De poepen mei har breede boarsten,
Dy ite groue lewerwoarsten;
De Fransen mei hjar snuggre kop,
Dy hâlde ’t mei ien siepelsop;
John Bull, ien man fen ’t fremde boksen,
Dy byt it taeije beef fen oksen,
Ind wat it ’t greate Nederlân?
Ho hâldt min ’t ligchem dear yn stân?
Dearomtrint hath min wijnich soarchen,
Om ’t fleis fen bisten ind fen baerchen;
De mage docht daer wijnich eisch,
Om barchespek ind bistefleis.
Yn plaets fen dat drinkt min jenewer,
Ta sterking fen it hert ind lewer,
Ind ’n romerfol kost mar ién stuwr;
Daerfoar heth min den kraft ind fjuwr,
Ind allerhande eigenscippen;
Min hucht mar ’n gleaske fol to wippen,
Of ’t ypenbieret him sa goed;
Whet wirdt min sterk, whet tynt de moed,
De lafaerts wirde greate helden,
Ind ryk, wha nimmen oars nooit telden.
Ind daerom is it, dat sy deis,
Jenewer krije ind gjin fleis.
Sa’n ien groeit ta’n jenewertontsje:
By de broeksbân komt earst ien rondtsje,
Ind dy wirdt njunkenlytsen gau,
Ien ijntje koarter, wirdt to nau;
Den knipt de scoar deryn ien hapke,
Ind naeit dat ticht mei ’n hânbreed lapke,
Ind de broeksbân kin foar wher feast;
Sa gjit it whear what wyken beast,
Mar lang net wol de broek him scikke,
Ind kin de knoop ’t knoopsgat net rikke,
Ind wylst de man syn roes noch sljipt,
Den wirdt de bân whear stikken knipt,
Ind whear tanaeit mei nije lapkes:
Hiel moai ind sterk, yn ’t koart: hiel knapkes.
What leecher ind oan d’ afterkant,
Der sit de broek ta boarsten spant,
Dear hinne is dy jenewer sakke,
Dy yn Sciedam min ta nou makke.
Sa fynt min dy jenewer whear,
Oan ’e rounijn; fen ’t mantje daer.
Min ken ’t wol sjaen, ien dy sa borrelt;
Dy gjit sa swier, krekt as er kuorrelt,
Ind gjit hy: ’t is as dreunt ’e groun,
Min tinkt yn stilte: dy is soun.