net

swier. Mar ’k moast dy noch hwet sizze, detst goed ûnthâlde moatst.

Dostû sa siik wierst, fen ’t winter, do ha ’k bidden det ik dy bihâlde

mocht. Der wier ek wol hwet selssucht by. Beppe hat noait lokkich west,

yn hjar hiele lange libben net, Sjoerd, noait.”

„Hwet woe beppe dermei sizze” sei er forheard.

„’k Ha gâns tocht yn myn libben” sei se, „oer God en myn eigen bistean,

en alles. Wy moatte allegear in egen doel hawwe, tinkt my, sa ha ’k it

altiten forstien. En yn dat doel leit ús lok ek. Ik haw ek wol dreamd

fen lok, as fanke, niis tocht ik dêr noch oan. En ’t is my altiten

foarbygien. En dat wier to dragen salang’t ik wis wier fen dy, do tocht

ik, astou it krigest den hie ik ek net forgees libbe.”

„Hat der den mar sa’n bytsje ljocht yn beppe libben west?”

„Dyn pake stie sa fier fen my ôf,” sei se, noch drôf. „Lolke is to

groune gien, Bearn dea, ik sels ha ’t lêste fen myn libben forbodzje

moatten. Moatst hwet noed fen dysels stean, Sjoerd. Mei safolle

triennen en leed bist greatbrocht. Bisiikje lokkich to wirden, Sjoerd,

en birêst net sa gau as ik. Ik hie mear stride moatten.”

„Beppe” sei er, triljend fen oandwaning, „ik scil de wegen dêrhinne

siikje, en net birêste. En ik fyn it lok wol, beppe, ik wit it. It is

my net frjemd mear, ik haw it hawn. En ik wit det ik it nea mear kwyt

wird.”

In wike letter, in like stille en kleare nacht, laei hja yn de ivige

rêst yn de wensté dy’t de greate helte fen hjar swier bistean ynhawn

hie; in suver stil byld fen frede dat de siele striidleas forlitten

hie. Dy hiele nachts wekke Sjoerd dêrre by de twiljochtskyn fen moanne

en stjerren. Hwet fêstens, hwet ûnforwrigbers laei der om syn mûle en

syn eagen seagen stoar foar him út; de earmtakke lynjend nei syn

knibbel, de hân ûnder it kin tocht er, sims smertlik as er him

rekkenskip joech hwerom’t er dêr wier, den wer klearder, wisser, de

krêft fen syn jonkheit hearber yn syn ieren. Fier út e kimen weve in

ûnsjenbere greate forskining neijer, dêr’t neat fen waernimber wier as

it ljocht dat om hjar taweve en it sterke rûzjen fen hjar wjukslach

dy’t de loft suveret fen hwet lyts is en dompich. En hy neamde hjar

namme „Frijheit.”

De swiere winst · 第 7 / 10 题