II. FRANS DUCO, JELMER, WELMOED, RIXT FEN DONIA, DS. MARLÉUS.

RIXT.

Sa dreame hja de skoandre dei ta’n ein.

Earwearde, ’t is faek swier. Ik bin sa oars,

My stiet de holle nea nei wif gedream

En heech haw ik hwa’t docht.

FRANS DUCO.

Mem, Mem! My tocht,

Naem ien fen ús hwet fen jins wirk jo wei,

Hy krige kibjen mear as priis en tank!

RIXT.

Fensels, sa tinke jim. Sûnt heit forstoar

Fierde ik fâdije en laette ik ’t wirk mei nocht,

Mar noust’ mearjierrich bist, foroaret soks.

Wirk fergje ik net fen dy: dat hat gjin hast

Salang’t dyn sounens net sa is as ’t moat,

Mar ’t folk, Frâns, hat syn rjucht datst earje koest—

Gean mear mei hjar. Ik soargje wol for ’t wirk,

For ’t lieden fen it lytse steatsbidriuw,

Mar dû, wêz hjar hwet hiemer, hear èn frjeon:

Dû witst, hja hawwe ljeafde en tank for dy.

DS. MARLÉUS.

Sa is it, hear. Us oersten, seit de skrift,

Hat God ús steld, det wy hjar hearsum bin,

En ’t folk, from libjend, lyk myn sljuchtwei wird

Hjar eltse Snein yn ’t skadich tsjerkje leart,

Komt soks ek nei, en wijt jo ljeafde en trou

En d’ eale frouwe earbied’nis en ûntsach.

Nou wier myn boadskip dit: dêr’t joun it folk

Yn earsum nocht it rispingsfeest oertinkt,

En ’t gaedlik wier, det neat hjar nocht ûntbriek,

Woe ik jo freegje: doch in gong mank ’t folk,

En siz sa hjir en dêr in frjeonlik wird

Fen blidens oer de ljeave sier fen ’t doarp,

De kreammen, lytse flachjes, bûnt pompier,—

Sa’t wend is fen de frijhear by sa’n tiid,

Det men jo hildgje mei mei frjeonskips-blyk

En jins genede yn dit ûnskildichs dielt.

FRANS DUCO.

(nei Rixt):

Mem, ljeaver net. It is net goed for my,

Ik bin joun wirch en fiel myn tinzen mêd.

Diel hûndert kroanen út for hjar fortier,

En siz hjar mylde tynge en det ik skielk

Mei doomnij elts fen hjar wol oandwaen scil.

Hja bin my nei, mar yn hjar deistich dwaen

My hiemer as de jouns fen fleur en sang.

RIXT.

’t Is goed, Frâns, ik scil gean. Mar ’t moeit my slim

Detstû sa stadich betterst, ’t jowt my soarch:

Skielk bliest de winter oer it skymrich lân,

En yet bist like fier. Earwearde hear,

Ik woe, hy joech him fen ús sékant ôf

Nei ’t mylder Súd, en kaem net wer, oantdet

Fornijde krêft him sterke yn syn bistean.

JELMER.

Hy wit, ús hûs stiet for syn kommen ré

En jerne naem ik skielk syn selskip mei.

DS. MARLÉUS.

Bitink, hear, sounens is in jeft fen God

En wiis docht hwa’t dy kroane yn eare hâldt.

FRANS DUCO.

’t Is net de loft, de wyn net dy’t hjir waeit

Noch det it ljocht safolle yn wolkens giet,

Mar mear, djip yn myn hert in einleas langst

Nei hwet ik siikje moat en nea net fyn—

’t Is út mysels, djip, det myn wirgens riist,

En sims, yn fieming fen it strieljend ljocht.

Ef gear mei jimme yn stil en bliid petear,

Is ’t as forsinkt yn dizich skier de gloed

En wird iksels yn lege djipten wei,

Bang siikjend nei in hâld en ’k fyn se net....

Hwet fiers, hwet eangstichs weacht as lead op my,

Sims lûkt it as in wirlwyn om my ta,

Unsjenber sûgend nei d’ ûneinichheit,

En triljend fiel ik my de dea deunby....

RIXT.

God, bern, is ’t sa? De eangst slacht yn my del!

FRANS DUCO.

Jim moatte it witte en help my yn dy striid.

Ik hâldde it for mysels en ’t wier net goed,

Hwent my miskearret krêft for ienlikheit

En ’t libben ebbet stadich fen my wei

Ho sterk ik focht... Hwent libje, libje wol ’k

Net út ienkennich stjerrens-eangst ef driuw

Ta selsbihâld, mar om’t ik wit, fêst wit,

Dêr libbet eat op ierde dat ik mis,

Dat krêft jaen koe ta striid en great djip lok

En sterker my oan ’t ierdsk bistean forboun,

Ef my in ljocht bleau yn de lêste reis...

DS. MARLÉUS.

Hy dy’t it Heil is, is de wei for elts

Yn ’t libjen en yn ’t stjerren, d’ iene doar

Dy’t ynlaet ta it ryk fen ljeafde en ljocht,

En neat as Hy jowt treast en sterkte yn ’t leed.

FRANS DUCO.

Ik ken him sûnt myn jonkheit, ’k hie him ljeaf—

Mar dit, dit bleau, ho faek ik stried en bea;

En lies ik fen syn leed en groulik ein,

Den tocht my sims sa’n ein yet licht, om’t Hy

Sels God, in godlik doel bistribje mocht,

En troch it swirk in greate stjer him blonk.

Mar myn stjer blonk yet nea, al stoarre en socht

Ik jounen lang yn ’t twiivljen fen myn siel,

En dy, dat doel, dy ropping, dat bistean

Dat scoe my krêft jaen, sterkje ... dat, dat holp

As alles sonk en ik mysels forlear...

RIXT.

Dû hast in ropping, bern: oertink hwet bart

Mei dit lyts lân, bilong’re fen in frjemd,

En mei ús folk astû dyn sit forlietst

En my ek naem de dea de diekrêft wei;

Sjuch Ballum yn syn nocht, ef fen it dún

Hiel ’t Aemlân iepen twisken sé en sé

En tink det God dy dit ta’n ropping joech...

DS. MARLÉUS.

De lânshear, fen Godsels oer minsken steld,

Hat dûble plichten: tsjin it foltsen d’ ien,

Det hy hjar laet yn Gods-frucht, as in heit,

En d’ oar tsjin God, dy’t him ta lieding bea.

In skeper oer de skiep dy’t weidzjend gean

Dêr’t sims it wyld yet gûlt: mar hy hat noed

En keart syn fé de grime driging ôf,

Sa sjucht er ta det neat hjar wei misfalt,

Krêft winnend út hjar woltier, en it hert

Him fol fen sterke trou oan minske èn God.

FRANS DUCO.

Jim hawwe rjucht, sa is ’t. Jim fytrjend wird

Scil foar my stean as ik wer wirgens fiel.

Hwet my myn krêft gint om to dwaen, dat scil ’k.

Nou wier ik jerne allinne. Mem, hâld moed:

Ik bin sims hwet swiersettich: ’t is my rom

Det ik myn hert útstoarte mocht tsjin jo—

Ik tink wol det wy ’t rêdde. Haw gjin noed,

Wy scille ús bêst dwaen yn bitrou op God.

RIXT.

Hy mei ús nei wêze yn ús soarch en dwaen,

’t Is goed detst my dit seist. Myn soargjen scil

To greater wêze nou’t ik dit forstie.

Joun, nei it feest, bring ik dy tynge en groet.

FRANS DUCO.

Jow hwet ik neamde en doch myn bêste winsk.

Earwearde, oant sjens,—jins plichtwird bliuwt my by.

Dû bliuwst yet, Welmoed?

WELMOED.

As ’t dy goed is, jern.

FRANS DUCO.

Lit my de joun mei dyn kleare eagen sjen.

Noarderljocht · 第 4 / 15 题