FRANS DUCO.
Hillich de krêft dy’t losbrekt oer myn sé!
Mem, Mem hwet joun! Al grizer kringt de loft
Syn driigjen wyld yn wolkensteapels gear,
De weagen roppe en stiigrje nei de wyn,
Ien wûnder feest fen swiere oerstjûre nocht;
Griisskommich stoarmje s’ oan út tsjustre kym,
Unlijich, wyld, as út de dea bifrijd,
Yn great jûchhei priizgjend hjar macht’ge God,
Dy’t hjar wer wekke út wêzenleaze dream
Det se ûnbiteamme opstoarmje oant it swirk!
Wy stienen op it dún en seagen ’t oan:
It bleke ljocht, mind’rjend oan westerkym,
’t Wyld driuwen fen it swirk, it brânningwyt,
Wy hearden hûndert lûden troch de loft,
En oer it gûlen fen it spoekrich wiid—
’t Wier ljeafde en haet, eangstgâl en himelpsalm
It kjirmjen fen de finz’nis, ’t lûd gerop
Fen hwa’t oerwinne yn grymste en wyldste need,
’t Wier ûndergean en rizing, skiere dea—
By God, opstânning ek! De sé stie op,
Tobriek de bân fen hjar ûnmjitlik grêf,
En riisde út rotshoal nei God’s troane omheech;
Wy seagen hjar foldiedich, foarstlik, wyld—
Jelmer, joun bin wy ta hjar ridders slein!
RIXT.
Myn bern, forjow as ik dyn bliid sterk lok
Brek mei ûngaedlik wird, dat wis krekt nou
Dy djipper wounje scil yn ’t hert, meidetst
De skientme fen dyn lân sa djip forstiest,
Dat lân dat fiere hate ús herte ûntstriidt...
FRANS DUCO.
Hwet mient Mem? Neam it frij, it let my net.
RIXT.
De keizer, rjucht dwaend yn it pleit dat Zuhm
By him tsjin ús oer ’t Aemlân oangien hat,
Hat him ús lân forwiisd en ús ûntsein
Yn ’t erflik rjucht op hwet ús eindom wier,
En wy ha hjir gjin oar rjucht as in frjemd.
FRANS DUCO.
Hy doar hwet oan! Ik mocht syn skatkist sjen
Ho’t dy oan ynhâld woun hat mei dit rjucht,
Op ho’n stik jild hear Zuhm soks kaem to stean!
’t Is drôf det hy syn earmtlik skyn-biwâld
Det hjit fen keizerskip en slaefskip is,
Ek yet bismodzet mei ûnweardich dwaen,
In pop hwaens pronk fen mot en rust forgiet!
DS. MARLÉUS.
Wêz dildich hear, al ried ik selsbitwang.
By him birêst yn ’t each fen minsk’ne wrâld
It heechst biwâld en him is d’ earbied ’t meast.
FRANS DUCO.
Earwearde, ik knibb’lje net for keizerswird.
Ik ken ien God, for hwaens heech rjucht ik niig
En djip yn ’t hert trillet Syn biedwird nei
Dat wiisheit, hearlikheit en ivich is,
En ierdsk biwâld dat tsjin dy wierheit striidt,
Lyk God dy skepen hat yn elts ierdsk hert,
In pearel, ljochtsjend yn forgeande skulp,
Is my ûnkrêftger as it dúngers sels
En striid ik tsjin yn syn misdied’ge driuw.
THORA.
By God, bitink, dyn warkrêft is sa lyts,
Dû hast gjin hynstefolk, gjin wapenreau,
Gjin boun fen feinten om dyn lieding gear,
Gjin foetfolk dat as streamen komt en spielt
Dy’t alles delslaen hwet hjar driigjen keart—
Dû haste neat as bounsnoat as dysels!
FRANS DUCO.
Ik haw de sé. Hja biedt in trêftich war!
Hja spraet hjar goud’ne earmen noedzjend út,
En hwet ús lân yn ’t hert bidriigje wol
Wirdt dêryn gearre en ta de strânning wijd.
Ik wit hjar ljeafde en det hjar hillge ginst
Eltse ûre my oerbôget as in skyld,
Ta lean for ’t boun dat ik mei hjar hert sleat!
THORA.
Dû hast dyn libb’ne siel hjar dea forkoft;
Dû bist dysels net mear! In wûndre krêft
Trochrûzet dy en docht dy stean yn glâns,
Dêrst eartiids sonkst yn grize twiivlichheit,
Mar ’t is de libb’ne krêft net fen dyn hert!
Hjàr siel sjongt yn dyn wird! En hwetstû droechst
Yn ’t siikjend boarst oan rykdom fen dysels,
Dat is toraend yn hjar ûnmjitlik wiid,
En dû bist neat as hjar, hjar stjerlik bern!
FRANS DUCO.
Ik bin ’t! Hjar bern dy’t hjir hjar boadskip bringt
De lêste Camminga, de weage-prins!
Hja is myn ryk, myn heitlân, myn forlangst;
Myn herte is hiem de heimnis fen hjar blomt;
Yn djipten weagjend mei hjar weage-gean,
De glâns dy’t silvrich nêst hjar hoalen falt
Dêr’t grien it wier syn wiete slingers wynt,
En roazge skulp en dûnker bloedkorael
Triljende wjerskyn mank de djipten spraet,
En geasten troanje op perlemoeren sit!
Dêr, dêr is ljeafde en wûnderdiedich nocht,
Great, wyld en sterk as hjir gjin minske dreamt,
En dêrút is myn siel riisd do’t hja teach
Yn stjerlik omskot mank de minskebern,
Dêr’t ik it wâld naem oer hjar ienlik strân,
For ivich ien mei ’t rûzjen út hjar djip
En neat as hjar great hearskjen ûnderdien,
In libben ien mei hjarres, en dat bleat
Oan hjar hert ljeafde fynt, en treast en nocht!
THORA.
Unsill’ge dreamer, sjuch den my! Hwet ik?
FRANS DUCO.
God dû ... ik tocht net mear ... hwet haw ik sein?
Die ik dy leed?... Forjow my, ’t wier sa great,
Ik seach hjar sa yn ’t witten fen hjar krêft,
Al ’t oare sonk dêrby, waerd wei ... sels dû...
Dat wier forkeard ... bitink, ik libbe aloan
Hjir yn de skôging fen hjar wiid bifiem,
En minsk’ne ljeafde ûntstjert myn tinken tel
As ik my ien wit mei hjàr krêft, hjàr preal...
THORA.
Untskildgje it net, ik seach dy nea sa great
As dost dy wirden spriekst; dêr spriek in God
Troch dyn bisiele mûle, al woune it my—
Mar ’k bid dy, ûndersiikje en ken dyn hert,
Ef ’t wierheit wier hwetst yn bisieling seist,
Det ik dyn djipst bistean for ivich wit
En ik erken hwet for my weilein is.
FRANS DUCO.
Sa gau dos al ... wis, Thora, ’t is dyn rjucht,
En astû ’t wolst, den scilst myn antwird ha—
Faeks hie it earder foech jown detst it witst,
Mar eltse dei dy’t nei de jountiid lûkt
Docht freegjen det it ljocht yet toevje mei—
Mar it is goed, neat scil ik twiivlich dwaen;
Jim, lit my ienlik mei mysels, in skoft,
Det ik myn libben skôgje mei sa’t is,
En moed fyn ta in great en swier bislút
Neidet myn plicht it seit en God it wol—
Haw goed bitrou noch wêz net twiivlich mear.
Ik wit in ljocht, dat as it deiljocht sinkt
Yn ’t roungean fen de nacht my strieljen bliuwt;
Bitrou en bid oan God, det hy ús hert
Forklearje mei en ús ta wiisheit laet—
Dû Jelmer, bliuw en diel myn striid mei my.