THORA.
Frâns Duco, heil!
FRANS DUCO.
God, Thora, dû!
THORA.
Dû kenst
My yet? Dat falt my mei: ’t wier sa lang lyn
Sûnt ik it lêst hjir oer it séstrân gyng,
En ’k eange faek, ik scoe it nea mear sjen...
Mar frjeon, hwet bistû bleek! Hastû fortriet?
FRANS DUCO.
Né, né... Men sei my niis in hiel great lok,
Dat my yet frjemd wier ... en ... en nou komstû...
(_him bitwingend_)
Wêz wolkom, Thora, yn ús gea en stins
Dêr’t de oantins oan dyn toevjen libjen bleau,
Ek lang neidetst ús mûglik al forgeatst!
THORA.
Mear myldens biedst, as ik fortsjinne hie.
It stie my min, det ik myn sté fen dream,
Fen hope en sang dizz’ jierren fier bleaun bin,
Mar ik forgeat dochs net, al loek it sin
My mear nei ’t selskipsgean yn minsk’ne wrâld.
Sa lang al, det ik stried tsjin leed en soarch.
Lyk eltsien moat, dy’t mank de minsken giet,
En den tocht om jim wente yn ’t Noard, dy’t stiet
As tsjûgnis fen de Ivichheit, omwaeid
Fen koele wyn, omrûze fen ’t great wiet...
FRANS DUCO.
De lêste kear, dostû hjir wierst, ha’k miend,
De iensmens fen dit sé-gea die dy oan
Mei eangst en húvring for de einleasheit,
Dy’t eltse kant ús stil lyts lân omspielt...
THORA.
De eangst fen hwa’t de ljeafde ûntwrakselje wol,
Dy’t hy djip yn syn as siele d’ iiv’ge ken— (_Jelmer giet_)
Mar hwa, dy’t ienris oan it dúnstrân stie,
En seach yn ’t heimnis fen it great geweach,
En him dêr wijd wit ta it iiv’ge ryk,
En dy’t, weromkomd, oan de wrâld biwent?
Him rûzet it, dêr’t hy de nachttiid rêst,
En fier de sliep him fen de bedsté bliuwt
Ut greate fierte ien frjemde sucht: _Untrou_,
Salang’t hy fier is fen syn wijingsoard,
En mids de minsken giet: Untrou, Untrou,
Oant hy him iensum wit en hiel syn hert
Weromwol nei it gean fen Gods wiid rom...
En sa, Frâns Duco, haw ik ek ’t forstien.
FRANS DUCO.
Dos hast ek dû hjar ljeaf. Sjuch, Thora, dêr!
Dêr oer it strân, bleek spriedend efter ’t dún,
De brânning klotsen yn de twiljocht-joun,
Wytkrôljend, brûs-biskomme, wyld oerien,
Den rêstend, den heech stiigrjend as yn stoarm...
Hastû se sa yn dreamen sjoen en leed?
THORA.
Hja bleau gelikens, ien. Wy komme en gean
Net mear as snjitten brûs yn winterwyn,
En dochs, hwet is ús leed by hjar fortriet?
Frâns Duco, sims, as ’t yn my rôp om treast
(Hwent minsken dwaen mankoar sa groulik leed)
En smert myn diel waerd om de minskne wil,
Den bylde ik my, hjar rûzliet song my ta,
Hjar âld stil liet, swier fen ûnsizber leed
En ’t wier, as rêstte ik snokkrjend oan hjar hert.
En hjar great leed naem lytser soargen wei.
FRANS DUCO.
En ik, dy tocht, detst lokkich wierst, det neat
Dy steurde yn ’t strieljen fen dyn simmerdei,
En omstû bliid wierst, yn myn hert de woun
To djipper fielde yn myn ienselvich leed!
Ik tocht, de wrâld bea flûnkring dy en nocht,
De glânz’ge romer fen de blidens-wyn,
De simmerkrânsen fen it jonkheitsnocht,
Ik tocht ek, dû hiest ljeaf...
THORA.
Dat wier forsin.
In moaije dream, dy’t waen en ljeagen bliek,
Mar dy’t my lang dêr finzen hold, yn hoop
Det ien dei dochs myn dreamen wierheit waerd,
Lyk sims in bern nocht hat oan blinkend gûd
En ’t rykdom tinkt for ’t libben, skat en pracht,
Oant rustich blik de teare hantsjes skoert;
En do forstie ik yn myn leed yet mear,
En tocht om ien dy’t mear wier as in dream...
FRANS DUCO.
Thora, dû tochtst ... om my?
THORA.
Ik tocht om dy,
En do foel my in eangst, in swiere, yn ’t moed:
In dream stie oer myn bêd en ’k seach dy siik
En wraksljen tsjin de driging fen it ein...
De moarns, do dreau my d’ eangst, ik wist gjin rie,
Ik moast hjir hinne, ik hie gjin lins, gjin dûr,
En ’t wier my efstû stoarst en myn skild wier ’t...
Ik hie dyn eag’ne swijs’me bea forstien...
FRANS DUCO.
Né Thora, né, nou net, noustû komst net,
Nou gean ik mei dy mei, nou haw ik dy...
Witst yet, lang lyn, do’t wy in hiele dei
Hjir swalken, fier, hiel fier it eilân oer,
Oant jountiid kaem en wjuk fen nacht it lân
Wiid fieme yn stiltme fen syn roungeand skaed?
Do wierstû bang en krietst, mar ik, ik naem
Dyn hân en laette dy, dyn holle sêft
Tsjin ’t skouder oan—ik fiel dyn goudhier noch—
Oandet it stinsljocht ús yn d’ eagen foel,
En ik dy lústre: dat, dat is ús thús...
Sa Thora, lied dû my troch ’t libbenslân,
En lear my dêr myn plicht nêst dy forstean;
Ik hie dy ljeaf, en astû nêst my giest,
Den skynt ek ús it hillich Noarderljocht...
THORA.
Sjuchstû dy gloede yn ’t West? Yet ienris brekt
De sinne yn glâns út ear’t hjar deiljocht swynt,
Yn lôge stiet de kym, en gouden rein
Spielt oer it weevjend triljend weage-gean,
Heech útstoart út in grot fen read korael,
Wiid útboud yn it silver fen de loft;
In wjuk fen skaed mei rânnen fen ljocht goud
Lûkt oer it wiet as driuwt in Cherub dêr,
En ’t is as driuwt, mids lôgen fen read fjûr,
Fier tsjin de kym oer ’t grienjen fen de sé
In skip fen silver oer it rimpljend wiet...
FRANS DUCO.
En wylst it ljocht yn gouden weving rint,
Giet hein en fier ien let en djip gerûs
De strânnen roun en sjongt de jountiids-bea,
En ’t dúngers niigt syn lange raeijen sêft;
Stil, mijen teiknet heech tsjin himel-blau
De wite moanne it sikkel-roun bigjin,
En bleke stjerren komme twiivlich út,
Fornoege as hja de minske mymrjen sjen;
En ’t folk yn ’t doarp, hwaens herte staed’ger slacht,
En om him hinne in ivich wêzen wit,
Sjongt yn de wijing fen ús ljeafde-joun,
As wisten hja ús nij-woun lok, in liet:
(_bûtendoar klinkt in sjongen, klear en myld; Frans Duco en Thora
harkje, foar it finster. Rixt fen Donia, Ds. Marléus, Jelmer en Welmoed
komme, yn dimmen stiltme, de keamer yn as it sjongen weistjert_):
FRANS DUCO.
Bring my myn mantel en myn frijhearsstêf.
Ik woe nou nei myn folk gean, mei myn breid.
Den, as hja witte, ik haw myn ropping woun
En ek myn hert mei machtich slaen fen lok,
Den gean wy nei it strân en sjugge it ljocht
Fen moanne en stjerren riljen oer it wiid,
Det dêr ús siel, dy’t mear as ierdskens socht
De wijing wint fen ’t ivich Noarderljocht.
RIXT.
Thora, haw seine—ik skriem en bin sa bliid...
WELMOED.
(_tsjin Jelmer_):
Nou komt ek ús for lok en ljeafde in tiid.
DS. MARLÉUS.
’t Is nuver frjemd. Der is hwet greats op ierd...
In wei fen ljocht... dy’t yn gjin tsjerkboek stiet...
Ein fen de foarste útkomste.