Nou is de saek ynoarder mannen!
De greate saek fen ’t onderwys!
Nou matt’ jimm’ swije, roppers, raesers,
Ind byn’ de tonge, gek, ind bys;
Bouw scoallen op nou, as paleizen;
Dat heart sa by dy greate saek;
De geest dy wol fatsoenlyk wenje;
It onderwys waez’ libbenstaek.
’t Is foar jins jild ind foar jins moeite;
Folstrekt to djoer net, minscen kocht;
Nou ha ’t myn foun, whear ’t hinne moeste,
Whear min sa lang, sa lang nei socht.
Scoe daer noch immen komme kinne,
Dy twyfeljend oan ’t scouder luwkt,
Dat ta de beaste aller saeken,
Ind jild ind moeite wirdt misbruwkt?
Jouw oan ’e masters trakteminten,
Mear yn oerienstimming mei ’t ambt,
Whear mennich mei saun honderd goune,
Yn lijen ind om breasoarch kampt.
Jouw hjar op ’t minst twa, trije tuwsen,
Dy minscen ha sa’n swiere taek;
Whant tink er oan, dat binn’ herfoarmers,
Ha waerelds omkear ynne maek.
Dy ha de takomst fen it mincsdom,
Fen wysheit swanger, ynne hân;
Ja yn dy mannich uetfoarkoarnen,
Daer setelt kinnis ind forstân.
Whear d’ âlde Grieken ind Romeinen,
De wyse holle om brutsen ha,
De kinnis fen dy djippe thinkers,
Scrieuwt min oan elke master ta.
Sa fier is nou de tiid foaruetgong!
What noch de takomst ues jaen scil!
To learen yn dy ”schoolpaleizen”
De wysheid, ik stean er by stil.
Mar dit doar ik wol foaruet sisze,
’t Is ’n woldaed for it algemien,
Wirdt hjir ind daer by burgerljouwe,
De brogge er om what tinder snien.
Omdat de hoofdlyke beleastinch,
Om ’t onderwys forduwble wirdt;—
Daer scil ien bron fen seine untspringe,
Whearuet de geest syn scatten put.
What binn dy stof’lyke belangen!
De geest dy heth ien oare eisk;
Dy is forhewen bopp’ ’t aldeische,
Dy frechet net nei brea as fleisk.
Och dy bihoeften, ’t is ien dommens;
Soks fuwchet net de rjuchte minsc’;
Daer binne heechere bilangen,
Daer hinne strekk’ jins doel ind winsc.
”Men moet toch immers niet vergeten,
’t Geen men in ’t leven daag’lijks ziet—
En ’t is ook waar,—dat kind’ren weten,
Gewoonlijk eigen best nog niet.”
Ind mat er ien den ek biswyke,
Ind gjit eak yn de undergroun,
Dy fijand, fen de sterke tydgeest,
De hongerdea op ’t slachtfjild foun—
Oer ’t graef fen sokken scynt de daege;
It nije untstitsen geestesljocht,
Troch fette scoalopsjugchers de ierde,
Ta ’t fel outaerde minscdom, brocht.
What sisz ik daer, what woe ik sidze?
De minscen binne better woarn:
Fen moard noch diefstal heart min langer,
Faillissementen net mear fen.
Fen ’t tichthuws breakt min gou de helte,
Ind mei ien jier as what hiel ’t oaf;
Dat komt dat daer gjin mear bikleagden,
Yn tyden kommen, foar it hoaf?
Whear mei nou dy foaruetgong sitte,
Dat ’t minsdom nou sa better wirdt,
Ind dat it yn de leatste jieren,
Sa hirdt foaruet gjit; tige hird?
Dat sit yn ’t nije scoallebouen,
Fol fen lokalen—sonder lins:
Sa boue sy ien nije scoalle,
Mei mear as hunderd; ’k mien yn Grins?
Min sei, it scoe gjin scoalle wirde,
Mar dy wier mis, myn goede man,
Hy sei, it scoe ta ’n tichthuws tsjinje;
Dy stumpert wist mar neat daer fen;
Whant dat is ommers licht forklearber;
Wha scoe noch tsjustre dingen dwaen!
Forljuchting hath al ’t kwea forjage:
Daer is it nou to ljacht ta woan.
Ja scoalwetmannen, jimme d’ eare!
Daer komt ien krueske jimme ta?
Foar jimm’ bemoijinch ind tawijinch;
Ien ridderoarde matt’ jimm’ ha?
Ja eare wha de eare takomt!
Ja eare oan dat great forstân:
Kappeyne’s boarstbyld prykje ronom,
Foar elke scuolle yn hiel it lân?