IV. FRANS DUCO, JELMER.

JELMER.

Dyn wirden bin my eangst. Hwet wolstû dwaen?

Dû scilst dochs hjar dy’t al dyn swiermoed naem,

En út dyn slom dyn ûntrochgrounbre krêft

Mei ljeafde’s ynlik jaen towekker rôp,

Net gean litte yn de grizens fen de kym

En wer fen nijs dyn wei yn iensmens gean?

Sjuch ta det hwetstû wounst dy net ûntgiet

Mei ’t gean fen ’t ljocht dat nou dyn siele oerskynt,

Mar den dyn hert wer oan de nachttiid lit!

Tink detst hjar nedich hast, lyk hja gjin dei

Mear seinje kin det hja dyn lûd net heart

En yn dyn each hjar libbenstreast net fynt,

Tink oan hjar komste en ho’t hja ’t hûs forliet,

Hjar âlden, sibben, gea, út noed for dy,

En det hjar gean hjar jonge krêft tobriek

En dy it heechste, ’t libben sels ûntstiel!

FRANS DUCO.

Myn frjeon, ik striid. Ik smyt neat achtleas wei,

It minst, hwet my de blanke libbenskroan’

Sêft foege hat yn ’t wynbitiisde hier,

En nou sa great en djip blinkt yn myn siel’,

Det, as dat giet, myn siikjend hert tobrekt—

Mar ik haw plicht dy’t my ta’n offer twingt.

Hastû net sjoen ho’t hja hjir stil forkwynt,

In blom, yn hôven dijd fen simmer-ljocht,

En mylde lústring fen in blider wyn,

Mar net bihirde yn ’t brûzjen fen de stoarm,

En tel ûntblêdde yn smerte en leed-forfal?

En ’t mei net, misdied wier ’t oan hjar bigien,

Scoe hja hjir wylgje nei in ljochtleas ein,

Wylst hja Gods skientme hat yn ’t blide hert

En yn hjar eagen stille wûnderglâns

De keine ûnthjitting speeglet fen hjar bloei,

Sa myld en ryk, dat elts hjar groetsje scil

As ljochtgeast mids in wrâld fen leed en niid!

JELMER.

Mar sjuchst den net, det neat hjar langjen is

As dy to jaen hwet God yn hjar biskoep

Oan skientme en ljocht en wijing fen ûnthjit?

Witst net det hwet hjar eangjen, húvrjen docht,

Net is de driging fen de stoarmge sé

Noch d’ ienlikheit fen ’t bleke fiere strân,

Mar det hja dy net nêst hjar striden fielt

Mar earder tsjin hjar, nêst de sé hjar twang?

Det hwet hjar weacht in dûnker eangjen is,

Dat hja nêst dy en opnomd yn dyn hert,

Wylst hja it libben wol yn skientme en lok

En nêst dy troanje yn libben’s godlik feest,

Earder hjar ljocht en blidens sinken sjucht

En nêst dy dielt yn ’t driigjen fen de nacht?

FRANS DUCO.

Hostû de wierheit fen myn siel forstiest!

Dû nimst de swierens wei dy’t op my woech,

Det ik dy sizze moast hwet heimnis wier,

Forhoalen djip yn ’t swijen fen myn hert,

Mar eltse stoune oerstrieljend mei syn gloed,

Hiel ’t libben weevjend yn syn wis bifiem—

Wêz sterk en wird net drôf: my is it bliid...

Myn libben rint nei d’ ein. Hwet dagen yet,

En ik moat gean. Myn hert docht my de dea.

Ik wist it lang, mar yn myn twiivlich hert,

Ear’t Thora kaem, hie ’k for myn libben noed,

Hwent ik forstie, ik scoe sa earmtlik gean,

As ierde’s hillichst jaen my fierbleaun wier...

Hja kaem, ik haw de skientme yn ’t antlit sjoen,

Diel hawn oan ierde’s ljocht en ljeafde’s bloei,

Neat wier my mear to winskjen bleaun, neat twong

My mear to fjuchtsjen fen myn ierdsk bistean,

Dat neat mear hie, dêr’t ik nei langje mocht.

Do doarst ik libje, libje, ien simmertiid,

Al wist ik wol, ’t kaem my op dea to stean,

En alles naem ik op yn ’t iepen hert,

De weage-glâns, de rook fen sé en blomt,

De heechtiidsglâns fen ’t simmerdeiljocht sels,

En mear as dat, hwet twiske minsken is,

Dyn frjeonskip yn hjar djipste en swiidste steat

En Thora’s ljeafde yn hiel hjar skientme en trêft—

En ’k wist aloan it neij’rjen fen de dea

Nei’t ús de hjerst riisde oer it dúnjend djip,

En ’t wier my goed: myn siele is sterk en ré

It wûnderlân to sjen oan d’ oare ich sé,

Dat rize scil út dit, as út it wiid

In eilân, wyt fen timpels, wâld-bigroeid,—

Dat bidet skielk, en ik kin tankber gean;

Tankber for ’t ljocht dat my hjir laitsje mocht

En tankberder for hwet ik skôgje scil.

JELMER.

Ik húvrje fen hwetst seist. Dû meist net gean.

Scilst ús hjir litte yn iensumheit en leed,

Earm yn de neitins fen dyn great bistean,

En langjend nei hwet nea mear rykdom wirdt?

Frâns, Frâns, ho koest! hiest noed stien for dysels

Faeks wierst ûntkomd en nêst ús libjen bleaun...

Drystmoedich hast dy priis jown oan ’t fordjer,

Wylst wy dy soun tocht hawwe en miend, dyn hert

Socht sterk to libjen yn fornijde krêft—

Hwerom dy sa to offrjen oan de dea!

FRANS DUCO.

Ik offre net. My waerd to kiezen bean,

Twisken in libben lang fen ierdske tiid,

Mar lef fen lytse soargen, earm oan djip

En godlik nocht, in feal en skier bistean,

Ef koart, romroft mar ljocht fen lok en krêft.

Ik keas it lêste en achtsje it my in winst.

Hwet tinkt dy nou, moat Thora gean? ef sjen

Ho’t heger krêft my oan hjar ljeafde ûntwynt,

En mei my stjerre, oan myn bistean forboun,

Ef frij wêze en hjar jaen nei minskne wrâld,

Dêr’t hja nei egen ropping libje mei,

Hja oan de wrâld mei al hjar langsten fêst?

JELMER.

Mar as hja bleau salang’st hjar nedich hiest,

En den hjar honk socht yn de wrâld, en dêr

Yn ’t libben nije moed en blidens woun—

FRANS DUCO.

Dat kin net Jelmer. Ljeafde stjert net wei

Mei skieding fen de dea. Is ienris hja

Djip opnomd yn de stiltmen fen de siel,

Ta ’t ynlikst wêzen fen ús wêzen wijd,

Den hat hja wâld yn ’t hert salang’t it slacht.

De heechste sill’gens wirdt mar ienris bean;

Elts oar lok liet, hie Thora ienris foun

Dêr’t nou de langst bleau by in hope, in dream,

Hjar letter ienlik mids de rykste bloei,

En wylst hja stie foar libben’s yngongsdoar

Yn rou en leed, in widdou yn hjar hert.

JELMER.

’t Is wier, sa is ’t. Mar den moat Thora gean.

Better de skieding dy’t hja drage kin,

Nou’t hjar de hjerst mei eangstme slacht en soarch,

En ’t yn hjar ropt om feil’ger lok en ljocht,

As skielk as hja, fêst oan dyn hert forboun

Yet libjen bleau yn oantins fen hwet wier,

Wylst hja net berne is for it krús fen ’t leed.

FRANS DUCO.

Rop Thora hjir. Dit wier myn greatste striid.

God hat my ljeafde jown, mar offrjen ek.

’t Is swier as sa it herte sill’gens woun

Iensum de wei to gean nei d’ ein... Mar ’t moat.

JELMER.

Ien bea yet, Frâns...

FRANS DUCO.

Neam hwetstû winskje scoest.

JELMER.

Lit _my_ den bliuwe meije ... oan d’ ein, oan ’t lêst.

FRANS DUCO.

’t Is goed, ik tankje dy. Rop Thora hjir. (_Jelmer giet_)

Sa rint myn dei ta’n ein. Myn hert, haw moed!

Ho earmer dû, ho heger himelgloed.

Noarderljocht · 第 12 / 15 题