II.

Sjoerd Lolkes syn beppe, by hwa’t er yn ’e kost laei, wenne yn in

arbeiderskeamer mei twa finsters dy’t útseagen op in smelle

fortsjustere steech. Allinne it iene finster dat de hoeke fen it

fervershûs dêrfoaroer foarbyseach oant yn ’e blikke dêrefter en sels in

glimke fen de doarpssleat dy’t dy húsblokken bylâns roun, heinde yn de

golginstige simmer hwet goudene strielen yn; dy glieden ûnwis en hwet

skruten troch de earmtlike, selsum himmele keamerromte hinne, boarten

oer de forsliten matten oer de flier en streaken by de rêgen fen in

pear âlderwetske knopstoelen op en glimken bytiden sels oer de beuzige

hannen fen it kreaze âldminske, as hja by in pantsje té siet to naeijen

en to skroarjen. Hjerstmis wier it dêr gau tsjuster en de wyn bloes

faken fûl en skoerrend om de húshernen hinne; den siet âlde Minke yet

hwet roungearder as oars op in stoel deun by de bitroude hongerige

kachel, en wylst it rûze troch de skoarstien en hja de iperenbeammen

kreakjen hearde efter yn ’e blikke, mimere hja, de hannen gear en de

eagen stoarjend nei de ljochte skreven om it kachelsdoarke en de

delglânzgjende fûnken yn it yeske-laed, oer de folle bifinings fen hjar

moeisum bistean, en hja bisleat det der folle goede minsken wieren yn

’e wrâld en det men birêste moast en yens plichten neikomme.

Yn it doarp hiene hja in swijende achtinge for it fine âldminske mei

hjar bleek rimpelich antlit, adele fen ljeafde en leed, mei de wirge

glim fen hjar frjeonlike each-opslach en de wémoedige myldens fen hjar

ynfallen mûle. Hja wisten hjar libben, hofolle leed der trochhinne

jachte hie, en ho’t hja alles nomd hie mei it stil birêsten fen hjar

fordildigens, nea kleijend tsjin hwet hja forstie as God’s wirk noch

oer de rouwens en it ûnforstân fen de minsken, yn hjar slimste

forbûkens allinne in bitrienne frage yn de stille klearens fen hjar

eagen. Einlings wier it forstean komd nou’t hja stie yn de djippe joun

fen it libben; salang’t se as arbeidersminske libbe hie ûnder

gelikensen fen âlder, hiene dy faek hjar bipraet as heechhertich en

greatsk en men koe hjar swijsume krektens min sette; letter hie men

hjar biklage om de hirde bifinings fen hjar libben, mei in swym fen

leedwille earst, do mei mear wierheit yn it hert, en einlings, nou’t

amper al hjar jonkheitskinden om hjar weifallen wieren, de ien for de

oar, en hja âld en griis stie mids in slachte fen libbenskrêftige

bloeijende doarpsminsken, ginde men hjar hjar frede en kreazens, en

brocht dy de oaren follentiids for in telmennich ta in heal-biskamme

ynkear. Hjar bytsje ûnderhâld en de skriele fortsjinsten fen hjar

skroarjen koe men min oanstjit oan nimme, hja libbe nimmen yn de wei en

for it fierdere wier hja in goed en frjeonlik âld minske dy’t de

bûrwyfkes jerne hwet tarôpen oer it waer en de bysûndere ûnderfinings

fen hjar wask.

Alde Minke hie al ier yn hjar libben de birêsting leard dy’t de hollen

fen de bern fen Fryslân as in silvergrizige wolken oerswevet. As

arbeiders-famke hie hja hjar fiere en glânzgjende dreamen hawn dy’t

krekt it libben fen de bern út ’e wenstige folksklassen sa ljocht en

avontûrlik meitsje kinne: hja steane lyk yn de lichten fen in bidelte

dêr’t de wynfleagen lûke en de sinne net trochkringt, en by de helling

lâns sjugge hja steatlike minsken gean yn in goudene gloede, en yn de

langsten fen hjar jonkheit dreame hja det sa’n ien nei hjar takomme

scil en nimme hjar mei nei syn simmersk sté—yn wierlikheit faken in

earweardige pleats ef in kreaze masterswente mei oanharke grintpaden en

nagelblom-strewellen—oant it libben hjar dreamichheit oermânsk wirdt,

en hja, in strieljende maitiidsmoarn, bilanje yn de prakkesaesjes en

lêsten fen it deistige húshâldingslibben. En hja witte it libben net yn

de minsken to ûnderskieden, ûnwittende langsten en deistige

prakkesaesjes binne de ienichste lieding yn it bytsje kar dat hjar

bliuwt, en hja boaskje altomets oan ien mei in reafallich antlit en

fjouwerkante skouders dy’t de doarps-notabelen wol meitsje en brekke

kin, it greate libbensbilang sjucht yn in ûnbidich en fetlik miel iten

en soarget for de útwreiding fen de húshâlding sà det it hjarren mei

gauwens to stoef wirdt en tearen fen noed yn it antlit bringt.

Mar yn it tredde jier fen hjarren boask, do’t hja ien bern hienen en

Minke swier wier fen it twadde, hiene se hjar man dea thús brocht, yn

it lân slein fen de tonger. Hja seach mei eagen, great en hjel fen

kjeltme, nei syn frjemde ûnforweechlike stivens, bitaestte mei

triljende hannen it kâld-bistoarne antlit, seach it swarte flokteiken

fen de wearljocht-slach; do foel hja foar him del en kriet wyld en

hertstochtlik, hjar holle swier tsjin syn boarst, de hannen gear foar

it pynlike liif. Hja hearde ho’t de minsken hjar kalmens retten en

warskôgen fen to tinken om hjarsels, en mei in flymjende pine forstie

hja det hja net gûlde om hwa’t dêr nou dea foar hjar laei mar om de

wylde forwachtings fen hjar hertstocht en mear yette, ûneinich mear, om

de ûnfoldienens fen hjar klearder en heger forhopings dêr’t hja him

ienris mei kommen sjoen hie yn hjar libben, om hjarsels, de skeindens

fen hjar egen bistean. Noch kritende foar it lyk tocht hja om hjar

lytse jonge en hwet hja yette wachtsjend wier, hja waerd stilder en der

kaem birettens en fêstens om hjar mûle, en hja skrille do’t it yn hjar

opkaem det hja tonei allinne wêze scoe mei hjar bisit en forhoping, en

dêrfor stribje en krewearje mocht mei de hiele offering fen hjar

ljeafde; it wier as stie der djip yn hjar in sûndige blidens tsjin de

oerhearsking op fen hjar rou. De jouns, hiel bleek, stie hja troch it

heal-tichte blyn to stoareagjen nei de swiere moanne dy’t as in

bleek-goudene skeal dêr hong efter it silverich reach fen lytse

glidende wolkens, en hja sei stil foar hjar hinne: „forlitten, iensum”.

„Frij” rûze it, djip yn hjar, dêrefter oan; hja bisaude, en pakte in

styl fen it finster beet; hja tocht det it de divel wier.

Mar de wrâld hie hjar mei gauwens wizer makke oer de sûndige seine fen

dy frijdom. Bodzje moast hja, arbeidzje moarnsier oant jouns let by

keken en snauwerige boere-frouljue en de inkelde weetlike

doarps-mefrouwen, mei gjin oar ljocht yn hjar bistean as det it gyng

for hjar beide jonges. De rêch pipe hjar sims, de hannen priken en

pinigen hjar de hiele koarte nacht troch, en hja koe for hjar bern gjin

mem wêze oars as troch hjar ôfmêdzjend gebod by oaren; sims skriemde

hja stil foar hjar út oer it brûs fen de wasktobbe hinne, mar mei

gauwens waerd hja yette ynbanniger, hja seach gjin oare wegen mear

iepen en learde to birêsten, en de ljeafde for hjar bern makke hjar

great. Al de ûnwisse dreamen en de ûnforkleare dreamen fen hjar

famme-jierren kamen wer yn hjar to libjen, mar nou oan minsklike foarms

forboun; yn hjar útsunige ûren-fen-lins tocht hja nei oer it hiele

libben, hwet hja meimakke hie en hwet hjar dêrfen biwarre bleaun wier

as it bêste, det se mei hjar bytsje witten en rie it paed fen hjar

jonges hwet effenje mochte; en nea miskearre hja Sneintomoarns yn de

tsjerke, it iene plak fen wiisheit dat hja wist, en hwet hjar yn it

herte taestte skreau hja thús foartdalik op yn in suterich âld boekje,

det se it sizze mochte oan hjar bern, as dy freegje scoenen en hja Mem

wêze moast ek dêryn. Wûnderlik bloeide hjar geast op yn de offerjende

waermens fen dy ljeafde dy’t hja net ûndergyng as in forbline ynstinkt,

mar yn de hillige wille en it djippe witten fen hjar bitsjutting fen

stikje ta bytsje bilibbe: det hja nou, nei al de misliedings fen hjar

foreale tiid, yn in great en moeisum stik libbenswirk de forfolling

foun hie fen hjar iere dreamen, en det hja dy tsjinje mocht yn de

iensume frijdom fen hjar hert dêr’t gjin forstiivjende sigen fen

ûnwierheit mear oer gearloek.

Do’t dêrnei de groulikste slaggen kamen fen hjar libbenslot wier hja yn

de sels-forgetten offering fen hjar ljeafde sa wis wirden en

sterk-yn-hjar-sels, det hja gjin krêft mear hiene hjar geef en suver

libben to brekken. Bearn, de âldste, in stille bidêste jonge dêr’t hja

al gau fen seach det er hjar soargen net nedich hawwe scoe om it bêste

fen it libben to forstean, kaem al mei syn achttjinde jier to

forstjerren; gau bifongen en tinger fen gestel hied er altiten west, de

soargen fen syn stille ôfsûndering dwêsten de dimmene lôge fen syn

libbenskrêft, en in lange wiete hjerst mei folle kjeldlijen die it

fierdere. Hja die de rou oan en sûnt dy deis wier der nea mear in

skimerjoune sûnderdet hjar herte tahold by him, mar tsjin dominij dy’t

hjar treastigje woe sei hja sûnder to skriemen, det hja wist, it wier

better him greatbrocht to hawwen for de himel as for de wrâld. It

wieren gjin wirden for hjar, mar it djipste witten fen hjar herte.

Sûnderdet hja hjarsels dêr rekkenskip fen jown hie, hie de alles

oerstrieljende ljeafde for hjar bern hjar ta Gods-ljeafde ûntjown, hja

leaude nou yn in godlike wizens dy’t alle ûnk en pine kearde ta goedens

en ljocht, en al wier der it langst fen hjar egen hert dat skriemde

nou’t se syn sêfte wirden net mear hearre mocht noch hjar yltige hân

helje troch syn krollich swart hier, it wier libjende wierheit yn hjar

wirden det hja hjar langjen gjin macht jaen mocht boppe de blidens om

syn heil.

Mar it leauwende bitrouwen waerd wei yn in oannimmende birêsting do’t

hja, tsjin de rykste lieding fen hjar ljeafde yn, hjar twadde ûndergean

seach yn it libben, forslave oan de drank. Lang en swier wraksele hja,

sims mei it ynlikste freegjen fen hjar herte, den, wanhoopjend, mei

driging en grym, mar mei gauwens koe hja net mear blyn wêze for hjar

ûnmacht. Lolke, as jonge efterlik en dom, groeide op as in

breed-skouderige knoestige keardel dy’t om syn wirden siikje moast,

gjin oare oandwanings koe as de driuwen fen syn blyn en dierlik

bistean, dy’t, as se to libjen kamen yn syn bot forstân, hjar utere yn

wredens en lilkaerdigens. Do’t er drank preau, stie syn lot fêst; as in

gek longere er dernei it hjitte barnen troch syn lichum to fielen, as

syn stompsinnich libben opdreaun waerd yn in fjûr fen razernij en de

minste oanlieding him ta in grousume útboarsting brocht. Do’t syn mem,

riedeleas en yn wanhope, nei in skriklike striid de machtleazens fen

hjar wêzen njunken syn ûnminsklike krêft forstie en hy hast eltse joun

stjonkend en smoarch hjar doar ynstoattelle, bistoar hjar âlderljeafde

yn in doffe ûnforskilligens for alles hwet him oanbilange, en do’t er

kaem to boaskjen oan in skippersfaem, hwaens feint er ienris yn rûzje

tsjin de stiennen slein hie, seach hja ôfwêzich ta: hja wist ho’t hja

slein wier en longere fen nijs nei bifrijing.

Hja rekkene det hjar libben efter hjar laei, en forstie net hwer’t it

ta tsjinne hie. De bloei fen hjar maitiid wier yn nachtfroasten

forskromfele, de frucht fen hjar simmer forlern. Hja hâldde neat as

hjarsels en it ynsjuch det it hjar wol ferge wirde scoe yet in setsje

yn it libben to bliuwen, en det hja hjar sa hâlde en keare moast det

hja nimmen ta lêst wêze scoe en hjar âlden gjin ûneare dwaen. Hiel

dimmen waerd se yn hjar dwaen, men hearde hjar bûten hjar boadskippen

en de needsaeklike wirden tsjin de ljuwe dêr’t se arbeide, amper neat

mear sizzen. Sims, ynienen, by lytse oanliedings, as hja hjar

finster-blomkes hwet to drinken joech en it libben dêryn mirkbiet, ef

as der hjerstmis in wiettich blêd oanklibbe tsjin it finster, snokkere

hja it út; den waerd it deiljocht hjar ûndraechlik en hja joech hjar

nei hjar kelderke dêr’t hja ûren to stoarjen siet yn it tsjuster. Mar

it wrede ljochtleaze libben woe hjar net bijaen. Sinne en tsjuster

wikselen mankoar ôf, hjerst folge de simmer, it greate barren fen

bloeijen en forgean gyng syn forheven gong, en as in lyts dieltsje

dêryn bistie hja fierder en hja forwûndere hjar yn in griis ûnbigryp

oer hjar foartbistean.

Earst hiel stadichoan, mei’t de pinen fen hjar leed forsêften wylst hja

bifoun det hjar geef gestel hjar steande hold en natûr en tiid it

greate wirk oan hjar folbrochten, learde hja yn hjar iensumheit wrâld

en dingen oars to sjen. Net det hja mear nocht oan it libben krige, mar

inkelde tiden, jouns as hja foar it finster stie en út ’e nauwe steige

wei lytse snieën wolkens driuwen seach oer stjerre-kleare loft, ef hja

laei nachts wekker op hjar bêd en hearde ho’t de ticht-leavige beammen

lústeren yn it streakjen fen de wyn, den forstie hja mei triennen yn

hjar eagen wol det net hiel de wrâld ilindich wier en fen God

forlitten, al kaem der bitterens yn dat forstean om’t hja dy moaijens

nea mear genietsje scoe yn de wille fen in suvere forhoping. Oan lytse

dingen bigoun hja hjar wer to hechtsjen; lyk as it bloed syn

libbensroungong dwaen bleau troch hjar forâldzjend lichum, sa weage de

saed fen ljeafde ek fierder yn hjar herte, en hja mocht ek noch sa

bitter hjarsels foarhâlde det al de blidens fen it libben, al it wêzen

fen hjar ljeafde hjar ommers binomd wier, hja koe der net for det hja

minske bleau, fen de libbenssigen fen ljeafde bisiele. Hja seach nei

hjar roaze- en wyt-kleurige blommen yn hjar finsterbank ûnder de

forsliten mar skjin-wite kleedtsjes en hjar herte trille mei yn it

barren yn dy lytse bisletten wrâld, dêr’t it libben him dochs ek mei

syn dimmen mar ivich langst yn ûntjoech; en ienris, do’t hja in

finne-paed lâns moast nei in boer fen hjarres, mids ikkers dy’t, tsjin

de ûngetiid oan, to blomkjen en pronkjen stienen yn simmer-dreamige

weelde, hie hja it libben wer sa ljeaf det hja gyng sitten oan ’e kant

fen ’e weinreed mei it rûzjen fen it gers om hjar hinne en de

swier-strieljende sinne boppe hjar holle, en do’t hja weromtocht oan

hjar bern, lei hja wol yet effen de hân tsjin hjar hert, mar yn hjar

eagen bleau in djip en stil glânzgjen nei.

Hja wier âld en allinne, dizze jiermennich, en bytiden tige iensum. Hja

hie de wrâld fen minsken yn it antlit sjoen en wier net mear it fanke

dat dreamde det der ien komme scoe om hjar foar de skientme fen it

libben to bringen, noch de folwoechsen frou dy’t nei in mennich kear it

heechste hawn to hawwen der heal wers fen waerd en pynlik stried

twisken it langjen fen hjar libben nei de folsleine oerjefte èn de need

det hja dat heechste allinne diele koe mei ien dy’t hjar tsjin wier—en

nou wist hja hjar to wirch en to âld, en de stoarms fen libbenswille en

leed foarby. To forwachtsjen hie hja neat mear, en hja hie hjar frede

net foun. Hja hie net de rike oantinkens fen in great en bloeijend

simmerbistean dat de hiele hjerst yet oerjounet mei dimmene tank for de

geneden dy’t me learde to forstean, en sûnder det hja it wist wier hjar

greatste leed net it forlies fen hjar jonges mar de wrede wierheit det

alles, om hjar, ljocht en moai wêze kinnen hie as hja mar net yn de

brân fen hjar langjende jonkheit de ljeafde nomd hie sûnder hjar om de

wearde dêrfen to bikroadzjen. It libben hie hjar it hirdste leksum

leard dat sa mennichien earst mei de joun forstiet, det de swiidste

rykdommen fen it bistean yn hjarsels earmtlik en weardeleas binne en

earst ynhâld winne en greatens út ’e hannen dêr’t men se út tapart

krijt. As fanke hie hja tofolle dreamd om de tsjoen fen hjar forhopings

ea wer to forjitten, en de minlike skimen dy’t ien treast en myldens

binne fen hwa’t hjar altiten klear foar eagen hâldt, foroarje yn

swijsume en strange rjuchters as it herte, yn tiden fen wif forjit, him

meinimme lit de wenstige wegen lâns en syn stille liedsters ûntstjert.

Hja libbe nou it dimmene en hwet foriensume bistean dat sa hiem is yn

Fryslân, in hwet wirge glâns fen tofredene myldens yn it each, in sêfte

weamoedige klachte yn de siele.

Fen Lolke en syn wiif hearde hja allinne mear fen siden yn; hja hie

gjin spil mei hjar hawwe wollen, mar gyng út egen oanstriid nea nei dy

hûshâlding dêr’t hjar fromme winsken for hjar bern op it roust yn

misfoarme waerden, dêr’t it gearhong fen sûpen, flokken en slaen, wylst

Lolke syn wiif hjar ynfierene bidêstens net sette koe en hjar ljeafst

op it pynlikst to nei kaem. In pear kear kamen hja hjar mei smekings en

drigeminten oan om jild, mar hja hie neat to jaen, hja moast der sels

sunich by lâns om der to kommen en de dúdlike wierheit fen hjar

úthâlden makke det dat freegjen him net wer oppenearre. In skoft letter

fornaem hja det Lolke syn wiif by him weiroun wier nei’t er hjar yn in

oanfal fen dronkemans-razernij sa to nei west hie det de dokter dêroan

to pas kaem; effen skrille hja do’t hjar trochdien waerd det frjemde

minsken nou opkomd wieren for Lolke syn jonge, hjar ienichst bernsbern,

en hja tocht eft it net op hjar wei laei soks op to freegjen for hjar,

heal yn de forhoping det hjar libben sa wer in doel krije scoe dat

hjasels forstie. Mar hja wier dy tiid yette to mêd om der wirk fen to

meitsjen; hja koe hope net mear los tinke fen toloarstelling en leed,

en praette hjar foar det frjemden dy’t it der fen nimme koene, de jonge

ek mear goeddwaen koene as hja mei hjar suterich bisteantsje.

Op in kleare wintermoarn, do’t it let fen de doarpsklok hinnesong troch

de froastige klearens fen de loft en hja it bibeltsje al yn ’e hân hie

for de gong nei tsjerke, kaem it nijs fen it forlies dat hjar gjin kar

mear liet; Lolke wier, heal oansketten, do’t er dwersoer nei syn boer

ta scoe oer de ûnbitrousume opfeart hinne, troch it iis rekke en oan

syn ein komd. Hja hâldde hjar fêst oan ’e tafel en bistoar as in deade,

mar bleau rjucht stean en stoarre de frjemde man dy’t hjar skruten de

tynge brocht mei in fêste ûnfetbere glâns yn hjar eagen oan; wyld

forkrongen de tinzen mankoar yn hjar herte, leed det de dea nou alles

nomd hie dat hja ienris droegen hie oan hjar hert, birêsting om’t hja

ljeaver hjar bern weinomd wist as sûndige wegen geand, de rêst fen hjar

swiere plicht as mem neikomd to hawwen ek foar dizze forsmitene oer, èn

de djippens fen it witten, ien amerij, det hjar iensumheit nou folslein

wier. „Soa”, sei hja sêft nei in skoft fen swijen det de frjemde binijd

ôfwachte hwet dat minske, dat de dea fen hjar bloedegen soan mei sa’n

selsume ynbannichheit fornaem, wol sizze mocht; „’k hie ’t forwachtsje

kinnen, al lang, en ’k ha mear ôfstean moatten.” Mar do’t hja tocht om

hjar iensumheit, skeat it hjar yn det der krekt troch dizze ôfstjerte

eat oerbleau, dêr’t hja nou de heechste rjuchten op krige en sûnderdet

hja neitocht oer hwet der komme koe fen hjar wirden, lang ear’t hja for

hjarsels komme kinnen hie ta in bislút, hearde hja hjarsels sizzen: „de

jonge nim ik fensels nei my, dy heart nou hjirre.” Hja sette it

bibeltsje op it kastke oan it lewant, seach effen nei de loft en brocht

ien en oar yn oarder; do sleat hja de doar en hja gyng mei de oar op in

paed nei it doarp dêr’t Lolke forkeard hie, wylst de snie hjar rounom

yn de eagen glinstere en hja op ’e stadich ûntlittende wei sims mar

moeisum foarútkaem.

De frjemden dy’t oan dy tiid for lytse Sjoerd soarge hiene, moasten him

wol ôfstean do’t syn beppe dêrom frege. De jonge seach mei greate eagen

nei it âld minske dat him meinimme scoe; hy hie it goed hawn, de lêste

tiid, en gûlde do’t er mei hjar moast, mar hjar wis hâlden en sêft

praten makke det er al gau bitrouwen yn hjar krige. Op it paed nei hjar

hûs seine hja beide net folle, mar sims die de boi Minke mei in hiel

skoft swijen in frage dêr’t hja hast kjel fen waerd: hy woe witte fen

syn âlden, hwerom’t er hjar nea earder sjoen hie, eft der yet oaren by

hjar yn hûs wennen. Do’t hja him sei det hja lykme allinne libbe seach

er ynienen tige drôf; hy tocht om syn lytse boarters dy’t net meigyngen

en sûnder lûdop to gûlen, bigoun er to trieneagjen en kroppe der hwet

yn syn kiel. Minke seach it en dat stil droegen jongesleed loek hjar sa

om it hert det hja hjar net mear sa ynbine koe; hja streake him om syn

holle, sei det er it goed by beppe hawwe scoe en bigoun to fortellen

fen de lytse dingen yn hjar wentsje, det de jonge hwet niget hawwe

mocht as hja thús kamen en hy syn nocht hawwe scoe oan it nijs.

It waerden swiere jierren for hjar, dy jonges-jierren fen Sjoerd. Net

om himsels: hy wier in moaije kante beuker lyk as mennich mem ûnder

hjar bern net hie; syn suvere blauwe eagen stiene to laitsjen yn in

soun mar fyn-biteikene antlit mei in lytse fine mûle, dreamich en dochs

wilskrêftich, syn dûnker hier krolle nei foaren oer in blanke sterke

foarholle—sa feardich en ljocht syn útsjuch wier, sa wearspannich en

ûndogensk syn kweajonges-bistean op strjitte en skoalle, en allinne for

Minke dy’t altiten hjarsels bleau en him stjûrde mei hjar eagen hied er

in stil ûntsach. En dochs wier Minke hjar lok net fredich; de

oantinkings oan hjar egen bern, oan hjar wrede foriensuming oerskaden

yette hjar libbenswille, en eltse kear as hja fielde ho ljeaf hja dy

feardige streupert krige loek it fen leed yn hjar herte, en hja moanne

hjarsels tsjin in to sterk fielen fen ljeafde, det hja hjar net wer mei

hjar hiele libben hechtsje scoe oan eat dat hja eltse dei wer binomd

wirde koe. Hja learde de greatste libbenswizens dy’t is to tankjen for

hwet west hat en oer it komstige alhiel neat to forhoopjen, mar hja

wier minske genôch om dernei to langjen him great to sjen en lokkich,

det hja foldien wêze mocht oer hjar libben en ynsjen det alles, alles

goed west hie. Mar yn de earnst fen hjar witten det Sjoerd net libbe

for hjar, mar det hja earder al hjar soarch en ljeafde jaen moast det

hy it libben sterk en great tomjitte gean koe, achte hja syn lot nea

oan hjarres forboun en liet him folle frij, nou bang en den wer

forhoopjend hwet der út him groeije scoe, altiten bisletten it measte

oer to litten oan it Albiwâld.

Hja hie in skerp each en mirk mei gauwens det de jonge in swier libben

krige. Hy wier sims gâns sinnich en ûnbirekkenber; sims, as er in hiele

moarntiid útlitten boarte hie mei syn maten en by alles de foarste

west, yn it dryste mear as yn it goede, as hja him oan hjar wasktobbe

yn ’e blikke skoften lang op ’e bûrren roppen heard hie mei in lûd dat

fier oer de oaren hjarres hinne klonk, kaem er stúnjend thús rinnen om

in ding dat nei hjar sin neat to bitsjutten hie, in wegering fen de

oaren to dwaen lyk hy it hjar hiet—hy wier der djip fen oertsjûge det

dy bange lefferts dy’t net heal doarsten hwet hy bistie, gjin rjucht

hienen op in egen sin—ef sels in spotsk wird dat ien fen syn maten der

sûnder erch útsmiet. Earst fleach er dy den oan en socht hjar mei syn

fûsten ta rede to bringen, mar do’t Minke him dêroer ris gâns bikibbe

hie en sei det dy oaren it sels net helpe koene det se net sa sterk

wieren as hy en det syn masterskip yn it fjuchtsjen neat sei fen syn

rjucht, bigoun er dat ôf to learen, earst yn forheftige skriemfleagen

nei sa’n fjildslach, letter ek foardet er bigjinne scoe; en den joech

er him sûnder in wird to sizzen nêst hjar yn ’e blikke del, de knibbels

oer mankoar, de iene hân ûnder it kin, wylst de lippen yet stiver

oanmankoar sletten liken as trochstrings en syn ljochtsjende eagen

stoar seagen nei in tichtby ding. Sà seach Minke him altiten wer foar

hjar, letter do’t er great wirden wier en de tsjinst him by hjar

weihelle: de moaije, breedskouderige jonge, hwet foaroer yn wrokjend

tinken, ûren sims swijsum en yn himsels keard oant de triennen him oer

it antlit rounen. Unrêstich waerd hja dêr net fen: hja forstie det ho

swierder it jonge libben striidt nammensto gever krêft it wint, en hy

koe as him neat yn de wei wier, sa bliid en strieljend wêze as de

djoeijende Maitiid sels.

Dochs wier it goed for him do’t de tsjinst kaem en him losmakke fen it

ienselvige doarpsbistean. Do’t it jonkheitslibben bigoun to gestjen yn

syn folkrêftich libjend lichum en hy yn de omgong mei syn maten by

hjarren de skande merkbiet, iepenbiere hjar yn syn geast in sa

driuwende ôfkearigens fen de minske en sa’n úthâlden siikjen fen de

iensumheit yn de iepenens fen it maitiidslân en de ôfsûndering fen de

stiltme, det er mei himsels stride mocht oer de libbenskrêft dy’t er

yet net trochgroune, det Minke yn ûnrêst kaem en mear forkear mei de

minsken for him winske. Mar ek wist hja det er sterk en hearskjend

bleau yn syn swijsume iensumheit. Do’t er syn doarp forlitte moast hied

er by de twang fen in great langst himsels dochs geef en suver biwarre,

en hy gyng nei de frjemdte as immen dy’t allinne rêdding wachtet fen

himsels.

De swiere winst · 第 2 / 10 题