FRANS DUCO.
Thora, dû woest de wierheit?
THORA.
Wierheit wol ’k;
Lit hwetstû seist, de stim wêze út dyn hert,
En driuwt hja my út dyn bistean den wei,
Den scil ik gean omdet dyn hert it wol.
FRANS DUCO.
Bern, wier myn hert it heechste oardiel jown
Oer hwet myn libben foarmet en tobrekt,
Gjin wird ûntkaem my, dat dy twiivljen die
Oer ’t ivich hâld fen hwet ús siel forboun;
Mar God hat my in wei wiisd, fier en frjemd,
Oars as myn hert’ it faek bijeart en wol,
Mar dy’t ik gean moat oant de dea my ropt,
Gean moat, al blet de soal, al brekt myn krêft.
Fen minsk’ne bern bistû myn siele it neist;
En sims, dizz’ simmertiid, in swijs’me joun,
As fen de kym it bûnte deiljocht swoun,
Mei tinte en gloede útstreamend oer it djip,
En dû gyngst nêst my oer it ienlik strân
Den bylde ik my, hwet west hie wier forstoarn
En njunken dy sette ik nij libben yn...
It is net bleaun. Ik mei mysels net jaen;
Ik bin net mear fen d’ ierde. Ut fiere kym
Komt mei it rûzjen fen it wiid in lûd,
Dat my weromropt nei it fier ljocht lân
Dat ik forliet for ierdske moeite en need;
En ienlik wynt myn wei de romten troch,
My inkeld wiisd nei ’t rizen fen dy stins,
En wylst it lûd ropt út de tsjustre kym
Sinkt d’ ierde my yn frjemde húvring wei...
THORA.
Siz my den dit: hwerom is ’t my net gind
Dy wei to gean? Hwerom wier my it paed
Troch jountiid-stiltme en oer it rêstend dún
Allinnich iepen, mar de striiddoar ta?
Haw ik dy sein det ik gjin soargen woe
Noch noed, noch leed, ef haw ik weegrich west
Fen dyn frjemd langst, dat ik sa min forstie,
To tôgjen hwet ik koe, en mear as dat?
FRANS DUCO.
Thora, tink om de joun do’t fûl en wyld
De westerstoarm geide oer it neaken strân
Dêr’t ik de krêften rizen wist yn ’t djip,
Dy’t, mear as minske yn ljocht en striid en macht,
My hiem binne as hertsfrjeonen út it gea
Dêr’t hiel myn aerd yn foarme waerd en wijd,
En dystû do for ’t earste seachst, nêst my.
Ik seach de wylde stoarm yn ’t branningskom,
It rou swart swirk, fûl jachtsjend oer de loft,
It sân dat stoude, it dún dat him bijoech—
En dy dêrby, in simmermearke, in dream
Fen ljocht, dat glinstrjend oer it marwiid rint
En tear en fyn mank wetterlyljes rêst;
Dy, mei de langst yn ’t hert nei skientme en lok,
Dy, sels in blom út simmer’s rûzich hôf,
En ik forstie, der wier in iivge striid
Steld twiske dyn stil langst en ’t stoarmich wiid,
En dyn krêft wier de lytste, en sinke scoest
Lyk astû do foelst mei it ynstoart dún,
In wytging fen dyn lot, dy hjir biskern—
En siz it sels, wierst bang? Sloech net it hert
Dy lûd fen eangst dostû dat woedzjen seachst,
Naem it dyn tinken en dyn krêft net wei,
Ef wier ’t dy goed det ienlik paed to gean
Lykmoedich dêr’t it laette, eft lok ef dea
Dy biidzje mocht fier oan it rizend ein?
THORA.
Om ’t lyk eft ljeafde ef haet myn herte stjûrt
Dêr’t ik it wiid sjuch yn syn skomjend langst
En ’t macht’ger as myn machtleas winskjen wit,
Om ’t lyk eft libben ropt ef dûnkre dea—
For dy, om dy, astû ’t yn ljeafde wolst,
Scil ’k elts paed gean en al myn eangst forslaen,
As ’t mei yn blidens fen it strieljend ljocht,
As ’t moat yn ’t woedzjen fen de winterstoarm.
FRANS DUCO.
Thora, hear den myn bea. Unthâld it wol:
Wier net dyn hert’ my hill’ger as mysels,
Hie ’k dy net mear ljeaf as myn ljochtleas paed,
Ik hie gjin krêft ta hwet ik freegje scil.
Ik wol net detstû hjir fen rou forgiest:
Sjuch, dû bist moai, God hat dy skientme jown,
Dyn blide siel’ mei bloei en maitiid sierd,
Sadetst Syn ljeafde hast yn ’t hoopjend hert,
En dû de wrâld, lyk hja yn tsjuster leit
En longret nei in blink fen blider ljocht,
In wûnder bist fen siele-frede en dream,
En langjen dochst nei keiner ljeafde en treast
Lyk God de minskheit yn syn goedens biedt.
Noch dû noch ik ha rjucht dyn ljocht bistean
To drinzgjen mei it dizich skier fen ’t leed,
Noch dû noch ik mei’ dyn forheld’re wei
Tsjin Gods wil yn, bûge nei rou en dea:
Hwent dyn plicht is to bloeijen lyk in roas
Dy’t dreamt yn ’t skaed fen in oerstoarme beam,
Dêr’t mennich treast fynt as hy moedleas bidt:
In teiken Gods him op syn krúswei bean.
Sa wol ik detstû bliuwst, en hill’ger yet:
Forlit myn hûs dêr ’t leed al tichter komt,
Gean nei de wrâld werom, ûnthâld myn bea,
En hast my ljeaf lyk ik it djip, djip wit,
Forstean den det myn ljeavjen fen dy wol
Detst lokkich bist, detst giest yn skientme en ljocht,
En hwetst my joechst út rykdom fen dyn hert
Jowst oan de wrâld, dy’t longrje scil nei treast
Lang nei’t de sé wer oer myn wegen sleat.
THORA.
Oars winskest neat?
FRANS DUCO.
Dit wier myn iene bea.
THORA.
Farwol den, ik scil gean. Dyn bea is wet.
Al hwet ik doch, hwer’t ek myn wei my fiert,
Mei triennen earst, mar ienris mei triomf,
Scil wijd wêze yn de hill’ging fen dyn wird,
En oer myn hert scil mar ien winsk mear stean:
To libjen sa allyk dyn ljeafde it bea,
Myn plicht bistribjend lyk dyn wird it wiist,
Ek nei in tiid det ik sa die, for dy,
Dyn hill’gjend wird yet harkjend yn myn dea.
FRANS DUCO.
God mei dy hoedzje en stypjend nêst dy gean!
Hwa’t alles off’re en joech, hat ivich lean.