DE FAEM.
Hear gin det ik jo tsjuster boadskip bring.
Myn heit, mei ’t boat fier swalkjend yn it east,
Ear’t yet de stoarm grym opstiek oan de kym,
Hat, boppe Skiermûntseach, tsien skippen sjoen,
Utrist mei kriichsfolk en frjemd wapenreau,
Dêr dúdlik biidzjend oant de jountiid kaem
En ’t skyld fen ’t Aemlân oan de bûgde stjûn’,
As gou it oanslach op ús machtleas lân;
Hysels, de driging fen de stoarm foarsjend,
Flechte nei hûs en kaem it woedzjen foar,
Mar net de float dy’t er dêr doarmjen seach,
Dy’t tinkt him, strânne mòàt, hjir Noard fen ús,
Hwent út it Noard bliest fûl en wyld de stoarm
Dy’t al hwet swalket tsjin ús strân tobrekt.
FRANS DUCO.
Priizge de sé dy’t sa myn bounsnoat is!
Hja ropt, hja striidt, hja lever’t groulik slach!
DE FAEM.
Yet mear Hear, det ik wytgje moat, al neamt
Myn mûle it twiivlich en yn noed en eangst:
Ear’t yet de stoarm riisde út it siedend wiid
En ’t swirk yet net de loft yn ’t roun oerdiek,
Blonk heech yn ’t Noard de kym yn frjemd stil ljocht,
Ien wiid bifiem fen gloede, silvrich wyt,
En hill’ger as it each by deitiid sjucht:
In glâns, as siichd út himels heechste seal
Troch iepen poarte oer ’t riigjen fen it wiid—
Nea sjoen noch wytge sûnt de stoarm’ge joun
Do’t, roppen nei dat ljocht, jins heit forstoar.
FRANS DUCO.
Weagen sjong op! Blies fûlder, greate wyn!
Jim machtich lûd hat swiidste wytging yn!
Ho rûz’t jim lok, ho kleit sa djip jim smert
Greatmachtich langst fen mear as minsklik hert!
De loft set gear, de nacht driuwt driigjend oan
Mids lûde weage-psalm en wyngedroan,
En wyld oer wolkens strûst de feale skym
Fen dún ta kleijend dún, fen kym ta kym,
Wyld slacht syn stoarmjen troch de ein’ge dei,
It dúngers brekt, ek minskne krêft stjert wei—
Blies lûd en sjong, gean geijend, júbljend, roun,
Hwent dream forstjert en al hwet blonk forswoun,
Yn skiere need leit skolperjend it rom—
Mar, breid fen stoarm en strân fen krêft, ik kom,
En ré is ’t hert de wyldste wei to gean:
Hwet alles joech, dat hat in ivich lean!
(_Hy jowt him nei de doar, wyn en weagen tomjitte.
Thora skriemt sêft_).
—Gerdyn—