FEBERWAERISWAER

De mistdrip hinchet oenne bjemmen;

’t Is lyts ind nau om jin yn ’t roun;

Ien wiit ind fochtich suedewyntje,

Gjit flaau oer beam, ind fjild, ind groun.

De sinne blieuwt mar alle dagen,

Oan ’t donkre neewlich loftrom wei,

Ind moarns wirdt it foar niughen uwre,

Folstrekt gjin suewer, helder dei.

’t Is wyld ind woest yn fjild ind lânnen,

Whear op gjin blomke groeit as kjit,

Mar whear fortuorre ind forwile,

It wyntje oer deade ruwchte gjit.

My is dear alle wille oafstoarn;

De fleurichens fen maitiidsnocht;

Fen ljurkjes, ljippen, fenne blommen

Dy min oer miede ind finnen sjocht,

Fen ’t soeijend reit om djippe gotten,

Whear troch it mylde sueden djoeit,

Whear yn ’t wiidgat, troch blaue baeren

De swarte markol, scomljend soeit,

Fen d’ eksters dy daer yn struwellen,

Fen ’t leeche hachebosc, har neast,

Op ’n heeche feaste poalle makken;

Ind nestelen daer, sonder reast.

Daer seach ik alles: ’t libjen, wirkjen.

Natuer yn folle libbenskracht,

Besyld troch ’n soele maitiidsasem,

Uet ’t sinnich sueden, tear ind saeft.

Ind boppe oer de blommiche ierde,

Drieuwt saeft ien gouden wolkenpracht;

As woe dy nou eak feest mei fierde,

Ta ruil foar snie ind hacheljacht.

Ind what is fen dat alles blieuwn nou?

Ien kjelderiche mistdamp leit,

Him swier op loft, op beam, ind huezen,

Oer ’t deadsce fjild, fol ienlykheit.

It wirdt ek tsjuster yn jins binnenst;

It wirdt sa kâld yn hert ind iir:

De deadskens fen natuwr dielt oan jin,

Him mei, droefgeestich, mâl ind swier.

Ik kin it daer net mear uethâlde;

Neerslaechtich wirket ’t op ’t gemoed,

Ind luwkt mei huewerjende lea jin,

Whear nei de waerme kagchelgloed.

Frysce wâldblomkes · 第 56 / 58 题