V.

Dat jier kaem de skierens fen de hjerst ier oer it âlde reapannige

doarp om de stompe toer hinne. Nei in smoarende simmer-hjittens en in

mear bisonken mar yet waerme Septimber-moanne foel de grize rein fen de

iere hjerstmoannen dagen eftermankoar; de wyn skoerde wreed oan it

forlijende simmergrien en mei gauwens laei der in weake brunige fracht

ûnder de al iepener hagen. Wier it droech, den bleau it yette dizich,

drôver yet as hwennear it tikjen ef kletterjen fen de rein klear op

stiennen ef tsjin finsters wearkeatste; it wetter yn de sleatten sette

op, de greppels yn ’e greide koenen it net mear hâlde, en hiele ikkers

kamen blank to stean. Forlitten en forstoarn laei it doarp nou dêr oan

de strjitwei, dêr’t allinne de merke-dagen yet hwet droktme wier; as in

âld swijend geheim stie, it hiele doarp mear en mear bihearskjend nou’t

de beammen keal rekken fen leaf, de swiere fjouwerkante toer, symboal

dat de jierwiksel birêstend trotseare.

Ek efter de ferverswinkel oer de blikke twisken de huzen en de sleat,

kaem de wyn yn it wyld bilibjen fen syn nocht, ûntskoerde er mei

oanhâldend nytgjen de iperenbeammen hjar pronk, eltse dei wer in nij

stik weistrûpend, oant de twigen yn de koarte skimerjoun tsjin de

skiere loft earmoedich en neaken teikenen, hjir en dêr yet in inkeld

forbrune blêd, forlitten yn de wide skiere romte en huverich as

forreinde fûgels. Troch de steige foel it tsjuster yet grizer, en

jouns, as de wyn siet efter in tropke blêdden dat to stjerren laei yn

in herntsje, en se grimich de steige yn bloes, det se mei ûnwisse

rimpene kjellens fen de iene mûrre oanfleagen tsjin de oare, wier it

dêr spoekich as in trochwei for rêstleaze skimen. Hwet fierder klokten

de goaten fen it fervershûs yn in reinwettersbak, in kletterjend

delstreamen ef in iensum gedripk dat âlde Minke nachts hearre koe, as

de sliep hjar net byneikaem en de wyn in skoftke bilune.

As in skrousk katsje, dat derfen hâldt yn de smûke húskeamer foar it

finster yn earnstige dreamerij út to sjen nei de glimmende strjitten

dêrbûten, sa seach Minke efter hjar rútsjes wei de ûndergong oan fen it

simmerfeest, wend oan dat hast wirktúchlik weromkommende barren dat

hjar gjin leed mear bitsjutte, mar hjar stil meinaem nei de lange

winterjounen, as de wyn it fjûr yn de kachel oanblieze scoe en hja mei

Sjoerd sitte yn de fredige earnst fen it lampeljocht. Linkendewei

wieren hjerst en winter, de yn hjarsels forsonken tiid, hjar hiemer

wirden as it foarse nei bûten driuwen fen grien en blommen fen de

Maitiid en it greate gestriel fen de simmer: it hearde by hjar thús, ek

al krimmenearre se, lyk eltsenien, oer de koarte dagen det men sa’n

bytsje út ’e wei sette koe. It tinken fen eltse hjerst det hja de

simmer wol gean seach en net wist eft hja de nije werberte mei bilibje

scoe, oppenearre him ek nou, en sims sochten hjar eagen den de

beamskrunen lâns eft hja dêr yet hwet griens fen de simmer weromfoun,

mar it wier hjar gjin leed: hja hie langernôch libbe om to witten det

de Maitiid weromkomme scoe, eft hja yet yn wêzen wier ef net.

Hja gyng yet stilder om sûnt Anne dêr de rin net mear hie en forsinde

hjar sims yn hjar wirden, fier, hiel fier mei hjar tinzen yn kriten

dy’t hjasels net wist mar dêr’t it goed wier to wêzen. It tinken, dy

simmers, det hja Sjoerd yet lokkich sjen scoe for it libben, det hja

hjar waermje mocht yn dy glâns, hie mear ljocht yn hjar eagen brocht as

it libben hjarsels litten hie; nou’t de waerme gloede fen dy tichtbye

takomst fordwoun wier, naem ek hjar libbenswil ôf, al wier hja ryk mei

Sjoerd syn bywêzen. Hja forstie nou ek det it djipste fen syn bistean

hjar fier bleau, det hja him net trochgroune, en bisleat yn hjarsels

det de minsken gâns foroare wieren by do’t hja jong wier, al wieren der

fleagen, as hjar jonkheit yetteris klear foar hjar eagen forriisde, det

hja alles wol seach en wist; mar hjar bitrouwen yn him wier fêst, en

sims wier der hwet ljochtens yn hjar det er nou, wylst hja sa âld, sa

hiel âld bigoun to wirden, for hjar allinne wier. Hjar geast, oan de

ein fen in swiere libbenswei dy’t hjar sims in snijende striid bitsjut

hie, kearde, al ôfwêziger fen ierdske bifinings, him it oertinken ta

fen hjar egen bistean, en wylst hja earder eltse foroaring op hjar

bernsbern syn antlit mei soarch en ynlikens seach, kaem hjar sjen nou

yn it ynwindige libben en moast hja forhelje, al mar wer forhelje, fen

hwet út ’e grounleaze hoalen fen it forline yet riisde, frjemde selsume

bylden dy’t hja lang forstoarn tocht hie en nou as yn in frjemd bistean

hjar eagen foarbygean seach.

En Sjoerd harke. Skimerjouns, as er frij wier fen wirk en Minke hjar

âlde oantinkens by readige wearglâns fen it kachelfjûr stadich nei him

ta klonken wylst de wyn bûten en troch de skoarstien rûze, siet er by

hjar, sims oan de oare kant fen de tafel; sims ek, as er brânje dien

hie yn de kachel, bleau er op ’e groun sitten nei de reade skreven to

sjen en wylst Minke, hwet foaroer yn hjar âld reiden stoel, hjar

meagere hân lei op syn hier, harke er ta, ôfwêzich sims, den mei spande

opmerksumens elts wird yn him opnimmend, det er mear leare scoe fen

himsels to forstean. Ho mear er hearde, ho wylder de twivel riisde yn

syn hert, ho drôver er waerd, en dochs woe er jimmer mear witte. It âld

minske koe net ealgje det hwet for hjar in myld tobinnen bringen wier,

forlûkings fen eangst om syn mûle brocht: yn de foarskiednis fen syn

bistean, Minke hjar swier mêdzjend skreppen en it minne libben fen syn

âlden foun er de forklearring fen hwet er yn himsels net bigriep, syn

oars wêzen as de minsken om him hinne, dat net oars as sikens wêze koe.

Sims, yn it wirk, ferge er him op ûnforantwirdlike ynspannings om it

biwiis to hawwen det syn lichumskrêft alteast net oantaest wier en hy

libbe wer op as er mirk, det sels nou yet nimmen him dêryn bilykje koe.

Wylst syn antlit bleker waerd en de iensumheit fâlden loek om syn mûle,

waerden syn spieren as fen izer en kaem der in stielen glâns yn syn

eagen; nimmen hast koe dêr lang mear yn sjen. De ljuwe fen it doarp

hienen argewaesje om him lyk as de trochhinne-wrâld oanstjit nimt oan

elts dy’t der útrint, en men bigoun wer to kletsen oer syn âlden, det

er syn komôf wol net forljeagenje scoe. Sûnderdet it him oanbrocht

waerd, fielde er det men oars oer him bigoun to tinken en it makke syn

ôfkearigens fen de doarpsminsken yet greater; sims, as er him by it

skearen yn de spegel seach, binijde it himsels ho hird en kâld dy eagen

him oanseagen, yn in driigjende ûntsjutbere earnst en hy tocht om syn

tsjinsttiid om fierens, as er mei ien fen syn fammen foar it rút fen in

greate winkel hjar beide dêr yn dy spegeling stean seach: hy altiten

strieljend, simmersk, himsels de measte wittend. Allinne syn lûd bleau

sêft en waerd hast yet fierder, det de minsken, as er in inkeld wird

sei om hjar biskie to dwaen de holle effen optilden en him fen siden

oanseagen.

Hy hie wirk as los arbeider; hy wist det er oars mear fortsjinje koe,

mar woe it net. Ljeafst swalke er ûren de fjilden yn, dizze hjerstmis

op dizige dagen det er roundoarme yn in egen lytse wrâld, mei gjin

minske mear nêst him. Sims tocht er, sa swalkjend, ho moai it wêze scoe

dêr ivich to wenjen, fier fen it doarp en syn lytse en kletserige

minsken, mei neat om him hinne as it greate rûzjen fen de wyn en it

skom fen de weagen twisken de fortoarjende reiden; as er den wer yn it

lytse húske by Minke kaem dy’t him glimkjend forwiet det er de kjeld en

de wyn meibrocht, kroppe der hwet yn syn kiel, en hied er in fielen

det, as er syn boarst fiks útsette, dy hiele earmtlike mûrren om him

hinne tobarste scoene; mar om it âld minske makke er him den wer lyts,

skikte him dimmen oan in sit by de tafel en die biskie op hwet hja him

frege. De dei kaem det er der net mear oer gear komme koe mei de iere

joun nei it doarp werom to gean, mar oernachte yn in âlde forlitten

mounle dêr’t de wyn fûl troch hinne loek, dêr’t er syn bûsdoek oer it

antlit spriede moast om’t oars de spinnen der sa oer hinne rounen; sims

effen huverjend fen de kjeld hied er geniet yn it greate rûzjen en

gûlen deromta, oan it ienlûdige kletterjen fen in pear losse einen oan

de roeden en in frjemde, wylde wille waerd der yn him wekker. Earst

do’t er de oare moarns thús kaem en it ynbleke bitrienne antlit fen

âlde Minke seach dy’t tsjin nimmen kikke doaren hie fen hjar eangst,

forwiet er him syn lossinnichheit en naem er him foar nea wer soks to

dwaen; hy hâldde him dêroan, al wier it him amper ûndildber, as er

nachts, wekker op bêd, de greate lûden hearde fen wolkens en wyn dy’t

er nou syn iennichste frjeonen wist.

Hwent hy sliepte net folle mear. Deis faek dûzich en út ’e sleur wei

syn wirk dwaend mei ynkearde eagen en deun mei it wird, fier fen elts

dêr’t er net út needsaek mei to meitsjen hie, koe er jouns de rêst net

mear krije. Skraech hie er him deljown, de eagen ta en wachtsjend hwet

komme scoe (hwent sa klear wier den syn tinken det sliep him ûnwierheit

like), den kamen de tinzen en bylden dêr’t er bang for wier, ûnneamber

ilindiger as dreamen dy’t de siele willeas ûndergiet; dizze wjukken om

him ta, rimpen en sleau, streakjend en wytgjend en hechten hjar fêst

oan de bedsplanke, oan syn tekkens, oan syn hannen, oan’t er it net

mear hâlde koe de eagen ticht to hâlden, se iepene en hjar weitwirjen

seach mei de strielen fen de moanne dy’t troch it soudersfinster

siichde. Den bigoun it freeslike; ûren moast er sa willeas en warleas

lizze, as er de eagen ta die, foart wer pleage fen de lilkaerdige

wriggen dêr’t er fen wist hwer’t hja him ta bringe woene, as er syn

sjen kearde nei de moanne en de nachtloft, fredich, mar krêfteleas de

sliep to krijen oant er, mêd, de eagen sleat en him weiglide liet nei

it ûnformijlike. Op ’t lêst bigoun er it sté to forflokken dêr’t er him

wis wist fen sok leed; hwent, frjemd to sizzen, as er mei himsels

allinne wier yn de grizens, as syn wêzen ûnder de twang wei wier fen de

binearjende byntsjes en dakpannen om him hinne, libbe er wer op yn syn

jongkrêftige sounens en syn hert, frij fen hokfor omtinken om minsken,

swalke mei de wylde gies troch it swirk en mei it jachtsjen fen de

jounwolkens. Bitwongen en lyts twisken mûrren, dêr’t er in dildleas

leed ûndergyng om hwet er syn plicht wist, stie er fjouwerkant en sterk

mids de wynfleagen en de reinsnjitten op ’e romte, dêr’t syn bloed

gestje en brûzje mocht en syn lichum to fjuchtsjen hie tsjin de biten

fen wyn en froast. Howol’t er net stroopte en de woastens fen natûr

socht om hjar greatens allinne, roun er dizz’ tiid, fier efter yn it

lân, altiten mei in revolver, as wist er him kening fen dy iensumheit

en koene der, mei it delkommen fen de joun, oerginstige wêzens komme

dy’t him weibalje woenen út syn rjuchtlik biwâld.

Yn de ûnwitten djipten fen syn geast skromfelen de lêste bigripen fen

de lytse wrâld dêr’t er deis yn forkearde, hird wei, en in wûnderlik

frjemd libben bloeide der omhegen dêr’t er himsels yn foarbygeande

fleagen yet oer fornuvere mar dat syn dagen fol makke fen wylde greate

dreamen. Mei gjin inkelde tried mear oan it ynderlik bistean fen syn

meiminsken forboun, mirk er sels det dêrmei al hjar wenstige

prakkesaesjes en opfettings him ôfglieden as de lêste flarden fen in

forsliten klaed, det er yn in triljend fielen fen frijdom foar de

swijende natûrwrâld om him hinne kaem to stean. Wiken wier it sa, det

er op syn fiere en forlitten swalkerijen him noch klear en djip

_minske_ wist mank de iensumens fen de skiere wettersuchtige lannen,

ien dy’t mei lege hannen der kaem en mei forwûndere eagen teach troch

dy dizige stiltmen; do bigoun de Natûr hjar great skeppend wirk yn syn

geast, en bigoun er himsels foarstellings en bylden to meitsjen út it

weigliden fen de sleau driuwende hjerstige wolkens, út de fochtige

rôljende en den wer útslaende rillings fen de dizen, út it frjemde

glydweevjen fen it bleke ljocht troch de hoalen yn de sûmbere

hjerstloft. Earmoedich en ienstimmich as de natûr hjar oppenearre oer

dy keale forlitten greiden, forskynde hja yn strange en almachtige

bihearsking oan de iensume siker dy’t ien groeide mei de greatens fen

hjar ûnbifiemberheit, det hja yn him de forheven egenheit fen hjar

djipst bistean sels wer kaem to oanskôgjen.

Hy seach se wer stoarmjen oer de bireinde himelbôging boppe him, de

ûnbidige heimsinnige wêzens mei hjar slingerjend hier, hjar antlit as

in frjemde ûntsjutberheit forhoalen hâldend yn hjar tizige krûzing; hja

kamen fen alle hernen fen de forlitten ierde, fierden kriich meimankoar

oer de kimen en heech yn de loft; spjuchtige gjalpen ljocht skeaten dêr

as spearen troch hinne, de rustige izeren skylden droanen dof tsjin

mankoar oan, hounen en wolven blaften wyld by de stegerjende hynsders.

Ef in ritsene swijende lykstoet teach der troch de loft, grize

reinkladen slepend oer de riljende weinen en de kop-hingjende hynsders;

út einleaze fierten kroepen frjemde lytse foarms neijerby en bleauwen

stean, deun tsjinmankoar oan krûpt, oan wearskanten fen de ljochter wei

dêr’t de swijende kloft hingjend en knikkend oer fierder teach. Ef de

wyn en de moanne wieren it iens wirden en hja fierden frjemde, wylde

boarterijen, de wyn hjar bifrijend út hjar oerdiedige sluijers en hjar

mei syn foreale amme bliezend yn it antlit, wylst ljochte geasten in

flechtige douns rigen de driigendste en wyldste wolkens bylâns; den hja

wer efter ûntrochkringbere tsjusterens fordwoun, tosiik det sels hjar

sté net mear to rieden wier, hy de wide himelromten oerstoarmjend en

alle wolkenbergen ombliezend mei syn útlitten forwoedendheit. O wolkens

fen Fryslân, frjeonen hwa’t dêr swalket, sterke oerstoarmjende ljeavers

fen hwa’t ienlik is! lyts en neatich steane de tsjerkjes mei it

hoarntsje ef it krús op de toerkespits yn de forlittenheit ûnder jim

woelige bifieming, mar ho binne jim, strieljend en bireind, rûzich

tsjuster en klear fen omlining, de goaden ûnskeinbere boargen bleaun!

Alles wier wûnderlik, alles libbe dêr syn bistean, fen ienselde libben

trochtrille. Sims, op syn swalkjen, as er kaem foar in ta sleat útdijde

greppel dêr’t er de wolkens yn driuwen sjen koe, klear en ljocht yn it

blinkwetter wjerspegele, stie er der tiden by to dreamen, hwet

foaroerbûgd, bliid as de oanstrikende wyn it effen rimpele, blider yet

as de tearen wer yn it igale forglieden en er it stille libben yn dy

ûndjipten wer klear ûnderskiede koe. Allinnich syn egen byld koe er net

mear yn it wetter sjen: den bigoun er wer to tinken en to siikjen oer

himsels, hy seach syn egen libben wer klear en skôge net yn syn eagen

ef hy tocht om de kâlde dreamen dy’t de jouns wer gearkringe scoenen om

syn bêd; yn selsforgettenheit allinne laei syn blidens. De frjemdste

tinzen skeaten him sims troch de holle; ienris tocht er, do’t er yn it

folle geniet fen syn frijdom syn binearing wer foar him forrizen seach

sà det er wearzge fen himsels en himsels fordwaen kinnen hie yn syn

hate: „as ik mysels nou ris deamakke en ik woe mei myn siele hjir dochs

bliuwe, scoe ik den ôf wêze fen alles, frij wêze lyk as nou dy fûgels

heech troch de loft en de krobben yn it wetter?” Mar tagelyk wist er

det er noch altiten in stille nocht oan syn uterlik en bidriuw hie, al

forflokte er it sims as in barnend klaed dat geargroeid wier mei syn

wêzen, en hy fielde djip det as dat freeslike wier wie’, as it kankere

yn syn libben, det syn tinzen en syn lea den beide oandien wieren fen

de smet en neat him fierderbrocht dat net betterskip yn alles

bitsjutte. Dagen lang sims stie it by him fêst det er gek wirde scoe,

en yn syn greatste bitterens seach er mei in kâlde foldwaning sims de

dei tomjitte det de wrâld sizze scoe det it sa wier—det er net mear

hoechde to tinken, bifrijd wier fen de flimen yn syn geast dy’t syn

hiele ynderlik wêzen ûntbleaten, as er bolderje en gromje koe as de

wyn, somberje as de wolkens yn de jountiid.

Yet jimmer gyng it dûbelde libben syn rin: it doarpsbistean mei Minke

en syn wirk en it wenstige hâlden, det er lyk as eltsenien de bûrren

lâns roun, himmel yn syn klean dêr’t Minke oer soarge,—nêst it wylde

libben yn de romten dêr’t nimmen kaem, mei eagen wyld libjend,

opljochtsjend en wer dôvjend as de koarte deiglâns oan de loft, lange

petearen yn himsels, sims sterk tsjin de wyn yn en altiten hiel in

wreed langst yn him syn soun en blank fleis lije to litten yn kjeld fen

rein en wyn, yn in ûnbiriddenearre stribjen nei lottering en

forneatiging beide. Minke wist der neat fen: hja hie noed det er waerm

yn syn ûnderklean siet, hja wier fen neat sa bang as kjeldlijen, hja

wist ho’t Bearn der ûnder forkomd wier oant de stjerrensglâns yn syn

eagen opljochte en er him riek ta de dea. Mar as Sjoerd mei syn wylde

frijer, de wyn, allinne wier, earne by in âld mounle ef in allinne

steand hok dêr’t dizze tiid fen ’t jier gjin stjerling kaem, den smiet

er syn truijen út en mei de bleate holle gyng er yn de rein, det syn

baitsje mei gauwens wiet flapperich sloech tsjin syn lea en de rein him

út it hier dripte en by syn nekke en hals roun oer boarst en skouders.

In ûnwitten, mar wûnderlik sterk en waerm fielen trochgloede den syn

hiele liif det er net ien kear rille; om wier to bliuwen, moat men

sizze det er weromgyng as er him kâld to wirden fornaem en syn hûd den

ôfroste, oant hja fen waermens tintele. Scoe in frjeon him ienkear

pleage hawwe mei dy healslachtigens, hy hie der tonei mei britsen en

wier dea gien.

Sok ûnbigryplik en godleas dwaen koe de froeder ljuwe fen it doarp net

alhiel forhoalen bliuwe; en dêr’t yn Fryslân persoanlik bisit hiemer is

as persoanlik oardiel, wier der greate ienfoarmichheit yn de ôfkarring

fen de seedlike doarpsmienskip dy’t wend wier hjar egen ynwindige

ûnklearens yn bislettenheit to bidobjen. Hja mienden it, de âlderein

sels sûnder útnimming, tige treflik mei Sjoerd en seagen mei lede eagen

dat jonge bistean lâns dy ûnbigryplike wegen syn oardiel tomjitte

strûzen; mei earnstich holleskodzjen en in mennich ynbannige wirden

bidrôven hja det sa’n skrandere jonge sa troch it libben scoe, net it

minst om Minke, en hja stiene de foargonger fen hjar stiif

rjuchtsinnige tsjerklike mienskip oan, der earnstich mei de jongkeardel

oer to redendielen, in inkelde apostolyske tekst oanheljend ta

bikrêftiging fen hjar pleit. De froede man dy’t yette nea oan de

útnimmendheit fen syn rjuchtsinnigens twivele hie, meast om’t it him

ûndildber west hie syn egen geastlike bifoarrjuchting yn kiif to

setten, mar ljeaver ek sûnder folle spil troch de wrâld gyng, koe der

net bêst for wei, al lake it him net ta op syn âlde dei yet ta

bikearing fen heidens útstjûrd to wirden. Yn it bigjin fen hjar petear,

in joun yn dominij syn stúdzje-keamer (dêr bitroude dy him yette it

bêst) foel Sjoerd him mei en hy forblide him al oer it ginstich

birjucht dat er syn oantrúnders oermeitsje scoe; mar hy biloek, do’t

er, nei Sjoerd wiisd to hawwen op syn plicht de neisten gjin argewaesje

to jaen en to bitinken, det it heil mear yn it Godshûs to finen wier as

yn de wyldernij (hy praette by forsin fen de „woestijn”) dy sizzen

hearde det nimmen dêroer oardielje koe dy’t beide net oan himsels

bilibbe hie, en in útnoeging krige sels sa’n swalkersreis mei in

oernachtsjen yn de mounle mei to ûndernimmen. Dat makke de oars

goedmoedige foargonger breinroer; hy forstie dit as in hún, alteast as

in dúdlik tokoart oan earbiedenis, en lei heechhertich yn det immen

dy’t mei Jezus troch it libben gyng en dos de wierheit hie, soks net

nedich hie to ûndersiikjen. De wyn rûze lûd troch de beammen fen de

pasterij-tún en ien fen de blinen bûten kleppere ûnwennich; Sjoerd gyng

oerein en sei: „Fen Jezus witte jy net folle ôf, as dy bistien hat, ken

ik him better, dy syn ryk hâldt by de mûrren fen jou tsjerke krekt op.”

Do foel der fensels net mear to praten.

Mar it barde, in wike letter, do’t Minke en hy swijsum foarmankoar oer

sieten, hja, heal slûgjend en heal mei hjar tinzen yn it fiere forline,

hy mei syn dreamen fier fen de wenten fen de minsken, det der in sêfte

ûnrêst yn him wekker waerd en hy âlde Minke in triljende blidens die

mei hjar om it tsjerkboek to freegjen. Hja gyng oerein, krige it for

him en joech hjar wer del yn hjar stoel, sabeare wer ynslûgjend, mar

nou en den mei healtichte eagen stoarjend nei it lêzen op syn antlit,

yn in tankbere en hast hillige frede. Hy siet foaroer, syn holle

twisken syn stevige knoesten, rimpels yn de foarholle en lies, de

boeken fen de evangelisten, inkelde dingen net forsteand, den mei in

triljend forlûken fen syn lippen as er in rigel mette dy’t to libjen

kaem yn syn hert; in frjemde driuw jage troch him hinne, en net wend

syn fielen yn bitwang to hâlden, liet er syn siikjen klear útkomme op

syn antlit. Lang siet er sa, det Minke hjar net forwege doarst yn hjar

sit; yn it lêst sloech er syn eagen op, nou hiel klear en djip fen in

stille blidens, en hy sei tsjin Minke dy’t him de wirden fen de lippen

lies: „Hja wolle ha, det er dêr yn hjar tsjerke libbet, beppe, ik tink

fen by de ûlen en de spinreagen by de kloksgatten. Mar hy preke fen de

bergen en gyng oer de séën, stiet der, en it grêf wier him to lyts. ’k

Moat mar net wer nei dominij ta, ’k scoe him op syn gesicht slaen, as

er sei det hy mear wist fen him as ik yn myn iensumens.” Minke hie

lang, lang wirk ear’t se dy ûnbiwende wirden trochgroune en hja woe der

mar neat fen sizze; do kaem der in moai tinken yn hjar op en hja sei,

it antlit nei it finster: „Ik leau det dy him it bêst bigrypt dy’t him

it meast nedich hat. En dy is er ek it neist.”

It wûnderlike wier det er dy nachts yette lang wekker laei, mei iepen

en tichte eagen beide, en det der neat om hinne spoeke en det er

einlings glimkje koe yn syn sliep.

De swiere winst · 第 5 / 10 题