III. FRANS DUCO, WELMOED.

FRANS DUCO.

Plichten, op myn ûnsterke skouders lein!

Hja hawwe rjucht, God ferget rekkenskip,

Mar hwet kin ik? hwaens frjeonlikst wird fen treast

Yet wrang is fen myn egen wylde need,

Hwaens hân dy’t wize moat, sels húvrjend taest

Nei hâld, hwaens each dat sjen moat yn hwet komt

Nearne de stjerre dy’t ús stjûrt, noch foun?

Ik liede, hearskje, foargean? God, ik moat,

Mar fierder as myn krêft rikt, kin ik net,

En ’k joech sa jern hwet dat hjar streksum wier,

Hwet mylde blidens, glâns oer ’t moeisum wirk

Hwet sterke treast as hjar hwet ljeafs ûntstoar,

Hwet greate ljeafde as ’t iensum klage yn hjar,

Mar sels haw ik noch neat...

WELMOED.

Dochs hastû mear

As mannich dy’t syn deist’ge wegen giet

Hwaens krêft bistiet yn stille ûnwittendheit

Dat him it greatste, dat hwet bliuwt, ûntbrekt.

FRANS DUCO.

Mar hwa kin sterk wêze en himsels forstean?

Syn ûnkrêft witte en útjaen: ik bin sterk,

In ljeagen-skyn fen krêft oer twiivlichheit?

Is hy dy’t wit en syn ûnsterkens sjucht

En ûnder ’t steatlik klaed de kanker wit

Yn liif en mear yn geast, net earmer noch

As hwa’t nea seach yn ’t djipste fen syn siel?

WELMOED.

Dochs hastû mear. Ien sucht, ien fleach fen wyn

En al de skynkrêft dy’t de minske klaeit

Yn ’t wenstich bodzjen fen hjar drok bistean,

Forstjert yn ’t neat en lit gjin frucht mear nei.

Mar dyn hert hat hwet dûrjends yn: in langst

Nei ’t wûnder greate datstû nou net witst

Mar dat bistiet, de glâns fen ’t Noarderljocht,

De libbensdoar dy’t iepen stiet for elts.

FRANS DUCO.

Hwêr seachst it? wier it fier?

WELMOED.

Wol hiel ticht by.

Ik hie it nea net socht, it kaem fensels.

Witstû fen do’t wy, bern yet, jountiids faek

It bûnte ljocht, oranje en read en blau,

Great prealjen seagen as in fjûrge grot,

En wy den kleauwen op in heech sterk dún

Eft ien lyts blinkje fen it wûnderlân,

Dat fier dêr lizze moast yn poarpren kym,

Yet speeglje mocht yn ús great iepen each?

Dat ljocht, sa fier, sa ivich, sa folslein,

Dat ik for stjerliken net mûglik tocht,

Forriist sims ljocht en wijend út ússels,

Hwent dat fier lân, dat fierder leit as ’t West,

Is fen ús siele it iene, greate ljocht,

En wy, yn deist’ge soarch en eangst bitiisd

Det faek ús heech komôf ús sels ûntgiet,

Bin bern dêrfen en drage it yn ús hert.

FRANS DUCO.

Och Welmoed, ’t is sa earm, ús diel dêroan...

WELMOED.

En den ús hope, ús dreamen, ús forlangst?

Is ’t den sa leech yn ús? Tink om de tiid

Detstû hjir jouns for mem en my, as ’t wirk

Birêdden wier en alles sonk yn rêst,

En neat ús harkjen steurde en neat dyn sang,

Us songst by d’ âlde harpe, dystû founst,

Fen hwetstû seachst yn ’t glinzgjen fen de sé,

Dyn dreame-stins, ho’t hja forriisde yn ’t ljocht,

Yn mingling fen it kymblau en it wiid,

En ho’t der ien, ien greate troanje scoe

Dystû net neamste al tochst aloan om Hjar?

FRANS DUCO.

Mar ienlik bleau ik en de dreamstins sonk.

WELMOED.

For ’t each fordwoun, mar oerbleaun yn dyn hert.

Hwent hwet ús ienris wier ta skientme en nocht,

Dat stjert nea wei, dat rêst in pearel lyk

Djip op ’e boaijem fen ús siel, en ’t nimt

Yn myldens oan, fen dea noch neat oerwoun.

Skielk as in nij ljocht yn dyn siele falt,

Den strielt it hûndertfâlde flûnkring út,

En al hwet sonk nei twiljocht fen de groun

Untwraksel’t him de dize en riist en bloeit...

FRANS DUCO.

Mar den dat ljocht! As den myn langst, myn dream,

Myn rykdom, wille, skientme, álles bleau,

Hear, jaen my ljocht den, streamen ljocht, dat djip

Yn ’t hert dat libbensljocht de dea forslacht!

WELMOED.

Nou fielst it, wier? Dat is hwet dy ûntbriek.

Dat wier de djipste, moaiste langst dy’t spriek.

Noarderljocht · 第 5 / 15 题