Gaesterlân yn ’t bigjin fen 1900

Gaesterlân, bosk en strân!

Leechlân, marren, sân!

Kippenburg en hearlyk Rys!

’t Hunnebed djip yn ’e groun,

Net lang lyn by tafal foun,

Lit ’t sa bliûwe—dat is wiis!

Tink dêr om: ’t wirdt oars in griis....

Och fordústrewearje net,

Hâldt _daelk_ op—oars is ’t to let!

’n Beam is net in poddestoel!

For in beam, dy ’t ien’ris foel,

Sjit gjin oaren yn _ien_ nacht

Samar op ta ’n ikebosk,

Under yn it klamme mosk;

Dêrom! wês dêr op fordacht,

Ear de bile djipper slacht,

Dat _ien_ nacht en _hundert_ jier,

Skille noch al aerdich fier.

Dêr is yen fen jongsôf leard:

Dat men al hwet âld is—eart!

Nou stiet dêr sa’n moaije iik,

Jinsen o sa’n hege spjir,

En sa’n kroeze iper hjir,

Net _ien_ fen hjar is noch siik,

Net _ien_, dêr ’t in tokke ôfbriek,

Bjirken ljocht, yn folle fleur!

Hânnen thús! foart mei ’t geseur!

Sjoch jimm’ dy kestanje net?

Dy ’t in blommekroane op het?

Sjoch dy boek! hwet is dy moai!

’t Giet er yen fen oer ’e lea....

Och! jimm’ wirk docht ús sa wea;

Jimme dwaen hat miett’ noch roai,

Nou men ’t sjocht yn simmertoai,

En dochs unforskillich kâld,

Dêrby bliûwt for hjar bihâld.

Wier! it aerdet gâns nei moard,

Dingen dwaen fen dizze soart,

Wrychtsjes! it roait wâl noch kant,

Dat jimm’ sa’n oerdwealskens dwaen’,

Jimme wirk moat fen ’e baen;

Elts krijt sa oan jimme ’t land;

Misskien wird’ jimm’ ’t lân útband,

Lit dochs alles op syn sté,

Smyt de bilen yn ’e sé.

Jimme krij’ oars sa’n partij,

Dêrom—lit it hjir nou bij.

Roei net út, mar plantsje oan;

Fryslân is oars al sa keal,

Hâldt dochs plak for finkje en geal!

Set it yn ’e kranten moarn:

„Gaesterlân wirdt net bidoarn!

„Gaesterlân bliûwt ’t moaije lân,

„Mei syn bosken oan syn strân!”

Finneblomkes · 第 17 / 39 题