Seal yn de Ballumer stins, mânsk en foars; stil twivelich ljocht.
Rjuchts efter in doar nei de hal; yn it lewant lofts in finster. Op ’e
eftergroun Frâns Duco, yn tinzen; Jelmer Walta yn stúdzje oer in
foliant, lofts fen him; rjuchts Welmoed, mei borduerwirk.
FRANS DUCO.
Hwet is it stil ... sa stil hearde ik it nea...
De wyn dy’t swijt, de dei dy’t skymrich driuwt,
Hiel fier de sé dy’t yn de iivgens flijt,
En stil, ien swijsum gean, de grize loft—
’t Is as torint, bifrijd fen egen grins,
Elts libjend ding yn einleasheit fen ’t neat,
En frjemd slacht yn ús hert de bloedklop troch,
It iene libb’ne dat ús hjoed yet bleau,
Sa hoar, sa sterk, en skielk dochs ek forstoarn...
JELMER.
It docht dy goed, sa’n rêst, as liif en geast
Krêft garje for de tiid fen stoarm dy’t komt.
FRANS DUCO.
’t Is net de stoarm dêr’t ik myn krêft for ris,
Myn greate maet mei skom en brûs-gestou
En fûgels gûlend yn de jacht’ge loft,
Fynt yn de hjerst myn hege dúnsit leech...
Né, sprek net tsjin... Net det ik mindrje yn krêft,
(Alteast, ik fiel it net), mar det myn siel
It heimnis fen de stiltme sa forstiet,
Sa ien wirdt mei de grizens fen de dei
Eft ik yn ien great ryk fen leed forsink,
Dat, tinkt my, wytget my, myn tiid hat west...
WELMOED.
(nei him ta):
To, praet sa net, dû dochst ús sear mei soks,
Scoest ús forlitte, ús ljeafste hope stoar,
En ’t scil sa bliid wêze, astû better bist
En neat ús nocht mear pynget mei syn soarch...
FRANS DUCO.
Bliid... haw ik ea bliid west, al wier ik soun?
Sûnt heit forstoar boun my it âld ûnthjit
To wenjen mank ús stille sé-lânsdou,
Jier efter jier by ’t rûzjen fen it wiid,
In finzne heal, al wier myn finznis ljocht
En kein en myld, fol sinne-laits en wyn,
Al hie ’k myn lok yn ’t heimnis dat aloan
Hjir roungiet oer ús loft en elts bitsjoent.
Mar hwa’t de sé great ljeafhat yn syn hert,
Dy hâldt hja fêst mei ’t noegjen yn hjar sang,
Det eltse minskne-tins syn langst ûntdriuwt,
En neat bliuwt as hjar gean, hjar great gerûs
En hy, hjar brêgeman, syn sels ûntstjert,
Ien wirdend mei hjar siele, oandet it liif
Him fen it lûken nei hjar langst bijowt...
JELMER.
Dochs haw ik heard fen oaren, steech en wyld,
Sims jierren oan de sé om lean forboun,
Dy’t strûsden troch de stoarmen, fjûr yn ’t bloed,
’t Boarst iepen nei de wyn, it antlit rou,
Ef widzjend oer it tillend rimpljend wiet;
Hjar libbe ljeafde yn ’t hert for stoarm en wyn,
For drift’ge wolkens en de macht’ge sé,
Mar ljeavjend wisten hja hjar masters ek,
Sé-kenings, stoarms oerweldgjend mei hjar wil,
En, sonken hja, yet jubel yn hjar hert.
FRANS DUCO.
Hja hiene d’ ierde yn ’t hert. Sa’t sé en lân
Mankoar omstreakje yn ivich ljeafde-nocht,
Lânsdouwen bernjend yn hjar hijliks-bêd,
Sa hat ek ’t ierde-bern syn sé-mem ljeaf,
En slacht him ’t nocht djip yn syn stridend hert
As hy him jowt yn ’t tsjinjen fen hjar macht.
Mar ik, bern fen de sé....
WELMOED.
Stil, neam dat net,
Rop ’t spoek net op dat ús sa faek omstrúnt....
FRANS DUCO.
In spoek? mar ’t is sa djip, sa skriklik wier—
Elts wit det Mem, koart nei hjar hijliks-dei
Do’t hja in hjerstjoun, iensum roun oer ’t strân,
Seach ho’t de weagen, reauntsjend yn hjar leed,
In sémans-lyk sêft tilden nei de ich,
En—det hjar bern dy man syn eagen hie...
JELMER.
Detstû oer sok ding net it swijen dochst!
FRANS DUCO.
Hwerta? as it sa is? as eltse dei
My djipper twingt to libjen sa’t ik bin?
Bern fen de sé, ’t hat my in feest wol west
Det ik mei hjar great gean ek riisde en sonk,
Hjar amme troch my loek en koelens brocht
Dêr’t oaren wrakslen mei hjar jonkheits-brân,
En noch, noch is ’t my hearlikheit en pracht...
Fier rûzet hja, ienselvich, jimmeroan,
Gelikens nea en dochs for ivich ien,
En weagen riigje oant yn ûneinichheit,
Sims goud-oerwyndre ef moanne-silvrich ljocht,
Sims stoer, koart slaend, sims stiigjend oant it swirk,
’t Sân stout, de kobben krite, it dún stiet keal...
Mar hjir is ’t griis, sa dimmen en sa stil
As nou dizz’ dei mêd nei de jountiid lûkt,
Nea leed en nea djip nocht, nea rou noch sang,
Mar ûren, skier-igael as jins’ne loft
Dy’t giet en einleas giet, oant det de siel
Meidriuwend oer hjar wei, en sûnder treast
Yn ’t loftrom weiwirdt as in frjemde sucht...
WELMOED.
Bist waersiik, Frâns! Ha wy ús hichten net
Fol moai wyt blomte en blide wiksel-skyn,
Us doarpen, smûk yn ’t grien fen leane en haech,
Us jongfolk mei syn boartlikheit en nocht?
Seachst Ballum niis? It doarp is fol fen fleur,
De minsken laitsje en langje nei de joun
As ’t merke-setsje fierd wirdt, bliid en frij,
En elts him gol fornoeget, elts fiert feest!
FRANS DUCO.
Ik sjuch de grize loft oer alles út,
De hjerst dy’t komt en blomte nimt en fleur
En ’t hôf wer keal skoert for de wintertiid,
De tiid dy’t neat yn ’t wêzen lit, en giet...
WELMOED.
Sims, Frâns, is ek dy loft fol gouden ljocht,
Sels nachts, hiel inkeld ris... Den brekt it los
Ien mingljen fen giel ljocht en silvren snie,
Mei gouden bôgen bûgend nei it Noard,
En pylken glânzgjend troch it tsjuster rom,
Det hwa’t it seach, sels súvre wirdt en ljocht,
En werkomd yn de minsk’ne wrâld, syn dei
Fol sêfte skyn en blide skientme hâldt...
FRANS DUCO.
It Noarderljocht? Dyn mearke, ’t is sa moai—
Dat ienris sjen, en den in nij bistean
Dêr’t al hwet heal is stjert en eltse stoun
Yet ljocht is fen de glâns dy’t ivich bliuwt...
Mar wist wol, Welmoed, hwet dat mearke mient,
Hwet doomnij sei dost’ fregest, ef hwet Mem
Us sein hie fen dat ljocht, ek wierheit wier?
’t Wier d’ ierde frjemd, ’t wier fier yn ’t himelryk,
Hjir seagen wy it nea...
WELMOED.
Dat wier net wier.
Ik wit it nou, ’t bistiet yn ’t libben ek,
En eltsenien oerskynt it ienris grif.
FRANS DUCO.
Mar libb’nen net!
WELMOED.
Mar libb’nen ek, sa great
Det, hwa’t it sjoen hat, nea wer oars bigeart.
FRANS DUCO.
Ho wistû dat?
WELMOED.
Ik haw it foun, iksels.
FRANS DUCO.
Bistiet it ek for my?
WELMOED.
My tinkt, for elts.