JELMER.
My driuwt in wytging dy’t gjin útstel lijt.
In fiskersfaem, dy’t ik yet nea hjir seach,
Bidt det men daelk hjar foar de frijhear fiert,
Dy’t hja in tynge bringt fen sa’n great wicht
Det minske-libben der mei gearweve is.
FRANS DUCO.
Sa lied hjar hjir. (_Jelmer giet_). Bliuw Thora en hear mei,—
Faeks hearst yet mear as dy myn ealgjen sei.