De leaste daelje bloeit yn ’t blomtuen;
Ien lette hynsteblom yn ’t hoaf:
(Fordwaelde fen ’e iere maitiid.)
Fen bjirk ind esk is ’t bledguod oaf;
Hja boartsje ien wylde krijerije,
As dounsje ien fuwle scotsetrije:
Hjar eigen eigen deadedâns;
As flechtsje hjar ta’n lykenkrâns,
Forieniche yn lytse troppen,
Op ’t graef fen gears, ind blom ind knoppen.
Ind alles stjeart sa niunkenlytsen;
Natuer bringt elke dei ien diel,
Fen hjar bekoarlykheit ta offer;
Ind hjar op ’t alderleast al hiel.
Ien inkle dei scynt ’t sintsje lekker,
Ind ropt ien swiete erin’rinch wekker,
Oan maitiids-myldens; swiet ind saeft
O maitiidshearst, fol fremde pracht,
Natuer sa as dou stjits op ’t heden,
For ’t least yn dyn bekoarlykheden!
My grypt op iens ien fremde ontroering,
’k Blieuw sels my hast gjin master mear,
Ik wyt de tiid fen scieden is daer,
Ind daerom wirdt my ’t hart sa tear.
’t Wirdt my sa swier yn hart ind holle,
’k Scoe mei de fuwchels weitsjean wolle,
Forlitte huws ind hoaf ind lân,
It is as scoart op iens de bân,
Dy my oan al it moaije boun hie,
What ik sa moai ind beast hjir foun hie!
Weamoedich sjoch ’k de scerpe kleuren,
Fen ’t giele ind bruene bosclof oan,
Ien flikkering fen ’t sciedend libjen,
Al yn it hert ind ieren stoarn.
Ind iensom sjongt ien lette sjonger,
Mar oan ’e kimen tynt de tonger,
Ind scout mei gleaune wolkenkop,
Luwd dreunend oan it loftrom op:
It wier de leaste dei foar jimmer,
De leaste neiblink fen ’e simmer.