Ynhâld

I.

II.

III.

IV.

V.

VI.

VII.

VIII.

IX.

X.

For it earst sûnt syn tsjinst stie er wer by boer Westra yn ’e terp. In

moaije jonge foarsimmermiddei wier it, sa’n ien as de hiele ierde yn

stille wille to sintsjen leit yn it oanwinnende sinneljocht, dat net

mear delskynt troch in Maitiids-flues mar ek yet net skroeit en barnt

yn it ûnmeilydsume strieljen fen syn útlitten krêft, waermens, dy’t de

tinzen bliid makket en ljocht, en langjen docht to rêsten oan it hert

fen mem Ierde. Hiel stadich en freedsum sylden in pear suvere wite

wolkens de blau laitsjende himel foarlâns, weidriuwend nei de

heimsinnigens efter de kimen, dêr’t it rûzjen is fen de ûneinige sé en

it klokken fen syn útrinnende weachjes tsjin de kearende peallen; in

jonge teare gloede, al swierder as by ’t Maitiid, mar net sa djip-grien

yette as yn de foldiedige midsimmer, weve stil oer de lânsdouwen en de

mantelbeammen fen de pleatsen yn ’t fiere roun. Alles like glêd en

bloeijend yn dat trintene ljocht, oant de swarte guds foar de kipkarren

en it sike brunige rust fen de raljes ta.

Sjoerd Lolkes stie loai to hingjen oer syn lodde, útpûstend fen it

wirk, as it wirk hjitte mocht, de skepmennich dy’t er dien hie. Hy

seach om him hinne; der wier fensels nimmen dy’t der erch yn hie. De

âldere arbeiders, trou oan de gong fen it wirk biwend, wrotten

wirktúchlik fierder, stieken de modder ôf, smieten se yn ’e kipkarren,

wachten op it heechst in telmennich oant de lege bakken wer foarriden

waerden; hjar prakkesaesjes wieren wei yn it wirk, en om’t er hjoed

yette net mei oaren yn it span stie, en sels syn wirk noch siikje

moast, foel nimmen hird tsjin him út. Hy tocht oan syn tiid ûnder

tsjinst do’t er leard hie de line to lûken, redsum derfor weiwinend

safaek’t der in kreweike drige; hjir scoe him dat minder hânsum ôfgean,

dizze iene earste dei yet sa’n bytsje, mar den wier er opnomd yn de

fêste gong fen it wirk—hy scoe it net mear hâlde kinne safolle to dwaen

as er oanstriid hie. Om him hinne djoeide it goudene ljocht fen de

sinne, klear en wiid seach er it lân lizzen mei yn ’e fierte de

doarpstoer en in mennich wenten deromta, as in swier grien lint

omboerde de strjitwei de lânsdou oan ien kant, en it like him allegear

ljocht en Sneinsk, mar ’t wier dochs lang net hwet er wol hope hie,

grize jounen yn syn lang tsjinstbistean, as er weromtocht oan it libben

yn Fryslân en him bisocht yn to tinken ho’t it wêze scoe as er

weromkaem.

Hy wier net loai fen bistean, mar hy mirk, hy krige nou al de pest oan

dit wirk hjirre. En de âldere maten om him hinne, elts mei syn egen

bisletten tinze-geweef oer fortsjinste en wiif en bern, makken it net

better. Hy fielde klear det der in spjalt komd wier twisken hjar en

him, det er se net mear bigriep. Yn Hollân hie er jonges út ’e Jordaen

en oare brânpunten fen stedskultuer wol oanflein by ien fen dy folle

heisterings twisken Hollânske en Fryske leger-ienheden, meast it

moarns, as it sin nidich stie om de ynkringerich sketterjende réveille

en der yn it waskhok lang gjin genôch kranen wieren det al de

slieperige jongkeardels hjar rêdde koenen, as mei gauwens der

skeldwirden swaeiden tsjin de knauwers en de stiifkoppen dy’t dêr op

like weardige wize tsjin ynleinen; en hy wier it grif iens mei de oare

Fryske jonges det dy frjemden for gjin stûr to bitrouwen wieren en in

smoarch en skunnich soadtsje. Mar like goed hied er mei fen syn bêste

frjeonen hawn út dy oerséske steatsboargers wei, en al wist er det men

se ek kwyt wier as men se net mear seach, hjar los en soargeleas dwaen,

sa oars as de swiere hast wirktúchlike stivens dêr’t er fen bern ôf oan

wend west hie, loek him tige oan en naem him mei. Dêr hie er al de

opbrûzjende sinnen foars en sterk útlibje kinnen, hy hie de wrâld sjoen

en gâns, gâns mear as de stimpers om him hinne fen ealgen, frouljue

hiene der for him altiten genôch west en hja namen it dêr almeast net

sa krekt, en al hie er mjitte witten to hâlden en himsels yn al syn

bûtenwenstichheden nea weismiten, dêr hie it libben dochs for him

iepenstien en hjir—dat swijsume ienkennige dwaen fen dy ljue om him

hinne, nou en den ris in bidaerd wird dat frjemd en kjel yn de stiltme

fen de middei foel en fierders altiten wer deselde, stadige,

ûnfornearbere wjirkmjittichheit, it wier him tsjinnich, wers.

It lân doochde oars wol, mar de minsken koe er slite, stune er nidich

yn himsels. By al syn moaligens, lyk hja ûnder tsjinst dat hingerige

tsjinnige fielen sa treftich bineamden, fielde er him mei de groun

dochs ien, dy swiere fette klaei, in glêdde nocht om to sjen, mei it

fochtige wiuwende gers dêrboppe. Mar hy hie in ûremennich foartrinne

wollen, oant de hege dyk dêr’t men de mar sjen koe en inkelde skippen,

en dêr hie er in set lang lizze wollen to dreamen ef as er der sin oan

hie, to sliepen. Dat wier er nou biwend en hy koe der net bêst mear

bûten, al makke it him faek yet helte bitterder. Dreamen moatte ynhâld

hawwe en foarm, en him bleau it in faei skimerich fielen fen haechlike

forhopings, dêr’t er sels sa ynlike graech hwet mear klearrichheit oer

hie en dy’t him ûntflechten safaek er se neijerby komme woe. Hy hie syn

moed net, hy wist sels net hwet er wol woe en alles yn him stried tsjin

dy ûnwissens en dy twiivligens yn, syn gestjende libbenskrêft, syn

longerjen nei moeisum mar great wirk, syn earsucht en greatskens it

meast. Hy wier al lang út ’e rie komd, dizze middei, det er de âldere

wrotters om him hinne dêr’t er faek mei sokke goede tinzen oan

weromtocht hie, nou yn it djipst fen syn herte lytsachte, det hjar

libben him binypt like, mistreastich, lef.

Hja hiene nea better witten. Al de dingen út hjar libben, hjar

tsjinstberens, hjar bodzjen, hjar boaskjen en foartbringen, alles wier

sa as it wier om’t hja net better wisten, om’t hja nea yn it libben

sjoen hienen. Hjar libbenskrêft wier bisletten rekke, finzen, en kwynde

stadichoan wei oant se mei kromme rêgen en forwrotten hannen de

Sneintomoarns yn tsjerke kamen, mei it wiif mei in smel-silveren

earizer en as skoanderst libbenswirk in seis ef tsjien gewearde bern

mei fjouwerkante skouders en in skôging as de libjende wolfeart, mar

dy’t yntwisken hjar âldene libbenskrêft weislynd hiene en sels sa hjar

libben ek wer foartsette scoenen yn oaren, as bisten dy’t jongen to

wrâld bringe en sels ta hjar earste fiedsel tsjinje. Fen ’e moarn noch

hie er praet mei Haeije Piters, dy’t him in lang en krimmenearderich

relaes die fen syn âldst fanke dat skjin útsukkele en do’t er de man

sels skôge, miterich en bleek lyk as er him altiten kend hie, hie er

moeite yn to hâlden hwet er tocht—in „stommerik, ’t is ommers dyn eigen

skild, mei _dyn_ bern kin it ommers net oars”. Hja stiene him tsjin,

dizze ljue dy’t fen mankoar slynden en ieten yn pleats fen sels sterk

út to bloeijen yn hjar egen geve en ljochte krêft, dy’t hjar joegen op

it paed nei libben’s delgong sûnderdet it greate ljocht op ’e hege

klingen hjar bineare herten ynfallen wier.

Bang fage er om syn holle, hy tocht om syn egen libben. Nou stie er

hjir, mids dy oaren, noch frjemd oan hjar bistean, mar de sleur scoe ek

him gripe en smite him yn it tsjuster fen de bislettenheit. Joun scoe

Anne wer op him wachtsje en hy hie al oan hjar fornomd hwer’t se hinne

woe: se hie mei syn tsjinst in jiermennich op him wachte en seach nou

gjin biswier mear om to trouwen, as hja in bytsje hússitter wirde

koenen. En wylst er dêr stie en oer de oaren hjar stadich en igael

arbeidzjen hinne seach waerd ynienen de wjersin him dúdlik dy’t er yn

him rizen field hie, jisterjoun, do’t se, nei in skoft fen sterke jonge

wille twisken hjar twaën, bigoun to praten oer dingen fen de takomst en

hwet der den nedich wêze scoe. Do hie er lilk west op himsels: in fanke

oan it tou hâlde, altyd wer nimme fen it bêste dat se hie, forwachtings

geande meitsje en den weromskrilje for hwet dochs fensels spriek, dat

ienris dochs komme moast, sa wis as de simmer nei de maitiid en de

hjerst nei de simmer? Mar nou bigriep er it better: hy hie syn foarlân

ealge, hy bigriep det om it bêste fen syn ljeafde to hawwen, hy him

earst jaen moast yn slave-bannen dy’t er forwinske, om’t er frij bliuwe

woe, frij om it lok dat der dochs wêze moast for en yn himsels to

siikjen.

Hy wier wekker wirden fen syn libjen yn de frjemdte en wist det er net

wer ynsliepe scoe. It libben wier great, hy woe der diel oan hawwe, hy

woe it alhiel hawwe, yn al syn stoarms fen wille en syn tobrekkend

leed, yn syn moeisume striid en ûnwisse oerwinnings. Krêftige, ûnwitten

fielings bigounen to libjen yn syn hert, hy wist himsels to stribjen

nei in fier frjemd wyt dêr’t er yet gjin namme for hie en dat nimmen

hjir forstean scoe, nimmen, nimmen—en hy fielde him frijer en rommer

sykheljen yn it witten fen dy iensumheit. Nou stie er wer allinne,

jong, sterk en striidber mank dy oaren dy’t er him hommels hiel fier

fielde, nou wist er him frij fen hjar en de binyptens fen hjar bistean;

hy sykhelle djip en fielde de hiele romte as sines. ’t Libben mocht him

sa frjemd en oerstjûr rounslingerje as it woe, hy scoe it treast wêze,

hy scoe it meitsje en brekke earder as det it him delslaen scoe. De wei

dy’t er gean moast wist er net en hy ealge det hwet er nou fêsttocht as

in bislút him wol ris gâns swier wirde koe yn it stribjen nei de

útfier, en effen twong der noch wol in binearjend fielen yn him omheech

as er tocht om Anne en mear yet om it âld minske dêr’t er by ynwenne,

syn beppe,—mar hy fielde yn him de oerkrêft fen de groun en de glâns

fen de simmersinne, en wist det syn heechste en bêste stribjen net

ûndergean scoe lyk as by de oaren, dêr’t it dageljocht yn de foarmiddei

al omdizene waerd.

Syn hâlding wier rjuchter, krêftiger wirden; hy harke nei in ljurk dy’t

to jubeljen stie heech boppe de finne njunken hjar. En yn ienen ljochte

in nij en sterk witten yet yn him op: det dit allegear moai wier, en

hysels ek. En nou wier dat witten oars as it wol west hie ûnder

tsjinst, do’t er der great op gyng det gjin fanke langer as in mennich

menuten nei him sjen koe sûnderdet se nei hwet bigoun to langjen, do’t

er it glânzgjen fen syn eagen en it lokjen fen syn mûle en syn hiele

feardige lea wol brûkt hie om haechlike winst to biheljen yn de greate

ljeafde-striid, al wachte der den ek wol in oar op him—it wier blidens

om himsels en om syn jonkheit, blidens om de klearens fen de himel en

de glâns fen it lân, mar it meast om’t hy him dêr sterk en jong to

stean wist mids de machtige Natûr, dielend yn hjar driuwen en langsten

en dy dochs glimkjend bihearskjend mei syn masterwil. Hy hie himsels

weromfoun, hy wist him yn harmonije, ien mei it drege tylkrêftige lân

dêr’t er mids de skriele heide en de ûnwennige bosken sa nei weromlange

hie. Mar ek wist er det er it net mear tsjinje scoe as slaef,

ûntkrêftige en delpinige fen de ienkennige doarpssleur.

„Fordomme” sei er yn himsels, „ik prakkesearje my heal suf”. Hy bûgde

syn rêch, en steat krêftich de lodde yn de klaei; wer fielde er syn

spieren spannen en loslitten, hy hie weelde oan himsels. Der wier in

nije klearens komd yn syn tinken, hy hie syn wearde forstien.

Dy middeis kaem de terpbaes yet oansetten mei in oare jonge arbeider.

In lang-opsketten sleauwige jonge like it yette; syn kâlde grize eagen

seagen ûnforskillich for him hinne, de smelle mûle mei tinne

bleek-readige lippen stie sinlik yn it gielige wêzenleaze antlit dêr’t

allinne waer en wyn hwet skerpe streken yn litsen hiene. Syn âlden dy’t

mei it skip foar de steger modder yn to nimmen leine, hiene him nei de

terp stjûrd om’t er by hjarres oer wier en er sa yet skoan in

stûrmennich meifortsjinje koe; loai en ûnwillich bongele er de terpbaes

efternei dy’t him moai foars en koart syn wirk wiisde, en dy’t er fen

siden oan stie to gloerkjen mei slûchslimme eagen. Do joech er him,

tsjinnich en stadich, by in kipkarre oan it wirk, hy stiek de lodde yn

de klaei en hifke in telmennich de swierens fen de fracht, as wist er

it krekte sifer fen syn heechste krêfts-ynspanning en woe er dy

lykmjittich en mei selsume soarch oer al syn stekken fordiele.

Sjoerd Lolkes, dy’t him nou by in mennich âldere arbeiders jown hie en,

meinomd yn de rigelmjittigens fen hjar wirk, en him skamjend loai to

lykjen by hjar âldere birêstende wirkkrêft, foarser bigoun troch to

setten, naem him nijsgjirrich op, sa’t er dêr stie to pielen by syn

kipkarre, dreamerich en slûch. Der wier hwet yn de nijkommer dat him

oanloek, sa’t er dat ek wol ûnder tsjinst field hie, as er, wikenlang

fierder libjend mids âld-biwende maten, in nijen-ien mirkbiet dy’t oan

it ûnderdiel tafoege wier, fen hwa’t er den sûnder it sels to witten,

in tobrekken forwachte fen it grizige sleur-bistean. Wylst er, ûnder

syn wirk wei, de oar tomûk mei de eagen neigyng en him fornuvere oer dy

syn tsjinstribjende stadigens, krige er foar ’t fisier det dy de

karrebak net fêstset hie mei it slút-izer, sa’t er, as dêr genôch

modder yn gearre wier, in moaije kâns makke om to wippen nei de iene

kant en de swiere fracht wer del to flijen oer de ierde dy’t him

ôfstien hie. De oar hie nearne gjin erch yn, stie hwet om to hingjen en

pielde den wer fierder, wylst de karre al oerwichtich waerd en

ûnrêstich bigoun to wibeljen. Einlings, do’t de gielige jongkeardel as

om syn krêften soarchsum to hifkjen, in moai swiere skepfol delflijde

op de modder yn de karre en dy by it opstekken yet in bitroulik klapke

joech, protestearre de karre tsjin syn tokoart om omtinken mei in

kreakerich lûd, liet hjar maklik op ien side del en hjar fetlike fracht

wer weiglide oer de groun.

De oaren seagen effen op fen hjar wirk, formakken hjar in setsje en

joegen gnyskjend goede rie. De pielerige jongkeardel flokte mei mear

klam as men fen him tocht hie, en stoep nei syn tsjinpartij ta dy’t er

wrikkende wer bisocht yn it lykwicht to krijen, det der yet safolle

mûglik modder yn biheind bliuwe scoe, mar syn skoerren en triuwen joech

gjin byt en der like him gjin oare wei iepen as de karre earst leech to

heljen. Sjoerd Lolkes dy’t in skoane kâns seach nou neijer mei de oar

yn de kinde to kommen, joech him nou by syn selskip wei en roun nei de

oar; dy stie yet yn himsels to fûterjen en to prakkesearjen oer de

maklikste wei dy fortretlike tafal wer yn ’t lyk to krijen, en fornaem

him net ear’t er him oanspriek.

„’k Scoe my net forskreppe” sei er droech-wei. „Astou oan ’e oare kant

giest, scil ik hjir wol. Twa kinne mear as ien. Tonei moatst it ding

fêstsette, sa haste tofolle tafal.”

De oar seach him mei syn heal loerkjende heal skrutene eachopslach oan,

stie effen yn bistân en sei do in rouwe ûnfoegens, wis det it hjir lije

koe. Hy krige dalik gjin biskie; Sjoerd seach him fûl en trochboarjend

oan, en mirkbiet mei de foarste eachopslach det de jonge sinlik bidoarn

wier yn syn hiele wêzen, en det neat as dat him syn útsûnderlikens en

eigenheit joech. ’t Wier in tsjinfaller for him, hy hie tocht en, yn it

iensum-fielen fen syn allinne-wêzen mank de âlderen, ek wol ûnwittend

forhope hwet oars yn him to finen, mar hy stie dêr by de karre en moast

hwet sizze. Om wirden hoechde er net to siikjen, yn tsjinst wier er sok

praet biwend en hied er gâns in kar krigen fen soksoartige geastigens,

en hy smiet der ien út, ûnforskillich wei, mar net sûnderdet it yn him

opljochte det it hjir oars klonk as jinsen en det dêryn in steil wird

to dwaen him hjir minder maklik ôfgyng.

Hja hiene dêr mankoar mei foun, lyk as it folle giet mei jonges út it

folk dy’t as se hwet sizze wolle oer ynliker dingen en to skruten binne

hjar bêste tinken to uterjen om’t se dat nea yn de bûtenwrâld weromfoun

hawwe, mankoar’s bitroulikheit forstean yn dingen dy’t in oar rûch en

smoarch tahearre. Hja arbeiden dy middeis meimankoar op, beide de

loaije kant it neist, en gâns stúnjend oer de ûngaedlikens fen it

moeisume wirk yn de sinne, mar oer folle oars wisten hja ek net to

praten en hja moasten sa wol faek weromkomme ta de ûnfoegens fen hjar

ynset. Sjoerd waerd stilder en stymsker nei’t de oar praetsker waerd;

earder hied er him net to goed for soks rekkene, mar as er nou de oar

syn wêzenleaze en gloedleaze troanje seach dy’t allinne forloek mei

bigearlike fâlden en opljochte fen in bidoarn glânzgjen yn de bleke

kâlde eagen, krige er sa’n twingenden wjeraks yn syn maet, det it him

kroppe yn de kiel en it him in kearmennich hast swier waerd syn hannen

thús to hâlden. Yn de sounens fen syn fielen forstie er it forskeel

twisken dat ûnfoege praet hjirre dêr’t de hiele ierde suverens amme en

de loft klearens útstriele, en yn de stêdden fen syn tsjinsttiid dêr’t

it soldate-bistean èn it stedslibben yn hjar ûntkrêftigjende gearraning

hast twongen ta soks, en dêr’t it ek gâns minder djip taestte almeast,

bleek-opljochtsjende glimpen fen in fortretlik bistean mear as it wêzen

fen de slomjende siele.—

De sinne gyng syn gloede-strieljende baen oer de loft en loek de skaden

stadichoan langer. Yn de finnen om hjar hinne dreauwen fammen en

feinten it melkfé gear, troch de stiltme hinne roppend allegearre mei

itselde lûd mar elts wer nei de toan fen syn egen bistean. Nou, wylst

de waermens fen de foarsimmer hjar wer hwet bijoech en koeler loft

gearloek oer de fjilden, like de loft hjar yette to suverjen ta in sa

ile en ûnwezentlike klearens, det de wirden opklonken yn dûbelde

swierens en, sels as it lûd hwet sêfte, as rouwe stiennen skoerden

troch it ûnsjenbere webbe fen de jountiids-stiltme. Klear en silverich

foel in toerslach dêr trochhinne, gjin spjaltende tiids-fordieling mear

mar de ivigens dy’t hearber wirdt yn in silveren toan, opklinkend út it

âlde ta wiisheit kearde herte fen Fryslân. Sjoerd dy’t it ljocht mei

syn eagen heinde en him ien wist mei de stille klearens fen de

foarjoun, as it huverlibben fen de nacht hjar al kindiget troch de

igale glâns fen de dei, swige nou en arbeide fierder yn prakkesaesjes,

oant de ploech dêr’t er ta hearde, dien wier mei it wirk en hjar ré

makke nei hûs to gean. Mei in inkeld wird sei er de oar dei, bliid det

er gean koe en allinne de strjitwei rinne nei hûs ta. Yn ’t foarbygean

fong er yet hwet op fen it stadige praten fen de âlderen, en ynienen

hearde er der nou hwet hiemens yn, forstie er hwet fen hjar ûnwittend

mar suver ienwêzen mei it âlde lân dat hjar hiele libben foarmet en

draecht en sels syn wirge bodders meijowt fen syn dimmene ienfâld.

Yn tinzen roun er de strjitwei lâns nei hûs ta. Der wier hwet

mistreastigens yn him komd dy’t yette forslimmere do’t er de wyn

striken hearde troch it rûzige grien heech boppe syn holle en troch it

wylge-gûd fen de bjirms; hy fielde him net mear sa sterk, sa ryk as de

middeis. Yn syn praet mei de skippersjonge wier it âlde ynbannige aerd

fen it folk de frijens fen syn ynliker libben wer oermânsk wirden, en

de tinzen yet fol fen de drôvens en de lytsens dêr’t er tomiddei it

sleurbistean fen it folk om him hinne yn forstien hie, syn hert yet

sterk fen syn wil dêrtsjinyn to fjuchtsjen, al scoe it him komme to

stean op alles, socht er twivelridich en ûnwittend hwet it den wêze

mocht dat him fen dy oaren ûnderskaette. Ek hja hienen ienris jong

west, as him, field as him, hope en wollen as him, mar hja hiene hjar

jaen moatten nei de twang fen hjar libben en hjar lân, en neat sei him

det it allinne mei him oars gean scoe. Do tocht er werom oan syn

weelde-fielen yn de goudene sinne, en hy seach himsels dêr stean, jong,

rjucht en sterk, hûndert ûnkleare plannen yn de geast, hûndert ûnwitten

ljeafden yn it herte, kearn-formidden fen brûzjend jonkheits-libben

dy’t as neat it kearde útweagje scoe mei machtige stoukrêft om him

hinne, en hy seach dy brûzjende krêft weirinnen yn de einleaze widens

om him ta oant der neat bleau as in amper útdroege saed fol skaed fen

krûden en blêdden fen hjerst. Hy biet mei syn tosken yn syn lippe det

er dêr in boarjende pine yn fielde, it stoarme yn syn hert, dat djip en

lûkend longere nei de sels-forgetten heechtiid fen wrâld’s dûrjende

ljeafde.

De swiere winst · 第 1 / 10 题