Selde plak as yn de foarste útkomste; rûzige hjerstjoun, bytiden binne
de wynfleagen to hearren. De kearsen barne. Welmoed sit rêstich oan
hjar borduerwirk. Thora, bleker wirden, yn mimer by de fjûrhutte.
THORA.
Frjemd sa’t ik joun de sé wer rûzjen hear.
Hja hat hwet driigjends yn. De wylde loft
Driuwt jachtich en oerstjûr it jounljocht oer;
Sims gûlt de wyn fûl stjittend om de stins,
Mar sterker riist de grime sé syn lûd,
Dy’t skier en rûzjend as it stoarm-wiid sels,
Hiel dizze stiltme oerbrûzet en oerspielt
En minsk’ne siel hjar lêste warkrêft nimt...
Welmoed, hwet tinkt dy? stekt de stoarm wer op?
Syn machtich lûd is dy mear hiem as my.
WELMOED.
De loft, de wyn, it great liet fen de sé
Dreauwen as weitsers om ús widzen gear,
En wy forstean hjar driuw en longrjen wol.
De stoarm nimt wer syn wâld, to nacht miskien
Ef oars moarnier tsjin ’t stiigrjen fen de floed,
Al nei’t de hear fen loft en wiid it wol.
Sa seagen wy, jier nei gelikens jier,
D’ ûnkearbre wintling fen de tiid fen nijs:
De Maitiid mei hjar blomte en dream-ûnthjit,
Den blinkend oer it gouden skyld fen ’t dún
De simmer dy’t hjar swird fen strielen swaeit,
Den wer de hjersttiid, brûzjend út it djip,
Unlijich driuwend oer it rou swart swirk,
Oan’t hiel it gea om winter-stiltme skriemt.
THORA.
Sa rêstich astû ’t seist! Niis seach ik dy
Stil glimkjen as oertochtst in mylde dream
Bûgd oer dyn wirk, wylst om de stins de wyn
De driging gûlde oer ’t rizen fen de stoarm!
Krimpt dyn hert nea fen eangst en ûnrêst gear?
My weacht en twingt de skymring fen de joun,
As brekt yn ’t skiere djip in krêft him frij
Dy’t him al hymjend nei de brânning jowt,
En doarp en minsken sûgend nei him nimt.
WELMOED.
Ien eangst hat driigjend oer myn maitiid stien:
Dat wier earstû hjir wierst en Frâns syn hert
En tinzen joech oan mismoed en frjemd leed,
En nêst syn fiet it gean tocht fen de dea—
Dat wier sa blyn, dêr bleau ik machtleas tsjin.
Mar noustû kaemst en hy sa sterk en wis
’t Libben oerwoun mei ’t hearskjen fen syn wil,
En eltse dei him sjucht yn ljocht en krêft,
Nou’t einlings nei myn iens’me eangst om him
Ik bliid oertinke mei myn lok dat bliuwt,
Nou sjongt de stoarm oerwinnings-psalm, nou leit
Hiel ’t libben iepen yn triomf en ljocht,—
En sa moatstû, frjeondinne, it ek forstean.
THORA.
Ik doch ’t, ik wol ’t, mar ’t is sa swier, sa bang—
’t Is det ik yn myn lok gjin frede fyn,
En ivich fiel, der is hwet frjemds, hwet wylds,
Dat al myn langst en swietste dream forhúnt,
Ik kin ’t net neame en ’t bliuwt aloan my by,
Ik wit net hwet it mient, mar ’t jowt my eangst.
WELMOED.
Kom, siz my alles Thora. Faeks koe ik
Dy riede en stypje yn hwet dy riedling is;
Ik wol ’t sa jern, dû bist ek my sa ljeaf—
De lêste tiid mirk ik aloan oan dy
Der wier hwet dat dy pleage en eangstme brocht—
En bleek wierst faeks dêrst eren laitsje koest—
Dû hast dyn ljeafde dochs, dû witst dy ryk?
En yn ’t bigjin wier al dyn ljeavjen nocht,—
Dû, blide, lûkt ek dy de sénoed mei?
THORA.
Dat is it, dû hast rjucht; my weacht it wiid
En d’ eangst en niid dy’t ik dêr wenjen wit,
En det der mear is as myn ljeafde-dream...
’t Is komd, dy jouns, do’t ik mei him de stoarm
For ’t earst hjir woedzjen seach yn ’t krôljend wiet,
En dêr’t ik stie de dúnkling him bijoech
Det ik foaroer foel, en it swolgjend wiet
My meifierd hie yn ’t wieljen fen syn macht,
Hie net syn krêft my rêdden út dy need;
Do’t ik wer bykaem seach ik yn syn each
In wyld frjemd glânzgjen—’k hie it neat net sjoen—
Dat barnde oan’t yn myn siel, en twingend, fier,
Hearde ik syn lûd my lústrjen: „Wierstû bang?”
WELMOED.
En do?
THORA.
’k _Wier_ bang, ik bin it yette—ik sei him neat,
Ik húvre, eange en ik forstie hwerom.
Ik hie myn dea yn ’t antlit sjoen, ik wist
Hwet my hjir bide yn ’t gounzjen fen de stoarm,
Ienris, in joun as my myn krêft bijowt:
In fier griis grêf yn d’ ûndergroun fen ’t djip.
WELMOED.
Thora, dû praetst sa frjemd... Bitink _syn_ krêft
Hie dy dochs rêdden fen de dea, dy joun,
Sa scil er jimmer hoedzjend nêst dy stean...
THORA.
Sûnt wist ik det ik machtleas wier tsjin dit,
En ûnfolslein ús ljeafde. Ik haw ’t forstien,
Him bynt in greater macht, in heger geast,
Dy’t ik forslein tocht fen ús ljeafde en trou,
Mar nou wer long’rjend boppe ús ljeavjen riist.
En hy _èn_ ik ha greater ljeafde yn ’t hert,
Him ropt de Sé, my is to Libjen ’t meast.
WELMOED.
Mar as dat wier is—’t heart my wûnder ta,
My tinkt, der _kin_ neat boppe ljeafde gean—
En dochs bynt ljeafde jim, en bliuwt hja sterk
Ek dêr’t hja by hwet oars hjar minder wit,
Den scil hja ienris weiwirde as in dream,
Ef hwet jim skaet en sa jim lok forslacht
Dat moat ta’n offer wijd oan ljeafde’s wâld.
THORA.
Welmoed, der is mar ien wei oer for heil.
Hy moat hjirwei. Myn ljeafde dy’t ik joech
Sa great en ryk, mear as ik mûglik tocht,
Is machtleas tsjin de tsjoenkrêft fen de sé;
En wint er ek yn krêft en hill’ge moed,
En hâldt myn ljeafde ek fen de dea him fier,
To wylder riist dy frjemde ûnsizbre krêft
Yn him omheech, en hwet myn ljeafde wint,
’t Wirdt wer fen nijs de weld’ge sé ta’n bút,
D’ oerginst’ge dy’t my hatet, eang for my,
Lyk as s’ ek my ta húv’ring twingt en eangst.
Ik wit, ik praet oerstjûr, myn selskrêft swynt,
Mar Welmoed, djip yn ’t hert forstean ik ’t klear,
By al ús skynwinst wirdt de dea it lean
For ljeafde en lok, as hjir it longrich wiid
Stadich ús laitsjen mei syn lûd oerstimt;
Iensum by stoarm en ’t gûlen fen de sé
Swalket er jountiids oer it lykbleek strân
En heart eft yn de fierte it lûd ek ropt
Oer ’t hymjend gean fen weach en brânning-slach,
En ik dy’t gean moat nêst him, dy’t mei him
De driging skôgje moast fen striid en dea,
Ik doar net mear sûnt dy forflokte nacht
Det ik dêr foel yn dat ôfgryslik grêf.
WELMOED.
’t Is dy yet frjemd, de sé by hjerst to sjen
As jouns de weagen stean to stiigrjen, wyld:
Nea hiest hjar sjoen, as dêr’t hja dreamend laei
Ef reauntsjend yn de glâns fen simmerwyn,
Mar haw bitrou: is dy hjar grym biwend
Den scilstû laitsje om hjar oerstjûr gedriich,
En sterk dy witte yn ’t lûken fen hjar stoarm
As ljeafde nêst dy bliuwt, en each en hert
Allinken ek oan wylder tiid biwent...
THORA.
Nea, nea—yn wyn en weagen klinkt hjar haet;
Dwylsin is hwet hja sjongt en dead hjar skaed:
Gjin soen bistiet twisken hjar wiid en my,
Dy’t hjar forflok, en for hjar eangje, en lij.—