NIJE MODEN

Dat slintert freeds de nijstead lâns,

Yn fremde klean, wol op syn frâns,

Ind oan ’e jurken sleepen;

Net mear mei scelc, as scoat, as jak,

Mar oan it gat ien hiel great pak,

Fen poffen ind fen reepen.

It is as ik er fen bisou,

Ien fuwlens fen ien kjelle kou,

Hath daer gelykenisse,

Scaet my yn ’t sin, sa tige mei,

Ind sjoch my sa’n oerdwaelscens nei,

Den scist it sels eak sisze.

Dat hiele spul dat hjit kostuem;

Dat heth ien smoarche lel har luem,

De weareld ynscopt, ind Frysinnen,

Dy oars fen ’t alde rjucht ind sljucht,

Noch hâlden, wyn’ hjar ynne bocht,

Ind bin forwyldere fen sinnen.

Dat heth it wuft Parys ues dien,

Ind ’t flaeijend poependom meiien,

Dy mei hjar gleade tonge,

Fol Duetsk, Frysc, Hollansc ongemak,

Ind mei ien trypen lapkepak,

Bylâns de boeren gonge.

Den is it earste: „Dag Juffrou!

Ho gaet er met, ho gaet het nou?

Met de famylje ind kinder?

’k Hab schöne stalen mitgebrocht:

Für Tietje ien jurk naar dasz ik docht,

So als der wenich binn daer;

Ich had Sie al in Stadt verwacht,

’t Is glaube ich al ein maand of acht,

Dat Sie letzt bij ons waren.”....

”Ja! ’k wyt wol what de keapman mient,

Jou hiene uetstel ues forlient”—

(”O Ja! dat deed ich garen.”)—

„Om keapman to foldwaen op tiid?

Onmoochlyk; ’t misgewas fen ’t sied,

De leeche buwterpryzen....

De bisten joegen lang net fiks,

De fette baerchen groeiden niks,

Ind rottrich wiern’ de tsiezen”....

”Och ’t is doch ein klein somke mar—

Sechs hoenderd gulden füntich gaar,

Die rechnings mit elkander;

Acht nieuw costumes, ind den noch,

Die kleinen posten; alles toch,

Nicht vieles mit elkander;

Ich weet dafür ein guten Rath;

Mein guter juffrau dasz nicht schadt,

Ind tusschen uns dan bleibet:—

Wy schreiben mar ein kleine Schein,

Dasz wir das beide einich sein,

Das Ihr dann unterschreibet;

Dann kieze Sie aus meine Stahl,

Ein neue Stoff naar ihre Wahl,

Im reek’ning mit begrepen;

Dan zahlen sie nur vier procent,

’t Is anders fünf, Sie wol bikind,

Die eins is weggestrepen.”

„Dat saekje blieuwt dan mar, blau; blau!

Nou ja ik teekenje mar gou;

Ues fjouer jonge fammen,

Dy matte oars eak meidwaen doch,

Dy binne lang net moai genoch,

By mennichien; bynaemmen

By Ruerdboer’s greate frouljubern;

Tsjin sokken jouw’ ik noait forlern,

Ind ’t is gou Ljouwtermerke.”

„Ja beaste juffrou, ’k sech altijd,

Min gaet mar soetsjes mit de tijd,

Ind laten niks mar merke.”—

Sa’n poep it daechlyks kouefleis,

Ind dan foarstjinnet hy noch deis,

Ien twintich goune oan boerinne.

San poep wirdt ungemirken fet;

Mar whear met soks dochs, ier, as let,

By wyle as tiid, yn ’t ijn doch hinne?

Ind scoe ’t eak komme kinne, dat,

Yn letter tiiden, hjar it lot,

Dy jonge fammen tsjinstber makket,

Ind hja op ’t aldersplak om lean,

Ta himmeljen ind scrobjen stean,

Dat iens sa fier hjar heechmoed sakket?

O ’t gjit forkeard, sa dwars forkeard;

’t Gjit alles op, yn pronk ind steat,—

Whear pake ind beppe swier fuor wrotten,

Whear tachtich jier ta nedich wier,

Whear ’t foargeslacht foar bodde hie,

Om iens ta stean op eigen fuotten,

Whearoan ja tiid ind wille as nocht,

Jier uet, jier yn ta offer brocht,

Yn ’n saeitsjes baetsje ’t to foargearjen’,

Gjit foart, yn syde ind tibé;

Ind yn fluwiel ind ratiné,

Yn simmer- winterhuodden; fjerren,

Yn ’t folle nei ’e merken ta,

Ind d’ oare deis gjin stuwr meer ha,

De klean bidoarn, fol drank ind tearen:

What need, wy keapje nije wer,

Sa dogge se ommers allegear;

De tiidstroom falt doch net to kearen.”—

Swier hypotheek op lân ind huws,

Ind losse schulden by de ruws,

By de notaris ind by oaren;

Dat duorret sa in jier of fiif;

Dan sjocht ta ’t fynster uet it wiif,

Twa, trije man op hjar oanspoaren;

Dy blieuwe der de heele dei,

Ind scrieuwe mar de hieltiid wei;

Daer wirdt bislach op secretaire,

Op linnenkast ind alles lei,

Ja ryde alles, alles nei;

Gjin hoekje ynne chiffonaire,

Gjin plakje dat forgetten wirdt....

Och ’t falt de âlde lju sa hird;

De liifdraecht fen hjar beaste âlden,

Ind al it sulwer, al it goud,

De klean daer hja yn binne troud,

Fen alles dat, wirdt boelguod halden;

Dit wirdt de âlde ljue to slim,

Ind ’t scriemen dat forstikt de stim,

Hjir is gjin uetkomst mear to fynen;

’t Reeu ind bislach ind alles foart;

Op ’e âlde dei noch oan ’e lod,

Dat gjit troch ieren ind troch synen,

De âlderlyke plaets forkocht,

Sa as min al foar moannen tocht.—

Ien nimmennet, sa as min tochte,

Dy by boer’s Bauk ien blouke roun,

Dy is nou hear fen hues ind groun,

Dy wier ’t, dy plaets ind lânnen kochte.

Frysce wâldblomkes · 第 47 / 58 题