Dat binne klachten, al de dei,
Mar altiid oan, mar altiid wei,
Oer ynkomst ind gemaeken;
Daer heart min fen, der heart min oer,
’t Is ’t earste ind leaste fenne boer,
Ind ’t luwdst fen wyze snaken.
Dy roppe ’t uet, troch hiel it lân;
Dy lju kin prate, ha forstân;
Ja bin daer fen trochdrongen;
Ja wyte alles soks precys,
Omdat se heecher onderwys,
Op ’n heeche scuolle ontfongen.
„Gjin buwter hast fen de earste keur?
Dat komt dat jimme de âlde sleur,
Mar net forlitte wolle;
Jimm’ wirkje noch sa as alear,
Nei d’ alde wiize ind minear—
Mar net mei kunst ind holle.
As dien’ sa mem ind beppe eak
Dat hâldt yn disse tiid gjin stek,
De wrâld is sont foroare.
Do gong ’t sa stil, sa flau, sa loom;
Mechanica, chemie ind stoom,
Binn ’t dy nou sprekke doare.
Ja, tsjernje nou mei snie ind iis,
Troch stoomkracht drieuwn, ind dat is wiis,
Al hiel nei Deensc’ methode;
De nije molke farsc ind fris,
Sa as se fenne kou komd is,
Dat is de nije mode.
Dat jouwt ien wonder resultaat;
Dat jouwt jin foordiel, jouwt jin baet;
Break dus mei jimme mieninch;
Ien kelderke mei iis ind snie,
Wearby ’n machientsje nedich wier,
Derta hoecht dochs gjin lieninch!”
De oeren scjin, de hannen scjin;
De amers scrobje, net to min,
De tynen gljeun fen scjinnens;
Bjin wei de fisk- ind spekkichheit,
Fordelchje it troch sindlykheit:
Wei is den buwterminnens!
Daer sit de greate buwterknoop:
O scrip mar ta, forliis gjin hoop;
Hâld mar dy Deensce kosten;
Ind lit de njugchentjende eeuw,
Links lisze, mei syn luwd geschreeuw,
Fen gekke ljue ind kwosten.