RIXT.
(opkommend):
Untskildging praet hwet ûnrjucht is net wei.
Men hat ús húnd yn ’t djipste, ús rjucht forstaet,
En hy dy’t him forgrypt oan oarljue goed,
Ho heech er stiet, ef froed en dildich sjucht
Det yn syn namme it Rjucht ûntkrêftge wirdt,
Mei tasjen det God’s grym him fen syn troan
Net delslacht yn de hel fen skande en hún!
DS. MARLÉUS.
Dochs hat de keizer ’t heechste wâld op ierd’,
En syn heech wird is al syn foltsen wet;
Dêrby, geneed’ge frouwe, is him de macht—
Hwa scoe bistean tsjin ’t stúnjen fen syn wrok,
Wylst die men him yn hearsumheit in bea,
Syn ear faeks iepenstie for ’t krêftich rjucht
Dat grif jim kant yn dit swier pleit skewielt,
En hy goedginstich ta jim heil bisleat.
RIXT.
Genôch fen freegjen, bidd’lers bin wy net.
Mei hiel myn krêft wol ’k oanstean by myn soan,
Det hy de bea om rjucht lyk ik dy die,
As frijhear net by ’t heechst biwâld fornijt,
Dêr’t dochs ús freegjen húnd wirdt en bispot,
Mar giet d’ únskamsmens fen de niid sa fier,
Det men ús oantaest yn ús erflik lân,
Men ljeaver as únweardich lef gekrûp
De striid forkiest en God de útspraek lit.
DS. MARLÉUS.
As frede-man klinkt my de kriichsrop wyld,
Mar hâldt men soks de iene wei for ’t rjucht
Sa scil wis ’t Aemlân trou wêze yn de striid,
Ho’n bytke it ek formei mei wapentúch,
As do’t it dijde yn jins woltierich wâld.
RIXT.
Sa tocht ik ek. God jaen ús goed bislút!
Hwêr is de frijhear, Thora?
THORA.
Dêr’t de wyn
Gûlt by it rizen fen it jounbleek dún,
Deun dêr’t de dea út djippe hoalen gûlt,
En fier fen hjar dy’t rjucht hat op syn hert.
RIXT.
Bitink hy is in eilânsfoarst, hwaens hert
Lúkt nei de widens dêr’t syn gea út riisd
En hiel syn jonkheitstiid fen hill’ge is.
Dit lân is him bitroud; ik wit syn wird
Dat klinke scil as hy dit ûnrjucht heart,
Wy fen ús rjucht ûntset, in oar hjir foarst,
En ’t keizerswird ús tsjinpartij ta’n skyld!
WELMOED.
Wy weidreaun fen ús honk? Dy tynge is hird.
Fen ’t oard dêr’t ús bistean mei fêstgroeid is
En dat Mem noede hat mei ljeafde en trou,
Forballe en skaet út habsucht fen in frjemd?
Nou fetsje ik det Mem frege om striid, as ’t rjucht
Forkwâns’le wirdt for flaeikjen en kâld jild!
THORA.
My bliuwt it frjemd. Striid for dit weardleas gea
Dêr ’t libben is ien wraks’ljen tsjin de langst
Fen ’t wide dat de minske oermast’rje wol,
Oant him de krêft bijowt en hja him nimt
As brêgeman yn ’t glinzgjen fen hjar hoal?
Tink om de frijhear sels, ho’t hiel de tiid
Ear’t ljeafde ek him to ljochtsjen kaem yn ’t hert,
Ien driging wier fen noed en twiivlichheit,
En siz eft goed is det men him hjir bynt!
Ik swige as frjemd, joech ljeafde my gjin rjucht,
To tsjûgjen sa’t myn herte it djip forstiet:
Him is it heil as fen dit lân de tsjoen
Net eltse dei syn siele yn finznis slacht,
En dêr’t de lânnen lizze yn feilger fiem
Hy, fier fen ’t lûd dat yn syn noegjen twingt,
Yn fêster libben rêstme fynt en lok!
RIXT.
Hy sels scil ’t oars forstean. Syn hiel bistean
Is geargroeid mei it wêzen fen syn lân
En dat fordiignjend striidt er for syn sels,
Dat drôvje moat as men ’t de groun ûntkeart
Syn ropping, al syn plicht, leit, Thora, hjir,
Dêr’t hiel syn herte út berne en foarme waerd.
En hwa’t syn leed en blidens partsje wol
En him skewiele yn d’ iens’mens fen syn dei,
Lyk dû it dochst as dielster fen syn hert,
Moat hjir syn moed forbliidzje mei hjar jaen,
Fen minsken ’t heechst, mar yn hjarsels forsteand
Det der hwet is, dat troanet boppe hjar.
DS. MARLÉUS.
Mei wiisheit sprekt de frouwe. Plicht giet foar.
Dêr’t Gods lûd ropt wirdt minsk’ne stimme wei,
Sa’t elts dy’t ljeafhat witte moat yn ’t hert,
Det ljeafde nea de weardleaze ierdskens jildt,
Mar ’t meast de geast, sa’t dy Gods ropping fielt.
WELMOED.
Thora hat noed, nou’t yn de fierte it wiid
Ropt as de driging fen in dûnk’re God,
Mar spielt de Maitiid skielk hjar ljocht wer oan,
En riigje weagen rimpeljend en klear
Wylst oer it strân in iere moarnswyn sjongt,
Den heart hja wis ho’t yn de sé hjar sang
De Hear ek nou in hillich boadskip bringt
En det ús rjucht op ’t Aem’lan Godsrjucht is!
THORA.
Hâld sterk dyn hert! ’t Is d’ ingel fen it tsjoed
Dy’t dêr yn ljocht-klaed oer de weagen giet!
God is hjir net! Ik hear de djipten fol
Fen grousum leed, fen gjalpen wyld en rou;
It is de hel dy’t dêr to sieden leit,
En ropt der ien, den is it Satan sels!
Hjir is gjin ivich ljocht! Hjir is de dea.
En hwa’t hjir toevet, sinkt yn nacht en wea!