Foldien de rekk’ning mei de dei,
It loek sa stadich nei de joun;
De wirktiid mei syn drok gejeij,
Hat op it lêst syn ein dochs foun.
Wy stean’ nou stil en wachtsje ’ris,
En tinke nei, ho ’t alles is.
Dêr is nou gjin ferhael mear op,
Men kin gjin stap ek mear tobek,
Dêr beldert om yens hals in strop,
Dy bliûwt, al tiergje w’ ús ek gek.
Dêr is hwet bard fen moarn ta joun,
Dêr is hwet skript en underfoun.
Wy habb’ in swiere sylbeage oan,
Dy twingt yen sa aloan tsjin ’t boarst;
Wy fiele ’t by ús sels sa skoan,
Elk fen ús, dat net oars it moast.
Wy binn’ dêr en troch moatte w’ er,
Dat kaem ús oer, ús allegear!
Al gyng it alles hjoed moai skoan,
Hy sit ús danich yn ’e lea,
It is in rek ek, sont de moarn,
Yn ’t skrippen for it deistich brea;
Is ’t wirk ek swier, de earm ek warch,
Brea jowt it!—slomme sunder soarch!
De rekk’ning is foldien fen hjoed;
Wy binn’ dêr troch—mei eare ek;
Mar op is ek ús libbensmoed;
En woen’ ek lang net graech tobek,
Hjoed hâldde ús lang, lang op in bien,
Dy lange dei is wer foldien.
Hwet tiid is ’t moaist?
As de bûterblommen bloeije,
En de ljipkes dêroer soeije,
Draeije om bar, dan heech, dan leech;
’t Ljurkje yn boppeloften heech,
Altyd trochsjongt, noait oan-ein
Yn ’t moai waer op Peaskesnein:
Dan tsjûcht alles like bliid:
Nou is ’t wol de moaiste tiid!
Pronket al it beamt’ mei blêdden,
Steane op stânnen alle mêdden,
Sjochst de wyn dêr sêft oer gean,
Oer dat blomt yn bûnte klean;
Hôf en tún, de finne bloeit!
En it nôt by dagen groeit!
Alles laket like bliid:
Dan is ’t ek in moaije tiid!
Ja, dan sjogge wy s’ ek kommen,
Yn wytrea de Pinksterblommen,
Wylst sa moai troch hiel it gea,
De appelbeammen steane blij-rea;
Fol bûnt fé is ’t blommich lân,
Foarlik stiet de rogge op ’t sân.
Dy thús bliûwt ef giet fen honk,
Sjocht men yn ’e Pinksterpronk.
En as wy hwet fierder binne,
Sahwet om Sint-Jansdei hinne,
Sjoch dan rûkt troch ’t hiele gea,
’t Fen it lekkre nijwoan hea!
Hwet is ’t moai, sa’n simmerjoun,
Ear de griene, waerme groun,
Mei syn gêrs, syn nôt, syn blomt,
Under wite dauwe komt!
Ho troch-myld binn’ dan de sigen,
Dy ’t dêr boartsje troch de twigen,
Fen ’e hege linebeam!
Dat ’s de ljeave simmerdream,
Dy ’t nou mei de skimerjoun,
Fen ’e loft giet nei de groun.
En strak seit tsjin al it blomt,
Dat in moaije dei moarn komt.
Ja, dan jowt Natûr safolle,
For it hert en for de holle,
Dat min tinkt dêr dan oer nei,
Hwer komt al dat moaije wei!
Tankber wirdt it yen to moed,
For al ’t moaije, for al ’t goed;
En it each, dat skôge het,
Slút him den for ’n stil gebet.