Minke wier hwet ûnrêstich, dizze foarste dei det hja Sjoerd wer op syn
wirk wist. Mei hjar fyn en suver oanfielen fen minsken en dingen, yet
skerpe fen hjar smertlike bifinings hjar hiele libben troch, forstie
hja hjar bernsbern djip, ek al waerden der nea folle ynlike wirden
twisken hjar sein. Faek hie hja him mei hwet argewaesje opnomd, as er
yn syn tsjinsttiid in deimennich frij wier en thús, en mear as ienris
hie hja klear sjoen det syn hast útlittene en libbene blidens fen wer
thús to wêzen yn de foarste dagen, gau wer bisakke, oant er tsjin it
lêst ûnwennich bigoun to wirden fen it jachtige libben om utens, ho’t
er it ek socht to forbrekken. Hja seach dat sûnder folle leed, hja
bigriep it. By sa’n stil en swijsum âldminske as hja wier, tocht hja,
dy’t sels gjin bigryp hawwe koe fen it brûzjende libben dêr jinsen yn
’e fierte, koe sa’n libbenskrêftich jongkeardel as hy, him dochs net
thús fiele.
En hja praette hjarsels foar det hja ommers ek gjin rjuchten op him
hie: him greatbringe, det er yn de wrâld syn wei sels siikje en gean
koe, dêr hâldde hjar wirk mei op. It libben hie hjar leard neat mear to
freegjen for hjarsels, mar it moaije en ljochte dat dêr troch him
altomets yet yn skynde, to nimmen as in great mar tiidlik lok, dêr’t
hja eltse dei ré for wêze moast wer ôfstân fen to dwaen, lyk as it yn
de Bibel fen de Kristens ek ferge waerd. Mar wol tocht hja om Anne, syn
feardige faem dy’t op him wachte, en hja winske tige det dy twa lokkich
wirde mochten meimankoar, en hja dat sjen yn hjar libbensjoun, det hja
fetsje scoe hwer’t hja for libbe hie. Hja bigriep it ek net oars: it
libben koe sa wreed en hird wêze, en in minske allinne koe it net
wearstean; hjarsels hie, tocht hja, al hie hja de forfolling fen hjar
ynlikst langjen nea foun, dochs altiten de hope op dy forwezentliking,
it tiidzjen fen dat greate dat yet komme scoe, steande hâlden—hwa’t
hjar sein hie det krekt hja ien fen de dead-inkelden wier dy’t oerwoun
hawwe yn de libbensstriid út krêft fen hjar ienlikheit dy’t hjar tichte
by God bringt, scoe hja faeks djip yn hjar herte rjucht jown hawwe, mar
meistimd hie sels hja him net. En oan Sjoerd syn trou, det it him
mienen wier mei dat moaije sterke fanke dêr’t hja fen hâldde mei de
forhoping det dy it lok hawwe scoe dat hjarsels ûntgien wier, scoe hja
eltse twivel sûndich achte hawwe, en hja wegere sels om soks to tinken.
Mar dy ôfstegere tinzen, skimen dêr’t men aloan tsjin fjuchtsje moat
wol men se gjin sté ginne yn yens herte, bleauwen deun yn hjar omkrite
en makken it hjar swier, sûnder det hjasels de groun fen hjar ûnrêst
wist.
Hja hie hjar wrakke reiden stoel mei it brune kjessen nei it finster
tahelle, om dêr hwet to skimerjounjen; hja koe dêr de sêfte mingeljende
gloede sjen fen de skiedende simmerjoun, dêr’t hja hjar altiten oer
fornuvere—hwet frjemds en hillichs like hjar dat ta, as dêr de himel
net wier den moast dy dochs deun dêrby wêze; it die hjar nij dat
dominij dêr it yn syn preek nea oer hie. In bytsje biskûl efter hjar
graniums, seach hja út, de wirge hannen gear yn de skerte, mei stille
blidens om dit fredige skoftke det hja net mear sjen koe to skroarjen,
yn hjar eagen de myldens fen de jounloft en sims de twinkeling fen it
téljocht, lyk dat yn it finster wjerspegele tsjin de mûrre fen de
ferverswinkel dêrfoaroer. Hja wier binijd det de libbensjoun sa moai en
klear wêze koe, net mear in fûlbannich langst dat him rjuchtet op
inkelde dingen, mar in sêft en myld libbensfielen dat alle dingen like
mei to dielen fen syn tearens, det de hiele atmosfear yn it geastlik
ljocht fen dy jountiids-stiltme kaem to stean. En frjemd, hja tocht nei
oer de striid fen hjar libben dy’t hjar ienris sa delbûgd hie: ho
oerstjûrich, ho ûnwier like hjar dat allegear, ho folle hie der dochs
west yn hjar leed en blidens dat gjin stân hâlden hie tsjin dizze
ûnkearbere oersêfting fen de tiid, ja alles like dêryn ûndergien oant
der neat mear wier as dat rinnende stil weistreamende ljocht. Alles?...
mar wer seach hja troch dy skimer fen tear glânzgjen de fiere myldens
fen in pear dreamige brune eagen, as yn in stil forwyt det hja hjar
sjen net earder nei dy eagen takeard hie, en hja tocht wer, ek dizze
joun wer om Bearn, hjar jonge dy’t hja sa stil ôfstien hie en dochs it
ljeafst hawn fen allegearre... Effen brocht hja de hân oan hjar holle
en glimke mei hjar ynfallen mûle stil foar hjar hinne: it wier goed,
eltse joun kaem er sà wer nei hjar ta, hja wist det hy der yet wier,
fen it folle dat yn skyn tichte om hjar ta stien hie wier krekt dat
iene bleaun dat hja nou al jierren lang net mear sjen koe mei hjar
eagen.
Hja hearde in fêste mânljues-trêd yn de steige, kearde hjar in bytsje
om, en seach. Sjoerd krige de klink fen de doar beet en scoe it
harntsje yngean; do sloech er yette syn eagen op, seach it West yn, en
bleau in telmennich sa stean, de gloede fen de stil weitarrende dei ek
ljocht yn syn eagen. Hja bleau nei him sjen en sei gjin wird yette; it
kaem hjar hast hommels oer, him sa to sjen lyk er dêr stie, krêftich en
breed yn de iepene doar, in bytsje foaroer, ien hân yn de jasbûse—hwet
mimerjends en swiers om syn mûle, as stried it yn him, sels nou yn it
kleare oanfielen fen hjar frede. Hwet scoe er yn him omgean? tocht hja
nijsgjirrich. En hja fielde ho’t hjar skimer-dreamerijen op hjar bar as
eat ûnwezentliks fen hjar weiglieden, en det hja wer foar it geve,
folkrêftige libben oer kaem to stean mei al it langjen fen syn
ierdskens en de biswieren fen syn striid.
„Joun beppe” sei er. „Jy ha mar in goed plakje opsocht dêrre. Hwet in
moaije joun, net?”
„’k Ha fen ’e middei noch in skoftke yn ’e blikke sitten” andere se.
„Mar dat koe nou fensels net mear, ’t waerd to huverich, ’t is noch
gjin simmerwaermens. Hast in goede dei hawn?”
„’t Kin der mei gean. ’t Moat earst fensels wer hwet wenne.”
Hy sei de wirden lyk as men trochstrings sokke petearen ynset, sûnder
der by to tinken, as in foarm. Mar tagelyk skeat it him yn hwet hja
krekt bitsjutten: wenne, yen wer oanpasse by dat oare, sa libje det
mensels wer in stikje fen dy wrâld mei waerd. Dalik liet er dêr
oerhinne gean:
„’t Libben is hjir sa oars as dêrre.”
„Ja” sei se sêft, en skikte nei de tafel. Hja fielde det it dêr net mei
ôfroun wêze koe. En socht nei sokke wirden dy’t him gjin wei mear litte
scoenen om wei to winen foar in klear biskie, in útwizing oer hwet hja
nou forstie as de groun fen hjar ûnrêst.
„Mar dou bist hjir ljeaver as dêrjinsen, net?” sei se do.
Hy seach hjar oan, binijd, en twiivlich eft hja nou mei hjar fine
fielings al forstien hawwe scoe hwet him yn ûnfrede brocht. En fielde
tagelyk det er it net bistean koe hjar in ûnforskillich en ûnwier
andert to jaen.
„Ik wit net”, sei er do mei in ûnwillich gebeart. „Net om hjirre
fensels, beppe, ik bin ljeaver hjir by jo as by ’t soldatefolk, dat
witte jy wol. Mar ’t is om dy minsken hjir om yen hinne. Dat wier dêr
sa oars. ’t Is wer itselde as do’t ik hjir earder wier: der is suver
gjin praet by, ’t is krekt eft men allinne is.”
„Dat is men ommers ek” sei se by hjarsels; effen tocht se om egen
libben. „Mar aste dy mar hwet yn dyn wirk thúsfynst, dat weacht it
swierste. Dat komt eltse dei wer, mar de minsken, dêr hat men dochs nea
folle fen to forwachtsjen, leau ’k. ’t Measte scil wol út yensels komme
moatte. En follen hat men ommers ek net nedich op ’e libbenswei.”
„En dochs is ’t it wirk net”, lei er yn. „Dêr kin men fen meitsje hwet
men wol, dat hoecht yen net tsjin to wêzen. Mar den moatte der gûnt om
yen hinne wêze dêr’t men hwet oan hat, oars hâld ik it net út. Under
tsjinst wier dat sa oars, dêr forwachte men neat, men naem de dingen
sa’t se wieren, en den foel it faek wol mei. Dêr koe ik bêst wiken
allinne wêze; as men dêr allinne wier, den _wier_ men net allinne, den
tocht men om thús. Nou bin ik thús en ’k ha hjoed eltse kear by mysels
sein: dit is it nou, dit is it nou. En do hie ’k weirinne wollen. Och,
it bitsjut neat fensels, ik bin altiten sa’n swartsjender, ’t is altyd
sa.”
„Net wier”, sei se glimkjend. „Dat wit _ik_ better. ’k Hie ’t wol tocht
det it yn’t earst net sa maklik gean scoe. Mar ’t libben is altiten
striid, Sjoerd. En hjir bist tominsten frij, hjir kinst sels bisiikje
it bêste dêrfen to meitsjen.”
„Wit beppe wol det ik hjir net sa frij bin as dêrre? Dat ha ’k hjoed
tinke moatten. ’t Is hjir allegear sa oars, men kin hjir lang safolle
yensels net wêze. ’t Is krekt eft hjir in heap dingen net meije dy’t
dêr wol goed wieren. Dat kin dochs net, wol beppe? Hwet goed is moat
dochs rounom wol itselde wêze?’
Dat wier in frage dêr’t hja wirk mei hie. Hja seach earnstich yn it
téljochtsje en bistoarre it rêstige flamke sa krekt as wier it in lôge
dêr’t skielk godlike wiisheit út iepenbiere wirde scoe. Hja hie yn ’e
mûle fen to sizzen fen fensels, mar bitocht ynienen ho’n heap dingen
hja nou oars, en sims krektoarsom, seach by do’t hja as fanke it libben
yn ’e mjitte gyng.
„’t Is frjemd”, sei se do skruten, „mar ’k scoe hast tinke fen net. As
it libben oars is, den is it goede fen ’t libben ek oars, dat moat wol
sa wêze. En dochs is der hwet dat altyd gelikens is. Der binne rounom
goede dingen en dêr moat men nei stribje. Hjir ek.”
Hja hienen eartiids faek sa sitten to redendielen, it âldminske dy’t in
lang swier libben efter hjar hie en altiten djip bistien hie, yn leed
en wille beide, èn de ûnrêstige siikjende jonge dy’t eltse kear wer
nije ljochten opkommen seach en weiwirden yn de nacht, sûnderdet er
hjar bistean bigriep; en hja wieren faek fier komd, bliid mankoar to
helpen, stille greatskens yn hjar as hja wer hwet foarútkomd wieren yn
hjar libbensforstean. Yn Sjoerd syn ûnthâld wieren dy ûren mei fen it
heechste út syn hiele libben, yn tsjinst hied er dêr faek greate stipe
oan hawn, en hy hie it meast weromlange nei dy stounen dy’t sa hiem
binne by ús folk, as de ynbannige siele hwet stille wiisheit skept út
hjarsels, libjend en hjar heechste tinzen omfiemjend. Nou wier dat âlde
wer nij wirden, dit wier alteast libjend bleaun. Yn ienen fielde er him
sa thús as it dy hiele deis yn syn wirk en mids de iepene myldens fen
de Fryske lânsdou net west hie, de triennen kamen him nei de eagen.
„Mar hwet scoene hjir den dy goede dingen wêze, beppe?”
Der skeat hjar hwet yn dat hja dalik sizze woe, mar hja kearde it effen
tsjin: as wier der hwet dat hjar moanne det hja dêrmei tofolle weage.
Mar do’t hja hjar bitocht, like it dochs sa ienfâldich, hja koe it bêst
weagje; dos sei hja, nei in skoftke stiltme, sûnder to bitinken det dy
telmennich krekt in ûngewoane klam oan hjar wird joegen:
„Anne.”
Der gyng him in skok troch de lea, syn hiele kleare tinken ûntdreau
him; hy fielde allinne mar det hja dy’t it libben sa trochgroune en
sokke wize dingen sei, him in wei wiisde dy’t er miskien gean moast, en
dêr’t er, lef en selssuchtich, net op trochtinke wollen hie. Hja koe
him oansjen det er yn tige twivel stie en seach him mei soarch
oereingean.
„Ja”, sei er, „dat ... dat is sa. En hja wachte joun op my, en ik ha
net ienris by hjarres oansjoen. Is ’t beppe goed det ik ... ik woe wol
graech ...”
Ho’n sinne der nou oer hjar antlit kaem! Hja knikte en glimke allinne
mar. Effen naem er de ronfelige hannen yn sines, do gyng er.
Hy roun de steige en de doarpsbûrren troch mei in frjemd, sterk en
himsels ûnbigryplik fielen yn it hert. Langsten en tinzen riisden der
yn him omheech mei in krêft eft hja jierren weromtwongen wieren en nou
troch Minke hjar wird hommels bifrijd. Hied er in djip fielen hawn fen
skild, it wird scoe him taharke hawwe as in strang en ûntsjinstriidber
oardiel; nou, mei de striid fen syn jonge tinzen yn him, mei in licht
en glimkjend tinken oer hwet er de lêste tiid bistean litten hie
twisken Anne en him yn, mei syn gestjend moed dat it libben oermasterje
woe yn greatens, kaem it him ta to lykjen det dat iene wird al syn
gedriich en getwivel forslein hie. Hy hie aloan Minke foar eagen, sa’t
se dy namme neamd hie mei in fredige glim yn hjar wirge eagen en oer
hjar fyn rimpelich antlit, hy wist ho’t se gjin wird lichtfeardich sei,
en nammensto faker dy namme mei hjar myld sizzen yn him opsong,
safollesto klearder waerd it him oer de takomst, safollesto waermer
libbe it yn syn hert.
Anne—dat wier de maitiid, de ljeafde, it libben. Frjemd sa’t hjar byld
dat dy hiele deis sa skimerich en fierôf west hie, him nou ynienen
klear en suver foar eagen stie. Hy seach hjar de bossen himmeljen op it
stalt, strieljend, simmersk, de fleisige earms readich fen it koele
grêftswetter, it moaije reafallich antlit mei de doarende blauwe eagen
bûgd oer de libjende spegel foar hjar, hjar bloun hier glânzgjend yn de
simmersinne; hy hearde hjar sjongen, hwet lûd en skatterjend, mar
útlitten fen libbensnocht, sterk fen blidens. Hy wist neat moaijers
noch dat him mear meinaem yn syn hiele omkrite; hied er om hjar mar
earder tocht, it hie him in fortretlike dei bisparre. En earst nou’t de
joun gearloek oer ierde, nou’t er hjar namme mei ljeafde en forhoping
hearre moatten hie út in oar hjar mûle, nou oerstriele it him as de dei
sa klear det der gjin groun west hie for syn twivel, det alles dat de
skientme en bloei útmakke fen dit swijsume lân gearroun yn dy iene dy’t
dêr libbe yn de folkrêftige waermens fen hjar simmerlangst en dy’t nei
him útseach as de kening fen hjar libben. Neat as dat iene wird
iepenbiere him hommels syn libbensdoel, hie de twivel yn ien fleach fen
him weispield, det er nou wer frij en suver stie foar it hiele libben,
dat er nou wist fen syn krêft en syn libbenswei.
It skeat him yn ho frjemd en ûnklear er dêr fen ’e middei to dreamen
stien hie op dy terp. Dochs hie er dat field as in greate libjende
wierheit, en sels it triljend fielen fen syn maitiidslok nou wier net
sterkernôch om him wys to meitsjen det det oare neat west hie as
bangmakkerij fen himsels. Mar yn de klearens fen syn tinken nou forstie
er ek foartdalik hwet der foroare wier sûnt dat gemimer: hy hie yn syn
tinzen Anne ûnrjucht dien, neat yn hjar sjoen as de faem dy’t mei him
frije woe en boaskje skielk, det er tsjinnich yngyng tsjin dy
fortretlike oanslaggen op syn frijdom—hy dy’t hjar sa nei wier, hie
hjar sa’n stik minder forstien as dat âld minske dat sa wis en klear
sein hie det it bêste fen syn libben bistie yn hjar. It waerd him yn
ienen klear hwet twisken hjar ynkomd wier: hy hie in spjalt makke
twisken syn libbensdoel en hjar, dat ien wier en jimmer bliuwe moast,
hy hie dreamen hawn fen ûnneamber en great wirk dêr’t hja bûten stie,
sa’t er kieze moast twisken dat frjemde en hjar—en hiel de moaijens fen
syn lân en de strieljende krêft fen de sinne wier ommers bilichume yn
dy iene! Nocht en greatens, in wûnder dat er nou mei syn tinzen yet net
omfiemje koe, moast it libben wirde mei hjar. Ho wier dat oare dochs
twisken hjar ynkomd? wier it de fierens twisken hjar wenjen yn de lêste
jierren, ef de oerhearrigens fen syn tinzen dy’t alles yn hjar opnamen,
det er hjar byld net aloan foar eagen seach, det sels...
In kâld en wreed tinken skeat him yn, dat him huverjen die as yn
koartse; hy doarst it net fierder sjen, nou net. Sa hommels toskoerde
it syn forheftich en stoarmjend fielen fen lok, det er stilstean bleau
op ’e strjitwei en kjel om him hinne seach. Yn it West lôge nou in wide
sêftreade wjerskyn dy’t sêft útweage nei de loft boppe him dy’t
tear-grien by de strjitwei-beammen bylâns blonk; twisken in pear
forwrongen beammen foar him út seach in bleek-silveren stjerre him
freegjend oan, oer in doarpstoer in ein lofts riisde de moanne yn
read-koperen rounens. Njunken him roun in nou droege en koarstige
modderwei it lân yn, troch in pear stikken miedlân nei barten oer in
opfeart hinne, dêr’t nou wylgen en reid dreamerich to lústerjen stean
moasten. Yn in hast pynlike skerpe krektens namen syn eagen dat
lânsbyld yn hjar op en hy forwûndere him oer de moaijens fen de joun;
mar hy wist det dat binearjende forstiivjende tinken weromkomme scoe
sadré’t syn eagen it frede-byld fen de jountiid loslieten. Eft it
tinken foar him as in skut oer de strjitwei stie en hy him dêrtsjin oan
bloed rinne moast, kearde er him, as for ûntwyk, fensiden en roun er it
lân yn, nei de opfeart en de wylgen, dêr’t it rêst wêze moast en dêr’t
er dat oare wer talitte koe yn syn tinken—oant er dêr net wier, woe er
oer neat mear tinke, neat witte as de dizige bylden fen de joun om him
hinne.
Hy kaem dêr, en joech him del; en itselde skoft briek dy driging wer
oer him los, det er syn eagen takniep en him langút to lizzen joech oan
de wâl. Hy seach hwet der mei him bard wier yn de frjemdte, en fielde
him wé wirden om it hert; as in ûnmjitlik skaed sloech de skild oer syn
fielen del, it witten det er syn trou en sels syn sterkens dêr net
biwarre hie, det er weigliden wier yn de noegjende lossens fen it
libben dêrre, det er dêr lein hie oan oare herten, de twang fen oare
lippen field hie op sines. Al dy jounen fen útlitten forkear, det er
bliid west hie en as in helt sa krêftich, det er nomd hie fen de
sinlike jeften dy’t ek him dêr bean wieren, riisden fjûrich en
driigjend foar him omheech en syn mûle forloek as fen eangst do’t er
tocht oan hwet dy ienris dêr nomd hie yn triljende wille. Nou wier de
spjalt twisken de fierte en him, dy’t er tomiddei al brekken field hie
by it smoarge praet fen de skippersjonge op ’e terp, folslein, mar yn
him droech er as de tsjustbere oantinkens mei fen hwet yn ivichheit as
in klacht oereinstean scoe yn syn ûnthâld, de barnende smetten yn syn
suverens, de flok fen dat forliedend jaen. Oer de iensume riedleaze
jonge oan de silvrich oerglinstere opfeart stiene driigjend de
forwitings fen syn mar sa lytse en forklearbere sûnden, en syn hannen
twongen gear ta fûsten en syn tosken bieten de koartsich forlûkende
lippen as hisen de feale Wrekgoadinnen him oan.
En as in snijende pine forstie er det dat ivich bleau, det er nea Anne
wer mei suvere eagen sjen scoe. Hja dy’t hjir wachte hie yn it blide
sterke bitrou fen hjar ljeafde, dêr’t de waermjende simmerskens fen dit
lân yn striele, dy’t de rykdommen en it doel fen syn libben bisleat, hy
scoe nea mear oars yn hjar sjen as de forliedlike pracht fen hjar
frou-wêzen; yn klearens om hjar tinke lyk as men tinkt oan yens dreamen
en oan God, scoe er nea mear. De frjemdte hie him it libben to sjen
jown yn syn moardzjende djipten; hwa’t ienris dêryn seach, nimt syn
ljeafde nea mear as in dream fen stille en kleare forhoping. Heal en
heal forwûndere er him oer it frjemde det er dêr syn fallen nea sa
ilindich en wyld forstien hie; hy hie der oerhinne lake, tocht det it
dêr net lette en yn wierheit hie it dêr ek nea greate striid noch sels
earnstichs for him west, men libbe dêr fensels sa, net ien fen de ljuwe
koe yen dêrre, de wissens det men dochs mar koart op in sté bleau,
makke alle ûnskildige avontûren libjend fen ynlikens en hertstocht.—Hja
namen dêr en wisten fen wearskanten det it nea mear wêze mocht as
boartlikheit fen jonkheit, det hja mankoar mar for in deimennich seagen
en den in ivich neat, en yn de joun deun bymankoar, minsken dy’t hjar
fêsthâldden oan inoar om’t de wrâld alwer twong ta skieding, stiek hwet
sa ûnearnstich like, ta blynjende fleagen op...
Hy kearde him oerside, det er mei syn antlit op ’e earmtakke kaem to
lizzen nei de groun en it gers, dat al hwet fochtich waerd fen
jountiidsdauwe; hy snokkere stil foar him út yn alwer djipper
trochtinken, det der skokken gyngen troch syn lichum, in skepping fen
jonkheits-krêft, nou oan forlittenheit oerjown. Hiel syn tiid fen
wrakseljen en oerwinning riisde heech foar him, dy wrokjend-iensume
tiid fen syn jongesjierren, det him it bloed sims as in koartse troch
de lidden jage en dochs syn sterkens net oerwoun, om’t er suver bliuwe
woe for de godlike libbensdei, hwaens opgong er forstie yn it hert; al
dy ûren libbe er troch fen nijs, hy seach him âlder- en frjeoneleas
waechsen fen jonge ta feint, bûten de rykdommen fen it libben forstaet,
mar mei yn him dy greatste machtige rykdom dy’t in greatske glâns yn de
eagen bringt ek dêr’t it liif klaeid giet yn fodden en de foet neaken
rint oer de púnwei, hy krige himsels lyk er do bistie, yn syn tinken
hertstochtlik ljeaf, skriemde dêroer as oer it forstjerren fen in
frjeon, dy’t him ienlik litten hie yn it tsjuster, doarst net mear
tinke om hwet der letter bard wier, dat nou alles him ûntsonken wier
dat ienris syn greatskens útmakke... Hy tocht om de oaren, dêr’t er
tomiddei sa’n goedlike minachting for hawn hie, oan de wearzige jonge
mei syn iere bidoarnens, en de brân fen de wanhope woede sa yn him, det
er himsels lyk tocht oan dy oaren allegearre. Mei in skoer joech er him
oerein wylst de triennen him yet oer it antlit rounen, seach de moanne
koel en fier glimkjen oer de widens fen it lân, seach ho’t de wylgen
mei de jounsigen foaroer bûgden nei de feart en mei in ûnderst twiichje
eltse kear it wetter wer effen oerstreake. „Ik wol net, ik wol net” sei
er heallûd en smoard yn himsels, de wirden dy’t him hiem wieren út syn
jongesstriid; hy wearzge fen himsels en mei’t it forheftichst fen syn
leed útwoede wier, kaem er to tinken det nou’t er syn ljeafde
forûnsuvere wist fen hwet him dêryn nea mear forlitte scoe, hy for syn
hiele libben earder ôfstân dwaen scoe fen ljeafde as sok tinken talitte
yn syn hert. Yet wol in ûre siet er dêr sa to stoareagjen, in
heal-ûnwittene hate yn syn hert tsjin de hiele wrâld en tsjin God, det
de heechste en godlikste dingen út dit libben net bilibbe wirde mochten
sûnderdet hjar suverens earne skeind waerd en bismodse.
Yn ’e foarnacht kaem er thús, dof en ôfstriden; Minke wier al lang nei
bêd gien en sliepte fredich. Hy bitocht lang hwet er de oare moarns
tsjin hjar sizze scoe, as der freegjen wier yn hjar eagen, mar wist det
er gjin ljeagen sizze mocht. Hy sliepte dy nachts tinzeleas en frjemd;
by it moarnsiten sei er hwet nedich wier: det er ûnderweis oan it
tinken rekke wier, en net by Anne’s west hie. Alde Minke tilde hjar
holle op en seach him effen siikjend oan, mar hy like wer rêstich,
seach stil foar him út yn it téljochtsje, en hja bitroude wer. „Miskien
komst der joun wol oan ta” sei se; do sloech se yn oar praet.