IV.

Anne: in moai bloeijend fanke mei oermoedige brune eagen en kriich yn

it wirk, dat de dei net fordreamde en de jouns sterk langje koe. Ien

fen de fiif út in arbeidershúshâlding, hie hja al ier meifortsjinje

moatten en wier hja mei gauwens as faem bidarre op in greate en

wirksume boerepleats dêr’t hja de kost for ’t iten hie en in skoan stik

jild fortsjinne. Hja wier ien bleaun mei hjar folk en hjar lân, libbe

mei yn al it wichtige barren op ’e boerkerij, wier bliid as it bislach

winters en de iere maitiids mei in stikmennich skoandere keallen

útwreide waerd en mocht, as ’t barnde yn ’e ûngetiid, jerne meiswylje

op it lân; middeis oan tafel iet hja hjar sêd en soun, en yn hjar

koarte nachten hie hja fen dichterlik noch oerstjûr gedream folle lêst.

En men moat sizze det hjar omkrite hjar trouwe oanhinklikens mei golle

rinte werombitelle, hwent hja wier in stik geef en feardich Frysk

libben meiwirden as hja mei it spantou swaeijend roun efter de kij ef

ûnder in âlde strieën hoed hjar bloeijend antlit deun tsjin it koubist

hold by ’t meltsen.

Sa seagen hjar de oare boaden dy’t jerne mei hjar malfarren en faek in

bizich útflapperich wird fen hjar weromkrigen, dêr’t hja net folle

tsjin bigounen, en sa fensels ek hjar boer en boerinne dy’t simstiden

mei in noflike knik tsjinmankoar seine det Anne hjar jild wol

fortsjinne en det men in bêsten oan hjar hie, greate selsumens yn ús

tiid det it folk sa bretael waerd en amper altiten fijannich foar yen

oer stie. Inkelden seagen hwet oars yn hjar: hjar kammeraetskes dêr’t

hja de Sneintomiddagen bûrren en strjitwei mei lâns kuijere, faek gâns

forfeeld en tsjinnich as der neat to gobjen wier, mar der djip yn hjar

hert fen oertsjûge det men Sneins hearde to kuijerjen, net allinne for

de feinten dy’t kâns hawwe moasten yen op yens bêst en pronkfolst to

sjen (sa miene hja yndied, en witte net heal ho moai ’t hja binne yn

hjar wenstich deistich bidriuw) mar ek as in seedlike plicht,

ûnôfskiedber oan de rêstdei forboun. Dizzen, dy’t faek mei in herte fol

fenyn earmke-yn-earmke mei hjar rounen, wisten klear ho’t de measte

frjeonlike nijsgjirrigens fen de sterke helte opkaem for Anne, sels

do’t it dochs it hiele doarp roun wier det hja forkearing hie; dêrom

bisleaten hja mei izeren logyk, det Anne sels oanlieding ta soks joech,

de mânljue lokke en oanhise mei hjar slúchslim sjen en hjar net skamme

ek oaren yn ’e mjitte to kommen, wylst hjasels forsein wier. Anne

forstie genôch fen it libben om soks to trochgrounjen, en hja hie

pleagerige riten det hja hiele middagen trune en noege oant hjar froede

frjeondinnen, al mar sedich glimkjend, bleek seagen fen oerginst, èn

skoften det hja stune, noartich tsjin eltsenien dy’t nêst hjar wier en

hjar mette, oant hjar selskip yn koarte neibiskôging bisleat, det

nimmen ea bigripe scoe hwet der dochs oan dy Anne wier. It frjemde

forskynsel bleau bistean det hja de oaren de moaiste jonge út it doarp

foar de noas weikaept hie, en det mennich jongkeardel hjar yet oanseach

mei eagen dy’t dúdlik seinen: „astou einlings ris genôch hast fen dy

iene, den bin ik earst oan bar.”

Mar hja makken gjin kâns; Anne hie mear yn hjar libben as hja wol

wisten. Dat sterke feardige bern dat fen jongs ôf oan skreppe moatten

hie en laitsjend en fêst mids yn it wirksume lân-libben stie, hie hjar

ûren hawn fen ûnbitwingber langjen det it hjar like eft alles weisonk

for hjar sjen en de triennen hjar yn hjar eagen kamen. Dit wirdt yn it

boere-libben as in ûngaedlike en amper as in syktme-tastân forstien, en

Anne wier bern fen it lân genôch om der net langer mei omkruse to

wollen as nédich is; ek wist hja de greate remeedzjes tsjin soks, dy’t

bistean yn in arbeidsum libben en stevich frijen op syn tiid. Beide

wier hja net ôfkearich fen en mei’t it libben hjar oanstien hie op it

iene, hie hja, heal dreaun en hiel út opset sin, ek it oare socht. Mar

hjar forkearings dûrren net lang, Anne seach hjar feinten selsume gau

yn it wêzen en sadré’t se hjar koe, foldie it hjar net mear en gyng

hjar langjen út nei hwet oars, dat hjar mear joech en hjar mear

meinaem. Hjar ûnfoldienens kaem it meast hjirfen det hja fielde ho’t de

measten fen hjar romrofte rige sljuchtmâl mei hjar wieren en det hja se

alhiel oer koe; en Anne, dy’t, ho se yn it wirk ek de mânljue stie,

frou bleaun wier mei hjar hiele hert, koe net ta rêst komme salang’t

der net ien yn hjar libben wier dy’t mear wier as hja, dy’t hjar bliid,

great en ynlik bliid meitsje koe en byneed sels leed dwaen, mar dêr’t

se yn alles by opsjen mochte, yn in heal ûnwis fielen for hjarsels, det

syn ljeafde hjar it ienichste greate wier op ’e wrâld en yn in klear

witten det se mei sa’n ien op ’e doarpsbûrren treftich foar ’t ljocht

komme koe.

Al skoften lang hiene hjar eagen oan Sjoerd hongen ear’t se him for it

earst neijer kaem. Hja hie for it earst in wirdmennich mei him praet op

in Sneintomiddei, do’t se mei greate foarnimmens om in moai ein to

fytsen, in ketierke fen hjar pleats ôf al in lekke bân krige en

fortretlik mei hjar fyts wer hûsta slepe moast. Hy hie de strjitwei in

ein út west, roun hjar efterop, en frege hjar hwet oer it ûngefal; hja

seach him fensiden en mei hwet argewaesje oan, to greatsk om sok

moetsjen net as in forleging to fielen, skruten det se wol hwet

spotskens yn syn eagen glimmen sjen scoe. Mar hy like hjar earnstich en

miende grif hwet er sei; en mei-ien seach se ho moai’t er wier, sels

dizze middei yn syn wol ienfâldige, mar dochs Sneinsk-lykjende

klean—sterk, tige sterk, en dochs sa blank fen hûd det syn wirk yn ’e

simmersinne him net oan to sjen wier. Hja praette wakkere wiis oer de

greate fragen fen it doarpslibben, seach kâns oer hjar meast gefaerlike

kammeraetskes in pear ûndogenske dingen to sizzen dêr’t mear hjar

goedmienendheit en mear-wêzen út bliek as hjar eangjende oerginst, en

dêr’t hy him mei formakke; oanmoedige, bigoun hja oer hjar foarnimmen

by it toanielselskip yn’t doarp to gean en praette dêrfen det se wol

ris earder hwet meispile hie en mirk mei gauwens, det hja dêr wol mei

foarútkaem. Hja stried der fûleindich for det hy hjar achtslaen scoe,

en birikte yndied det Sjoerd thúskaem mei it bitinken, det hja yet wol

de oannimlikste wier fen al dy fammen om him hinne.

Mar hja hie hjar foarderjen oerskat: Sjoerd kearde wer yn ta himsels en

sloech hjar mar amper mear acht as de oaren. Hja iepenbiere in

úthâldende slimmichheit om him dochs neiby to kommen, bisocht

Sneintomiddeis mei al hjar krêft him to moetsjen, bitocht boadskipkes

by âlde Minke sels—den foel it hjar ynienen wer yn det hja mei hjar sa

op to kringen hjarsels forriede koe en faeks earder syn hekel geande

makke, en hja skrille wer in fjirtjin dagen lang werom, en joech hjar

den wer skruten nei foaren. Hy fen syn kant, bleau twiivlich, en tocht

yn goede frjeonskip om hjar. Oant de winterjoun kaem fen hjar

meispyljen (hja hie mei folle úthâldende minlikheit in swiere

heltinne-rol witten to bimachtigjen, det it selskip amper oant yn syn

grounfesten skoerde) en hja, mei in selsum trochsettend bisiikjen hwet

apartichs oan hjar spyljen to jaen dat opfalle moast, al hie hja gjin

flau bigryp hwet dat likernôch ynhâlde moast, mear troch hjar wollen as

troch oanliz op hjar ginstichst forskynde, sà det in greate oerwinning

hjar stribjen bisleat: hy dounse dy joune mei hjar en brocht hjar thús.

De nacht, hjar blide libbenskrêft en it togearre-wêzen dienen it

fierdere, hja fielde hjar sa ticht by him as hie hja him jierren kend,

syn sêft oanreitsjen en stoarmich nimmen wier hjar in wûnder dat hjar

meinaem nei wûndere, nea-bidreamde fierten, en al dy dagen striele it

lok hjar oermoedige eagen út: foldwaning oer hjar wirk, greatskens om

hjar oerwinning, mar de triljende krêft fen hjar ûneinige ljeafde it

meast.

Yn it earst wist Anne net ho’n swiere wei se to bigean krige mei him,

al skeaten der mei gauwens sims forwûndering en argewaesje en in hiel

fiere eangst troch hjar hinne. It gaust bifoun hja ho’n forskeel der

wier, yn de omgong mei hjar, twisken him yn syn forheftich mar koart

jaen, èn dy oaren dy’t hjar mear yn hjar wêzen lieten mar den sa’n

hiele nacht ek op yen omhongen; hja pleage him dêroer ris mei in geklik

wird, mar forstie yn syn swijens en de bilitsen glâns fen syn eagen

hommels sok hwet frjemds, det hja hjar earnstich foarnaem hjir nea net

wer in wird fen to kikken—allinne hjar forwûndering hie it hjar ek

sizzen dien, hjar bistean wier dêryn lyk as sines. Mar der kaem mear

dat hja seach mei al de klearens fen hjar ûntrêstige froulikheit, syn

fier fen hjar wêzen as hja sims meimankoar rounen troch skimerjoun ef

nacht, as syn earm hinne laei om hjar skouder en hja dêr it libjen net

mear yn fielde, as hja forstie det er tocht om hwet oars en hja de moed

net hie him dêrnei to freegjen, syn swijen as hja mylde wirden oer hjar

omgong tsjin him sei en it meast syn eagen, dy’t glânzgje en flûnkerje

koenen as er him joech en den wer yn de fierte seagen mei in ûnfetlike

skimerglâns. Hja koe der net oan ûntkomme, hja moast by hjarsels sizze

det er yn syn herte in frjemden-ien wier en det hja him net bigriep, en

hja eange de tiid det hja forstean scoe det hja neat mear for him

bitsjutte, en gean moast, allinne, sûnder him...

Mar dit tinken die hjar sa’n flymjend leed det hja it dalik wer

ôfstegere. Der wier neat twisken hjar, hja koe him allinne mar net

bigripe, mar hja koe hjar bêst dwaen en foar alles wier wêze tsjin him.

Hja pleage him nou nea mear noch socht hja him to lokjen, mar kaem lyts

en dimmen nei him ta, mei de soargen en lytse ljochten fen hjar

deistich bistean, praette net mear nei him ta, mar sei de earmoede en

it twiveljen fen hjar egen libben. It wier swier for hjar, hwent hja

wier greatsk yn hjar hert, hja hie sterk stean wollen troch hjar egen

mear-wêzen, en it waerd in djip leed as se fornaem det se nou allinne

mar syn meilydsumens opwekke lyk elts dat koe, yn pleats fen syn

ljeafde, mar hja kaem lâns dy wei yet it fierste en moast sa wol

fierdergean. En Sjoerd dy’t mei goed mienen nei hjar harke en hjar

bisocht syn treast en myldens to jaen wylst alles yn hjar longere om

ljeafde, dy’t ûnder tsjinst hjar ienfâldige, net folle sizzende brieven

lies lyk hja forhellen fen de lytse dingen fen it libben dêrre en sims

in skrutene frage bifetten oer syn thúskommen en in hiel inkeld blinkje

fen hjar ljeafde-forhâlding, seach yn pleats fen syn dream en heechst

wollen mear en mear de egenheit fen it libben yn Fryslân yn hjar, en

binijde him aloanwer mear mei ho’n bytsje dat libben dêr takoe.

Anne stried dêr tsjin yn; for it each fen de wrâld bleau hja oermoedich

en simmersk, mar hjar sliepsté seach hjar simstiden gâns oars. Hja hie

ljeaver yn de grêft sprongen as det hja hwet fen hjar swierrichheit

útkomme liet. Do’t Sjoerd de jouns fen syn foarste wirkdei wer op ’e

terp, net by hjar west hie, skriemde hja hjar de nachts yn sliep, al

wier soks hjar net hielendal nij mear; de oare deis, op it stap, song

hja sa klear en strieljend by hjar wirk, det de boer syn fanke, det in

snoad bern wier, sei tsjin hjar mem: „Hwet moat ús Anne hjoed in min

sin hawwe! ’k Haw se yn gjin tiden sa oangean heard.”

Hja wier net forwend fen him, en socht efter syn weibliuwen neat

earnstichs, al hie hja der leed om. Yn hjar forkearing hie hja mei

gauwens sjoen ho’n forskeel der twisken hjar en him wier yn hjar

fielen: de ien dy’t oars gjin greats fen it libben tocht, hwaens tinzen

yn hjar lytse blydskippen en ûnkheden him optslach foar hjar hellen,

om’t de forfolling fen hjar libben rêstte yn him—hy, ljeavjend by

fleagen, sims oermoedich en wyld yn syn jaen, den wer skoften by hjar

sûnder folle myld bijeart, sims dagen det er mei syn tinzen by hwet

oars wêze moast. Earst hie hja dat as in pine flymjend field troch it

herte, letter learde hja dêryn to birêsten: hy wier sa great en heech

yn hjar eagen, hja wist hjar machtleazens alles yn him to forstean, en

sei tsjin hjarsels det ien as hja dy’t mar sa’n bytsje fen wrâld en

libben wist, ek net mear wêze koe for immen dy’t sa socht. Mar eltse

kear det hja syn fierens fielde, hie hja leed, al praette hja it goed

for hjarsels.

Hwent hja libbe nou mear as ea hjar lok tomjitte en hjar dagen wieren

sa bliid en waerm det twivel gjin fet op hjar krige. Hy wier weromkomd,

dat bitsjutte: hy moast wer tinke om syn takomst, de foarste trêd sette

op in effener en klearder libbenswei, de tiid wier dêr det er hjar

weihelje scoe út hjar tsjinst en hjar masteresse meitsje fen in egen

lytse went mei folle blide lytse soargen en gaedlike beuichheden;

allinne dy foroaring fen plak bitsjutte hjar al folle: hja skikte hjar

yn hjar tsjinst laitsjend nei folle ûngaedlike dingen, mar it langst

nei in egen bistean siet hjar heech. En hja seach mear, hja wist det

hja eltse dei dêr nêst him wêze scoe. Hja scoe miskien hwet minder faek

laitsje as nou, hwent hja forstie, in maklik libben waerd it net, en

dochs sloech hjar hert rêdder as hja dêrom tocht: ûnwittend fielde hja

de stille hilligens, dy’t der is yn it oerjown tsjinjen fen ien hwaens

bistean yen it djûrste is fen al it ierdske. Faeks learde hja mei de

tiid ek better him yn alles to forstean, en al wier de waermens ek dêr

net altiten om hjar hinne, de kearen det er him alhiel jaen scoe

moasten sok in huverjende wûnderens ynhawwe det sels hja, oars net

licht bidêst, de holle niigde as it ealgjen dêrfen yn hjar wekker

waerd.

Dy hiele deis hiene hjar tinzen dwaende west mei syn weibliuwen; en hja

hie earnstich foar hjar nommen him al effen merke to litten det it hjar

min sinnige, al wist hja fen eardere kearen op hokfor earmtlike

fortuten hjar lang oertochte skrutene forwitings ornaris útrounen. Mar

fierwei hjar greatste soarch wier dochs eft er tojoune wol komme scoe;

natûrbern yn hjar hert, seach hja it blije sintsjende waer as in goed

foarteiken, en om hjar prakkesaesjes to forsetten, kletste se de bossen

mei dûbelde feart yn de grêft, det it koele wetter hjar antlit bispatte

en hjar hier as fen peareltsjes dauwe by ’t moarntiid glânzgjen die. Yn

de greide foar hjar diene in mennich glimmende keallen brike sprongen,

it fûgelgûd tsjottere yn de hege beammen fen de mantel en wier yn ’t

spier op it effen blaupanne-dak; in pear moaije swartbûnte katten

sieten mei opmerksume earnst by de hage nei hjar skreppen to sjen, sims

allinne hwet steurd by de mear dramatyske einen fen hjar sang, hwaens

miening it wier hiel de wrâld en hjarsels to mislieden oer de tastân

fen hjar hert; mar ho fierder de dei gyng ho mear hjar tinken rjuchte

waerd op dat iene, de kâns fen syn kommen dizze joun; in pear kear

forstie hja de frou heal forkeard, det dy mei bysûndere klearens en

stadige klam yn hjar lûd, hjar weardige oanwizings forfette. Ek bikibbe

hja hjarsels gâns om hjar ôfhinklikens foar Sjoerd oer, en in pear kear

kaem hja sa fier hinne det hja hjar binijde hokfor bysûnders der oan

him wêze scoe dêr’t hja gjin diel oan hie; en hja bisleat, hjar tonei

nea wer de mindere to fielen.

De jouns, nei in beuzige dei yet effen dwaende mei stopwirk, seach hja

him fensels fier foar de oaren oankommen, mar tagelyk niigde hja mear

oer de hoas en de nidle foaroer, en hja like in bytsje forheard do’t de

boer syn fanke, it spjuchtige finnige ding mei poddegiel hier, mei

great ophef oer de milkeamer forkindige, det Anne hjar lang-forwachte

kommende wier. Hja gyng oerein mei in pear binnenmûlske lûden, dy’t

mismoedigens oer dizze ôfbrek fen hjar wirk mienden, en hearde de

lûdroftige forwûndering fen de jongfaem det Anne mear hâldde fen hjar

sok as hjar feint, mei stille birêsting oan; do frege hja de frou eft

hja in skoftke mist wirde koe: hja hie hwet mei Sjoerd to bipraten. Der

waerd hjar in ûre tastien; do gyng hja en roun Sjoerd tomjitte,

nijsgjirrich fen de eagen yn de milkeamer folge.

Yn de blekens fen it jounljocht seach hja it leed op syn antlit dalik.

Hy hie in dei fen birêsting efter him, fen neat as neilibjen hwet him

jister sa meinomd hie; stilder en klearder wier syn fielen nou wirden,

it witten fen syn skild en fen it forkearde yn syn ljeafde, fen syn

treastleas foarlân en syn forplichtings foar Anne oer, mar it pinige

him nammensto djipper. Hy hie mar ien ding bislute kinnen, det it

nedich wie’ wier tsjin Anne to wêzen, yn alles, det in wrang leed hjar

èn him better wêze scoe as it foartdûrjen fen in dream dêr’t er de

ûnwierheit fen trochskôge hie. Oer hwet dêrfen komme koe joech er him

gjin rekkenskip; hy forstie det it altiten drôvenisse wêze moast en

wier der dof ûnforskillich ûnder. De readigens fen syn tsjeaken, yet

net brúnbarnd fen de sinne, wier gien as it jounljocht en ûnder syn

eagen dy’t fochtich liken leine tichte ringen. Anne seach kjel ho’t hy,

de bloeijende libbenskrêftige jonge, nou sels hwet op Minke like en hja

eange det er net goed wier. Fen hjar feardige bisluten wier neat mear

bleaun, hjar herte bigoun rêdder to slaen út noed for him; sûnder it to

wollen laei yn hjar foarste wirden de ûnrêst fen hjar sterk rizende

ljeafde.

„Hwet bist bleek jonge,” sei se. „Skeelt der hwet?”

„’k Haw in pear biroerde dagen hawn,” sei er. „’t Is allegearre wer

mis. ’k Bin der jisterjoun om weibleaun, nou woe ik dat net. Al stiet

it sin my net bliid.”

„As ’t oars net is as in min sin, dat kin better. Unwennich?

swierrichheit mei dyn wirk? Scilst earst wol omstean leare moatte,

heite! ’t Is hjir mei omstippen net to krijen.”

Hja miende it goed, mar hy, út himsels al hwet yn oerstjûr, hearde

forwyt yn hjar wirden.

„Deabodzjen is net folle oan,” sei er hwet koart, „mar dou witst oars

wol det it myn moade net is om to stippen.” En do’t hja stil bleau, yn

’t ûnwisse eft se sizze scoe det se it sa net miend hie: „De hiele

ilinde kaem út mysels, sa as altiten. Ik woe detst in ein mei my de

strjitwei út rounst. Ik ha dy hwet to sizzen.”

„Dat is bêst,” sei se dimmen, „ik kin in ûre weibliuwe. Dat scil wol

genôch wêze.”

It heakke wer mei syn forstean, mar hy wier nou sa wiis syn opkommende

argewaesje for himsels to hâlden; hy bigriep det dy ûngaedlike

fielsumens mear laei yn syn egen ûnfoldienheit en ûnwissens, as opwekke

waerd troch hwet hja sei. Effen seach er hjar fensiden oan, en

forwûndere him ho earnstich hja nou like, sa fol sterk bisiikjen him yn

syn hiele wêzen to forstean, en det er hjar dochs sa fier fen him ôf

fielde. Swijend rounen hja in ein fierder, hja rêstich foar it each mar

mei in sterke slach yn it hert, hy mei de eagen foardel, mei hwet

ûnforskillichs nou om syn mûle, mar de hannen yn syn bûsen gear ta

fûsten. De hiele dei hied er neitocht oer ho’t er tsjin hjar bigjinne

scoe, mar hy wist it yet net, en tocht hast eft it net better wier mar

oer hwet ûnforskillichs yn to setten, en den stadich it praet to

forlizzen nei dêr’t it komme moast. Hy foun it lef, en wiisde it dalik

wer fen him.

Hja kamen oan in hikke dy’t in ein út ’e bjirm weisprong en dêr’t oan

wearskanten it ûnderwâlsgûd ticht oan taroun; greate skermige

kikkertsblommen woechsen yn de dyksleatsjes, dêrefter laei in stik

greide, glânzgjend fen ripe grienens, tsjin ’t meanen oan. Hy gyng op

’e hikke sitten, it antlit nei it west ta; hja kaem dimmen nêst him

stean. Hja hiene der folle sa stien en de hiemens fen it sté en de

frede fen de joun brochten hjar tichter ta mankoar; beide fielden hja

hjar stilder en sterker wirden. Do’t Anne yet in skoftke wachte hie en

hy swijen bleau, seach se him oan; syn eagen wieren nei de joun ta,

smertlik en ljocht as fen ûneinige sêftens. Hy fielde det hja nei him

seach en sloech syn eagen yn hjarres, djip-stil, mar stadich bigoun der

in swiere gloede yn to skinen dy’t hja mar amper forneare koe.

„Hwet hast dochs” sei se lústerjend. „Dou makkest my hast bang. Ik wier

sa bliid det ik dy seach, en nou wit ik net hwet ik oan dy haw.”

Hy bleau hjar oansjen, yet djipper. „Witst dat oars den wol?” sei er

do.

„Ik wol net detst sa nei my sjuchst, dat forstean ik net” sei se sa’t

it yn hjar opkaem; hja seach det syn mûle effen forloek, do kearde er

syn eagen fen hjar ôf. „Né, net altiten, dat is sa. Mar ik bitrou dy

wol. En dou witst wol detste det mei my ek kinst, en dy frij tsjin my

útprate, as der hwet is dat dy net sinniget.”

„Dou hiest my net sa bitrouwe moatten” sei er rimpen. „’k Woe sizze,

dou hast altyd mar tocht det ik tsjin dy wier as dou tsjin my. En dat

wier net sa. Do’t ik foart wier, do...” It kroppe him, hy koe de wirden

net út ’e mûle krije. Noch in kear bisocht er; do gyng him in skok

troch de lea, hy bigoun to skriemen, de lippen stiif opmankoar, noch

presjend om him to bitwingen. Do gyng er fen ’e hikke ôf en mei de rêch

nei de strjitwei ta stean, it antlit nei it West. Sa nei gyng hjar dat

stille wanhopich gebeart det hja der in liiflike pine fen fielde yn

hjar hert. Hja longere dêrnei him to treastgjen en doarst dochs hjar

earm net om syn skouder lizze; as forlamme stie hja in skoft njunken

him, hja bigriep det der hwet ilindichs wêze moast.

„’k Bin lef” sei er op ’t lêst. „’t Hie better west det ik do safolle

neitocht hie, yn pleats fen my hjir sa oan to stellen om hwet dochs net

mear to foroarjen is. Ik bin dyn bitrouwen net wirch. Ik wist detstou

hjir op my wachtest en ik bin dy net trou bleaun. Ik ha omgong mei

oaren hawn, dêrre.”

Hy tocht det hja útfalle scoe, hjar kjellens uterje, syn namme neame,

mar hja swei. Yn syn lêste wirden hie hja oankommen field hwet er sizze

woe, hja koe net mear tinke en do’t er sei hwet hja eange, hearde hja

forbjustere ta.

En yn hjar hert wier hja bang, djip en ilindich bang. Hja hie him

giselje wollen mei forwitings det er it net mear forneare koe en

triljend ta hjar komme, det hja him forjaen mocht, mar ynpleats fen

him, huvere hja, twong hja elts wird werom dat skieding twisken hjar

bringe koe. Hja fielde en seach hjar ljeafde ûndergean, hja hie in wé

en koartsich fielen as wier hja liiflik skeind, en tagelyk focht se

riedeleas om alteast it earmtlik oerskot yet to biwarjen dat hjar

bleaun wier; hja fielde, heal dûselich fen angst, det hja him net gean

litte scoe, det se gjin krêft hawwe scoe him fen hjar wei to driuwen

sels al scoe se him nou yette, hjar hiele libben, mei oaren diele

moatte. Bistoarn om hjar holle en hjar hân sa taklamme om de boppekant

fen de hikke det it bânizer hjar yn de hûd snie, stie hja ûnforweechlik

nêst him, net wittend hwet se sizze moast, stridend om in wird.

Wachtsjend, kearde er him in heale slach om om hjar oan to sjen; yn

hjar bitiisdens tocht se det er al by hjar weigyng. De hannen gear, de

eagen glânzgjend fen eangst sei se hwet se net mear kropje koe:

„Gean net by my wei Sjoerd, bliuw by my, ik kin net allinne...”

Forheard seach er hjar oan, hy forstie hjar net, fette net ho’t se him

bea to bliuwen, ynpleats fen him hird en fûl to sizzen det er gean koe.

It joech him hwet fen syn krêft werom, mar forlytse syn tinken oer

hjar, nou’t er seach ho helpeleas en neatich hja wier bûten him. Hy

fielde de hún fen wylst er himsels forflokt hie om syn leffens en

wantrou, dochs yn syn sonkenheit foar hjar oer yet as master to stean;

der kaem hwet wreeds en kâlds yn syn eagen do’t er fielde det er, wier

syn wil sa, hy ek dizze nei him nimme koe lyk as de oaren. Yn him

wraksele syn meilijen mei dat fielen, mar syn witten fen earder, yn

ûnweardige skild njunken hjar to stean, wier him amper alhiel

ûntdreaun.

„Ho kinst my dat nou freegje” sei er do dof. „Ik kom hjir om dy to

sizzen det ik tsjin dy misdien hie en ik tocht detst my stiennigje

scoest. Bitsjut dat den mar sa’n bytsje for dy?”

„Dat is pinigjen” forwiet se. „Hwa’t it my sein hie, hie ’k formoardzje

kinnen. Ik kin my wol oanstelle, mar ik kin dochs net bûten dy. Hiest

it my mar net sein, hwet hiest my in lêst bisparre!”

„En den sa mar fierder mei dy omgean? Scoeste sa libje wolle? Mei my it

libben yngean en net ienris it measte fen my witte? Hie ik dy den

foarlige moatten?”

„Ik bigryp dy ommers oars ek al sa faek net,” klage se. „Ik woe dy

allinne mar nêst my ha, al it oare koe my neat skele, as ik dy sims mar

hie...”

Hy waerd kâld fen de ôfstân dy’t er twisken hjarren yn fielde; syn

tinken wier wreed wirden, hy fielde heal en heal det hja allinne mar

bern fen him wollen hie, det hjar ljeafde yn de groun syn djipste wêzen

net ienris gau; oars hie hja nea sa forslein en swak wêze kinnen. Hy

koe neat mear sizze en fielde det, as er wier bliuwe scoe, elts wird

hjar wounje moast. Ynienen sloech hja hjar eagen op en seach bang en

mei it great langst fen hjar ljeafde yn sines.

„Siz my,” sei se lústerjend, „dy oaren ... hawwe dy mear hawn as ik?”

Syn troch alles hinne geande wierheitsdriuw scoe him nea talitten hawwe

in ljeagen to sizzen; nou, mei hjar eangstich sjen yn syn eagen, wier

dat him folslein ûndwaenlik, al bounze syn hert. Sûnder derby to

tinken, as om hjar to stypjen, sloech er syn earm om hjar skouder

hinne.

„Ja” sei er, huverjend by syn egen lûd.

Hja fette syn hân en lei hjar holle tsjin syn boarst; tagelyk bigoun

hja stil to skriemen. Gjin forwyt, gjin klachte sels, oars net as it

sêft skokken fen hjar lichum, tsjin sines lynjend, en it rinnen fen

hjar triennen; de eagen ticht, fielde hja it leed om hjar sweevjend en

yn hjar wenjend, en hja stie der warleas foar oer. Dat stille skoft,

wylst hja de dea oankommen fielden oer hjar ljeafde yn forstiivjende

needsaek, beide hjar bûgend for syn swijsum keningskip, beide mei it

mylde djippe fielen yn in lêste rizing libjend yn hjar hert wylst de

joun oer hjar gearloek en it beamte nêst hjar rissele fen de

oansuchtsjende nachtsigen, wieren hja yn in djip en ljeafde-ryk

bigripen sà ien as yette nea yn hjar hiele forkearing.

En sa stil en klear nêst him, mei yn hjar herte it ealgjen fen it ein,

woun hja út de ienheit fen dit lêste forstean hwet fen hjar krêft

werom. Linkenoan bidarre hjar skriemen en koe hja wer tinke, oan hwet

hja nou yet witte moast, oan it lân dat nou foar hjar laei, oan de

needsaek der sterk tsjin yn to gean en de holle rjucht to dragen; sterk

omklammen syn fingers hjar hân, en wylst hja him sa ticht njunken hjar

fielde, kaem der stadich moed yn hjar ta it heechste. Yet effen tocht

hja nei eft hja hjar net forsinde, eft der net in útwei bistie dy’t de

greate frage oerstallich makke, mar hja forstie det it net oars koe en

woe net mear lef wêze. Hja tilde hjar holle omheech oant hjar mûle sa

tichte by sines wier det syn amme oer hjar lippen gyng; do sei hja

stil, freegjend as wachte hja syn andert sûnder eangst:

„Hâldst den net mear fen my?”

„Net sa as dou fen my” sei er, syn holle hwet ôfkearend. „Ik hâld fen

dy as in frjeon. Dat hat it ek dien det ik dy dêr sa forjitte koe. Mar

net om mei dy troch it libben to gean.”

Sa great hie hjar leed west det it andert hjar myld taharke en in glim

fen blidens yn hjar wekke. It witten det dit skieden kaem fen syn wêzen

en bistean, net om’t in oare frou him oan hjar ûntstellen hie, brocht

koelens oer it brânnen fen hjar striid. Yet frege hja:

„Is der in oar dêrste dat wol mei wolst?”

„Né” sei er, „nimmen. En moatst net ienris miene det ik ûnder tsjinst

fen dy oaren oars hâlden ha. Hie ik dêr fêst mei forkeare moatten, net

ien hie my mei krige. Mar ik wier sims sa iensum, ik longere sa nei

waermens, en dat hie ik den, in pear skoftkes.”

„Scoe ik nea mear for dy wêze kinne, Sjoerd?”

„Ik tink it net,” sei er stil. „It is sa frjemd, sa frjemd allegear, ik

bin sims bang fen mysels, ik wit net hwet it is. Sims tink ik wol det

ik my oanstel, in jonge as ik moast fen soks net witte, ik kin dochs

neat. Miskien komt it om’t beppe altyd sa djip op ’e dingen yngiet, en

my dat ek leard hat, al woe se _dit_ net. Ik leau sims det nimmen my

bigrypt. Den wird ik hird en kâld, en den siz ik wer by mysels, hwet

wolst dochs? Dou bigrypst dysels ommers net ienris. En den is it hiele

libben sa frjemd, en ûnbigryplik, en den woe ik—det ik dea wier.”

De wirden dy’t syn iensumheit seine makken dalik wer in greate skieding

twisken hjar. Hja hie him yette nea sa heard, en altiten tocht det as

hja him sims net forstie, dat oan egenaerdichheden fen syn wêzen laei;

nou wier it as praette der ien dy’t hja nea kend hie, en al seine de

wirden hjar net folle, it fielen dy’t hja uteren wier hja sa folslein

frjemd det se, al stie se yet jimmer njunken him, hjar hân losmakke fen

sines en ynienen de krêft hie de bislutende wirden to sizzen, dy’t hja

dochs ûnôfwiisber wist.

„’k Hie ’t earder witte moatten” sei se sûnder op syn lêste wirden yn

to gean. „Moatst net tinke det ik lilk op dy bin, Sjoerd. Wy hiene

mankoar better bigripe moatten. Nou witst wol det it net fierder mei ús

kin. Wy kinne net meimankoar forkearen bliuwe as wy dochs witte det der

fen dat oare nea hwet komme kin, om de minsken net. Den moatte wy elts

syn eigen wei mar wer gean.”

It wier britsen, hy fielde it, hja liet him gean. En hy bisocht hjar

oan to sjen ho’t hja, nei alles, dêr yet sa maklik oer gear kaem; yn

himsels flime it fen leed, meast om syn iensumheit dy’t er nou tomjitte

gyng, dêr’t er hjar net ienris mear as kammeraet yn nêst him hawwe

scoe. Hy mirk det hja it mijde him oan to sjen. Do sei er ûnbitocht,

hird:

„It liket dy moai maklik ôf to gean. Rouwich hoechst der net om to

wêzen.”

„God” sei hja swier, „detst sa prate kinst. Tochste det ik...” Wer

seach hja omheech nei him, djip yn syn eagen, en tagelyk skrille hja

fen de twang dy’t hja dêryn fielde en de wirden bistoaren op hjar

lippen. Hja wist hjar machtleas. Hjar hert sloech eft it brekke scoe,

en do’t hja wer spriek, lústeren hjar wirden.

„Lit my gean,” sei se, „sa kin it net mear. Ik haw altyd yn dy leaud,

Sjoerd, lit my dat tominsten. Meitsje my net ûngelokkich.”

Do forstie er hwet hja eange, en hwet drige hie.

„Nou sjuchst ho’n ilindeling ik bin,” sei er, „safier is ’t nou mei my

hinne. Forachtsje my net tofolle, ik kin net helpe det ik bin sa’t ik

bin. Forjow my hwet ik dy oandien ha.”

Hja seach flechtich om hjar hinne; do, for it lêst, sloech hja de earms

om syn hals, en patte him, effen. Do joech se him noch de hân. „Nacht

jonge,” sei se, „wird gau better.”

En hja gyng, allinnich, stil de strjitwei bylâns yn de bjirms, as wier

hja bang sels it lûd fen hjar stappen to hearren, as kaem hja fen in

deade; hird roun hja fierder, de eagen stoar nei de pleats, dêr’t de

dei hjar wer meinimme scoe yn de feiligens fen syn freedsume rin. By de

hikke stie Sjoerd, iensum. Mei sterke stjitten stoarme it wé op yn syn

hert, mar de krêft om út to boarsten lyk as de jouns tofoaren, hied er

net mear. Yn it wetter fen de sleat njunken him, dêr’t er yn delseach,

seach er de jounstjer twinkeljen; do sloech er syn eagen nei de

westerkym, dêr’t nou in teare yn fluzich goud torinnende oranje-gloede

yet neiblonk fen de dei. Stadich, ûnwittend, tilde er syn earms ta nei

dy krite, de holle hwet efteroer, in lêste teare wearskyn oer syn bleek

antlit en yn syn smeekjende eagen. Do huvere er; en, as woe er himsels

pinigje en kastije, skoerde er syn bûsgroentsje en syn himd los, det de

nachtwyn siichde oer syn gleon, triljend boarst.

De swiere winst · 第 4 / 10 题