WINTERDEI

It waer is tige wintrich,

Mei fuwle wyn uet ’t oast;

Ind altyd mar wei waeije,

Mei strange, strange froast.

Gjin wolkje oan hiel it loftrom;

De hiele kym yn ’t roun;

Whear jouns de sinne delgjit,

Gjin streekje oan ’e groun.

Ind ynne smoute keamer,

Dy nei it westen sjocht,

Wirdt by ’t gesellich fiurke,

De stille dei trochbrocht.

Dan sjocht min troch de rueten,

De heale oasterstoarm

Hueshalde, yn de elzebeammen

Mei onformoeid alarm.

Dan smit min noch ien talhout,

Op ’t al heech baernend fjuwr:

De griize gjit de grouwe,

De hiele lea jin oer.

Ind gleasich scynt de sinne,

Op ’t bedscet, read as fjuwr,

Ind sjocht mei fuwle kjealdens,

It romme buwtlân oer.

De wettermounen steane,

Mei leeche hekken krues,

Elk mei de kop yn ’t oasten:

De wyn wier daer lang thues;

Hja ha al wyken stilstien;

De kryten binne djip,

Ind stil de wyde brekken;

Oaftak’le ieder scip.

De hiele romte ien iisbaen!

Whear ’t sciedend sinneljocht,

As speeg’lend fjuwr de wiidte,

Mei kâlde blik oersjocht.

Ien man ind fromminsc ryde,

De romme iisbaen oer,

Wylst neat hjar ynne wei stjit,

Rjucht uet, fen tuwr ta tuwr.

My lokket d’ iisbaen buwten,

As ik dat al oanscou:

’t Is tuscen fjouwer muorren,

Yn ienen my ta nou.

Ind buwten nei de marren,

Flean ik de fjilden yn,

Ind jei oer poel ind petten,

Dan tsjin, dan foar de wyn.

Ind kom op plak ind oarde,

Yn fiere fremde romt’,

Whear yn gewone tyden,

Min nearchens oars net komt.

Dan yn forlerne fjirte,

Yn ’t ijndleas fjild forlearn,

Whear min nei alle kanten,

Gjin huws noch lân kin sjean,

Ta loane komme ijnlinchs,

As leech de sinne luwkt,

By ’t boerespultsje, dat dear,

Djip oan ’e kym opduwkt.

Daer wirdt jin ’t paed oanwyzen;

Ind dan whear op ’e gleed,

Wher thues om seis of saunen,

Nei ’n tige swiere reed.

Frysce wâldblomkes · 第 50 / 58 题