Ik ha dy leaf myn Fryslân,
Mei dyn poelen, mei dyn boscen,
Mei dyn ticht biwoeksen dyken,
Mei dyn wâlden, smout ind scaedich!
’k Ha dy leaf mei brimmereide,
Grien fen tokjes, giel fen blom,
Ind dyn susterke, de heide,
Bijelkoar yn it ronom.
Ind dy lytse, heidrabyntsje;
Sjongerke foar hutte ind kluws,
Dy mei ’t mylde foarjierswyntsje,
Ropt de berntsjes uet de huws.
Wenje fredich, wenje aerdich,
Yn dyn heideboscjes, griin,
Bruen, ind hunnichswiet, ind scaedich,
Mei dyn lytse, ien oarenien!
’k Ha dy leaf, mei bloue poelen,
Whear de swaerte markol sylt,
’k Hear dear flugche stinsen goelen,
Mei it oare fuwchelwyld,
Whear de kamperfoolje-blommen,
Wierook sjidsje yn it roun;
Hear ’k de nyvre bijkes brommen,
Ynne loft, ind oppe groun,
Whear yn ticht biwoeksen wâllen,
Eak de wyte haeche bloeit,
Ind yn leeche wiete dâllen,
Koets op wylchenmoesen groeit,
Whear fen d’ âlde iekestobbe—
’t Bledderich uetscetten hout,
Omme djippe drinkersdoppe,
Tsjin de âlde dyk oanbout,
Mei de jonge fleareloaten,
Hjir ind daer ien jonge tiin,
Ind de koets mei foarse scoaten,
Hjir ien tropke, daer whear ien;
’t Al mei wynsels as omstring’le;
Ind mei toarnegriin trochkruwpt;
’t Blossemwyt, mei griin trochming’le,
Dat uet kriik ind kantsje gluwpt;—
Yn dat lytse paradyske,—
’t Moaiste plakje yn ’t hiel ronom,
Whear de maityd ieder ryske,
’t Kleed oanteach fen bled ind blom,
Dear, dear komt ien sang fol wille,
Mei ien molaccoord fol leed,
Whearfen ’t wylde roaske trille—
’t Klinkt sa steatich, fol ind breed.
Ind it gjit troch ier ind synen;
Gjit troch ’e omtrek, wiid ind siid;
’t Scynt omheechens op to tynen,
’t Ienich nachtegalenliit.
’t Is as lit it wyntsje ’t waeijen,
Om dat hearlyk sjongen nei,
Joech fen ’t saefte blossemaijen,
Him mei de earste accoarden wei.