YN APRILMOANNE

Ik sjoch de leave maitiid kommen;

It ljurkje ropt it luwd ind fier,

Dat wher de moaiste tiid fen ’t jier,

Mei ’n scat fen allerhande blommen,

Yn mieden, finne ind fjild wher is;

De ljeawe sjonger is net mis,

Sadat wy nou it allegearre,

Uet sjongers muwle it sjongen hearre.

Mei’n iepen hert ind iep’ne eagen,

Gean ’k nou troch ’t iep’ne romme fjild.

Sjoch ho it oer ’e mieden tilt!

’t Moai waer gjit baerjend, op ’e weagen,

Fen ’t frisch noardoasten, troch it lân,

It is as wier ’t ien offerbrân,

Fen hiel Natuwr, die wyrooksgeuren,

Fen allerhande blommekleuren.

Frysce wâldblomkes · 第 41 / 58 题