O, simmerdei
Dy ’t strieljend wei
Mei seine kaem fen boppen!
Do ’t al dyn pronk,
Tomiette ús blonk,
Yn grien en blomt’,
Troch fiere romt’,
Koen’ wy hwerom dy roppe!
Nou sjenn’ wy ’t earst,
En just op ’t klearst,
Mei wémoed yn it herte,
Ho moai do wiest,
Nou stou wer giest’,
Nou ’t wer is dien,
Mei blomte en grien:
Dyn skieden docht ús smerte!
Nou rûst net mear,
Dyn amme tear,
Oer ljeave blommeknopkes;
Nou hâldt dyn wyn,
Net mear him yn,
As ’t blomtún hy
Sims moat foarby,
Reafall’ge blommekopkes!
Wy tochten nea,
Dat al dat rea,
En giel en wyt fen ’t blomte,
Hjar bûnt en blau,
Hjar pears sa gau,
Fen tûke en ’t grien,
Sa gau wier dien,
Yn hiele wide romte.