Nou kin min den it boerkjen leare;
Yn ’n bytsje tiid, sittende wei,
Yn ’n lekk’re waerme kagchelkeamer,
As ’t buwten snijt, bij winterdei;
Ind den leart min ’t noch folle better,
As it ta disze tiid leart is.
Ho ’t d’ âlden eak scodholje meije,
Dy goede ljieuwe wiernen mis.
Foar ues forbaesde blikken rijst nou,
De landbou ta de heechste trap;
Yn ienen waerd de landboukennis,
Ien nije greate wytenscap.
Dat gjit mei saunmylsstappen foarwaerts;
Fen noat ind fruchten, baerch ind kou;
Wirdt yn de nijerwetsce landbou,
Hast net meer praet, mar min praet nou,
Mei oare wirden ind benaeminchs,
Daerta fen disse ind giene liend;
Min seit fen Flora ind fen Fauna,
Wannear min noat ind bisten mient.
Min praet fen swefelsuwr ind kali,
Fen alderhande suwr ind kalk:
Ien hiele lading nuew’re wirden,
Te oafladen licht daermei ien tsjalk.
”Hie min daerfoar mar beaste koedong”,
Seit licht ien alderwetsce boer,
Uet Toppenhuezen as de Hommerts,
Ind den mar dik genoach daer oer.
„Né alde hear, hiel oare saeken,
Forfangt de donch fen sciep ind kou,
Min leart de lannen mar draneerjen,
Ind ’t jouwt de beaste fruchten nou.
Sa kryt min nou de donch fen ond’ren,
Leit pypkes djip yn d’ ondergroun:
Dat jouwt den wondre resultaten,
Nei dat min nou den heth bifoun.”
Dat is sa ’t algemiene siszen:
De wetterstand hiel leech; ’t lân droech,
Gjin braekjen hoecht nou meer it boulân,
Ind ploei mar mei de twastutsploech.
O beaste frucht fen lânbouscuollen:
Oars fiouwer hynders, nou mar twa,
Ha ’t nou yn ’t swiere ploeijen maklyk:
Foaruetgong is dat ek, o ja!
Ind nou leart min de hiele ontwikling,
Fen earste kiem, ta folle frucht;
Hja binn’ daer oer, dat nou Natuer net,
Har wirk dwaen scil, misscien beducht.
It bin gjin boeren mear, dy boerkje;
De kennis is sa algemien,
Dat preekers, masters, advokaten,
Oan lânbou allegear ha dien.
Dy wiete ’t better as de boeren,
Dy sette, ’k hearde dat sa faek,
Mei wyze wirden ind betoochen,
De âlde echte boer, oerstaek.
Dy gjit oerbluft wer nei syn buwthues;
Fen ’t rundveestamboek wit hy net,
Mar op ien prikje what sa’n koubeest,
Oan waerde ind gemaeken heth.
Hy kin ien bolle ind ien okse,
(Kin domenijs ind masters ’t eak?)
Wol uet ienkoar, dat sisz ik jimme,
Ind what hy seit dat hâldt goed stek.
Hy heth forstân, ’t lân to bireaden,
Hy gjit mar stil syn alde gong,
Ta spyt fen zaai- ind maaimachines,
Ind kryt ryksdaelders ynne pong.—
’t Is mei gjin praeten goed to meitsjen.
Lit elke landboukandidaat,
Nei lestiid, yn it dongstee scrippe,
Dat hy ien twintich voeren laedt.
Is ’t rijnich, den de baerchehokken;
Uetsmjoksje, mei de kromme reeach,
Sa as min dat by rijn ind ontiid,
Fen de earme boerearbeiders seach.
Den scil sy fiele dat ’t fen sels net,
Mar komt; gjin praeten is, mar dwaen.
Ind tink er om dat holle fetten,
It measte alarm ind libben jaen.