GOD IND DE NATUER

O hearlyk wirk fen d’ Almacht:

Natuer! it al ien wonder:

It loftrom ind it ierdryk

’t Geberchte ind de sé!

Yn it greate,

Fen ’t besteande,

Yn ’t onmjitbre,

Onbefet’lyk—

Mei gjin maetstaf,—

Troch it stofje,

Dat min minscen

Neamt, to mjitten—

Grypt dat heech’re,

Ontrochgroundlyk—

Yn de siel djip;

Docht him fielen,

Syn waerdije,

Syn forwandscip,

Mei de himel,

Daer hy fen stamt;

Ind hy fielt den,

Fen forlanchst ien

Stille trek,

Nei it greate

Heitehuws.

Alles wonder!

Och koartsichtich

Minscestofje,

Dat foar ’t greatste,

It forhewenst,

Heth gjin eagen,

Fen bewondrinch,

Ind to priisjen,

Ind to achtsjen.

Och beklei dy,—

Dy foar ’t wrâldsce,

Foar de goden,

Dyst’ dy selwer,

Hast oprjuechte,

Bidst ind knielste;

Ind foar ’t iiw’che,

Rijne ind wiere,

Dat fen God is,

Net ien blik—

Mar foar ’t ierdsce,

Alles hesth.

Iepen d’ eagen,

Wrâldsce minsce,

Foar it Godlyk

Wonder, dat de

Dei, uet nachtlyk

Swart ind tsjuster,

Tooit mei luester,

Ienich hearlyk—

As it alles,

Whear geboren,

Wirdt to libjen.

Ind de ierde,

Stjit oanbiddend,

Mei ontroerinch,

To foarwachtsjen,

Wylst de dage,

Oer ’e loft fliocht,

Ind de pracht

Oer ’e wolken,

Hearlyk struit.

Slaech de blikken,

Jouns nei ’t westen,

As it jounread,

Leit to blinken,

Oer it loftrom,

Whear uet djippe,

Fjirten stjearren,

Werelden ind

Sinnen koarnen,

Ind de melkwei’s

Sé fen straelen,

’n Koarren kruesje!

Whear ien stutsteer,

Mei har waeijer,

Heechst bifallich,

Troch de romten,

Fen de Iiw’che,

Reastleas kuijert,

Ieuw op ieuw

Wylst geslachten,

Berne binn’,

Hawwe libbe,

Binn’ to niit gong,

Sont hja weast is,

Ind de neisaet,

Troch oerleew’rinch,

Uet it tsjuster,

Fen ’e foartiid,

Fen har heart heth,

Dy yn ienen,

Whear to foarscyn,

Kom oan ’t loftrom,

Dy foarbaesinch,

Dy bewondrinch,

Wekte yn ’t minscdom

Dy har baenen,

Troch de Almacht,

Har oanwiisd, mar

Gong ind folge,

Altiid whear oan,

Stil ind great.

Sjoch yn alles,

God de Greatste,

Niitich scepsel!

Fier, onijndich,

Boppe alles

Fiel, as ’t boppe,

Yn wolkenbergen,

Rolt en knettert,

Boppe d’ ierde,

Troch de Almacht,

As de waereld,

Dreunt ind scoddet,

Op syn grounslaech;

Sjoch yn ’t plantsje,

Dat de greide,

Siert mei blomkes,—

Hark yn ’t fuwchel-

Liit by maitiid,

God de Hear!

God de Scepper!

Fen ’t hielal.

Hear it ruwsjen,

Dat troch ’t beamlof,

Leaflyk suwset,

Oer ’e blommen,

Fen syrinchen,

Strykt ind boartet;

Sjoch ien wereld,

Oan dyn fuotten,

Whear it lytste

Nietichst scepsel,

Eak syn plak heth,

Yn de greate

Weareldoarder,

Ewen goed eak,

As de arend,

Dy as keuning,

Oer ’e bergen,

Wiid syn wjokken,

Uetspraet heth,

Boppe wolken,

As ien stip.

Fiel dij neijer,

Oan de Oarsprong,

Fen ’t geschaepne,

Dast’ by iedre

Foatstap sjochste,

Dat jin preket,

Fen de Scepper,

De Almacht’ge;

Yn syn wirken,

Onneifolchber,

Whearuet alles,

What hjir asemt,

Heth syn oarsprong,

Whear ta alles,

Iendris wherkeart,

As de eagen,

Iendris brekke,

Ta de greate,

Leaste sliep,

Dy de minsce,

Ynlinchs slept.

Frysce wâldblomkes · 第 53 / 58 题