SIMMERJOUN

Leauwe, saefte simmerjoun!

Alles frede, alles wille,

Alles stille reast yn ’t roun,

’t Bleadsje dat nys noch what trille,

Ynne wyn,

Bynt eak niunkenlytsen yn!

Myld ind warem scynt it ljacht,

Uet it weasten fen ’e sinne,

Scynt mei glâns, sa tear sa saeft,

Oer ’e griene greiden hinne,

Ind wearkaetst,

’t Uwlboerdfeanster fenne plaets.

Fredich, reastich yn ien trop,

Sitte yn heeche populieren,

Ynne tokken, ynne kop,

Protters luwd to tierelieren:

Frolyk bliid,

Klinkt it kweeljend, wiid ind siid.

O ’t is feest yn hiel ’t ronom!

Ynne loft ind oppe ierde.

Hiel de wrâld, dy is sa rom;

Oer it boscje, oer ’e miede,

Whearoer, ’t ljacht,

Leit mei gouden sinnepracht.

Om jin yn it heele hear,

Fen de tichte naecheltoeken,

Ind de heeche foarsce fleer,

Komt ien lekk’re wierook roeken:

Krekt as wier ’t,

Dat Natuer ien dankfeest fiert.

Frysce wâldblomkes · 第 54 / 58 题