Troch ’t kanten weefsel,
Dat de nacht,
Oer d’ ierde lei heth,
Brekt mei kracht,
Ien sé fen strielen;
Rollet op,
De nachtgordynen,
Ta ien trop
Fen wolkenberchen;
Franje ind flok,
Dy seamje ’t buwtenst;
Ieder brok,
Det fen it gaesich,
Nachtkleed scuort,
Tsjocht mei de daeche,
Foart ind foart.—
Op de uetraffele
Wolkenkop,
Leit nou de sinne,
Rozen op:
De dei is berne!
Daer omheech;
Mar fier nei ondren,
Djip omleech,
Leit ynne weefsels,
Fenne nacht,
Noch stil de ierde;
Tige sacht,
Spraedt hja hjar wjokken,
Boppe, nei
De ljachte himel:
Ind ’t is dei!
Ien kreet fen jubel,
Groet it al:
Minsc ind dieren,
’t Fuwcheltol,
’t Luwdst’ ind innichts hast,
Nou de moarn;
De dei fen juster,
Is oafstoarn;
De soarch ind kommer,
Fen de dei,
Dy foarbygong is,
Mei him wei.
Moed ind fortrouwen,
Yn ’t forsciit!
Dy yn de droom jin,
’t Al onthiit.