FRYSLANS ROM

Dat griene lân is sulwren lân;

’t Jouwt twaris rinte deis,

Yn rinnend sulwer ta de rân,

Fen d’ amer bruwsjend, elke reis.

Dat griene lân is gouden lân;

’t Jouwt iedre wike ien gouden fet,

Mei flyt, ind kennis, ind forstân,

Ind tige sindlykheit biredt.

Dat hearlyk lân is ’t Frysce lân;

Daer leit ien waes fen wolfeart oer;

Fen Drinth ta oan it salte strân,

Daer is ’t ien heeche titel, „Boer”!

Dat is by my it rykste lân,

Dat ’k op ’e wide wereld kin,

Ien lân fen noat, op klaei ind sân,

Fen buwter, fé ind oangewin.

Dat Frysce lân is hearlyk lân:

Syn greid sa mollich, as fluwiel,

Dy rikt de bouwen soms de hân,

Mei boekweitwyt as koalsiedgiel.

Ja hearlyk bist myn Alderslân,

Myn dierbre Alderlyke groun;

Dy troch hjar flyt, mei sterke bân,

De wylde salte baeren boun.

Ja Heitelân ind Memmelân!

Dyn froulju binn’ foarneamd as scjin,

Dy binne sindlyk as de brân:

Sa scjin as sulwer, as oars gjin.

Dat lân is by my ’t leafste lân!

Ind hie ’k gjin lân ind hie ’k gjin thues,

Ik stie daerta net yn bistân:

Ik koos dat Fryslân wol foar ues.

Frysce wâldblomkes · 第 42 / 58 题