IV. FRANS DUCO, WELMOED, JELMER.

JELMER.

Welmoed, dû wirdst bifrege.

WELMOED.

Ik? fen hwa?

JELMER.

In faem dy’t, seit hja, krekt fen Fryslân kaem,

En dy goed ken; my swei hja ho’t hja hiet.

FRANS DUCO.

Ho nou, bisiik for dy?

WELMOED.

Dat liket sa.

My tinkt, ik ried it wol ... wy scille sjen. (_giet_).

FRANS DUCO.

In frjemd hjir op ’e stins, dat bart net faek,

Ik ljeavje it net ... mar ’t hat syn ljochtkant wol,

Jim libje hjir sa ienlik, wrâld-ûntstoarn,

En iensumheit hat faek swiersett’gens yn...

JELMER.

Dû seist fen jim—en den dû sels?

FRANS DUCO.

’k Bin ’t wend.

It is myn deist’ge steat, sa fier ik tink,

Mei myn bistean is ’t ien. Mar jim ha mear,

Mear blidens, minsk’ne tael en selskip brek,

En hjir is neat as swijsumheit en dream...

Sims, Jelmer, bin ’k binijd detstû dy’t oars

Sa sterk yn ’t libben stiest, det eltse dei.

Sa seistû faek, dy mei in wieling naem,

Nou hjir dyn tiid sa stil en fier fordreamst,

As hie ek dy de sé-sang tsjoend yn sliep,

En stoarst it drok bistean mank minsken ôf!

JELMER.

Myn nocht, myn krêft, myn willenswille is bleaun,

En ’k wit my sterk, net minder as ik kaem,

Mar hjir, sels hjir, deun oan de sé syn stream,

Haw ik in doel, dat hâld jowt en skewielt,

Sa goed as mids de droktme fen de stêd,

Yn Frjentsjer’s akadeemje en ’t stúdzje-wirk.

FRANS DUCO.

In doel, alwer! Mar den, hwet sikest hjir?

JELMER.

Ik kaem hjir, meast om dy. Ik wist de pleach

Fen iensumheit, dy’t op dyn libjen woech,

En ’k wist, detstû net hiest hwetst nedich hiest.

Ik tocht, faeks kin ik mei myn blider hert

By ’t stil petear fen frjeonskip en forstean,

Hwet ljocht bringe yn jim hûs, it greate sjen

Det alles goed is, great en skientme en nocht.

Dû witst, myn aerd is oars: de fleur, it ljocht,

In loftich sin is yn ’e wrâld myn diel,

Mar ’k wist net, det de sé syn great gerûs

Us laitsjen maklik mei syn sang oerstreamt...

FRANS DUCO.

Dochs bistû bleaun, al stried it tsjin dyn aerd;

Dû bist in tige frjeon, net elts docht soks.

JELMER.

Dû priizgest my genôch. Der wier hwet oars,

Dat my hjir hold, yet sterker, swieter bân...

Dû sjuchst forheard, mar sizze wol ’k it dochs,

Hwent dû hast rjucht, as hear fen ’t hûs en frjeon,

En dostû niis sa drôf en treastleas wierst

En seist ho’t moed en libbenskrêft dy stoar,

Do barnde it op myn tong, det ik, krekt hjir

De saed fen ’t libben sterk to streamen foun,

En det yn hwetstû tsjuster tochtst as dea,

Krekt my de strieling berne fen de dei...

FRANS DUCO.

Ek dû? Dû hast hjir foun? Hwêr libje ik dochs?

JELMER.

Yn ’t grinslân twisken ierde en ljochter gea.

Hjir Frâns, yn stiltme en ynkeard ta my sels

Yn ’t wite skimer fen jim mânske stins,

Dêr’t wyn en sé it herte stimme yn lok,

Djip ynlik lok, hjir nêst dyn gean, flak nêst,

Woun ik dat iene, mear as fleur en feest,

De greate jefte fen dat machtich langst,

Dat my dy bidden docht, detstû tonei

Mear as in frjeon, in broer yn my sjen wolst.

FRANS DUCO.

Hwet mienst? ik fetsje net...

JELMER.

Ik ljeavje hjar

Dy’t dy niis wytge fen dat wûnder-ljocht.

Hja hat it foun, mei my. Siz goed for ús.

Astû net fynst, den bliuw’ der twa nêst dy

En diele wy dyn iensmens mei ús lok.

FRANS DUCO.

O, Welmoed, Welmoed! dat de wei nei ’t ljocht?

De wei, dy’t elts gean mocht, ek ik, de doar,

De iene, nei it ryk fen bloei en krêft?

Ho skoerst de woune yn ’t iensum hert, dat lang,

Lang blette fen syn leed en swier genies,

Wer iepen mei it wird fen dyn great lok!

Ik dy wei gean? ik dy’t myn ljeafste treast

Fier sinken seach efter de wrâld syn kym,

Ho’t d’ iene dy’t ik ljeafhie my forliet,

Myn bea nea heard, myn langjen nea forstien,

En hjar swiet honk socht yn in oar syn earms?

Ik iensum en forlitten, ’t wiid syn bern,

Dy’t wyld fen striid seach ho’t myn ljocht, myn treast,

Him joech yn oarwei en my langjend liet,

Dy ljocht-doar is my ta, dat is foarby...

Haw jim jim lok, wêz alles for mankoar,

’t Is my sa bliid ... en ’t docht my dochs sa sear...

It âlde byld riist foar myn each, ien preal

Fen libjend ljocht, ik sjuch de jountiid wer

Do’t ik hjar seach for ’t lêst, ik hear hjar lûd,

Ik wit hwet kinnen hie for my, for my,

Hie net de sé, d’ oerginst’ge dy’t my loek

Hjar kjel makke en fordreaun út dit stil lân,

Det ik wer ienlik, ienlik, ienlik bleau...

’t Is wier, dat naem myn krêft, dat treau my del,

Binaem my ropping, plicht, myn libbensnocht,

Dat die det ik sûnt nea wer song: ik wist

De ljochtdoar ivich for myn langjen ticht....

Noarderljocht · 第 6 / 15 题