Maitiid, Simmer, Hjerst en Winter,
Wikselje mar jimmer ou;
Froast en snieflok, blom en flinter,
Folgje elkoarren altyd gau;
En ús lok-stjer skynt ek faek net,
Bliûwt wol hiele jierren wei,
Dat it ûnk ús pakt omraek yet,
Op ús moaije simmerdei.
Altyd it forstân dos brûke,
Stil wêze as ’t nei ’t sin net wol,
Oan ’e koartste sile lûke,
Al wirdt ek ús miette fol!
Moed hâlde! dêr moat it hinne,
Moed forlieze jowt gjin pas,
Kinn’ wy ea ús lot untrinne?
’t Makket dochs ús ûnk net los!