KRYSTIID

Bisnijde fjilden, frachten snie,

Op huwsen ind op lannen,

Whearoer de oastersniestoarm gie,

Dy ’t alles ynne bânnen,

Fen ’n tiche stranche winterdei,

Fol fuwle froast ind sniejacht lei;

Dat sount ien wyke al bigoun—

Ind sa is ’t Krystiid woarn.

’t Is as Natuer eak feest mei fiert:

Hast fen de iere daeche,—

Hark ho ’t fen alle kanten liidt,

Wylst koeltsjes fier it draege!

De loft sa klear, sa djip, sa ljacht—

Nou nei de leaste unwaers nacht—

Dy foar de klok syn toalwe sloech,

Har stil to reasten joech.

O greate dei! o greate moarn!

Ien nije wrâld is berne:

Troch de geboarte fen Gods Soan!

Wha it hielal scil kenne!

What is, as komt yn letter tiid—

Mar iens wier it dat Inglenliit—

Do himelljacht fen ’t loftrom, blonk,

It frede op ierde klonk!

Whear disze nacht song ’t bijefolk,

Fen de Forlosser ’t kommen;

Nou noch de minscen ta ien tolk,

Sont ’t Ingelenforstommen.

Ja hillich is noch stees die nacht,

Hjir eak bij noardsce stjerrenpracht,

Dy oer de frediche ierde blinkt;

Dy Christus komst herthinkt.

Frysce wâldblomkes · 第 55 / 58 题